| |
| |
| |
Leave Gita
Wat in lange brief krige ik fan dy. Ik ha him wol tsien kear lêzen. Jûns, foardat ik op bêd gean, doch ik dat, of better: as ik al op bêd lis. Hast sjoen, hoe’t it hjir is, dan moatst it dy wol foarstelle kinne. Mei in kop tee der by. No sjocht dizze keamer der oars út. Alles is oprêden, ik ‘wenje’ hjir net mear, ik bivakkear. Sa soest it neame kinne yn dit stadium fan ôfbouwen. As ik myn toskeboarstel en wat kleanspul yn in tas triuw, is alles fuort. Noch twa dagen, en dan sit ik wer op myn flat. Ik hoopje, datst gau ris komst om te sjen hoe’t ik it dêr no wer ha, oer in moanne of sa. Dat hearst wol.
Nee, fansels, ik hie ek noait dreame kind, dat it sa gean soe. Hast gelyk, mei dy bedoeling trout in mins net: om wer út elkoar te gean. Oant de dea ús skiedt. Ja, moai betocht. Sjoch om dy hinne…
Ik sjoch ús noch lizzen, yn it gers, tusken de djerreblommen, oan ’e mar, mei in reep sûkelade, do molke, ik bitter, en laitsje en prate oer de prins op it wite hynder (sa neamden wy him net, mar wy bedoelden him wol), ús gek tinke, hoe’t it dan wêze soe, hoe moai en geweldich en fantastysk: teedrinke yn in tún, mei in kleed op ’e tafel, altyd sinne en moai waar… No ja, de wurklikheid is fansels oars. Mar, Gita, hoe gek ast it ek fine silst, ik leau noch altyd yn it houlik, al of net troud, want dat bûterbriefke hat der niks mei te meitsjen. Yn in partnerskip. Miskien
| |
| |
wol tsjin better witten yn. Se krije dat der by my net út. En ik leau, hoopje, dat de generaasje nei ús it better dwaan sil. Se kinne yn alle gefallen witte, hoe’t it nét moat.
En fansels sjoch ik der tsjinoan, allinnich. Nee, dat bin ik net wend. Mar dêr hoechstó net om te gûlen. Ik wit no ek noch net, hoe’t ik it allegearre hawwe sil en wat ik dwaan sil sa’n dei. Mar ik fyn wol wat, hóópje ik, frijwilligerswurk moat der dochs wol te finen wêze. In baan wurdt niks mear, dat haw ik ek wol besjoen. Je bliuwe no ienkear gjin trijentweintich jier.
Leave Gita, mar it kin net oars. It kin wier net oars mear. It is myn eigen beslút en ik haw it net samar nommen, dat witst. En watsto skriuwst, de bern. Dat haw ik ek al mear as ien kear heard, dat foaral memmen yn sokke gefallen sa op ’e bern weromfalle. Ik ken bern, dy’t dêr sawat gek fan wurde: mem wer op ’e stoepe, mei sa’n gesicht en mar sanikje hoe min en ellindich as se der oan ta is. Ik bin hjir ‘traind’, sa soest it neame kinne, de lêste twa moanne om ‘it’ sels te dwaan. En dat ‘it’ is dan in hiel soad.
Oft dy dingen yn ’e praktyk ek sa wurkje is fansels in twadde. Dat wit ik no ek noch net. Mar ik wol hjir ek wei sa njonkelytsen. Sa’n ynrjochting, dêr moatst net te lang yn sitte. It is in wrâldsje op himsels. Us ôfdieling, ien famylje, in kommune, wat sil ik sizze. Fielst dy feilich en beskerme, dat wol, der is altyd ien dy’t in earm op dyn skouder lizze kin ast der ferlet fan hast, en dêrst tsjinoan prate kinst. Mar ja, dêr hast gelyk oan, in oar syn ellinde krijst ek (noch) op dyn rêch. Tja, wy gûle hjir mei inoar en wy laitsje. Wy
| |
| |
laitsje hjir ek in protte, Gita, lokkich, soms om de gekste dingen, dyst net iens neifertelle kinst, want dan is der niks mear oan.
It is hjir sa waarm, dat myn hân op it papier fêstplakt. Dêr’t in wurd trochrûn is, dêr is in switdripke op fallen. En dy swarte plakjes, dat binne michjes, dy krijst der op ta. Ik ha alle ruten iepen. Nee, dêr sjoch ik net tsjinoan: wer yn it gewoane libben en de finger, dy’t my neiwize sil: ‘Is dat net dy Martha, dy’t…’ Dêr hast gelyk oan, as ik nije wike (ik sis mar wat) in rare gisel meitsje op ’e fyts, sizze se: ‘No ja, dy hat ek yn in ynrjochting sitten, wat wolst…’ Ik leau, Gita, dat ik dêr gjin problemen mei hawwe sil. Se dogge mar, se wize mar, se sizze mar. Leuk is miskien oars, mar goed. Komt by, dat ik net om dizze dingen frege ha. Myn man hie my al yn ’e auto, foardat ik goed en wol wist, wat der krekt oan ’e hân wie. Hy hie syn nocht fan my ôf en woe my kwyt. Dêr kaam it op del. Wat kinst der oan dwaan? En fan Jurgen, dêr’t er doe sa’n hege pet fan op hie en dy’t him as in rêdende ingel út ’e brân holp, as goede, âlde freon, fan dyselde Jurgen moat myn man no neat mear fan ha. Wat der tusken dy twa bard is, sil ik wol noait achter komme. Mar doe’t ik by myn man wie en sei, dat ik net wer by him weromkaam, mar op in flat gong, doe krige Jurgen wol sa alderôfgryslikst de wyn fan foaren, de kopkes fleagen troch de keamer, myn man hie it skom op ’e mûle stean. Hy hie gjin goed wurd mear foar him oer en syn idioaten dêre. Mar Gita, ik wol der net mear oan tinke, elk oan in kant fan ’e tafel. Mei in soad papieren tusken ús yn; myn ûnferwachtse besite kaam net sa gelegen. De hiele
| |
| |
wrâld siet wer ris om him te springen en hy moast de boat net misse. ‘Ast dat wolst, dan dochst dat mar. Ik kin dy net keare.’ Telefoan. ‘Hast al ris faker fuort sild. Dan wiest ek nei in dei wer thús. Moatst mar ris sjen hoe’t it dy foldocht. Krij ik it adres?’ Telefoan. ‘Hast ek telefoan? Skriuwst it nûmer sels even op? Dêr leit wol in stikje papier. Nim dy enveloppe mar.’
Gita, de stuollen, tafels, oeral haw ik wat wei. Iderien hat wol wat oer en elkenien wol dy helpe. Henk hong de gerdinen op en sloech hjir en dêr in spiker yn ’e muorre, Gerry hat my holpen de boel skjin te meitsjen en Roel kaam mei in pot ferve. Us Sibe lei de flierbedekking en Maaike romme mei de kasten yn. Setst in fleurich gesicht, it is no ienkear allegearre sa, it masker fan in nij libben, flink wêze, omdat de ien of oare it etiket fan ‘dappere frou’ op dy plakt hat. Wat net sizze wol, datst dat ek bist. Wat der op stiet, sit der net altiten yn.
Mar, hoe dan ek, it libben giet troch en nimt ús mei. De dagen, dat ik dêr no wenne ha - de lêste tiid bin ik dêr fjouwer dagen en hjirre trije (wat in gereis) - wat moat ik der fan sizze? Stil, ik moat wenne oan ’e lûden fan it hûs, sa as it rûkt, it leven dat de wc makket, de waskmasine, de wyn op ’e achterdoar en yn ’e luchtkoker. En dan sitst dêr. Noait op bêd gean en der net ôf komme. Omrinne en fan de iene stoel op ’e oare sitte. En wachtsje, ja, wêrop, en útsjen, ja wêrnei? Mar dat binne de bekende ferskynsels, seit myn psycholooch hjirre, Fred. Mar ek it gefoel fan frij, dwaan en litte watst wolst.
Gita, ik wit it allegearre noch net, ik moat noch leare om der mei om te gean, der wat struktuer yn te
| |
| |
bringen, alhoewol dat myn sterkste kant net is, struktuer (rot wurd). En soks giet net fan de iene wike op ’e oare. Ik wit dat ek fan oare froulju. Mei it himelsk grutte ferskil oft ien skieden is of widdo wurden, dat wol. De earste groep sit mei fierwei de measte swierrichheden. De dea skynt by tiden in oplossing te wêzen. Bern, wat wurdt der wat ôfpraten en terapeutiseard (of is dat net in wurd?). Kinst der wol beroerd fan wurde. Ik hâld op. Witst, Gita, dat it al ien oere is? Dat sjoch ik ynienen. Moarn om njoggen oere moat ik wer opdrave en dan moat ik de sliep al wat út ha as it kin.
Leave Gita, doch de groeten oan Gerrit, net ferjitte,
safolle leafs, Martha
|
|