| |
| |
| |
Twa frijende kikkerts
‘It is mei my. Moatst wat foar my dwaan. Ik freegje net oftst wolst, moatst. It is al woansdei.’ Ik stroffele hast oer myn wurden. Droege lippen.
‘En dat is?’ No seach er yn ’e spegel, helle mei syn lofter hân in kaam troch syn hier.
‘Stiest yn ’e gong?’
‘Ja.’
‘It giet oer myn kikkerts.’
‘Kikkerts? Der skimert my wat.’
‘Ja, dy krante dyst foar my meinommen hast, dêr stiet yn, dat de priisfraach no freed al slút.’
‘Ik wit nergens fan.’
‘Om twa oere. En ik wol meidwaan.’
‘Tinkst, datst in kâns hast?’
‘Wit ik net. Mar moatst se even ophelje. Ik sjoch gjin kâns om se der noch op ’e tiid te krijen. Wy ha hjir al fan alles betocht, mar se moatte hiel foarsichtich ferfierd wurde. Ik fertrou it net ien oars ta as dy.’
‘Wat in eare.’
‘Kinst it dwaan? Hast it oan tiid? Of ast it net oan tiid hast, kinst dan tiid meitsje?’
‘It is net niks watst fan my fregest. Oeren autoriden. Ik krij even myn aginda.’
‘Ja, as ik in oare oplossing wist. Mar ik wit niks.’
Hy moast myn hert bûnzjen hearre.
‘In momint,’ sei er. Frije yn it hea, tocht ik, hie ek noch in gelokkich momint west.
| |
| |
‘Bin ik wer. Ik ha trije besprekkings moarn, dat ik wit al net iens wannear as ik ite moat. Dat bliuwt der iderkear by de lêste dagen, no ja, in hap en in snap. Ik stean oeren oan ’e telefoan. Ik sliep sa min mei al dy nevetroep. Se binne sa njonkelytsen ymmún foar dy stifterotsoai wurden, sa’t skynt.’
‘Kinst hjir wol ite,’ sei ik, ‘dat wolst net, wit ik wol, mar ik bedoel, wy kinne der even tegearre tuskenút foar wat.’
No’t se moarn de doar útgongen, ynpakt yn watten en pypskom yn in hiele grutte doaze, dêr’t yn earder tiden safolle pakken fruchtegrysmoal yn sitten hienen, waard ik ûnwis. Wienen it wol sokke moaie bysûndere kikkerts, of mar twa fan dy ordinêre beesten, sa as der miskien wol by it soad yn sûvenirswinkels te pronk stienen en dy’t se oan ’e strjitstiennen net iens kwytreitsje koenen? Ik wist it net mear. Draaide it ljocht wer oan. En pakte se beet, aaide der oer hinne, fielde hoe’t de spierkes rûnen, mei it topke fan myn wiisfinger, wie wer ferbaasd, dat ik dat sels makke hie, beseach wer de eagen, dy’t dreamerich foar har út stoarren, myn eigen kikkerts, se loeken har nergens net wat fan oan, se wienen tegearre op ’e wrâld, de hiele boel koe barste, sa seagen se, folslein gelokkich mei har beiden, hast himels, wûnderbaarlik.
‘It is…’ Ik die it ljocht wer út, lei de holle wer njonken it kessen, helle it dekbêd omheech. Ik sliepte dy hiele nacht net.
‘Dat ik dêr no sa’n reis om meitsje moast,’ sei myn man en beseach de fruchtegrysmoaldoaze oan alle
| |
| |
kanten. ‘Ik wit net,’ seach my oan mei eagen, dy’t seinen: do bist hjir noch lang net wei.
‘Ast goed sjochst, de anatomy fan myn beesten is perfekt. Dêr bin ik hiel wis fan. En dy eagen hawwe wat… minskliks. Ik leau, dat wy sa sjogge, as wy ús écht lokkich fiele. Der sit wat oandwaanliks yn. Of net iens wát, in hiel soad.’
De doaze stie nêst ús tafel op in stoel. Mar it wie sa tsjuster yn it restaurant. Ik koe amper sjen wat ik ite soe.
‘Ik sil se thús wol ris even wat better besjen,’ sei myn man en leppele syn grientesop op. Ik hoegde gjin sop. Ik hie al iten (yn ynrjochtings wurdt altyd hiel betiid iten, oars makket it persoaniel te lange dagen), mar foar de gesellichheid hie ik ek noch wat besteld, in slaadsje, mar ik begûn der noch net oan. Hy sei: ‘Do altyd mei dyn bernlike dingen.’
‘Ik bin dy ôfgryslik tankber, datst se ophelje woest.’ Ik lei myn hân op syn earm, kniep der yn.
‘No ja, ik koe it al min wegerje,’ sei er, fage mei syn bûsdoek syn mûle ôf. Ik sei: ‘Sjoch, hjir is dyn servetsje.’
‘Der wie fan ’e moarn ek wer in evaluaasje fan dy by de post.’ Byfstik mei sipeltsjes, dútse byfstik, blomkoal, spinaazje, beantsjes en slaad. Pommes parisiennes. Saus, oranje, mei griene spikkeltsjes.
‘O ja.’ Ik koe oan myn slaadsje begjinne.
‘Ik ha him even trochsjoen, sa yn ’e rin wei. Ik hâld net sa fan dat taaltsje, dat dy lju brûke, ik moat dy sizze, dat terapeutysk taalgebrûk stiet my tsjin, harrejasses. Ik moat my der altyd ta sette om it te lêzen. Sinnen fan lik-my-it-festje, en ek noch taalflaters.
| |
| |
Kin dat net oars?’
‘Och ja, it sil ’t allegearre wol. Mar it giet oer my.’ Ik stiek in tried soere reade koal yn ’e mûle.
‘Begjinst dy wat ûnôfhinkliker op te stellen? Begryp ik dat goed? Se meie de messen hjirre ek wol ris slypje.’
‘Ik wist net iens, dat ik my altyd sa ôfhinklik opstelde, witst dat?’
‘Wa soe dy no better kenne as ik?’
‘Nee. Mar ja, dêr wurdt oan wurke, binne wy drok mei oan ’e gong. Séls. Ik wurd der by tiden beroerd fan.’
‘Selskennis is dyn sterkste net, Martha. Dêr mankeart noch al it ien en oar oan.’
‘O.’
‘Mar strak bist sa ûnôfhinklik wurden, datst net iens mear nei my werom wolst.’
‘Hoe komst dêr by. Ik sit mei hûnderttûzen triedden oan dy fêst,’ ik lake, ‘dy kinne net stikken. Ik hâld fan dy.’
‘Ik skrok al,’ sei er en skode spinaazje yn ’e mûle. Stilte.
‘De namme is “twa frijende kikkerts”?’ Hy seach my oan: ‘Net sa geweldich, fynst sels wol? Wat gewoan, banaal wol ik net sizze. Mar ik jou ta, ik wit sa ien twa trije ek niks oars, lit stean wat betters te betinken.’
‘Ik ha der lang oer neitocht, minnende, leavjende kikkerts, dat is ek niks.’
‘Frije is fansels wol wat oars, goed besjoen.’ Hân op myn holle.
‘Wy litte it sa, lekker koart. It moat net te lang wêze, sa’n namme.’
| |
| |
‘As ik noch wat betters betink, sil ik it dy witte litte, goed? Ik sil se earst ris even goed besjen moatte, by deiljocht, miskien dat my dan wat betters yn ’t sin komt.’
‘It is hiel koart dei fansels,’ sei ik.
Hy sette de doaze achter yn de auto, tsjin de rêchleuning oan, die de middensteun nei ûnderen. Ik sei: ‘No duorret it net sa lang mear, dan mei ik in wykein nei hûs.’ Hy, de doaze wat hinne en wer skowend: ‘Sa kin der niks mei komme, soe ik sizze,’ en wy stienen tsjin de auto oan, syn rûch kin oer myn wang, en ik seach, hoe’t boppe de beammen út in ûnnoazel stikje moanne stie. Ik sei: ‘It is krekt oft de beammen flústerje, hearsto dat ek?’
‘Bist sa romantysk, do,’ sei er. Syn hânnen oer myn rêch hinne. Ergens sloech in klok ien kear. Ik hie gjin idee hoe let as it wie.
‘Nuver, Martha, dat se dy net even opbelle ha. Dyn man net, net ien fan de bern.’
Alice siet boppe op ’e tafel en skylde sinaasappels foar ús. Dat koe se ôfgryslike handich, sûnder te griemen, mei in gewoan jirpelskyldersmeske.
‘Hjirre,’ sei se, ‘in hiele grouwen-ien, dy is foar dy, Martha, do moatst der noch fan groeie. Ik hoopje, dat er goed is fan binnen.’
‘It wíé in hiel bysûnder byld,’ sei Joep, dy’t no in sinaasappel krige fan Alice.
‘It sil wol sá wêze, wý fûnen it allegearre geweldich. En ik sels dus ek, mar ja, as der in sjuery komt, dy’t écht ferstân hat fan saken, miskien dat it dan wol hielendal net oan ’e easken foldocht. Al bliuwe it
| |
| |
myn eigenmakke, sels betochte kikkerts.’ Wy makken de lûden, dy’t der by hearre as men tige soppige sinaasappels yt, slikken ús de fingers ôf, hienen se al droech wreaun oan ús broeken, doe’t Mirjam, krekt nij, mei in handoek oansetten kaam.
‘Ik snap it ek wól,’ begûn ik wer, ‘ik ha fansels net in priis. It is ek te gek, noch noait haw ik soks dien, en dan yn ’e prizen falle. En dat fûnen se sneu foar my. Dêrom sizze se niks. Omdat ik der al in lyts bytsje op rekkene hie, wól in priis te krijen. En no giet it my net iens om sa’n stomme priis, mar, no ja, de erkenning. Ik, ik ha wat makke dat… jim snappe it wol.’
‘Dat jim stêd sokke dingen docht,’ sei Joep.
‘Ik leau, dat dit de earste kear ek noch mar is. Ik ha der teminsten noch noait earder fan heard. Mar ik moat der by sizze, dat ik der ek noait acht op slein ha. Ast der dochs net oan meidochst en der gjin ferstân fan hast.’
‘Wy sjogge it fansels wol.’ Mirjam fûn it in freeslik gesanik. De hiele dei prate oer twa frijende kikkerts, dan wienen der wier wol oare dingen, belangrikere, om oer te praten, dat hie se ek tsjin Jacques sein, ús kreative terapeut, dy’t hjoed ek nergens syn kop by hâlde koe.
Mar doe’t de man fan ‘van gewest tot gewest’ ús lân sjen liet en de plakken neamde - en dy’t wy seagen - mei de ûnderwerpen, dy’t der oan ’e oarder komme soenen, wist ik net op hokke stoel as ik sitten gean soe. Mar earst kaam Vlissingen, mei in boat, dy’t better óp it wetter farre koe as der yn en doe in man út ’e Achterhoeke, dy’t hiel aparte fluiten makke en
| |
| |
dêr sa bysûnder op blaze koe. En dat die er dan ek, yn syn hok fan hout en spinreagen mei hjir en dêr in bletterjend skiep en in giselsturtsjende hûn.
Ik seach ús stêd. In waarm gefoel streamde troch my hinne. Dêr hearde ik thús, want dêr wenne ik, dêr stie myn bêd, wie myn tafel en it dak boppe myn holle, al lekte it op ferskate plakken. Koe ik it sjen op ’e luchtfoto? Ja, jawis, nee. No, dan net.
It inisjatyf, sei de ynterviewer, wie diskear ris net fan de Kulturele Ried kommen, mar fan in man, Speelman - harkje even goed nei de namme - dy’t fan betinken wie, dat elk minske wat aardichs, leuks meitsje kin mei syn hannen. En wy sjogge menear Speelman, ja Jopy, dy’t in yngewikkeld ferhaal hâldt oer foarmen en materialen en dy’t elkenien oan it wurk hawwe wol om út te prebearjen wat er kin. Jo steane der fersteld fan wat der foar it ljocht komt. It grutste part fan de minsken kin folle mear as se tinke en dat hie dizze priisfraach dan ek bewiisd. 1004 ynstjoerings en dat wie wier alle ferwachtings grandioas te boppe gien. De man glimke tefreden omdat er sa goed yn ’e roas sketten hie. En hy sei noch ris: ‘Boppe, boppe alle ferwachtings,’ en de kamera liet alle mooglike wurkstikken sjen fan blomstikken, fruit, beesten, huzen, manlju, froulju, famkes, jonges, fantasy-dingen oan hannen, fuotten, boarsten, auto’s en boaten ta.
‘Ik sjoch dyn kikkerts net,’ sei Joep.
‘Stil,’ sei Alice.
‘Wy hienen in fideobân ha moatten,’ sei Peter.
‘Is it no te let foar,’ sei Anneke.
‘O ja, wat dom, dat wy dêr net oan tocht hawwe,’ sei
| |
| |
Line en joech ús in beker mei tee. De interviewer fertelde, dat foar dit unyk barren (‘Oars komme je ek net yn van gewest tot gewest,’ sei Ger) de boargemaster sels de prizen útdiele soe. De boargemaster, griis, mei in heal briltsje op syn rûne noas, loek syn jaske teplak en sei, dat er net sizze koe hoe grutsk as er wie op syn stêd, dy’t der oan alle kanten útkipe yn ’e provinsje troch al syn aktiviteiten. Dat wie no mar ienkear sa. Hy hope dan ek, dat er noch hiel lang boargemaster bliuwe mocht. Fan in stêd, dy’t ommers yn ’e rin fan de tiid al hiel wat bekende, yllústere lju opsmiten hie. As er se allegearre opneame soe, stie er hjir oaremoarn noch en dat koe fansels net. Salang soenen warbere minsken ek net stil sitte kinne. Dêrom, hy woe it koart hâlde en begûn mei de tredde priis, as sifer hie de jury in 7 takend, foar Jildert, mei in hurdrider. Omdat der knipt wie yn de útstjoering, gongen wy daliks nei de twadde priis ta, foar Marijke (‘Kinst dy, Martha?’ ‘Nee’), in byld fan in frou tusken blommen.
‘Hast de earste, Martha,’ rôp Joep en sloech my fûl op it skouder.
‘Kom no,’ seinen myn lippen en ik tocht: ‘Wat stom, dat ik my dêr sa op fersjoen ha. En al dy drokte om ’e nocht, dy’t myn man der ek noch mei hân hat.’
De boargemaster loek wer oan syn jaske, sei, apegrutsk en strieljend, dat er no mei in grutte ferrassing komme soe. Want wa hie dat no tinke kind, dat in man, dy’t, dat wisten wy allegearre, it altyd sa drok hie mei ûnderwiisfernijingen, miljeusaken, de kranten sawat fól skreau mei artikels, je koene it sa mâl net betinke, je moasten je der oer fernuverje dat ien
| |
| |
mins fan sa’n soad dingen sa’n soad ferstân ha koe, en dan ék noch warber yn ’e polityk, om fan de rest mar te swijen, sei de boargemaster, wy koenen him fan de radio en de televyzje. En dan kaam sa’n man ek noch oan himsels ta. Wy hawwe him earst net te pakken krije kind, en doe’t wy him lang om let te pakken hienen, wist er net oft er it wol oan tiid hie om hjir by ús te wêzen. Mar hy is hjir dan dochs, hy koe in gatsje frij meitsje, sokke lju kinne alles, sei de boargemaster, wêr’t wy him o sa tankber foar binne, dat spriek fansels. En sjoch, wêr hied er no ek noch de tiid weihelle om dit sublime byld te meitsjen, dat as namme meikrigen hie: ‘twa frijende kikkerts’, en dêr’t, neffens de sjuery, sa’n ôfgryslike protte oeren wurk yn sieten, dagen, moannen, wa sil it sizze? Sa presiis as it makke wie en mei sa’n magistrale útdrukking op de koppen en benammen yn ’e eagen fan dizze beestkes. Hy sels soe it yn ien wurd oandwaanlik neame wolle, der siet safolle gefoel yn, der siet ‘siel’ yn en dizze man dan…
Ik seach myn kikkerts. Se seagen my ek. Oan alle kanten liet de kamera se sjen. It wie as waard ik fan stien. Doe seagen wy myn man op it skerm, kreas yn it pak. Mei in krânse om, en hy hie wat yn ’e hân dat er omheech hâlde. Ik koe net sjen wat it wie.
Hy bûgde, lake, skilich fan grutskens, mûle iepen, lippen omkrolle fan selsfoldienens. Syn snorke. Syn hier. Krige blommen, bûgde wer, krige tuten (‘J.R. fan Dallas is der mar in beestje by,’ hime Anneke). In ivichheid stie er ús oan te laitsjen.
Doe smiet ik myn teekop tsjin de televyzje oan.
Der wie in ûnfoarstelber lûde knal. Se skreauden:
| |
| |
‘Martha.’ Ik seach blau-oranje-giele flammen by it gerdyn opspringen. Undraachlike hjitte. Stuollen foelen om. ‘Brân,’ hearde ik. Se rôpen it wol hûndert kear.
‘Martha, dêr wei.’ Alice sette har lange neils yn myn earmen.
‘Rin,’ se skuorde my oan it hier, ‘Rinne, Martha, se komme der oan mei brânblusapparaten. Se binne der al,’ se âle, as waard se fermoarde.
Mar ik koe gjin poat fersette. Myn hiele lichem skod-
de.
‘Lit my mar. Ik til har wol, sa swier is se net,’ hearde ik. Ik koe net betinke wa’t it wie, dy’t dat sei.
|
|