| |
| |
| |
Dy kant út
Op in stretchbêd yn ’e sinne. En sliepe. Ik woe hielendal net iderkear yn ’e sliep falle, woe nei de blauwe loft sjen, dêr’t hjir en dêr fan dy nuverfoarmige wolken yn omglieden. Mar fanwegen it felle ljocht moast ik myn eagen ticht hawwe, en dan sakke ik wer fuort om even letter kjel wekker te wurden: dienen myn skonken it noch wol, koe ik wier myn earmen wer gewoan bewege. It yntinse lokkige gefoel, dat je wer better binne, sûn, al wie ik sa meager as brânhout. Ik seach en fielde it sels. Sa soe ik der miskien wol útsjen as ik santich wie, mei fansels nóch mear rimpels en tearen om ’e holle, hielendal as in âlde útdroege jirpel. Mar safier wie ik no noch net en ik stiek myn skonken omheech, bûgde myn knibbels, die oefeningen mei myn teannen. Ik wist, goed besjoen, fan gekkichheid net wat ik dwaan soe mei mysels, no’t dat freeslike geskod oer wie en Peter my ferteld hie dat it wol net wer komme soe.
‘Wolst ek wat te lêzen ha?’ dêr hienen wy Brel, mei in kop kofje. Hy gong by my sitten, yn it gers, rierde yn myn kofje om, sei: ‘Ik ha der ek wat sûker yn dien, moast dat wol?’
‘Ja, bêst,’ sei ik en gong der by sitten. ‘Wat alderaardichst fan jim om sa no en dan ris even by my te sjen. Ha jim in listke makke fan dan dy en dan dy? Ik lis hjir al trije dagen te… niksen. Nee Brel, ik ha gjin sin oan in boek of sa, ik kin nergens myn kop by hâlde.
| |
| |
Ik besjoch myn aansichtkaarten ris, en ik lês wer wat der op skreaun stiet, dat is it dan ek al. Ik doch einliks niks oars as bliid wêze, dat ik wer safier bin. En ik wol ek niks oars dwaan. Brel, ik sjoch it allegearre wol wer sitten, ik krij wer sin oan de dingen.’
Hy knikte, frege oft de kofje noch wol waarm wie en ik sei fan ‘jawol’ en wy praten oer it waar, seagen nei de fazanten, dy’t sa eigenwiis troch it gers trippelen en fregen ús ôf oft sokke beesten ek tinke koenen. Wy tochten fan net, mar je koenen it fansels noait witte. Se hienen ergens yn dy kopkes wol harsens sitten, sei Brel, mar oft se der no ek wat mei dienen, witsto it? En sa jeuzelen wy wat om en doe’t Brel wer ôfsette op syn blauwe joggingskuon mei reade fiters, gong ik op it liif lizzen en foel wer yn ’e sliep.
Ik waard wekker fan tikjes op myn rêch. Dêr stie Jurgen. Hy hie in stoel meinommen en sei: ‘Simmer.’ Doe gong er der by sitten. Sandalen hied er oan, mei grize sokken, dêr’t syn neils sieten, wiene de sokken wyt. ‘Leist hjir mar lekker,’ sei er doe, sloech syn skonken oer elkoar hinne.
‘Ja, ik gean hjir ek noch lang net wei. Ik hoech noch nergens oan mei te dwaan, ik wurd allinnich masseard en ik ha wat oefeningen opkrigen. Ik ha fakânsje, Jurgen.’
Hy knikte, sette in sinnebril op syn bonkige noas en no koe ik syn rûne brúneftige prikeachjes net mear sjen. Hy sei: ‘Ik wit it Martha, hoe’n hekel ast hast oan sokke brillen, mar oars haw ik sa’n lêst mei sjen.’
‘Ja, it is moai waar. Dat gelok haw ik, it hie ek oars kind.’ Ik sei mar wat om wat te sizzen. Hy beseach syn hannen, draaide syn segelring wat hinne en wer.
| |
| |
Ik frege: ‘Is der wat, Jurgen?’ Hoe hienen se oait sa’n man ta direkteur meitsje kind? Wist net iens wat er sizze moast. Wied er ek noch psychiater.
‘Martha. Ja. Dyn man komt strak. Ik wie der net sa foar, bin der net wis fan oftsto de konfrontaasje wol oan kinst, meist it earlik witte.’
Ik waard der hyt noch kâld fan, soa, kaam myn man straks. Ik sei: ‘Alwer? Hy soe juster ek al komme, hat er ek opbelle, die syn auto it ynienen net, flauwekul, syn wein docht it altyd.’
‘Ja, mar hy komt der no oan. Is ûnderweis. Wolst, dat ik der by bliuw?’
‘Nee, wêrom? Ik rêd it wol mei him. Nimt er myn kikkerts mei? Dy wol ik wer werom ha. Is it iennichste wat ik wol. Ik kin al net iens mear leauwe, dat ik se makke ha, ieuwen lyn.’
‘Hm, hm,’ die Jurgen en liet de sinne op syn glêd fel skine. Wy seinen niks mear. Ynienen gong er stean, klapte syn stuoltsje wer yn elkoar, hise syn broek op en sei: ‘Dat wie myn boadskip. No haw ik in besprek.’ ‘Ik sjoch en hear it wol,’ sei ik lui en fage switdrippen fan myn liif ôf. Even noch bleau er stean, doe gong er fuort, mei in rûne rêch. Dy man hie ek al gjin billen yn syn broek.
It wie op ’e ein fan ’e middei, doe’t er foar my stie.
Brún, sûn, fleurich, mei in wyt poloshirt oan, dat er sa nonsjalant wei oer syn broek hinne hingjen hie. Krekt nei de kapper ta west. Mei in bosk blommen yn sellofaanpapier, sa út ’e Shell-shop wei.
‘Dach,’ sei er leaf, lei de blommen laitsjend op myn liif, tute my waarm op ’e foarholle, wangen, mûle:
| |
| |
‘Dach pop.’ Leafhawwende echtgenoat, liet syn hannen oer myn boarsten gean, oer myn liif: ‘Dach, dach. Seist niks? Kinst niks sizze, as dyn eigen man dy mei safolle leafde begroetet? Hin? Ju? Kinst dochs noch wol prate?’ Grutte freegjende bolle eagen boppe myn kop. Hierkes, dy’t ta syn noas út stieken. De lucht fan in djoere aftershave, syn azem oer myn gesicht.
‘Hast myn kikkerts meinommen?’ frege ik heas.
Hy begûn oer it waar, en wat soenen wy drinke, wêr soenen wy sitte, hy woe wol graach in noflike stoel, op it terras, yn ’e sinne, of wat yn it skaad, lekker rêstich plakje, no, sikest mar út…
‘Bist meager wurden,’ sei myn man en aaide my oer it skouder. ‘Gatterich. Dat moat al wer oars, hear. Ik mei leaver in frou lije, dy’t wat better yn it fleis sit. Moatst goed ite. Beloofst my dat, datst dyn bêst der wat foar dwaan silst?’
Line sette in blêd mei kopkes en in pot tee op ’e tafel en myn man lake, dat der mar goed op ús past waard, op ús winken betsjinne, tsjonge jonge, mar Line negearde him straal. ‘Ik slaan him syn kop yn as er hjir wer ris komt,’ hie se sein, se hie it dus net doarst.
‘Sjoch Martha, haw ik foar dy meinommen. Ik tocht dat it dy wol ynteressearje soe. In pear artikels oer soere rein haw ik skreaun.’
‘Handelst dêr ek al yn?’
‘No, mear foar de aardichheid. En in ynterview, dat se my ôfnommen ha oer in projekt, dat ik oan it opsetten bin mei in stik of wat minsken.’ Hy lei in steapeltsje kranten en in tydskrift op ’e tafel. Fan elke wittenskiplike skeet, dy’t myn man lit, litte sil
| |
| |
of litten hat, wurdt de wrâld op ’e hichte brocht en sa heart it ek fansels. Nijs is nijs. Ik sei: ‘Wêr binne myn kikkerts?’
Hy seach my net oan, sette syn eagen fêst op in punt yn ’e fierte.
‘Sleepst in priis yn ’e wacht, dyst net fertsjinne hast. Hie ik net fan dy ferwachte. Ik hie tocht, dat dat dyn eare tenei wie. Falst my raar ôf.’
‘Ik sil it dy útlizze, Martha. Dêrfoar bin ik hjir kommen. Ik hie al earder komme wold, mar…’ Stilte.
‘En ik hoopje,’ sei er, hân op myn earm, ‘datst yn myn earlikheid leauwe wolst. Wier, ik hie net ferwachte, datst yn ’e prizen falle soest. Ik hie net sjoen, dat it sokke bysûndere beesten wienen, dyst makke hiest. Ik ha se sa ynlevere, sûnder der nei te sjen, Martha. Ik hoopje, datst my leauwe wolst.’
‘Dat leau ik. Dat wol ik daliks leauwe, datst der net nei sjoen hast.’
‘En oars hie ik ek net nei de útrikking ta gongen, mar Cecile belle op en sei, dat ik beslist ál komme moast en dan dogge je dat. Do koest der net hinne, sitst hjirre en dat hoecht de hiele wrâld net te witten. Net, datst dy dêr foar skamje moast, mar…’
De lul, dy’t er is. ‘Mar?’ frege ik.
‘No ja…’ bril op ’e tafel, eagen útwriuwe.
‘Leau my. Ik ha miend, dat ik it sa aardich oplost hie. Doe kaam de tv derby, wat ik ek net wist.’ Nee, hy wist noait wat, mar ûndertusken.
‘Martha, ik siet yn ’e boat en wat moat je dan? Farre.’
‘Bliuw fan my ôf.’
‘It wie foar my ek net sa maklik, hear, ast dat tinkst. Mar ik hie de hope, datst it net sjen soest, want
| |
| |
jim sjogge hjir hast noait tv Ik begriep hoe’n klap dat foar dy wêze moast, de oare deis, doe’t Jurgen opbelle. Ik koe wol janke. En ik ha noch even goed yn ’e swierrichheden sitten, doe’t se my fregen, hoe’t ik se makke hie. Ik ha my derút rêden mei ien fan myn bekende grapkes, dat wol…’
‘Wy binne hjir razend. Wy ha in ynstjoerd stik foar de krante makke, mar ik bin bang, dat se it net opnimme. Do hast oeral freontsjes. Do skynst mar fan alles ûngestraft dwaan te kinnen. Elkenien fynt dyn hufterige streken mar gewoan. Tsjitske sei tsjin my, dat ast yn in boek lêze soest watsto allegearre útfretst, dat je it dan net leauden, moai betocht wie it dan, mar it is wíér. En dat sil ík noait in minske oan it ferstân bringe kinne.’
‘Ik wit net wa’t dy Tsjitske is, dêrsto it oer hast, dus dat seit my neat. Haw ik niks mei te meitsjen, ik ha mei dy te krijen.’
‘En wêr binne myn kikkerts?’ No woe ik it witte.
‘Ja,’ sei myn man, wreau mei in knûkelige bûsdoek syn bril skjin, gong wat foaroer sitten op syn stoel om himsels en doe my noch in kop tee yn te skinken.
‘Martha, it spyt my, se binne even ûnder wetter.’ Lake er no om dat grapke. Ik hie it witte kind: doe’t ik se him meijoech yn ’e auto wie dat in tel troch my hinne gongen: ik sjoch se net wer.
‘Fertel my alles. Ik mien, dat ik dêr rjocht op ha.’
‘Ik wol earlik tsjin dy wêze, Martha… Stelst myn earlikheid op priis?’ No hie ik in punt yn ’e fierte fûn, dêr’t ik nei sjen koe.
‘Nei ôfrin hienen wy in feestje, noch even neiprate by
| |
| |
Cecile. Op har flat. Sa’n ploechje minsken. Ik hie de kikkerts by my en sette se op in kastke by har yn ’e hal. Doe’t ik nei hûs ta soe, wienen se der net mear. It spyt my’ - hy prate no mei in gûlderich lûdsje troch syn stim hinne - ‘it wie dêr in lollige boel mei in soad muzyk en ik hie nochal wat drank op. Oars hie ik der de hiele nacht ek noch net fan sliepe kind. Ik sliep min, of hast hielendal net, kin ik wol sizze, salang asto no fuort bist. Allinnich op ’t bêd, dat is my mar niks.’
‘En hjirmei is de saak foar dy ôfdien?’ Ik wie ta it uterste spand en bang, dat ik wer begjinne soe te skodzjen.
‘Leave pop, Martha, ast der in bytsje begryp foar opbringe kinst?’
Net ík dus, mar hý wie it slachtoffer, en sa wie it altiten. En ik koe der net tsjin prate, hy wist it ivich en altyd sa te draaien, dat hy gelyk hie. Ik soe der noait tsjin op kinne. Noait. Wy wiene útpraat en sa fielde hy it ek. Seach op syn horloazje, fage in pear kear oer it glês om better sjen te kinnen, sei: ‘It is hast seis oere, frou. Miskien kinne wy ergens tegearre ite. Dêr’t wy lêstendeis west ha, ik moat sizze…’
En dat wie no syn taktyk: oergean ta de oarder fan de dei, as wie der neat bard, wie der niks oan ’e hân.
In spoar fan ellinde achterlitte, mar hy siet der net mei, wie der earder noch grutsk op. En hy hie honger, want it wie hast seis oere; man fan de klok. Ik sei: ‘Yt wêrst wolst, doch watst wolst. Ik haatsje dy. Kinst dy moai foardwaan mar yn wêzen bist in rotfint en dat sis ik net gau tsjin in mins. It docht my noch sear ek om it út te sprekken. Mar donderje op en lit my mei rêst. Dy kant moatst út.’
| |
| |
‘Sa ast wolst,’ sei er, gong stean, seach nei de kranten.
‘Dy geane by it âld papier,’ hime ik, folslein achter de pûst ynienen, krige it steapeltsje fan de tafel en gong troch de túndoarren myn ynrjochting yn. Ik woe net omsjen.
|
|