| |
| |
| |
Skodzje
‘Hâldt dit no noait wer op? Iderkear tink ik, it begjint net wer, mar dan is it der wer.’
Ik seach Floris oan. Hy siet nêst myn bêd en sa no en dan striek er even mei syn hân, dêr’t er mar trije fingers oan sitten hat, oer myn foarholle hinne, oer myn wangen, oer myn lippen: ‘Byt my ris, Martha.’ Ik switte alderôfgryslikst, mar dat kaam net allinnich fan it soele waar - straks moast der swier waar komme, dat koe net útbliuwe - mar ek fan de bywurking fan de setpillen, dy’t Mirjam, omdat se út ’e ferpleging kaam, my om de safolle tiid yn myn achterwurk treau.
‘Fansels, Martha, hâldt it wol wer op.’ Hy loek oan myn lekken, woe it kreas lizze, mar it ferglied iderkear wer, want ik koe net stil lizze. Syn ljochtblauwe eagen, mei de donkere rântsjes der omhinne, syn hast keale kop, syn te grutte earen, dy’t sa frjemd oan syn holle stienen, ús fysioterapeut, andragooch, sosjaal wurker, mins, Floris. Hy pakte it glês mei sinaasappelsop fan it kastke en liet my wer drinke troch it kromme reidsje. Us dokter hie sein, dat se der foar oppasse moasten, tink dêr goed om, dat ik net útdroege. De kokers mocht ik wer fan myn earmen ôf hawwe, ik koe wer mei myn eigen hannen oan myn eigen gesicht komme en foarsichtich fiele hoe’t ik mysels tatakele hie, frege my ôf, oft der ek groeden fan oerbliuwe soenen. Dan skodde ik wer.
| |
| |
Myn hiele lichem skodde, al twa dagen. Ik hie neat ûnder kontrôle. Ik frege: ‘Hast dit wol ris faker meimakke, Floris, sa’n geskod?’
‘Bist hielendal ferkrampt, Martha. Ik sil dy de djoere wurden besparje. It moat even syn tiid hawwe. Wy sille goed op dy passe. Hoechst nergens bang foar te wêzen.’
‘Ik bin wol bang,’ sei ik, en pakte syn hannen beet: ‘Ik bin deabenaud, Floris. En foar alles, foar de dei en de nacht, ik bin bang foar it libben. Want dat docht sa raar mei my. En ik begryp it net. Hoe koe myn man dit no wer dwaan? Dat is dochs net te begripen? Sa dogge je dochs net mei ien, dêr’t je fan hâlde, sa dogge je mei net ien.’
Hy seach my oan, sei: ‘Dus, hy hâldt fan dy.’
In aaklik ûnwis gefoel, tagelyk waarm en kâld, fleach troch my hinne, as waard ik fergriemd, útwrongen tusken touwen fan stiel. Myn iene nier skeat wer fan ’t plak. Nei in heale dei al hie ik in ôfgryslike pine yn ’e side krigen. Der kaam samar in grouwe bobbel op myn liif en ik tocht, dat ik fol mei kankerswolmen siet. Doe hie ik myn gesicht iepenklaud en moast Line kokers foar om myn earmen ophelje út in oare ôfdieling fan de ynrjochting wei, midden yn ’e nacht. En Jurgen, ús direkteur, hie sein, dat as it sa gong, se my hjirre net hâlde koenen. Floris wie kommen en sei, dat ik hjir bliuwe soe, op myn eigen bêd, wat soenen wy no belibje, mei de stekken en hy soe op my passe. No moast ik wer mei de skonken omheech lizze, holle nêst it kessen. Hy sei: ‘Rêstich no, Martha.’
‘Ik wol dea, Floris, dit is gjin libben,’ en ik besocht myn mûle ticht te hâlden, ik woe net skreauwe. Ik
| |
| |
woe al dea en ik woe net dea. Ik hong oan it libben as gjin oar, mar ik wie bang foar myn wanhoopsgefoelens, dat se my yn ’e macht krigen en mei my dwaan soenen, wat se woenen.
‘Martha, toe no, ûntspan dy, dyn teannen, dyn fuotten, skonken…’ Hy gong myn hiele lichem by lâns en ik moast my konsintrearje op ’e dingen dy’t hy opneamde, mar ik hie nergens mear macht oer. Alles die oars as dat ik it woe, as wie dat liif net mear fan mysels. Hy wist ek wol, dat ik net earder sliepe soe as wannear’t ik de tabletten krigen hie. Mirjam troppe se achter yn myn mûle, tilde myn holle op, hâlde in glês wetter foar myn lippen en gebea: ‘No drinke, slokke.’ Sa’n ynspanning as dat wie. Sa ûneindich wurch as ik dêr fan waard. Dan sonk ik wei, yn in djipte sûnder ein, der kaam wier gjin ein oan.
‘Floris?’
‘Ja Martha.’
‘Witst, dat ik in jampot fol slieppillen opgarre ha. Dat moatte dochs genôch wêze. Ik krige se fan ús húsarts, alle kearen as ik der kaam tsien. Mar ik iet se net op. As ik wer net sliepe koe - hoe freeslik binne dan de nachten, dy’t noait ophâlde - dronk ik wyn en ik kin net oer alkohol. Nei it twadde glês al, koe ik it gat fan de doar al hast net mear fine. Sa’n hekel, ôfgriis as ik dan fan mysels hie. Wolst my leauwe?’ Ik lei wer mei myn earmen omheech, socht ergens in ding om my oan fêst te hâlden, de planke, wêr wied er?
‘Ik harkje, Martha.’
‘Witst net, hoe faak as ik op it strân stien ha en de see ynrinne woe. Gewoan trochrinne, tocht ik dan.
| |
| |
Dan rôp it wetter my en tagelyk wienen der stimmen, dy’t skreauden: “Doch it net, krijst der spyt fan as it te let is.” As it wetter my oan it boarst ta wie, waard ik bang, feroaren de weagen. It is oft se nachts mear leven meitsje as oerdeis, klearebare ferbylding fansels. Se waarden dan wylde meunsters en ik wist net hoe hurd as ik drave soe om oan har klauwen te ûntkommen. Yn deadseangst. Ik doarst it wer net. Wér net. Hie myn eigen moed wer oerskat. Wat doar ik einliks wól? En ik ferskuorde it brief, dat ik foar myn bern op ’e tafel achterlitten hie en it oare foar myn man. Ik hâld fan him, Floris, en hy dweilt de flier mei my oan, hy belazert my, iderkear op ’en nij. Ik wit it, ik wit it wol. Ik bring him op ’e trein as er nei in freondin ta moat: “Wier, ast ris wist hoe’n soad waarmte ik fan har ûnderfyn,” en ik helje him wer op, ik stean der, bin der. Ik wol it net en ik doch it dochs. “Lit dy fint dochs stikke, hast oars niks as lijen mei him,” sei Anke dy’t der ek al niks fan snapte. As ik it koe. Mar sa bin ik net makke, Floris. Ik sit sa freeslik ôfgryslik oan him ferbûn - en wêrom. Wêrom? As ik it wist, soe ik it dy no sizze. Soms haatsje ik him, bin ôfkearich fan syn lichem, dêr’t ik noch de oare frou oan mien te rûken, syn mûle, syn earmen, mar dan binne der ynienen wer fan dy lytse dinkjes, dy’t sa grut en weardefol wurde, dat se my oant yn myn siel reitsje en dy’t ik foar gjin goud misse woe.
Wy rinne by de mar lâns, it is sa kâld, dat wy net iens wurden sizze kinne, syn hân op myn skouder en ik tink, do en ik. As wy ús hannen waarmje oan de hite sûkelademolke, en hy seit, dat ik myn sjaal net lizze litte moat. Unnoazel, ik wit it. Wy steane by
| |
| |
de útrikking fan de diploma’s, dy’t ús bern krije, it knypke yn myn hân. Mar mei elkenien hâldt er rekken, kinst it sa mâl net betinke, mar net mei my. Al dy gekke relaasjes fan him moatte ôfboud, hiel foarsichtich, hy wol gjin brokken meitsje, moat de leave, aardige man bliuwe, triennen yn ’e bearenburch. De stompe bile is foar my.’
Myn lichem skokte en skodde wer en ik klappertoske as wie ik stienkâld. Ik dreau yn it swit.
‘As ik it sels mar net dwaan hoegde, Floris. As it mar barde, sûnder dat ik der sels wat oan dwaan koe. Oerstreamingen, lawines, ik bin noait tafallich krekt op de plakken, dêr’t dy rampen barre. Gaseksploazjes, bommen, treinûngelokken, neam mar op. Ik sit net yn it fleantúch, dat deldondert, omdat ik noait yn sa’n ding sit. En je geane dochs ek net yn in fleanmasine sitten om der mei nei ûnderen ta te kommen? Stap ik foar de trein? Nee, as ik him oankommen hear, bin ik al fuort, en op ’e dyk, yn ’e auto, sjoch ik sa’n kanjer fan in frachtauto oankommen… Wat doch ik myn bern oan? Ik jank al as ik dêroan tink. As se har mem thúskrije yn sa’n blauwe plestikpûde fan de plysje. Yn biten en brokken. En ik wol sokke gedachten net ha, Floris, mar se komme iderkear wer en as ik tsjin him sis: “Ik tink sokke rare dingen,” dan seit er, dat ik de martelares úthingje wol en dat ik him net sa om ’e earen sanikje moat, omdat hy mei hiel oare dingen dwaande is. Floris, sa as ik hjir no lis, ik fiel my as in stik stôk dy’t oan alle kanten oanfretten is troch de hazzen - en hy wit it net, beseft net iens wat er mei my docht, want as er it wol wist, dan soed er dochs sa de wrâld net yn ’e eagen sjen kinne.
| |
| |
Sis no sels. Of, Floris, bin ik sa’n stik ûnbenul, dat ik net oars fertsjinje?’
Ik besocht oerein te kommen. Hy siet mei syn earmtakken op syn knibbels, holle yn ’e hannen, makke hiele nuvere grimassen mei syn gesicht, krekt as siet der wat tusken syn kiezzen, dat er der net weikrije koe.
‘Floris, sis wat. Help my.’
‘Soms, Martha, en dat is no, dan skamje ik my der foar, dat ik ta it soarte hear, dat man hjit.’
|
|