Se liet my net útprate, sei: ‘Ik begryp it, Martha. Bist bang, datst der mei him ôfrûgelje silst.’
‘Nee, dat net, mar hy wit net, dat ik op sa’n apart bêd sliepe moat.’
‘Prima,’ sei se, ‘sil ik de rotsoai noch even oprêde.’
‘No ja, miskien hóécht it ek wol nét, ik bin fansels leaver yn myn eigen omjouwing, mar foar it gefal dát…’
‘It is ek wol spannend, ergens oars. Goed, wy prate ôf, dat ik net op myn keamer kom fan ’e middei. Trouwens, ik kom der oerdei hast noait.’
‘Fijn, datst it goed fynst. Ik helje dyn wask ek wol wer fan de line ôf, en ik tear it op. Moat der ek noch wat strutsen wurde?’
‘Bist gek. 48, witst wêr’t it is? Trêde doar ast de treppen op bist, rjochts.’
‘Dus, der is niks freesliks of rottichs. Komst samar. Wat fijn.’ Hy hie syn hannen op myn hannen lein, wylst wy elk oan in kant fan ’e tafel sieten. Hy sei: ‘Ik woe even by dy wêze. Ik wie wat ûnwennich. Ik mis dy. Sa stil yn ’e hûs.’
Myn mûle siet fol wurden, mar se kamen der mar net út. Hy sei: ‘Ik ha mei Jurgen praten. It giet wol aardich mei dy. Noch in pear moanne hat er it op. Bist al oan it ôfbouwen?’
‘Nee, dat wol sizze, miskien in bytsje, sa no en dan. Wy hawwe it der wol ris oer.’
‘O ja, Maaike hat my in krante meijûn, dêr stiet wat yn oer in priisfraach of wedstriid. Moast ik net ferjitte, sei se. Hast in byldsje makke of sa? Kinst meidwaan. Ik haw it net lêzen, mar hjir moat it yn stean.