| |
| |
| |
De need fan Fryslân.
Ik stel nou, dat it Grifformeard Selskip der komt en dat dy fraksje dêr de lieding kriget dy 't it yndied om Fryslân to rêdden is. Hwat hat it Fryske folk dan fan dy organisaesje to forwachtsjen?
Mei opsetsin lit ik dizkear it nationalisme bûte pleit, om de saek sa klear mûglik to stellen. De nationale redenearing soe yn dit gefal in fruchtber bisprek ûnmûglik meitsje. Hwant fuortynienen soene de tsjinsteanders antwurdzje: wy binne gjin nationalisten en nimme jins nationalisme net oan en kinne dus yn it foarút al jins nationalistyske konklúzjes net meistimme. En yn pleats fan in saeklik bisprek krigen wy in theoretysk debat oer it al of net nationale bistean fan Fryslân, sûnder ien stap tichter byinoar to kommen.
Better, praktysker ommers liket it my dêrom ta, út in mienskiplik bitinken wei to skriuwen. Mar is der hwat mienskiplik? It is der - altiten tusken ús en dy 't yn it Grifformeard Selskip wier hwat oan Fryslân dwaen wolle. It is, dat beide partijen war dwaen wolle, Fryslân by syn bistean en aerd to biwarjen. En sa wurdt it de frage, de praktyske frage, dêr 't it by einsluten allegearre op oankomt: kin it foar it yn steat hâlden fan Fryslân mei it program fan it Grifformeard Selskip ta? of is in folle fierder geande aksje nedich, lyk as it Christlik Selskip wol? Nou moatte de feiten útwizing dwaen.
Beide partijen binne it der oer iens, der moat aksje wêze om Fryslân to bihâlden. Beide bikenne dus, dat der krêften wurkje, dy 't it Fryske wêzen skea dogge en as der gjin tsjinwar komt it to neate meitsje sille. Hokker binne dy krêften? Hja habbe har oarsprong bûte Fryslân: it binne
| |
| |
prinsepeal de Hollânske tael, de Hollânske kultuer en it op Hollân oriëntearre Nederlânske rykssintralisme. Men sjocht, ik stel foar de klearens de dingen sa ienfâldich en praktysk mûglik. Fragen fan 'e twade ynstânsje, b.g. oer de bitsjutting fan 'e Hollânske tael en geast foar de Friezen as medium fan de ynternationale moderne kultuer en it histoarysk ûntstean fan it Nederlânske rykssintralisme lit ik gewurde, omt de feiten dêr gelyk om bliuwe.
Is Hollân dan fijân? - Ja. Net yn syn bistean, mar yn syn útwreiding oer Fryslân hinne. It hat in treftige tael, in kultuer dêr 't it greatsk op wêze kin, in godstsjinstige, politike en ekonomyske skiednis mei hege mominten. Foarsafier kin gjin Fries hwat tsjin Hollân habbe, kin en moat de fûlste Fryske strider it sels earje en it hulde dwaen as in folk, mei al syn lytsens great. Mar it is fijân, omt it mei syn tael ús tael forkringt, mei syn kultuer ús wêzen oantaest, mei syn polityk ús bilangen yn 'e lytse loege bringt. Ik wit wol, somliken yn it Grifformeard Selskip binne hwat skruten fan dat wurd fijân, as it Hollân oanbilanget. Goed: salang 't der safolle wurden yn 'e tael binne, lit ik de diskusje op ien wurd net dearinne. Neam it oars, mar sjoch en biken, dat de feiten sa binne. Hwer 't de Hollânske tael yn Fryslân komt, dêr rekket it Frysk syn bistean, of yn alle gefallen syn posysje kwyt. Hwer 't de Hollânske kultuer komt, dêr wurdt in stik Frysk wêzen skeind en op 'en dûr to neate makke. Hwer 't de Hollânske polityk hearsket, dêr komme fan need de Fryske bilangen op it twade en tredde plak. Hjir helpt gjin wurd, gjin theorije, hjir is allinne de reäliteit, sterk en hurd. En krektoarsom moat ek elke Fryske aksje, likefolle hoe 't men dy neame wol en hoefier har trochsette, de Hollânske ynfloed opkeare en tobekkringe. Hja kin út oarsaek fan 'e forhâldingen yn Fryslân net oars: oars soe hja noch Frysk noch aksje wêze. Fryske literatuer, it Frysk op 'e skoalle, de Fryske tael yn it forieningslibben: it is in forswakking fan 'e Hollânske ynfloed en machtsposysje, oft men it wol of net wol.
| |
| |
Mar noch in oare fijân hat Fryslân: Fryslân. Hollân soe sa gefaerlik net wêze, soe hielendal net gefaerlik wêze, as it Fryske folk him der mar tsjin forwarde. De Hollânske ynfloed wie wol to kearen, de Hollânske machtsposysje wol to brekken, as de Friezen mar net sa'n nocht oan it Hollânske hienen. Hollân hat in sterke bounmaet yn Fryslân sels, dat makket de striid swier. Us folk libbet noch wol út syn eigen aerd, mar it hat in ynnerliken sin oan it frjemde. De Hollânske tael hat it hast in byleauwige forearing foar, wylst it de eigene to leech hat om har yn it wijde en it amtlike en tsjin de hegerein to brûken. Heech sjocht it op by de Hollânske tradysje, de Hollânske biskaving, de Hollânske libbensfoarm, de Hollânske wrâldwizens. As individu is de Fries tige greatsk en wis fan himsels, mar yn 'e mienskip fielt er him by de Hollânner de mindere man. En naïvernôch forbyldt er him, dat er de skea ynhelje sil mei safolle mûglik fan dy rêdsume en wrâldwize Hollânner oer to nimmen.
As kanker fret dy frjemdsin yn it hert fan 'e Fryske eskenbeam en knoeit him yn syn groei en brekt syn bloei. Net, dat it Fryske folk net fan oare folken oernimme mei. It mei en moat fan alle folken oernimme, sil syn libben aloan wer bifruchte wurde. Gjin folk kin ekonomysk noch geastlik mei himsels ta: allegearre binne hja allegearre nedich. God hat de folken net byinoarren wei skaet, mar wol dat hja elkoarren deugd dogge. Fan bûten út wei hat Fryslân syn greatste goed: it Christlik leauwe krige - fan bûten út wei in great diel is ek de Herfoarming ta ús kommen. Mar dat oernimmen fan frjemd kin allinne deugd dwaen en ta bifruchting en ûntjowing fan it libben strekke, as it goede oernommen wurdt en dan sa oernommen, dat it mei it eigene ta in natuerlike ienheit toraent. En dat bart yn Fryslân krekt net. It Fryske folk nimt sûnder seedlike kar krektlike goed it forkearde as it goede fan Hollân oan, en it forarbeidet it net ynwindich ta eigen. It komt by it greate part net ta ynnerlike assimilaesje.
Fan gefolgen lit Fryslân ûnder in nuodlik dualisme. It
| |
| |
eigen libben komt yn 'e fordrukking fan in al mar tsjûker wurdende en ticht oerwreidzjende frjemde boppelaech en kin him net frij en natuerlik ûntjaen; it frjemde groeit net yn it organysk forbân fan 'e siel en kin syn bifruchtsjend wurk net of lang net genôch dwaen. Der is in greate ûnfruchtberheit oer Fryslân en aloan stjert it yn dit lân en folk. De mûglikheden ta in eigen bloei fan libben wurde minder en oandiel, djip, geastlik, libben oandiel yn 'e kultuer fan Hollân habbe wy net. En omt wy likegoed it kwea as it goed fan ús buorlju oanhelje, krije wy ek dêryn langer mear flok as seine oer ús. De lju fan it ‘Fryske Kalvinisme’ habbe it tige oer it forbân mei de Hollânske Kalvinisten, en ik sil de lêste wêze om de fortuten fan dat forbân to ûntstriden. Mar hja moatte har net forbylde, dat wy noch yn de sawntjinde ieu binne, doe 't yn Fryslân en yn Hollân beide it Grifformearde leauwe de lieding yn it folkslibben hie. Wy binne net ienris mear yn 'e dagen fan Kuyper mei har spontane en fûle opdriuw fan in fornijd Kalvinisme. Dat kin jin oangean, mar net oars binne de feiten. De posysje fan it Hollânske Kalvinisme wurdt der hurd minder op. Hjoed de dei hat net it Christlik leauwe, mar de ûnchristlike wrâldkultuer de liedende en biskiedende ynfloed yn it geastlik libben fan Hollân, en hwat it Hollân fan 'e tweintichste ieu ús Friezen jowt, is in lyts diel fan Christlike, mar in great diel fan ûnchristlike strekking. Hwa tinkt dat ik oerdriuw moat de jierboeken fan 'e Nederlânske boek-hannel ris neigean, dêr 't jier oan jier in moai folsleine list yn stiet fan 'e yn it Hollânsk útkommen boeken, en der dan noch by yn 'e rekken hâlde dat it allerslimste: de al to smoarge en pornografyske literatuer der net yn to finen is. Al mar troch giet in greate stream ûnchristlike, ûngeastlike, ûnseedlike en goddeleaze Hollânske lektuer oer Fryslân en de christlike is der gjin neamen by wurdich. En dêrtsjinoer is de Fryske literatuer, hoe lyts en earm oan kunst ek, fan ynhâld trochinoar hiel hwat souner en better. Ek hja mei foar in great diel gjin tsjûgenis fan Christus wêze - út in
| |
| |
seedlik idé wint hja it fier fan 'e Hollânske. De christlike tradysje is noch sterk yn har. Merk allinne mar op, hoe 't it houlik by hast alle Fryske skriuwers noch yn hege eare is. De Fryske literatuer kin fan 'e Hollânske mear kwea as goed leare. It is goed each to habben foar de fortuten fan it forbân tusken Hollân en Fryslân, mar men moat it net oerdriuwe en ideälisearje. Men moat der ek each foar habbe, dat Hollân ús op ien diel Kalvinisme twa dielen fan in oare geast ynfiert, dy 't foar alle Kalvinistysk en Christlik libben de dead is.
Hoe fier is it nou dy beide fijânnen: it geastlik en polityk imperialisme fan Hollân-Nederlân en de frjemdsin fan it Fryske folk al slagge, Fryslân ûnderstek to dwaen? Jitris moatte de feiten útwize. Sûnt de fyftjinde ieu - ik hab it nou allinne mar oer dit Fryske gea - is it ôftakjen en ûntfryskjen fan Fryslân geande. Om 1500 hinne rekket it Westerlauwerske Fryslân syn steatkundige frijdom kwyt en wurdt it Frysk tael fan tsjerke, steat en kultuermienskip ôf. De Herfoarming komt hjir hast alhiel troch it medium fan it Hollânsk. De Friezen krije de Hollânske Bibel, de Hollânske earetsjinst, Hollânsk ûnderwiis, Hollânske ûntjowing. Fan har eigen hâlde hja allinnich oer it Fryske aerd, de Fryske folkssprake en as moai frij lid fan 'e Uny Fryske polityk. De tredde delklap komt om 1800 hinne, as de Revolúsje en Bonaparte in ein meitsje oan Fryslân's romme politike status, en it lid fan 'e federative Republyk diel wurdt fan it sintralisearre Keninkryk.
En dôch is al dy ieuwen troch Fryslân's posysje ynwindich frijhwat sterk en geef bleaun. De mûglikheden ta ûntjowing mochten it Fryske folk in great diel ûntnommen wêze, yn syn bistean en wêzen waerd it noch net oantaest. Dêrfoar wenne it to folle ôfsûndere en hie it to min omgong mei frjemden. De greate massa krige mar amper ûnderwiis, lies sahwat neat en hie gjin lêst fan 'e kultuer. De lju fan adel, wittenskip en bistjûr wienen almeast fan Fryske komôf en wennen yn Fryslân, en it Fryske folks- | |
| |
libben libben hja mei. De Fryske stêdden alhoewol stêdsk pratend wienen fan aerd tige Frysk en forhollânsken noch net dat makke. Troch it romme plak fan Fryslân yn 'e Uny koene de Steaten en gritenijen in eigen polityk fiere, dy 't yn alle gefallen ekonomysk en soasjael yn it bilang fan it Fryske folk wie. Al mei al wie Fryslân oant yn de njoggentjinde ieu op noch in echt natuerlike folksmienskip, djip woarteljend en wreidzjend yn 'e Fryske ierde, sûnder al to folle oanstutsen to wêzen fan frjemde kultuer.
Mar yn it midden fan 'e njoggentjinde ieu komt de greate foroaring, dy 't oant hjoed de dei trochset. Strjitwegen, spoaren, trammen en steamboaten bigjinne in drok forkear nei Fryslân to lieden. Utlânske hannelslju reizgje de Fryske merken ôf, útlânske fabrikanten sykje yn Fryslân nije ôfset en útwreiding. Fryslân is net langer, lyk as earen yn haedsaek, in slettene ekonomyske mienskip, mar moat yn it great yn- en útfiere. Njonkelytsen komt it yn lânbou, fébidriuw en yndustrije ta moderne methoaden, en dat alles makket in ein oan Fryslân's ekonomyske ôfsûndering. En tagelyk giet Fryslân iepen foar de geastlike utering fan 'e greate wrâld. It ûnderwiis wurdt forbettere en oer it hiele folk útwreide. In hetsige hûnger nei kennis en witnis biweecht greate formiddens en hja sykje yn skoalle en boek har diel fan wittenskip en literatuer. It binne net mear allinnich intellektuële rounten, mar it is de massa, dêr 't alle mûglike idéen fan de njoggentjindeieuske wrâld har oerwinnende yntocht yn hâlde. It folkslibben wurdt organisearre yn tûzen foarmen: tsjerklik, ideëel, soasjael, polityk, ekonomysk. De kultuer leit bislach op it hiele folk yn al syn utering. En noch is der gjin ein fan dat proses.
Dat moast sa komme. Gjin folk kin yn dizze tiid mear ôfsûndere bistean. It is de gong fan alle ûntjowing: de natuer wurdt kultuvearre.
It is allinne mar de frage, oft in folk dat dy kultuvearring oerkomt yn steat is, de kultuer yn syn eigen natuer to forarbeidzjen en to assimilearjen. Is Fryslân dêrta yn steat?
| |
| |
Lit ús nei de feiten fan it forline dy fan hjoed de dei neigean. Hwat diel hat it Fryskeigene yn 'e tsjintwurdige kultuer fan it Fryske folk, en hwat Hollân?
Hollânsk is de tsjerke mei al har tabihearren: de Bibel, de earetsjinst, it fragelearen, de tsjerklike organisaesje, de tsjerklike parse. Hollânsk is de skoalle en opfieding yn al har útwreiding: leger, midlik en heger ûnderwiis, lânbou-, fak- en yndustrije-ûnderrjocht, Hollânsk yn tael en foarming is sahwat alle organisaesje yn it soasjale en ekonomyske, lyk as ek dy fan 'e jongerein. Hollânsk is hast alle ûntspannings- en ûntjowingslektuer fan it folk. Hollânsk foar in great diel is de wittenskiplike en artistike niget fan it Fryske yntellekt. Op Hollân-Nederlân oriëntearre is de arbeid fan 'e politike partijen en fierwei de measte soasjale bounen. De Steaten en Gemeenterieden habbe gjin politike macht dat makket, wylst de al fierder geande bimuoijenis fan it Ryk mei it folkslibben it politike en ekonomyske oerwicht fan Hollân noch forgreatet.
En dêrtsjinoer stiet it diel fan Fryslân's eigen. Foar in great diel fan it folk is it Frysk jit de deistige omgongstael. Der bistiet in lytse Fryske literatuer, en in lytse Fryske biweging dy 't it eigene bisiket to stypjen en ta ûntjowing to bringen. In tûzen bern krije bûte skoaltyd hwat Fryske les. Der wurdt hjir en dêr ris in preek of in bibellêzing yn 'e lânstael hâlden. Yn inkele forieningen is of wurdt it Frysk allinnich of neist it Hollânsk gearkomstetael. En dan ús lêste en sterkste fêsting: it Fryske aerd hâldt it noch altyd, dreech en steech libbet it noch.
Mar men moat net freegje, hwa 't boppelizzend partij is. It moat net lykje, sa 't Hollân yn Fryslân fier en fier wei sterkst is. Us hiele kultuerlibben likernôch is Hollânsk. Us folkslibben ûndergiet ekonomysk en geastlik tûzenris safolle ynfloed fan it Hollânsk-Nederlânske as fan it Frysk eigene. En tinkt men nou wier, dat men dat forrin mei in program lyk as dat fan it Grifformearde Selskip keart? Tinkt men, mei in bytsje Frysk ûnderwiis op 'e skoalle en ris in Fryske
| |
| |
preek yn 'e tsjerke en in Fryske Bibel dy 't yn tsjerke net brûkt wurde mei en hwat Fryske literatuer en in mennich Fryske lessen oan ien hegeskoalle sil Fryslân to rêdden wêze? Der is gjin sprake fan. Sa'n aksje hie it meiskien mei ta kinnen yn 'e sawntjinde ieu of sels noch yn 'e tiid fan Halbertsma, mar nou is it fiersten to fier hinne. De frjemde ynfloed is to great, om mei lytse middels en in minimale aksje keard to wurden, om fan tobekkringen mar net ienris to praten.
Hwant men moat net to folle fortrouwe op hwat Fryslân noch hat. Wis, de Fryske biweging is yn 'e tweintichste ieu hwat oanwoun, mar yn 'e selde tiid is de Hollânske kultuerynfloed noch folle mear oanwoun. De Fryske literatuer is greater wurden, mar navenant noch folle greater is de Hollânske wurden. It Frysk is noch folkstael, mar syn gebiet koartet yn. Op Skiermountseach en Skilinge is it hurd yn it weiwurden, op plakken as Drachten, de Gerdyk, it Fean, de Greate Jouwer, Akkrum, Huzum wurdt it tobekkrongen troch in nij soarte stêdsk. En slimmer jitte forliest it troch de ynfloed fan ûnderwiis, lektuer, omgong mei Hollânners en nou wer net to forjitten de radio slim syn suverheit. En ek it Fryske aerd wurdt oanfretten. It mei noch sa taei wêze, op 'en dûr moat it oan sa folle en sterke frjemde geast kwine en stjerre. Hwa 't net blyn is, sjocht nou al yn ús stêdden en greate doarpen in type ûntstean, dat healslachtich is fan Fryskens, Hollânskens en kosmopolityskens yninoar bimongen, in ûntwoartele slachte dat gjin groun en heitelân mear hat.
Noch altiten wint de Hollânske ynfloed oan, noch altiten forswakket it Fryskeigen libben. De need is heech kommen. It giet net langer om hwat minder of hwat mear, it giet derom, oft Fryslân al of net bistean sil, it giet der op of der ûnder. De tosken moatte opinoar, it hert moat sterk en fel. Machteleas stiet yn dy sterke stream fan frjemde geast it Grifformearde Selskip him to forhâlden. Helpe kin allinnich it greate middel, it fiere doel, it sterk forwar rounom. It is
| |
| |
net allinnich út nationale konsekwintens, mar ek en foaral út it bigryp fan Fryslân's hege need, dat it Christlik Selskip de radikale striid oangien is en mei folle en greate easken ta Hollân en ta it Fryske folk komt.
| |
Nei de slach.
Lyk as ús leden witte, is it bisprek mei ‘de Fryske Kalvinisten’ oer in mûglike foriening lang om let op neat útroun. De partijen die wol bliken stiene to fier fan elkoarren ôf. It nationale idé, dat wy net oerjaen mochten, dat koene de foarmannen fan 'e oare kânt net oannimme; de útwurking fan it nationale idé, dêr 't wy heil en bilang en needsaek foar Fryslân yn seagen, dy like harren skeadlik en gefaerlik ta. Doe 't it bisprek my hwat al to theoretysk waerd, die ik noch in útstel ta foriening, bifette yn inkelde praktyske punten, dêr 't ik safolle mûglik mei to mjitte kaem oan ‘de Fryske Kalvinisten’ har greatste biswieren: it tobrekken fan it Nederlânske ryksforbân, de bistriding fan it Oranjehûs, de krityk op it religieuze bigjinsel fan de ûnderskate tsjerken, partijen en forieningen yn Fryslân, it absolute forkringen fan it Hollânsk út it Fryske lân. It haedbistjûr fan it Christlik Selskip en it Bistjûr fan 'e Christlik Fryske Parsforiening koene dat útstel oannimme, mar it komité fan it Grifformeard Selskip wiisde it ôf en rôp syn lju yn gearkomste, dy makken de spjalting definityf.
Nou hat it neat nedich, lyk as inkelden dogge, ús great to hâlden en to bearen, oft wy der wûndere wiis mei binne dat wy fan in mannich lêstige opposanten ôf binne. Dat is neipraten. Yn in lytse biweging as de Fryske is it gjin ideäle tastân: twa Christlike selskippen nêst en tsjin elkoar. Nei bûten út jowt it maklik bitizing, nei binnen ta faeks in fûleindige striid, hwat tiid en krêft nimt dy 't better brûkt wurde kin. Dêr stiet lykwols wer foar oer, de ien of de oare tiid moast it wol ta in spjalting komme. Op 'en dur koene
| |
| |
lju dy 't fan in nationale striid foar Fryslân net witte wolle en dêr in gefaer yn sjogge foar it geastlik libben fan it Fryske folk, ja dêr 't guodden fan sels it Fryske folksbistean net ienris oannimme, net yn ien selskip tahâlde mei de nationalisten. En sa 't it de lêste jierren gie: dat somlike Selskipsleden yn in blêd bûten it Selskip oanhâldend it Selskip bistrieden - dat waerd in ûnmûglike tastân. It haedbistjûr hat dat safolle mûglik droegen en it gewurde litten, mar altyd trochgean koe it fansels net. Dêr moast op 'e iene of de oare manear in ein oan komme, en de opposanten habbe der in ein oan makke mei in eigen selskip to stiftsjen. Hja habbe har frij nommen, wy uzes weromkrige, en it wiidweidich bisprek trije kear efterinoar hat wol útwiisd, dat der gjin basis fan foriening en mienskiplik oparbeidzjen to finen is. De idéen rinne to fier útinoar: dat is by einsluten it feit, dêr 't alle bisykjen ta foriening op mislearje moast. Nochris, in ideäle tastân is it net, twa Christlike selskippen, mar praktysk liket it it iennichst, tominsten it bêst mûglike útslútsel to wêzen.
Sûnder in steil wurd to fieren, meije wy tankber en rêstich fêststelle, dat ús saek fan 'e fûle bistriding net minder, mar better wurden is. En dat seit net in bytsje, hwant de oanfallen wienen forheftich en gefaerlik. De tsjinsteanders hienen in deiblêd ta har foldwaen, dêr 't hja in poarsje folk mei birikke koenen en hwaens redakteur syn posysje misbrûkte, om ús sels yn haedartikels en in stjelpige rein fan trijestjirren to bistriden. Sûnt mids Desimber fan it foarige jiers hat it swier waer net fan 'e loft west en dei oan dei en wike oan wike leine ús stellingen yn it felste roffelfjûr. En hwat krigen wy al net oer ús earme hollen. Under tsjûgen wei fan it hiele antirevolúsjonaire folk waerden wy yn 'e steat fan 'e swierste biskuldigingen steld. Revolúsjonairen wienen wy en tomûke freonen fan Moskou en âldliberalen en humanisten en ketters en anti-Griffor-mearden en Christenen sa sa; ryksforbrekkers wienen wy
| |
| |
en fijânnen fan Oranje en forlieders fan it Fryske folk en dwepers en bline chauvinisten!
Dat hie allegearre neat gjin kwea kinnen, as it fan in kânt kommen wie dy 't neat fan Fryske aksje habbe moast. Mar dizkear kaem it fan lju hwaens sizzen wie dat hja ek Fryske aksje woenen, ek yn de namme fan Fryslân sprieken, ek it goede foar it Fryske folk sochten, en dy 't ek mei in Frysk program oankamen. En dat makke har gefaerlik, omt it spekulearre op it Fryske sentimint.
En oer dat alles hinne kaem nou, dal wy ús de earste moanne twa trije net fordigenen, mar sweijen. Mei opsetsin die ik dat. Ik woe einlings ris witte hwat ik oan it Selskip en de Stimrounte hie. Us leden en lêzers moasten ûnder de swierste bistriding sûnder fordigening en foarljochting fan ús kânt mei harsels ta klearrichheit komme en alhiel frij útmeitsje hwat hja woenen. Dat wie weagjen, mar leaver woe ik swijend alles forspylje as de takomst yn to moatten mei in greate kloft, dêr 't ik in part net op oankoe. Boppe dat hie ik in great bitrouwen yn 'e taktyske ûnbidreaunens fan 'e tsjinsteanders, dy 't wol hastigernôeh wêze soene en forsjit har krûd yn in pear wiken tiid. It haedbistjûr fan it Christlik Selskip en it bistjûr fan 'e Stim wienen it alhiel mei my iens, en publisearren sûnder alle polemyk allinnich elkmis in saeklike forklearring oer bigjinsel en doel fan har organisaesjes. It foel ús foarmannen net ta har ûnder alles yn to hâlden, mar hja hiene de moed en it bitrouwen en doch it.
Mar de útkomst hat ús gelyk jown. Doe 't ik yn Maertmoanne yn Selskipstydskrift en Stim de tsjinoanfal ynsette, wist ik dat ‘de Fryske Kalvinisten’ har aksje al mislearre wie en njonkelytsen hat de tiid wol oan it ljocht brocht, hwer't de hiele droktemakkerij op útroun is. It Christlik Selskip, hwaens great meartal leden sa mar oerrinne soe, is mei de hiele hûd út de slach kommen. Inkelde leden en in pear kriten hat it forlern, dat is alles en mear hat it woun.
| |
| |
Likemin is it forlies fan 'e Stim de muoite fan it neamen wurdich. De tafloed fan 'e tûzenen nei it Grifformeard Selskip is net wurden, ûnder de heftichste propaganda net, en neat wiist der op dat dy nou noch komme sil. Ik siz dat sûnder spytgnyskjen. Om my mei it Grifformeard Selskip tûzenen leden krije, hwant ik bin der wis fan, dat it foar ús wurket en foar ús de lju rypmakket. Mar de foarstelling, dat it Fryske folk net oan it Christlik Selskip wol, omt de ekstremisten dêr de lieding habbe, is nou net mear út to hâlden. It docht nou bliken, dat it folk krektlikemin op in minimael Frysk program yn it spier to krijen is, en dêrmei hat it forrin fan saken ús ‘ekstremistyske’ aksje gelyk jown. It folk sels, it Grifformearde folk noch wol, hat antwurde en ús rjochtfeardige.
Dat binne lykwols noch mar de uterlike dingen. Hoefolle leden it Christlik Selskip forlern of woun hat en hoe great it Grifformeard Selskip is, dat komt der op 't lêst net op oan. Fan mear bitsjutting mei hjitte, hoe 't nei alles de geast yn it Christlik Selskip is. Wy meije antwurdzje, dat dy fan 'e bistriding souner, gever, dreger wurden is. Forskate lju binne út har rêst opskrille en habbe each krige foar de need fan Fryslân en it gefaer dat de Frysknationale aksje wankt. Forskate binne nou kommen ta in selsstannige kar foar de nationale saek, en it nationale rjocht fan Fryslân is harren klear wurden. Forskate ek, dy 't yn it earstoan de earen noch al hwat hingje lieten nei de tsjinstriders, habbe foar it forstân krige hwer 't it om to rêdden is en hwat in aksje ûnder lieding fan Douma en v.d. Meulen foar de Fryske saek bidije sil. Al mei al is der mear klearrichheit, mear moed, mear bitrouwen yn it Selskip kommen. Leden en lieders binne sterk wurden yn dizze striid en witte nou, dat hja elke kommende striid hoe swier dy ek wêze mei treast binne. Hja witte nou, hja binne in striidkloft, dy 't lyts is mar net útinoar slein wurde kin.
Nearne komt dat klearder út as hjiryn, dat it Selskip net yn 'e fordigening krongen is, mar syn trochsettende en oan- | |
| |
fallende macht hâlden hat. Dat wol oars sa maklik: ûnder in fûle bistriding gjin stap mear foarútdwaen en allinne bisykje to hâlden hwat men hat. Mar de Christlik Fryske biweging is ûnderwilens rêstich en biret foarútgien en hat de oanfal net mijd. Bonga hat fan 't jier in Christlik Fryske ûnderwizersforiening oprjochte en tarieding makke ta it stiftsjen fan in antirevolúsjonair forbân. Ik hab myn ynlieding oer Frysk selsbistjûr publisearre, en de Pinkstergearkomste fan it Selskip doarst dy moedich bisprekke en rounút har sin oer de politike forhâldingen sizze. En ek yn 'e Stim koenen wy ús aksje linkendewei útwreidzje ek ta de dingen fan it ekonomyske en soasjale libben fan Fryslân en sizze hwat sein wurde moat.
Salang 't dat sa bliuwt, hoege wy neat gjin noed to habben. Nea moatte wy stean bliuwe en ús yn 'e fordigening kringe litte. Troehsette, oanfalle yn de tsjinwar op, dat is it wurd en dat it wurk. Dat hâldt ek foar de forhâlding njonken it nije selskip. Polemyk lykwols dêrtsjin moatte wy net siikje, mar troch ús wurk en al fierder trochsettende aksje habbe wy it to twingen, ús, mei it ek út 'e fierte wêze, efternei to kommen. Sa liede wy.
| |
Amerikaensk ideälisme.
Fûl steane it imperialistyske en it ideälistyske Amearika tsjin elkoar - hoe komt it dan, dat hja bytiden sa krekt op elkoar lykje, dat hja amper to ûnderskieden binne? Dat komt, omt imperialisme altyd imperialisme en ideälisme net altiten ideälisme is. In Amerikaensk imperialist is krektlyk as in Jeropeesken ien, bihalven dat er gâns bitûfter en flinker is. Mar de Amerikaenske ideälist is in hiel oar minsk as syn broer yn Jerope.
Der is tredderlei ideälisme yn de tsjintwurdige wrâld: it mystike ideälisme fan it Russyske folk, it dualistyske ideälisme fan Jerope, en it soasjale ideälisme fan Amearika. It
| |
| |
ûnderskie tuske dy trije komt foaral klear út yn har ûngelikense forhâlding njonke de steat en de wetten.
Foar de Russyske minsk bistiet de steat net, en hy komt de wetten nei omdat se him ûnforskillich binne. Dat is de greate oarsaek, hwerom 't it bolsjewistysk biwâld it folle langer úthâldt as Jerope ea tinke koe. De Rus jowt him like goed en like maklik del ûnder syn bruorren de bolsjewisten as ûnder heite-Tsaer. Hy ken mar ien ryk: it ryk fan de geast en mar ien wet: de wet fan it hert, en al it oare is likefolle. Tolstoi forhellet, dat it Russyske folk yn âlde tiden der oer gearkommen wie, de steatsmacht oan to bieden oan in oare stamme. Hwant hja seinen tsjin inoar: Wy moatte net sûndigje, mar ús siel suver biwarje. Wy sille gjin war dwaen op 'e macht; lit gjin broer oer bruorren, mar lit frjemd oer ús hearskje. - En noch tinkt de Rus hjoed de dei sa.
Revolús je yn Ruslân, altiten foarsafier 't dy út it folk opkomt, is dan ek religieus en ideëel, mar nea steatkundich fan aerd. De steatkundige omsettingen, dêr 't Ruslân it sa foar en nei mei to krijen hat, wienen it wurk fan in keppel intellektuëlen - studinten, skriuwers, offisieren, amtners, Politikers - dy 't fan Jeropeeske idéen libben; hja giene buten it folk om. De Russyske boer sjocht de steat foar in needsaeklik kwea oan: dat hwerom sil er war dwaen en stel foar it iene kwea it oare yn it plak? It muoit him, dat sa folle fan syn bruorren twongen binne, steatsamtner to wêzen en macht to siikjen - fierders is him alle regear igael, as it him mar net to nei komt yn syn siel.
Mar sa moat der in skieding wêze tusken it geastlik libben en de steatsorganisearring, tusken it ideële en it praktyske bistean. De Rus is in greate en fûle ideälist, mar hy kin mei syn ideälisme yn it praktysk libben neat wurde. Set sa'n Russysk minsk, likefolle hwa: in Tolstoïaen of in Bolsjewist, in reäksjonair of in soasjalist, oan polityk of ekonomysk wurk: en ien fan beiden, hy is mei gauwens syn hiele ideälisme kwyt en wurdt in grouwélich materialist, òf hy
| |
| |
jowt moai gau de moed op, smyt mei bommen om, flokt en docht de hiele boel yn 'e chaos, flechtet yn ôfwêzige dreamen, giet yn it kleaster, wurdt skriuwer, of makket him fan kânt.
Dat is it tragyske fan Ruslân, dat syn geastlik ideälisme hieltiten wer to pletter jaget op 'e realiteit fan de moderne steat. Fan dy tragyk is de hiele Russyske literatuer swiersettich fol; alle Russyske skriuwers habbe op dat probleem omwraksele, mar gjinien hat it oerwoun en mear as ien is der oan ûndergien.
It Jeropeeske ideälisme dêr foar oer ûntstriidt de reäliteit fan de steat net en hat de greate bitsjutting fan de wet wol yn it bigryp. Us ideälisten witte, al sûnt ieuwen, dat it yn dizze ierdske forhâldingen net mûglik is, in ideäel yn 'e praktyk to bringen sûnder brûkme to meitsjen fan de steat en syn organen - foaral de lêste tiden net, nou 't de steatsmacht en de steatsynfloed hwat langer hwat fierder geane. En dôch wol it harren mar net slagje, ieu foar net noch ieu nei, troch de wei fan polityk ta greate fortuten to kommen. Earder krektoarsom: it mislearret harren withoefaek, ideälisme en polityk wurde der beide troch bidoarn en de ein is in anarchistyske bitizing.
Hwat mei de oarsaek wêze? Dit, dat it ideälisme fan Jerope dualistysk is en de ienheit fan ideäel en praktyk net fine kin. Foar de Jeropeeske ideälist binne de geast en de steat twa machten njonken, ja tsjin elkoarren, dat it moat him wol swier wêze, dy ta formoedsoening to bringen. Ja wisse, de steat bistiet en men moat him wol brûke en men moat der mei ompiele - sa leit it libben nou ienris - mar einliken is hy fan in mindere oarder, einliken heart er net yn it ryk fan de geast.
It liket my ta, dat yn dat bitinken it Roomsk Katholike mountsendom fan de midsieuwen noch yn it neiwurkjen is. De Jeropeeske ideälist is in mounts, in ienliken ien. Hy slút him net mear op yn it kleaster, hy wennet yn it formidden
| |
| |
langer fan syn folk en set him hertstochtlik ta praktysk wurk - mar in ienliken ien bliuwt it, en mei al syn wurkjen is it syn greatste noed, dat de geast, dêr 't er ienlik yn is, ûnbismodze biwarre wurde sil. Hwant oft er it wit of net, en oft er it wêze wol of net, hy merkt de steat en alhwat dêr mei gearhinget foar hwat ûnhillichs oan.
Komt it duälistyske fan syn opfetting net nuveraerdige klear út yn de formulearring fan de frage, dy 't rounom yn dizze lânnen dien wurdt: Hoe fier mei de bimuoijenis fan de steat gean? Dêr docht earst al bliken út dat net mear de geast, mar de steat de liedende macht is - oars soenen hja freegje: Hoe fier mei de bimuoijenis fan it ideälisme gean?
Mar slimmer jitte, dat is de stim fan de twivel, dy 't net oan einbislút en formoedsoening leaut. Hast yn elke aksje yn dit wrâlddiel kin men hearre: hoe fier? Dat is de twivel, dy't freget; dêrfoaroer freget it leauwe: meije wy gean? Né? Dan sille wy net gean, gjin trêd net. Ja? Lit ús dan oan de ein ta gean. In biweging dy 't har uteret yn de frage fan hoe fier, mist it earste nedige: it leauwe. It Jeropeesk ideälisme, al hoe warber it is, bidijt sa'n drôvich bytsje, omt it net leaut oan de formoedsoening fan geast en steat, fan ideäel en reäliteit.
Mar gâns oars is it ideälisme fan Amearika.
Yn alles is de Amerikaen reëel, ek yn syn ideälistysk libben. Hy slút him net op yn it kleaster fan it ideälisme, om dêr út wei troch hege rútsjes de reine himel to skôgjen, mar hy jowt him yn it folle, drokke ierdelibben. En hy jowt him dêr hinne, net skruten en hoeden, en bang him to bismodzjen, lyk as it âlde Jerope, mar moedich en bitrousum, lyk as it in jonge naesje eigen is. Hwant hy is net Roomsk, mar Kalvinist fan kom-ôf, en de earste opfieding, dat God tsjinne wurde moat yn alle dingen, wurket jit altyd nei.
Sa moat it Amerikaenske folk in oare weardearring fan
| |
| |
steat en wet habbe as Ruslân en Jerope. Oars as Ruslân nimt it dy oan as in reäliteit en oars as de Jeropeeske folken skôget it har as in reäliteit bisteande yn twa-ienheit mei it geastlik libben. Fier en frjemd is de Amerikaen it anarchisme: der is in steat, leart er en it is goed dat der in steat is. En de geast moat net fijânnich foar de steat oer stean, noch him der ôfwêzich fan hâlde, noch skrutel him der mei bimuoije, mar frij en bliid him brûke as in great middel, om ta geastlike doelen to kommen.
Yn Amearika is it ideälisme alderearst: arbeidzje en praktysk wêze. De Amerikaenske ideälist sit net stil en bleek earne op in studearkeammerke, mar hy is to finen op 'e beurs, op 'e buorkerij of oan it stjûr fan de fleanmasjine. Hy makket gjin fersen, mar wetten. Hy prinzipienrydt net, mar rydt op it hynder efter de keppels kij yn 'e flakten fan Dakota. Hy hâldt gjin gearkomsten en konferinsjes oer it suvere bigjinsel fan de sinding, mar hellet jild op, in miljoen of hwat, en stjûrt der sindelingen op út. Hy praktesearret net oer de methoade, rjochtet in organisaesje op en arbeidet. Hy preket it evangeelje, forieniget de bikearden fuortynienen yn in partij, makket in program op, stelt kandidaten, en biarbeidet de gemeenteried, om de herbergen en kroegen fan it gea to forbieden. En ûnderwilens hat er gjin oanstriid of lêst fan ‘Weltschmerz’, mar is fleurich, ûnforfeard en fol libbenswille.
Wy âlde en stive Jeropeänen kinne it amper bigripe, yn alle gefallen mar amper forneare. Is dat ideälisme, dat Billy Sunday it evangeelje en de bikearing preket, en der him ryk oan fortsjinnet? Of dat de jildkeningen universiteiten stiftsje en ûnderhâlde, mar it sizzen habbe wolle oer de ynhâld fan it ûnderwiis en de kar fan de professoaren? Of dat it Amerikaenske folk fan de drank ôfholpen wurde sil troch in wet, dy 't hja hânhâlde moatte mei polysje, wapene skippen en swiere straffen, dêr 't gjin ein fan komt?
Mar de Amerikaen sjocht dy dingen net foar stridich oan. Hwat wy mei ús dualisme net byinoar krije kinne yn
| |
| |
ien bigryp, dat is foar him ienfâldich. Hy sjocht in ideële en in reële oarder fan bistean fan de dingen en hy leaut oan de mûglikheit fan harmonije fan dy beiden. Mar dêr is foar nedich, dat men gjin reäliteit to leech hat, om jin der yn to jaen en fûl der oan to arbeidzjen. It sûnderjen yn it ideële bitsjut foar de Amerikaen de ûnmûglikheit fan arbeid, dat is de ûnmûglikheit fan formoedsoening.
Elke reäliteit is him fan bistean goed, en gaedlik ta in ideëel doel. De hiele mienskip, hoe materialistysk hja wêze mei, is him ideële biarbeiding wurdich. Elk middel, hoe uterlik, hoe mechanysk ek, doar hy brûke yn in geastlike biweging. Dêr is de steat en dêr is de wet. Hwerfoar binne dy nedich? Habbe hja doel yn harsels? Né, mar it is klear, dat hja tsjinst dwaen moatte ta in ideälistyske mienskip. Nou dan, hwerom sille hja ek net brûkt wurde, om it folk fan de drank ôf to helpen? Hja wurde dôch ek to baet nommen foar safolle oar kwea - hwerom foar dat dan net?
Ja - mar hwat in wetsûntwinen. Fansels, der is gjin wet of party bisiikje dêr fan to ûntkommen. Dêr sil wol mei ret wurde en der wurdt ek mei ret. Ja - mar de publike opiny, de folkskonsjinsje is der net klear foar. Fansels net, as dy der klear foar wie, dan wie de wet net nedich. Dêrfoar is de wet opfieding. Ja - mar de frijdom. Frijdom? Mar net de wet, dy 't fan it kwea forlosse wol, makket ûnfrij, mar it kwea dêr 't de wet foar nedich is.
Sa lizze wy yn en Amearika antwurdet, en wy bigripe elkoar net. Jeropa mist langer de greate moed en it sterk bitrouwen, om it Amerikaensk ideälisme to weardearjen. Mar Amearika sjocht faeks hwat al to min it nuodlike fan syn ideëel stribjen. Binne de krêften neffens it leauwe en de hope? Wurdt der net to folle forwachte en to optimistysk tocht fan de minsk? In great leauwe en in sterk wollen is jitte net genôch om de swiere wei fan it ideäel oan de ein ta to gean, en dy 't earst en meast arbeide habbe, krije net altiten it greatste lean.
| |
| |
Men moat djippen earbied foar de oertsjûging en it wurk fan it Amerikaensk ideälisme habbe. Mar it is net frij fan faeijens, om to fallen yn it uterlike, yn it bistribjen fan macht, yn it materiële, en om ûnbimurken út it absolute to reitsjen yn it relative. It is to lûd fan stim en to oerdwealsk fan gebeart. It ken syn krêft en it leaut net, dat der ûnmûglikheden binne.
Folle mear bringt it ta steat as Ruslân. Lykwol ken de Russyske minsk de dimmenheit en it stil wêzen, en út de fieling fan syn ûnmacht wurdt berne de machtige en oerwinnende rop oan God. Wachtsje kin Ruslân, syn lange wite winters, en lije, syn lange skiere ieuwen swier fan leed - sa ûndergiet it de Godlike genede. Dat is it djippe, dêr 't Amearika jitte net ta kommen is.
Hwat Jerope oanbilanget, lit ús dêr fan swije en tige folle hoopje.
| |
De koloniale frage.
De folken fan Jerope binne great en ryk en machtich wurden, net allinne troch de ûntjowing fan har eigen krêften en middels, mar noch mear troch har koloanjes. Spanje, Portugal, Nederlân, Ingelân, Frankryk, Ruslân, Dútsklân, Itaeljen - hja allegearre binne der op út tein en habbe hiele stikken fan de wrâld ta har nommen. Yn goed Frysk soe dat stellen hjitte moatte, mar mei it Frysk komt men nou ienris net fier. Moaijer heart it frjemde wurd: kolonisearje.
Dat kolonisearjen is al âld en biwend wurk. De Heidenske folken fan de Aldheit: Assyriërs, Perzen, Egyptners, Karthagers, Romeinen, ensfh. koenen it al knap, en de Christlike folken fan Jerope habbe harren de kunst hast noch knapper ôfleard. Har doel wie, de ‘ûnbiskaefde’ naesjes fan Afrika, Amearika, Azien, Australien en Ynjen Christendom en kultuer by to bringen, en de fortuten fan dy ‘biskaving’ binne wurden: alkoholisme, slachtssykten,
| |
| |
slavehannel, kapitalisme, en al de hearlikheit fan de blanke rassen. Har wapens wienen jild, diplomaetsy, legers en oarlochsskippen, har methoaden: ‘freedsum ynkringe’, omkeapje, stokelje tuske folk en foarst, revolúsje oansette, it iene folk tsjin it oare oanhuse, rispingen forniele, stêdden delbrânne, hiele stammen en folken útmoardzje. In grouwélich en goddeleas imperialisme, sûnder rjocht en sûnder Christlikheit, hearsket al hûnderten fan jierren oer Mongoalen en Indianen, oer Maleijers en Negers. Rounom yn 'e wrâld: yn Sina en yn Súd-Afrika, yn Ynjen en yn Marokko, op 'e Oseänyske eilânnen en yn Egypten, wurdt Jerope hate; rounom yn 'e wrâld wurdt Christus bitter hate om it dwaen fan harren, dy 't sabeare yn syn namme, rjocht en frijdom en minsklikheit skeine.
Der is warskôge, der is protestearre - troch sindelingen, troch filantropen, troch reizigers, sels troch steatslju, dy 't noch weet hiene fan de wierheit, dat Christendom en kultuer net brocht wurde kinne troch jild en swurd, mar troch it Evangeelje, net troch Mammon en Mars, mar allinne troch Christus. Om mar ien, bikend foarbyld to neamen, doe 't Nederlân tarissing makke om Atjeh yn to palmjen, wie it de Christensteatsman Keuchenius, dy 't skerp en fûl protestearre. Mar it is de sûnde fan it Jeropeeske Christendom, dat it oant nou ta fiersten to sleau west hat mei syn tsjûgenis tsjin in koloniale polityk, dy troch ûnchristlike, egoïstyske, imperialistyske motiven dreaun wurdt. It is ús skande en ûnbigryp, dat wy, dy 't ús mei de namme fan Christus neame, in frage dy 't foar de Christen libjend út it leauwe gjin frage is, ûnklear en bitiisd meitsje, mei der allerhanne kulturele, ekonomyske en politike redenen yn to biheljen.
Hwant it giet net om kultuer, ekonomy en polityk, mar it is to rêdden om it rjocht. Hat it iene folk it rjocht, oer it oare folk to hearskjen? Dat is de frage, en it is Christlik en minsklik, to antwurdzjen: Né, it is ûnrjocht. Of oarsom frege: Hat in folk it rjocht, frij to wêzen en frij wêze to
| |
| |
wollen? Ja, antwurdet de minsklike stim, ja elk folk, hwant dat is de natuer fan allegearre - ja, antwurdet nammersto mear it Christlik tsjûgenis, ja elk folk, hwant ta de frijdom binne allegearre skepen. En gjin histoarje, gjin kulturele bilangen, gjin ekonomyske forhâldingen, gjin politike tastannen kinne ien folk dat rjocht ûntnimme.
Natuerlik komt de straf en wraek oer Jerope imperialisme. Unrjocht goed dijt net, en nea skeint in steat it rjocht straffrij. Elk impearium, lyts of great, rekket it stellen lân kwyt, en giet ûnder - fanwegen it ûnrjocht en it geweit. Wy sjogge de gongen fan de wrekende gerjochtichheit foar ús eagen. De imperialistyske machten fan de Aldheit binne fordwoun of yn ûnbitsjuttendheit wei sakke. Spanjen hat syn ienris wrâldgreat koloniael bisit forlern en is ôftakke ta in earme Jeropeeske macht fan de twade soart.
En dy 't har koloanjes jit habbe, krije der hwat langer hwat mear mei to stellen. Hwant de ‘kleure’ rassen fiele har net langer de mindere fan de blanken, mar earder de bettere, en in rounom by Maleijers, Mongoalen en Negers wekker wurdende rasfieling en nationalisme, driuwt om rjocht en frijdom. En der is gjin kearen oan foar Jerope. Hoe soene folken, dy 't har sels troch ûnleauwe, ûnreligieuzens, bikrimping fan it bernetal, oersêdde en ûnnatuerlike kultuer, weelde en oarloch machteleas meitsje, yn steat wêze de ûnbidige miljoenemassa's fan Foar-Ynjen, Efter-Ynjen, East-Ynjen en Afrika de frijdom to ûntkearen? Nou al, nou 't it noch mar krekt yn it oanbigjin is, wurde de koloniale machten al twongen, de forneamde ‘ethyske polityk’ to brûken en de iene eask nei de oare yn to skikken.
It is klear to sjen, hwer 't it op oangiet. De dagen fan de Jeropeeske hearskip binne teld, en it is allinne noch mar de frage, op hwat foar 'n manear de blanken har koloanjes kwyt reitsje: oft hja der yn frede út gean wolle, of dat hja der mei geweit út smiten wurde sille, lyk as hja der mei
| |
| |
gewelt yn krongen binne. Foar harsels, foar de wrâld, en binammen foar de saek fan it Christendom sil it de baes wêze, dat hja fan tiid witte en rjocht dogge.
| |
De blanke macht.
De koloniale polityk fan Jerope wurdt troch in great meartal noch altiten tige fordigene. Net allinne troch de steatslju, dy 't imperialistysk tinke, en de kapitalisten, dy 't der neat tsjin habbe, dat de koloniale kou melk bliuwt - mar ek troch ideälisten, mar sels troch Christenminsken.
Natuerlik habbe hja redenen legio, to folle om wier to wêzen.
Mar op 'e swierwichtichste dêrfan, dy 't op it each hiel hwat lykje, moatte wy komme. Foarst sizze hja, it blanke ras is mear en heger as brún en swart en giel en read en alle kleure rassen, en it is bilang fan de koloniale folken sels, dat hja sa lang as it nedich en mûglik is de kulturele opfieding fan Jerope krije. En twad is it foar de saek fan it Christendom al sa'n ding fan bilang dat de koloanjes bistjûrd wurde troch Christlike steaten, krekt sa lang oant hja christene binne. Sikerwier, dat heart net min.
Mar hwat is dy kulturele hegens fan blank boppe kleure? Dat hja de ieus fan de ‘Aufklärung’ en fan it intellektualisme yn dy naïve forbylding wienen, mei hinne gean, mar kin it nou noch sprekken lije? Mar fan hwat oangeande binne wy dan heger en hwat is de treflikens fan de Westerske kultuer? Wis, wy kinne ôfgryslike logysk en abstrakt tinke, op it binearjende ôf. Dat kin gjin Indiër, gjin Sinees, gjin Neger tsjin ús hâlde, hinne noch nei net. Wy sette natuer, wittenskip, filosofije, skiednis, kunst, kosmos, leauwe en God yn in knap systeem, en it mystearje witte wy linich rie mei. It wûnder, ei, wy binne it wol bitroud, libben, dea en leafde, wy kinne har forklearring maklik oan.
| |
| |
En hwat fine wy mei ús klear forstân net út? De forskrikkingen fan it radio en de libbensforfalsking fan de film. In tillefoan, in tillegraef en tilleskopen, dy 't de romte in chaos meitsje, en masinen, dy 't de tiidforhâldingen forbrekke ta foarmleazens. In wiskunde dy 't it talsymboal aloan abstrakter forklearret, en in wittenskip, dy 't it organyske libben faeije analytysk omset yn it mechanyske. En as kroan en uterste bloei: atomen en elektronen, bakteariën, dynamyt en forgiftige gassen, en as symboal it absolute nulpunt.
Wy binne knap, wiis, greatsk - en ilindich, gjin ras komt oan ús ta. De krêften, dy 't wy út 'e natuer los makke habbe, steane tsjin ús op. De histoarje, dy 't wy nou dan kenne, weacht swier op ús, en wy binne mei tweintich ieuwen forline ‘erfelijk belast’. Fan klearebare forstân en kinnen habbe wy it sa fier brocht, dat wy gjin blidens noch soargeleazens noch meilijen mear kenne.
Dat habbe wy foar by alle rassen. Mar binne wy seedliker? ideëler? geastliker? religieuzer? Wy habbe it altiten wakker oer ús kultuer, dy 't de hiele wrâld oer moat, mar habbe wy wol ienris kultuer? Forsteane wy de wiisheit fan Sina, de Egyptyske sfinx, it natuergeheim en it tal fan Indien, it taboe fan de natuerfolken? Wy bigripe it lijen en it meilijen fan de Russyske minske net ienris. Hiele rassen en hiele folken: de Indianen, de Sinezen, de Japanners, de Indiërs, habbe kultueren skepen, dy 't neat minder binne as de heechste bloei fan it Westen - de Griken, de Midsieuwen, de Renaissance - en moatte wy, nou 't ús kultuer hurd yn it neigean is, fan ús kulturele ropping sprekke?
En hwat habbe wy der fan makke? Wis, wy habbe wegen lein en spoaren en boaten yn har wurking set. Wy habbe plantaezjes oanmakke en hiele kontreijen yn ‘kultuer’ brocht. Wy habbe de oarder der yn hâlden en ús kaptael der yn set. Dêr fortsjinnen wy skoan oan, mar it koe ek net fan ús ferge wurde, dat wy dat allegearre foar neat dienen. Ek habbe wy dy ûnbiskaefde naesjes forrike mei
| |
| |
ús alkohol, ús slachtssykten, ús wapens, ús methoaden fan oarlogjen, ús technyk en ús Westersk tinken.
Spitich is it lykwols, dat Jerope sels oan syn treflikens bigjint to twiveljen. Wy binne mei gauwens sa fier hinne, dat wy like folle út Azien en Afrika ynfiere as hja dêrre fan ús krije. Wy dwepe langer mei negermuzyk en negerdounsen, Boedhisme en theosofije, de wiisheit en skientme fan Sina en de mystyk fan Tagore. Wy bouwe timpels, pagoden en moskéen, en forwachtsje op 'e nij de wrâld-learmaster en forlosser út it Easten.
En noch spitiger is it, dat de koloniale folken it blanke ras yn 'e rekken habbe. Har earbied foar de blanken, as dy der al ea west hat, is nou dan wol foar goed fuort. Hja habbe de fortuten fan ús koloniale polityk ûnderfoun. Hja binne njonkelytsen wiis wurden de treflikens fan ús jildmannen, ús steatslju, ús keaplju, ús amtners en ús kolonialen. Hja habbe sjoen, hoe seedlik, hoe ideëel, hoe Christlik de blanken yn har formidden binne. Dêrby, hja habbe de blanke folken oarlogjen sjoen.
Har rekken is makke. Hja forachtsje ús as rou en grou folk, as barbaren en ûngeastlike stribbers. Hja haetsje ús as ynkringers, egoïsten, fordrukkers. Dat is de ein. It wrot en it wurket al, forsille stimmen roppe, mar de greate massa swijt jitte, lyk as it djippe Easten allinne swije kin - hja swijt en hatet en wachtet. En swijend, net to kearen, giet de wankende rjochtfeardichheit har wegen.
Mar ús Christendom dan? Ik kom op ús Christendom.
| |
Fryslân en de wrâld.
Yn gjin ieuwen hat de saek fan Fryslân der sa goed en ûnthjittend foar stien as tsjintwurdich. Frjemde geast kringt op ús yn, machtiger as ea, mar hwat fûlder 't hy ús bistriidt, hwat sterker it wollen yn ús bifêstige wurdt, ússels to wêzen. Oan de tweintichste ieu ta hat it altiten mei it Fryske
| |
| |
folk yn it neigean west, mar nou habbe wy de lichte hawn, nou binne wy yn de opgong!
Hwat is der foroare? Wy binne gjin provinsjalisten mear, lyk as dy fan de njoggentjinde ieu, mar wy bikenne it Fryslân, dat folk en naesje is - folk mids de folken, naesje lyk as alle oare naesjes. Provinsjes fan it Hollânske en it Dútske ryk binne Westerlauwersk en Noard-Fryslân allinne foar it uterlike, mar fan ynwindich wêzen: fan ras, geast, ûntjowing en tael binne hja meiinoarren it iene, op himsels steande Fryske folk.
Ek de njoggentjinde ieu praette oer Great-Fryslân, mar foar har wie it in bigryp út in fierôf forline. Great-Fryslân hie west en it lytse Fryslân, dat der jitte fan oer wie, soe ûndergean. Mar wy fan de tweintichste ieu, wy leauwe en wy hoopje, dat is wy nimme posysje yn it hjoed en yn de takomst. Us is Great-Fryslân gjin ierdrykskundich noch in skiedkundich idé. Hwant ús is it deunby, ús is it hjirre en nou, it bistiet hjoed de dei en sil de dei fan moarn bistean en oare moarn en oare ieu. En dat is de principiële oerwinning fan it provinsjalisme, dat is de frije nationale skôging fan de Westerlauwersk Fryske en fan de Noardfryske jongerein.
Mar it soe neat to bitsjutten habbe, ús nationalisme, as ús eachweiding net wider wie. Boppe en efter it nationale idé moat in great ynternationael ideäel stean - oars wurdt it folk eigengerjochtich en sûnderet him fan it libben en stjert de dea oan himsels. Dêrom is de Westerlauwersk Fryske nationalisten forriizge en forkleare it ideäel fan it Greate Fryslân as folkebrêge tusken Ingelân en Skandinavien, dêrom hat de Noardfryske jongerein, yn lytser styl en forhâlding, de bisibbens fornommen fan de Fryske en de Deenske kultuer. Dat is foar harren gjin pro-Deenske polityk, likemin as it foar ús pro-Ingelsk stribjen bitsjut: dat is de ynwindige driuw fan it ras, de natuerlike en frijmeitsjende oanfoiling fan it nationale idé.
Us nationalisme hat ús net sûndere fan de wrâld, lyk as
| |
| |
it njoggentjinde ieuske provinsjalisme, mar it hat ús krektoarsom ta de wrâld brocht, net op de manear fan de kosmopoliten, dy 't gjin heitelân bikenne, mar troch de wei fan Fryslân. Wy bimuoije ús mei de wrâld en wolle ús mei de wrâld bimuoije. Wy fiere de striid net allinne nationael, mar ek ynternationael. Dat is nuodlik, mar nedich. It is nedich, omdat it Fryske front ús fiersten to smel is, om dêr allinnich op to striden, en omdat God de hiele wide wrâld ta ús foldwaen jown hat. It is nuodlik, omdat de wrâld har nou ek mei ús bimuoit De Fryske frage is net mear allinnich in wittenskiplike en literaire kwestje foar in mennich tael-, rjochts-, folke- en literatuerkenners, mar it wurdt in praktyske kwestje fan ynternationale polityk. De Fryske biweging wurdt achtslein en sekuer neigien, net allinnich yn Sleeswyk-Holstein en yn Ljouwert, mar ek yn Kopenhagen en Berlyn en Den Haag. En der wurdt net nei frege, of 't wy dêr foar binne of der tsjin, mar sa giet it libben syn wegen, yn dat stadium komt elke nationale biweging. En omdat it nedich is, kin it nea to nuodlik wêze, en omdat it nuodlik is, is it moai en kin it great wêze.
Tsjintwurdich is it foaral Noard-Fryslân, dat de Fryske frage ynternationael makket. De Noardfryske jongerein, foarsafier 't dy foriene is yn de Frysk-Sleeswiker foriening, hat in skoft forlyn sit frege yn it mindertallekongres to Genève, om dêrre yn 'e pleit to gean foar de saek fan Noard-Fryslân as nationale saek, en de wrâld to witten to dwaen, hoe 't it Noardfryske folk troch de Dútske steat bihannele wurdt.
Men sil maklik bigripe kinne, dat hja net sûnder needsaek ta dy died kamen. It Dútske keizerryk is republyk wurden, mar it forneamde Prusyske systeem fan fordrukking is gelyk bleaun. Foar de foarm en moaiskyn hat Dútsklân de Noardfriezen ditten en datten tajown, mar de Prusyske amtners, dêr 't Noardfryslân ûnder sit, binne it fordútskjen fan in net-Dútsk folk wol tabitroud, en har polityk-ekono- | |
| |
mysk systeem is folsleinernôch, om it Frysk eigene stadich mar wis gear to ranen yn 'e Dútske kultuer.
Dêr foar oer stiet de Noardfryske biweging, dy 't it Frysk eigene biwarje wol. Mar it âldste diel dêrfan, de Noardfryske foriening, dy 't gâns dien hat oan de stúdzje fan tael, histoarje en folkskunde, sjocht it Greatdútske gefaer net of doar it net sjen. Hja oriëntearret har op it forline en op ‘das grosze Deutsche Vaterland’. Sadwaende moat hja wol swak en wif stean yn de hjoeddeiske omstannichheden, en kin hja gjin forwar dwaen tsjin it machtich opkringen fan de Dútske kultuer.
Mar nammersto swierder is it wurk fan de nationalistyske jongerein yn de Frysk-Sleeswiker foriening. Dy sjocht de need fan Noard-Fryslân, en bigrypt de needsaek fan in breed en sterk kultureel-ekonomysk-polityk front tsjin de Greatdútske ynfal. Fansels wurdt hja nou fan de Greatdútskers en de Greatdútske Friezen biskuldige fan prodeenskens en forrie fan ‘das Vaterland’. Wy kenne dy wize fan tichteby. Hja wurdt lêstere, hjitfolge en safolle mûglik boikotte.
Sa is hja, om de need fan Noardfryslân en troch de fijânskip fan de Greatdútske eleminten, der ta twongen en ta dreaun, har to biroppen op 'e wrâld. En dêrta hat hja oanhâld socht oan it kongres fan nationale mindertallen to Genève.
Dat kongres is oer in pear jier gearroppen fan lytse mindertallen út ûnderskate riken, om yn boun meiinoarren foar har nationale en kulturele rjochten op to kommen. Nei de greate oarloch fan 1914 oant '18 hienen hja by de fredesbisluten fan Versailles, ensfh., dêr 't Jerope op 'e nij fordield waerd oer de steaten, de perfoarste tasizzing krige, dat de riken, dêr 't hja by ynwennen, har rjochten as nationaliteiten earbiedigje soene. Mar Helgolân, Súd-Tirol, Sawnboargen, Silezien, Eupen en Malmédy, ensfh. dogge wol útwizing, hwat der fan dy ûnthjitten kommen is. Dat hat fan dy gefolgen west, dat somlike fan dy lytse nationaliteiten byinoar gien binne yn in mindertalle-kongres - net om de
| |
| |
steatsgrinzen foroare to krijen, mar om yn 'e bisteande steatsforbannen har rjochten op folsleine nationale ûntjowing en op selsbistjûr to fordigenjen en to forwurklikjen.
By dat kongres dan woe de Frysk-Sleeswiker foriening har jaen. Mar dêr kaem forheftigen forwar tsjin, net allinne fan Dútske, mar ek fan Noardfryske kânt. De Noardfryske foriening stjûrde in protest nei Genève mei tûzenen nammen der ûder - oan de Frysk-Sleeswikers to hearren op in allernuverste manear byinoar swile - dat Noard-Fryslân perfoarst net oansjoen wurde woe foar in nationael mindertal.
De greatste helte fan it kongres bisleat doe, de Noard-friezen der net yn to litten; de lytste helte - de Poalen, Denen en Wenden, dy 't by Dútsklân ynwenje - antwurden dêr op, dat hja út it kongres gienen en net earder werom kamen, as de Fryske nationaliteit moast earst ynskikt wurde en de Friezen moasten meikomme. Sa lei it kongres út-inoar, mar der waerd noch bisluten, in kommisje to bineamen, dy't de Noardfryske frage yn har stúdzje nimme soe.
Sûnt hat de Frysk-Sleeswiker foriening to Berlyn bisprek hâlden mei de trije fuortgiene mindertallen. En de lêste wyks fan dizze Maertmoanne is der konferearre to Flensburg. Dêr wienen de Poalen, de Wenden, de Litauwers, de Denen, de Serviërs en de Friezen út Dútsklân, de Tsjechen út Eastenryk, de Dútskers út Letlân, de Dútskers út Estlân en de Slovenen út Itaeljen fortsjintwurdige, dy 't ienriedich bisluten habbe, net sûnder de Noardfriezen yn Genève to kommen. Yn Julymoanne fan dit jier sil it Genèver kongres it einbislút dwaen, en der is alle hoop op, dat Noardfryslân dan syn nationale fortsjintwurdiging kriget. Der wurdt sels oer praet, it kongres fan 't simmer yn Den Haech to hâlden.
Dizze dingen bilangje ek ús oan, en binne fan ynfloed ek yn Westerlauwersk Fryslân. De greate bitsjutting derfan is, dat de wrâld komt to witten fan it bistean, de ûntjowing en de rjochtlike easken fan de Fryske naesje.
| |
| |
Nou binne de Dútskers en de Greatdútske Friezen frij hwat oerstjûr, en sels yn Nederlân en yn ús Fryslân is hwatte ûnrêst to fornimmen. Mar dan moat men it safier net komme litte. De tiid is oer, dat in lyts folk troch in greateren ien om 'e hals brocht wurde koe, sûnder dat de wrâld der witten fan krige.
De lytse nationaliteiten habbe langer middels, om de wrâld ta har tsjûge en help to roppen, en brûke dy frijmoedich, sa gau 't it nedich is. Wol men dat net, dan is der mar ien ried op: dat men it nationale rjocht fan de lytse folken op har eigen frije ûntjowing meistimt, net allinne mei wurden, mar mei de died. Oars bifoarderet en forhastiget men, hwat men keare wol.
| |
De Underwiisried.
De Deputearre Steaten fan Fryslân habbe foar lid fan de Underwiisried bineamd: Dr. G.A. Wumkes to Huzum, J.H. Brouwer to Ljouwert, Mefr. A. Quarles fan Ufford-Buma to Ljouwert, Dr. J. Botke to Grins en Perf. Dr. Titus Brandsma to Nimwegen, en foar skriuwer habbe hja dy Rie bysteld P. Sipma to Ljouwert.
Dat is gjin minne kar. Fansels is der oanmerking op to meitsjen en noch mear op to siikjen. Ek fansels soe alle man, dy 't net bineamd hat en net bineamd is, oaren bineamd habbe. Dêrfoar binne wy minsken en dêrfoar binne wy yn Fryslân.
Myn wichtichste biswier tsjin de gearstalling fan de Ried is, dat der gjinien yn sit dy 't it leger ûnderwiis út eigen ûnderfining ken. De Ried is iensidich de kânt fan it midlik en it heger ûnderwiis oer gearstald. Mar dy iensidigens waerd in moai ein hinne yn it lyk brocht troch de bineaming fan P. Sipma as skriuwer, de iennichste meiskien yn de hiele Fryske biweging dy theoretysk en praktysk, net allinne fan it heger en it midlik, mar ek fan it leger ûnderwiis goed
| |
| |
op 'e hichte is. Ungelokkigernôch habbe lykwols de yn 'e hjitte hei opkommen útfal fan it Ald Selskipshaedbistjûr en de forkeard opsette oanfal fan Kalma en syn maten de útwurking hawn, dat Sipma bitanke, alhoewol 't it net om him to rêdden wie. Is it foar it bilang fan it leger ûnderwiis net mûglik, dat de Ried him ienriedich oansiket, jitte fan syn bitankjen werom to kommen?
Mar tsjin dit biswier steane twa swierwichtige foardielen. Foarst binne wy biwarre bleaun foar in ûnderwiisrie mei ien of mear rjochtse of loftse politici der yn. De Fryske biweging is yn in tiidrek, dat hja har sa frij en selsstannich mûglik fan 'e politike partijen hâlde moat, en politici yn de Rie soene allicht yn it forlied komme en tink mear om it bilang fan de partij as om de saek fan it Frysk ûnderwiis. En twad is it fan goede bitsjutting, dat al de bineamden lju binne út 'e Fryske biweging. Hja wolle de saek tsjinje om de saek sels, en ek hja witte goedernôch hwat it libben en de driuw en de takomst fan de Fryske biweging wol, om de saek tsjinje to kinnen, lyk as it ta it doel fan Fryslân gaedlik is. Dr. Wumkes, oprjochter en âld-haedbistjûrslid fan it Christlik Selskip, foaroanman yn it Friesch Genootschap, skriuwer en histoarikus; Jelle Brouwer, dichter, redakteur fan De Holder en fan it Ald Selskipstiidskrift Fryslân; Mefrou Quarles, lid fan de Upstalbeam, fan it Christlik Selskip en fan de A.F.U.K.; Dr. Botke, lid fan de Mienskip en skriuwer fan de stúdzje Fan Fryslân's Groun; Perf. Dr. Titus Brandsma, oprjochter mei fan it Roomsk Frysk Boun, en âld-samler fan it Roomsk Frysk tiidskrift - fan harren allegearre kin mei rjocht en reden fortroud wurde, dat hja harsels net oanmerke foar amtners fan provinsje wegen, mar striders foar it Fryske folk wêze wolle.
Dat it ien mei it oar koenen wy folle minder Underwiisrie krige habbe. Der is dan ek alles foar, dat de Fryske biweging ienriedich mei de Ried oparbeidet. Hwat jowt it, dat de haedbistjûren fan de Fryske selskippen de uterste war
| |
| |
dogge, om ta ien ûnderwiiskommisje to kommen, as tagelyk nei in oare kânt de twariedigens oerslacht?
Natuerlik moat dêrfoar ek fan Rieds wegen de skiklikens wêze. It moat tuske ried en biweging net in forhâlding wêze fan macht, mar fan fordieling en oerlizzen. Better hie it dan ek west, dat de Ried earst mei de selskippen redendield hie oer de fordieling fan it wurk. De Fryske biweging bigrypt tige goed, dat subsydzje fuortynienen allegearre gjin suvere winst is, en dat de Steaten net tofreden binne mei in rie, dy 't allinnich it jild ompartet, mei oare wurden, dat fuortoan in diel fan it wurk oan de Underwiisrie komt. Mar oer de bêste manear fan dy fordieling hie praet wurde kinnen.
It komt nou sa, dat de bernekursussen, de oplieding ta master en it ôfnimmen fan it masterseksamen by de ûnderwiiskommissie út 'e selskippen bliuwe, wylst it oare: de oplieding ta de haedakte, de kursussen oan H.B.S en gymnasium, de fakânsjekursussen, it ôfnimmen fan it eksamen foar de haedakte, ensfh. foar de ûnderwiisried opkomt. Hwat der dus oant nou ta wie, hâlde de selskippen, bihalven dat it mastersdiploma fan provinsjewegen jown wurde sil; hwat der nij by komt, nimt de ried.
De manear fan ûntstean der bûten, is dizze fordieling oan to nimmen. Hja koe better, mar is yn 'e tsjintwurdige forhâldingen oannimber. Mar tagelyk moatte inkele dingen sein wurde, dy 't foar in kleare forhâlding nedich binne.
Foarst is it in ding fan bilang, dat de Underwiisrie fuortynienen bigoun is foar syn publikaesjes de Fryske tael to brûken. De Fryske biweging forwachtet net oars, of hy sil itselde dwaen yn al syn stikken, likefolle oft hja nei it folk, nei de selskippen of nei de Steaten en oare offisjele lichems geane, of dat hja yn de rie bliuwe (notulen, agenda's, ensfh.). Sa kin in nije wei gongber wurde ta it Frysk as offisjele tael.
Twad is it needsaek, dat de Underwiisried safolle mûglik yn 'e kunde bliuwt en oerleit mei de biweging. Nammers,
| |
| |
dat is er ek fan doel. Der is al in skriuwen by de selskippen kommen, dat er jerne rekkenje sil mei de winsken fan 'e Fryske biweging, en de nammen fan de lju, dy 't yn de rie sitte, binne ús der boarch foar, dat oerliz en ienriedichheit mei de organisaesjes, dy 't it Fryske folk yn syn nationale striid fortsjintwurdigje, ynmoedich socht wurde sil.
En tred moat de Underwiisried him hâlde oan syn opset en doel: de bifoardering fan it Frysk ûnderwiis. Forklearringen oer de forhâlding fan Fryslân ta Nederlân, it forbân fan ûnderwiis en nationael stribjen, ensfh. binne net nedich. Dat is syn wurk net, krekt like min as it wurk wêze soe fan in ûnderwiiskommisje út de Selskippen. Dêr kin allinnich in forklearing oer komme fan it Fryske folk, lyk as dat sprekt troch de sum fan syn dichters, syn striders, syn organysk út it folkslibben opkommen organisaesjes.
As èn de Underwiisried èn de Selskippen dizze dingen yn har acht nimme, sil it maklik meiinoar oparbeidzjen wurde. En dan hoecht ek gjinien bang to wêzen - lyk as inkelen bang binne - dat de Fryske biweging troch de subsydzje oan bânnen lein wurde sil. In wekker wurdend en him útrekkend folk, in birette en sterke biweging en in Frysksinnige ûnderwiisrie binne net oan bânnen to lizzen. De fortuten kinne allinnich wêze, dat de Fryske tael har rjochtlik plak op 'e skoalle kriget en dat de Fryske biweging fan krêft en bistek hurd oanwint.
| |
Britsk Ynjen.
Yn 'e Rimen en Teltsjes merkt Joast Halbertsma mei rjocht oan, dat dy folken frij bleaun binne fan Jeropeeske oerhearsking, dy 't fan âlds ôf sa wiis west habbe en hâld de Jeropeänen bûten har lân, wylst har frijdom kwyt rekke binne dy 't Jerope ynlitten of ynhelle habbe. De Japanners bygelyks habbe oan 1854 ta har lân sletten hâlden foar frjemd en binne in frij folk bleaun. Mar de biwenners fan
| |
| |
Foar-Ynjen, dy 't it gewurde lieten, dat yn 'e sechstjinde ieu de Portugezen en yn 'e sawntjinde de Ingelsken, Hollânners, Denen en Frânsken ûnderskate punten yn 'e bisetting namen, habbe har frijdom forspile oan it Britske ryk. Hoe dat yn syn wurken gien is, kin hjirre net biskreaun wurde. It hoecht ek net biskreaun to wurden - it is it âlde bikende forhael fan kwânseljen, stokeljen, revolúsjes oansette, strafekspedysjes stjûre, yn troankwestjes omriere, ekonomyske oermacht bistribje, politike fâldije oplizze, ensfh., ensfh., oant in folk fan hûndert miljoenen troch in deltriuwend systeem fan kulturele, ekonomyske en politike kolonisaesje brocht wie ûnder de Ingelske souvereiniteit.
Nou kin it net ûntstriden wurde, dat Ingelân nêst ûnbidich folle kwea, ek goed oan Ynjen dien hat: it forbieden en útroegjen fan it widdou-forbarnen, it forbetterjen fan de ôfwettering, fan it forkear, fan it ûnderwiis ensfh. It Britske ryk giet der nammers foar, dat it kolonisearje kin lyk as gjin oare steal It is net botte tier, as it der om to rêdden is, koloanjes to krijen, mar hat it dy, dan wit it der rêdsumer mei om to gean as Dútskers, Frânsken, Russen en Hollânners. Dat is ien fan de greatste oarsaken, dat it Britsk impearium sterker wurden is as ea yn 'e histoarje in impearium west hat.
En dôch hat ek Ingelân it wekker wurden fan it nationaliteitsidé by syn ûnderhearrige folken net keare kinnen - yn Ierlân net noch yn Wales, yn Amearika net noch yn Súd-Afrika, yn Egypten net noch yn Ynjen. Ja krekt oars om hat it goede yn syn koloniale polityk tige meiholpen ta it opkommen fan in him fijânnich nationalisme. Sa binne de wegen fan de rjochtfeardichheit: hja nimt reden út it goede èn út it kweade, hja sterket har oan it rjocht èn oan hwat ûnrjocht is. Hja brekt altyd troch: troch in swiere en bloedige fordrukking én troch in skiklike bihanling. Hja is net tofreden mei ynskiklikens, mar easket strang de folsleine ôfrekken.
Ut ieuwen fan sliep en dream hat hja de siel fan Ynjen
| |
| |
oanrekke en wekker makke. Ynjen komt ta himsels, it hat wer aen fan syn natuermystyk en syn symboalyske wiisheit, it stallet wer stim yn syn religiëuze lieders (Keschah Kandr Sen), syn dichters (Tagore), syn striders (Gandhi). De Westerske kultuer en de Ingelske oerhearsking habbe de swiete dream en ynwindige skôging fan de Hindoe for-steurd, nou siket syn krêft yn 'e oare wei de aksje fan it hjoed, en út it tobrutsen natuergeheim fan de âlde ieuwen wurdt de geast fan de takomst him berne.
Om 1880 hinne set en by de Hindoe's en by de Mahomedanen in religiëus reveil yn. Mar yn it djip-religiëuze Ynjen moat elke biweging, dy 't út 'e religy komt, foartynienen oer it hiele libben gean, en dat religiëus reveil bitsjut tagelyk de nationale forrizenis.
Yn 1904 en '05 forslacht Japan Ruslân, en it hiele Easten wurdt it klear, dat Jerope to oerwinnen is en oerwoun wurde sil. It Yndyske nationalisme kriget witten fan syn macht, de lieders sprekke en skriuwe skerp tsjin it Ingelsk biwâld en yn 1908 ropt Tilah iepenbier ta it forset op. Ingelân bigrypt dat der hwat dien wurde moat en nimt ynlânners yn in wetjowende rie; lykwols hâlde de Ingelske amtners dêr it meartal yn. It doel fan dat middel is, twariedigens tuske de nationalisten to krijen en sadwaende fordielend to hearskjen.
It biteart lykwols krektoarsom: dy rie wurdt in middel om it nationalisme foart to sterkjen, binammen troch de wet fan 1910, dy 't it regear de macht jowt de parsfrijdom to bikrimpen. Jitris wint de Yndyske biweging hurd en machtich oan troch de wrâldoarloch en troch de oerwinning fan de Turken oer de Griken, en nei de oarloch komt de greate lieder Gandhi op, dy troch syn strang ascetisme fieren ynfloed op it folk hat. En aloan moat Ingelân it iene nei it oare tajaen, sûnder dat it him slagget, tofredenheit en bitrouwen to winnen. Op dit stuit hat it in kommisje yn Ynjen, dy 't de Yndyske frage op it plak sels bistudearret en it regear riede moat, hwat nedich en gaedlik is. It sil de lêste
| |
| |
wol net wêze. It langstme nei rjocht is to djip, de rop om frijdom to sterk, om troch kommisjes forstien to wurden.
En dôch sil der forstean en einbislút komme moatte, net earst om Ynjen sels, mar om de saek fan Christus. Hwant wylst de Hindoe wrakselet om himsels to wurden, stiet en ropt wrâld's Heilân op 'e hearrewei fan it rike, ilindige Ynjen. De âlde goaden en de âlde learen foldogge net mear; der is in great en driuwend freegjen om it wurd fan Christus to hearren; Hindoeske, Bramaenske, Boeddhistyske en Mohamedaenske doarmers en sikers om wierheit hâlde gearsitten mei Christenen, net om to striden oer de wiere godstsjinst, mar om to fornimmen hwat Christus harren is; hûnderten en tûzenen litte har dope; de Saddhoe Sindar Singh, hwaem 't Christus foarkommen is, forkundiget it Evangeelje hiele Ynjen troch, en bireizget biskamsumernôch foar it Jeropeeske Christendom it wrâlddiel fan Jeropen, om to tsjûgjen fan de forlossing, dy 't him fan Gods Soane bard is.
In greate doar giet op nei it Godsryk, en wé it ierdske ryk, dat ien siel forhinderet dêr troch to gean. En hwat mear it Yndyske folk kenne sil fan Jezus Christus, hwat krekter it achtslaen sil dy 't har Christen neame, of 't hja neffens dy namme dogge. Dêrom is de hoed en noed fan Ingelân greater as hja ea west hat; dêrom wurdt syn skuldige plicht swier en driuwend, Ynjen to jaen al hwer 't it rjocht op hat en forbitterje de siel fan dat folk net langer tsjin de Christus.
| |
De Frysk-Sleeswiker foriening.
Yn de Noardfryske striid is deselde tsjinstelling opkommen, dy 't ek yn 'e Fryske biweging to uzes sûnt 1908 en 1914 wurking docht: de tsjinstelling fan provinsjalisme en nationalisme.
| |
| |
De âldere Noardfryske biweging, lyk as dy binammen organisearre is yn de Noardfryske foriening ‘für Heimatkunde und Heimatliebe’, hat al jierren goed wurk dien oan de tael, de folkskunde, de skiednis en de âldheitkennisse fan Noardfryslân. Mar fierder en djipper is hja net kommen en wol hja ek net komme. It nationale ideäel fan it Fryske folk sjocht hja net, en wol of doar hja net sjen. De tsjin-stelling Fryslân-Dútsklân moat hja neat fan habbe: Fryslân is har ‘die Heimat’, it gea, Dútsklân ‘das Vaterland’, en hja bigrypt net, dat it stellen fan dy forhâlding Fryslân's ûndergong bitsjut. Hja bigrypt net, dat de Dútske kultuer en it Greatdútske idé de deadlike fijânnen binne fan it Frysk eigene en de Fryske tins: ‘Deutschland, Deutschland über alles’ sjongt hja en Dútsklân komt allerearst oer Fryslân. Dat bidoelt de Noardfryske foriening sa net, mar sa bidoelt ‘das Vaterland’ it wol, en sa giet it.
Troch dizze ‘heimatliche’, provinsjalistyske skôging is de âlde Noardfryske biweging mei al har kunde en leafde net yn steat, de Dútske frjemdsin to kearen - krektlikemin as it Friesch Genootschap en it Ald Selskip yn it Wester-lauwerske de Hollânske ynfloed keare kinne. Hja hat it net ienris yn har macht, in skerpe taelstriid yn to setten, om fan in nationale biweging mar net to praten. Hja oriëntearret har op in forline, dat yn it oergean is, en stiet ûnbigryplik foar de takomst, dy't net to kearen kommende weis is. Ek foar Noardfryslân hâldt it wurd fan Wendelaar Bonga: Mei alle taelbifoardering giet Fryslân kroandea.
Mar ek de Noardfryske jongerein wol, dat Fryslân de kroane fan it libben drage sil. De mienskip fan de Noardfryske jongerein, de Frysk-Sleeswiker foriening, sjocht de need en de needsaek fan it Fryske folk. Hja sjocht, hoe 't de ûnbidige macht fan de Dútske geast al fierder opskout, om it Fryske folkslibben plat to parsen. Mar hja nimt dat net oan as in needlot dêr 't gjin ûntkommen oan is, en hja giet net biskûl yn 'e reaksje. Hja sjocht net allinne de need, mar ek de needsaek fan Fryslân: de striid en de takomst.
| |
| |
It opkringen fan 'e Dútske kultuer is har it gefaer dêr 't tsjin striden wurde moat en tsjin striden wurde kin.
Mar ta dy striid is gjin provinsjalisme genôch. Dêrta is nedich de nationale fieling en it nationale leauwe. Dêrta is nedich in folk, dat him folk fielt en folk wêze wol, dat leafhat it forline, leaut oan it hjoed, hopet op 'e takomst. En dat is it bitinken fan de Frysk-Sleeswikers, lyk as it ek ús bitinken is. Hja wolle net witte fan de ûnderskieding ‘Heimat’ - ‘Vaterland’, en foroardielje it provinsjalisme prinsipiëel. Hja geane net yn 'e reäksje fan taelkundige en histoaryske stúdzje, mar leauwe oan de takomst. Hja binne net tofreden mei de smelle en bihyplike basis fan taelbifoardering, mar wolle in geastlik-polityk-ekonomysk front tsjin de Dútske kultuer meitsje. Dat is har nationalisme, lyk as it ek uzes is.
Dat ûnderskie fan provinsjalisme en nationael bitinken komt praktysk yn trije dingen út: de forhâlding njonke Denemark, de hâlding foar it mindertallekongres to Genève oer en it polityk-ekonomysk program.
It is to bigripen, dat de lju fan de Noardfryske foriening mei Denemark neat to meitsjen habbe wolle. It Dútske ‘Vaterland’ hearre hja mei hert en siel oan, en Denemark is de fijânnige macht dy 't it yn 1920 slagge is, in diel fan it Noardfryske lân to taken. Mar Noardfryslân is en bliuwt Dútske ierde en Dútsk lân en it folk fan Noardfryslân is en bliuwt in gearstallende stam fan it Dútske ryk en heitelân. En bitter forwite hja de Frysk-Sleeswikers, dat dy Noardfryslân forriede en ûnder de macht bringe wolle fan it Deenske keninkryk.
Dat lykwols ûntstride dy fan 'e Frysk-Sleeswiker foriening - en mei great rjocht. Har doel is net Fryslân ûnderhearrich to meitsjen oan de Deenske steat, mar hja wolle de ideële en kulturele forbining mei it Deenske folk habbe. Of lyk as it yn har karbrief stiet: hja wolle de kulturele konneksjes mei it Noarden útwreidzje. Hja oriëntearje har
| |
| |
op Denemark, net yn it steatkundige, mar yn it geastlike. Dat is har rjocht en it is har needsaek. In lyts folk, dat in swiere striid fiere moat foar syn nationael bistean, is it nedich, de meifieling en seedlike stipe fan in greater ras- en kultuerforbân to siikjen. En hwer sille de Noardfriezen dat earder siikje as by har bruorren de Westerlauwerske Friezen? en to'n twaden by it Deenske folk, fan ras en geast harren nei bisibbe? Hja dogge dêrmei itselde as ús Harmen Sytstra en Tiede Dykstra, dy 't yn 1845 al it Westerlauwersk Fryslân syn bisibbens mei de Noardske folken oanwiisden en as de Jongfriezen, dy 't yn 1915 Great-Fryslân de histoaryske ropping forklearen, folkebrêge to wêzen tusken Ingelân en Skandinavien.
Ut 'e selde oarsaek moatte de Noardfryske en de Frysk-Sleeswiker foriening wol forheftigen striid habbe oer Genève. De âlderein merkt de gong nei Genève foar in forriedersdied oan, dêr 't de Denen en de Poalen efter sitte, om it Dútske ryk to skande to meitsjen en it in knoei to jaen. Hja hâldt út, dat de Friezen mei it Dútske regear tofreden wêze kinne en tof reden wêze moatte; en hwat der jitte al oan Fryslân dien wurde kin, bitrout hja, dat Dútsklân op 'en dûr ek dwaen sil.
Mar de jongerein forwachtet neat fan it Dútske ryk. Hja bigrypt dat de Greatdútske eleminten, dy 't de Dútske republyk bihearskje, like goed as hja earen it keizerryk laetten en dreauwen, der alle bilang by habbe, it Noardfryske folks-eigene sa gau en sa goed mûglik to fordylgjen. Hja sjocht it greate Dútske gefaer oer har folk, en hat to folle ûnderfoun fan it Prusysk systeem fan ûntfrysking, om langer op Dútsklân to tidigjen. En dêrom habbe de Frysk-Sleeswikers bisletten om nei Genève ta, en yn 'e pleit to gean by it gewisse fan de wrâld. It is foar harren it iennichste middel, om it Dútske regear to twingen, mei it bistean en de bilangen fan Noardfryslân to rekkenjen.
En foar de tredde kear steane de beide forieningen lyk foar inoar yn it stik fan it polityk-ekonomyske. De Noard- | |
| |
fryske foriening hat gjin aparte politike en lânshúshâldlike winsken foar Noardfryslân. Hja freget om hwat Frysk ûnderwiis op skoalle, foarsafier 't it mûglik is, en hat ek in punt op har program (Bohmstedter Richtlinien) oer it Frysk yn 'e tsjerke, mar fierder wol hja net gean. De Frysk-Sleeswikers lykwols binne fan bitinken dat Noardfryslân net takin met taelstriid, mar dat der like nedich in politykekonomysk front lein wurde moat.
In pear jier forlyn habbe hja har foarsitter Joh. Oldsen yn de ‘Kreistag’ (gemeenteried) fan Súd-Tondern stimd. De forline Aprilmoanne habbe hja foar de Ryksdei- en de Lânsdeistimming in aparte list yntsjinne, de list fan de ‘Friesenpartei’. Yn 'e ‘Nordfriesischer Heimatkalender’ fan 1928 neamt har twade foarsitter W.L. Andresen de neikommende politike en ekonomyske winsken op:
1. | It Noardfryske folk sil sels syn amtners en skoalmasters kieze; |
2. | de kantongerjochten sille hardengerjochten foar yn it plak, mei rjochters, dy 't de Friezen sels kieze (harden binne de âlde Noardfryske goaën); |
3. | de bilêstingkantoaren sille ôfskaft wurde en de Noardfryske gemeenten sille sels de bilêstingen ynbarre; |
4. | de polysje sil net mear oan de steat hearre, mar oan de gemeenten en harden komme; |
5. | al hwat de gemeenten en harden sels bioarderje kinne, sille hja bioarderje, sûnder bimuoijenis fan boppen ôf; |
6. | it taforsjoch fan de steat sil allinne gean oer de wetlikens fan hwat de Noardfryske gemeenten en harden bislute. |
‘Home rule’, selsbistjûr is it dus, hwat de Noardfryske jongerein yn it steatkundige en ekonomyske wol, en hja bisiket dêrta to kommen troch eigen frije partijfoarming.
Wy Westerlauwerske Friezen, dy 't safolle sterker steane, dy 't net mear stride om it bistean, mar om ús ûntjowing - wy bigripe de needsaek fan it Noardfryske folk. Hwant by
| |
| |
ús bruorren giet it om it bistean, giet it der op of der ûnder. Nou meije en moatte alle middels yn it wurk steld wurde, en it kin net lije, dat ien middel forsloffe lizzen bliuwt. Dat bigrypt de Frysk-Sleeswiker foriening - dat is har rjocht en har ropping.
| |
Indonesia.
De skiednis fan Nederlânsk-Ynjen giet yn greate streken lyk op mei dy fan Britsk-Ynjen. Yn 'e sechstjinde ieu wurde beide Ynjen foun troch de Portugezen, dy 't foar har hannel en har macht hwat langer hwat mear fêstelânspunten en eilânnen bisette. Dan komme yn 'e sawntjinde ieu de Ingelsken en de Hollânners: de earsten fordriuwe de Portugezen út Foar-Ynjen en nimme it Portugeeske bisit dêrre oer, de lêsten fordriuwe harren út East-Ynjen en meitsje harsels út rjocht fan de macht de erfgenamten.
Oer beide, East- en Foar-Ynjen, komt nou it gewelt fan de Yndyske Kompanijen, greate hannelsforieningen, dy 't oars gjin doel habbe as jild fortsjinje, en fan it Ingelske en it Hollânske regear in hiel ein hinne folsleine frijdom krije oer de folken fan de Ynjen to hearskjen. Hja meije oarloch fiere, frede slute, forbounen meitsje, stêdden en lânnen yn 'e bisetting nimme, legers en floaten hâlde, fêstingen bouwe, amtners bineame, rjocht sprekke, en hja habbe it rjocht fan hannel allinne.
Ta har doel binne hja kommen. Der is jild fortsjinne, sa grou, dat Londen en Amsterdam, de Ingelske en de Hollânske East-Yndyske kompanije, Ingelân en de Republyk fan de sawn foriene Nederlânnen der ryk fan wurden binne. Der is macht bistribbe, sa ûnbidich folle, dat it hiele ûnmjitbere Foar-Ynjen oan Brittanjen en de hiele greate East-Yndyske Archipel oan Nederlân kommen is. De hearen fan de Kompanijen wiene goede keaplju en goede militairen: omdat hja hannelen, moasten hja ta feiliging en útwreiding fan de hannel oarlogje, en omdat hja oarloggen, moasten
| |
| |
hja fortsjinje en de hannel útwreidzje. Eilân nei eilân en ryk nei ryk makken hja ûnderhearrich, it iene dat yn goedens woe of him net forwarre doarst, troch forbounen fan hannel, biskerming, frede, of hokker moaije nammen hja oars útfine mochten; it oare, dat net om lyk woe, mei oermacht en gewelt.
En as de Kompanijen har wurk dien habbe, komme it Ingelske en it Nederlânske regear en nimme skuld en bisit oer. It kin wol út: der is gâns skuld, mar it bisit is einleaze great en ryk, en Ingelân en Nederlân binne as hearskers oer de hearlike Ynjen foartoan fan de greatste koloniale machten. Machten lykwols fan it ûnrjocht, machten fan it gewelt, hwant de soldate- en keapmanspolityk fan de Kompanijen habbe hja forfette.
Is biwiis nedich, èn hwat de East-Yndyske Kompanije èn hwat it Nederlânske ryk oanbilanget? De stim fan it lijen fan de Yndyske folken ropt to lûd, de feiten sprekke to klear. De Kompanije hat ditten en datten dien oan de sinding en it ûnderwiis, ja wisse. Mar hja hat alles dien oan de útlizzing fan de hannel en de macht. Der moatte greate dividinten útkeard wurde, 25 of 50 of 75%, en de oandielen moatte op 'e beurs 200 of 300% wurdich wêze. Dêrfoar moatte de ynlânners allinnich oan de Kompanije leverje, tsjin alle prizen, dêrfoar moat de oanfier nei Hollân bileaven net al to great wurde. De priis fan de krûdnagels op 'e Amsterdamske merk mocht ris sakje, dat as it in rike rispinge is, wurde hiele skipfollen opbarnd en de ynlânners krije hjitten, hja meije gjin nije fjilden mei krûdnagelbeammen oanplantsje. Dogge hja, fan frijdom en earmoed dreaun, it dôch, dan wurdt it harren troch it gewelt fan soldaten wiis makke, dat it tinken is.
De forneamde en forhearlike Jan Piters Koen, dêr 't yn 'e skoalboekjes sa dierber oer skreaun wurdt, lit yn 1621 de krûdnagelbeammen op 'e Banda-eilânnen fordylgje, en bringt de biwenners, foarsafier 't er har net útroege hat, nei oare kontreijen - omdat hja it weagje doarsten, hannel
| |
| |
to driuwen mei de Ingelsken. Yn 1656 forbarnt de Vlamingh Van Oudshoorn alle krûdnagelbeammen fan de Molukken, bihalven op Amboina en de Oeliassers: de bifolking, dy 't krekt fan dy beam bistean moat, kin fan earmoed en illinde dea gean.
Mei great gewelt en gjin bloed en ûnrjocht skromjend, bringe v.d. Hagen, Koen, van Diemen, v.d. Lijn, Maetsuycker, Speelman ensfh. de Molukken, in great diel fan Java, Malakka, Ceylon, Formosa, en dielen fan Malabar, Sumatra, Borneo en Celebes ûnder.
En hwat it Hollânske ryk oanbilanget neam ik twa nammen, dy 't alles forklearje: Daendels, dy 't Bantam sûnder reden de oarloch oandocht en it ûnderhearrich makket en de biwenners fan Java twingt, op kosten fan tûzenen libbens de greate Javaenske wei to lizzen - en van den Bosch mei syn ‘kultuerstelsel’, dêr 't de ynlânners troch twongen wurde, yn greate earmoed foar de Nederlânske skatkiste to arbeidzjen.
En in like kleare tael sprekke de jiertallen fan de lêste hûndert jier Yndyske histoarje:
1809 Bantam wurdt ûnderhearrich makke. |
1821 Palembang wurdt ûnderhearrich makke. |
1830 Bagelen, Banjoemas, Kediri en Madioen wurde ûnderhearrich makke. |
1832 Sumatra's Westkânt wurdt ûnderhearrich makke - lyksa wurde ûnderhearrich makke foar en nei de Lytse Soenda-eilânnen en hwat fan de Greate Soenda-eilânnen: Sumatra, Borneo en Celebes jitte frij is. |
Mar krektlyk as yn Ingelân tsjin de Britske is der yn Nederlân reäksje kommen tsjin de Hollânske koloniale polityk. Mei eare moatte hjir neamd wurde de liberale van Hoëvell, de radikale Multatuli en de antirevolúsjonaire Keuchenius, dy 't elkmis út syn bitinken wei, skerp en fûl foar de ynlânner opkommen binne en de autokratyske, imperialistyske biwâlding fan Ynjen rjochtút foroardiele
| |
| |
habbe. En har krityk hat trochwurke yn 'e gewissen en ynfloed woun yn brede folksformiddens. Stadichoan en net sûnder swiere tsjinstriid, kriget it bigryp klearrichheit, dat Ynjen der net is om Nederlân, lyk as ieuwen lang it idé, tominsten de praktyk west hat - stadichoan ek sil it ús klear wurde, dat net Nederlân, mar Ynjen sels der om Ynjen is.
De koloniale polityk hat dy foroaring fan ynsjoch folgje moatten. Hja is fan konservatyf liberael en fan liberael ethysk wurden. It kultuerstelsel en de hearetsjinsten binne njonkelytsen ôfskaft, foar de opiumpacht is de regy yn it plak kommen, ek wurdt der fan biwâldswegen gâns hwat dien oan it ûnderwiis en de ekonomyske bilangen fan de ynlânners.
Dêr tsjin yn wurkje lykwols jitte altiten âlde idéen en machten. Sûnt de lêste jierren fan 'e foarige ieu habbe de Jeropeeske kultueren in greate foartgong en flecht nommen, dat de ynlânners wurde hwat langer hwat mear bihearske troch de bilangen fan it kaptael fan blanken en Japanners. Under de gouverneur-generael Rooseboom en foaral ûnder van Heutsz hat Nederlân in greate en har aloan útwreidzjende aksje dreaun, om de ‘buitengewesten’ fêster en straffer yn 'e macht to krijen - as it koe sûnder, as it moast mei gewelt. Yn machtige formiddens fan amtners, hannelslju en yndustriëlen, dy 't greaten, to greaten ynfloed op it regear, likegoed fan Ynjen as fan Hollân habbe, wurdt de nije rjochting sa folle mûglik tsjinstien. Foar har giet it bilang fan it kaptael foar, dêr 't it rjocht en it bilang fan de Yndyske folken foar omlizze moatte; hja binne it, hwa 't de Indonesyske biweging fan herten leed is en dy 't alle war dogge har to kearen, dy 't de konservative polityk fan de gouverneur-generael Fock stypje en foarfjochtsje, mar it formoedsoenjend biwâld fan van Limburg Stirum sterke opposysje dogge, en mei help fan de parse in forbittere striid ynsette tsjin de tsjintwurdige lânfâld. Sa wurdt it stribjen fan dy gouverneur-generaels, dy 't it goed mei
| |
| |
Ynjen foarhabbe, oan ien wei opkeard en sa folle mûglik forhindere; en yn pleats dat it regear it initiatyf hâldt en út frij wollen de ynlânner jowt hwat syn rjocht is, lit it it oankomme op 'e twang fan de omstannichheden en moat it fan need de iene konsessy nei de oare dwaen. En de kweade fortuten binne: forswakking fan it Nederlânsk biwâld yn it each fan de Yndyske folken, de driuw fan de Indonesyske biweging, en reboelje.
Hjir sil ik djipper op yngean moatte. Hwant ytliken, ek ûnder ús, wol dat net oan, mar hja jowe de skuld oan bolsjewistyske en kommunistyske opstokelders, dy 't it folk forliede. Dy forklearring is maklik, en wier - foar in diel. Wier is it, dat de bolsjewistyske propaganda yn it Yndyske nationalisme stookt. Wier is it, dat it dat bolsjewisme net om it rjocht en it bilang fan 'e ynlânner to rêdden is, mar om himsels. Wier is it ek, dat dy propagandisten bitûft en slûchslim figelearje op 'e religiëuze, ekonomyske en rastsjinstellingen tusken ynlânner en frjemd.
Mar men sil ynsjen, dat dat lang alles net forklearret. Foarst moat dêr tsjin ynlein wurde, dat net yn de hiele Indonesyske biweging bolsjewistyske ynfloeden wurkje. De foriening Boedioetômô bygelyks is sa trou oan it Nederlânsk biwâld as men it mar bigeare kin, en yn 'e Sarékat Islam binne wol sterke kommunistyske krêften oan it wurk, dy 't op revolúsje oandriuwe, mar likegoed en de lêste tiid sels sterker, jowt de foriening har ta de religiëuze propaganda fan it Mohamedanisme. En by einsluten is it gjin wurk, in nationale biweging, hwat har bigjinsel en doel oanbilanget, oan to sprekken foar it wrotten fan machten, dy 't fan bûten ynkringe. Op safolle nationale biwegingen: de Macedonyske, de Sawnboarger, de Katalonyske, de Ierske, de Egyptyske, de Sineeske, de Koreäenske, ensfh., docht it bolsjewisme ynfloed: binne hja dêrom foroardiele? De rjochtfeardichheit easket, dat hja bioardiele wurde neffens har ynwêzige faktoaren.
Twad ferget de frage op in antwurd, hoe 't it dan komt,
| |
| |
dat de bolsjewistyske propaganda der sa yn wol by de Yndyske folken. Is dat har ûnbigryp en dommens? Dat is de wenstige foarstelling hjirre wol: de Javanen - om mar net ienris to praten fan Dajakkers, Papoeä's, ensfh. - binne sa nayf en sûnder ûntjowing, dat hja sûnder omtinken alle moais oannimme, dat de liepe propagandisten harren to foaren skilderje. Mar is dat sa? Kenners fan Ynjen, foaral de sindelingen, ûntstride it: Ynjen tinkt wol oars, mar net minder as wy Westerske folken. Syn oardiel mei sa logysk net wêze - neffens hwat wy dan logika neame - sa intuïtive wiis is it wol. It soe nammers ek al wûnder wêze, as in minske sa ûnbigryplik wie, dat er sûnder oarsaek en reden him biwege liet ta dieden, dy 't er mei de hals helje moat. As it om it libben to rêdden is, lit gjin minske him folle wiismeitsje.
De bolsjewistyske ynfloed kin allinne djippernôch forklearre wurde út sielkundige faktoaren, dy 't forbân habbe mei objektive oarsaken. Hy soe sa fier net gean, as der yn 'e Indonesyske geast net in delslach wie fan de fordrukking ieuwen lang, as de Yndyske folken gjin yngrevene haet en wrok tsjin it blanke ras hienen. Yn dy groun en yn dy atmosfear wreidet de bolsjewistyske woekerplant en kin hja opsjitte yn geile bloei.
En tred moat hjir yn bihelle wurde it ûndersiik, hoe 't de propaganda fan de bolsjewisten bêst bistriden wurde kin.
In great party binne yn 'e forbylding dat men it kommunisme yn Ynjen bistride en fordylgje kin mei de hurde hân. Al hwa 't reboelje meitsje doar of der ta oanhuse, moat yn 'e finzenis jierren lang of forballe, ôfsûndere, deamakke wurde: sa sil it rjocht syn biderf habbe en de ynlânner in ôfskrik fan it kommunisme krije.
Mar is dat middel gaedlik? en is it rjochtfeardich? De histoarje ûntstriidt it. Sa wurde de opsjitters ôfslein, mar de plant sels wreidet op har woartels foart. Utslaende flammen wurde smoard, mar ûnder de groun fret in ûn- | |
| |
sjenber fjûr. Foar in diel sil de skrik der yn komme, foar in greater diel wint de haet oan en de wraek. En der is great avontûr op, dat net de wiere skuldigen straft wurde mei finzenis of forballing of dea, mar dat hja it bilije moatte dy 't har brûke litten habbe ta it doel fan de bolsjewistyske stokelders. - Ik sprek nou út it bitinken wei fan dy 't dizze foarstelling habbe.
Mar wol men it kommunisme bistride dat it doel hat, dan moat it yn syn woartel oantaest wurde. Dan moat de oar-saek weinommen wurde, dêr 't it sa wilich út opsjit. Hwat it regear nea bistribje sil mei it gewelt, dat sil it winne mei it rjocht. It moat alle war dwaen, de haet en ûntofredenheit fan de ynlânner to formoedsoenjen; it moat it nationale rjocht fan de Indonesyske biwegingen meistimme en sa goed en gau mûglik har easken ynskikke. De polityk fan it rjocht is in ûnbiwende en lêstige en noedlike polityk, mar it is de iennichste, dy 't op 'en dûr frede en útslútsel bringe kin.
Krekt de bolsjewistyske propaganda is in earnstige warskôging foar al hwa 't it de folken fan Ynjen goed mient. Men sil de stim dy 't sprekt út 'e reboelje fan forline jier en út 'e rjochtsaek fan de Indonesyske studinten ier of let forstean moatte - mar foar alle dingen is it better en forstean it sa ier mûglik. De amtners, journalisten en kapitalisten dy 't de foarútstribjende polityk fan gouverneur-generaels lyk as van Limburg Stirum en de Graaf dwers sitte en der fûl tsjin reägearje, sille ienris bigripe, dat hja hege en gefaerlike troeven útspylje en likense hege, mar goede troeven forsaekje. Hwant as der in bolsjewistysk gefaer is - en it is der, mear en direkter en tichter by as hja sels it sjogge - dan binne hja it, dy 't it yn 'e kaert wierje, en foartsterkje hwat hja bistride wolle. Mei har polityk, dy 't blyn is foar it rjocht fan de nationale biweging, blyn foar de siel fan it Easten, blyn foar de ûntjowing fan it Eastersk libben, en dy 't har driuwe lit fan redenen fan histoarysk en ekonomysk bilang, meitsje hja de sfear hwat langer hwat mear ré foar revolúsjonaire útbarstingen. Hja
| |
| |
wenne en driuwe de Indonesyske biweging, dy't krekt de bêste bounmaet tsjin it bolsjewisme wêze koe, hurd fan it lêste bitrouwen op 'e blanken ôf.
En jitris moat ik komme op 'e frage, dy 't hwat langer hwat direkter yn it sintrom fan de koloniale kwestje, ek foar Nederlân, komt to stean: de frage fan de Christlike sinding. Dat wurdt forfeelsum - de wierheit wurdt nou ienris maklik forfeelsum - mar it is nedich. Hwant as it ienris ta de greate útbarsting komme mocht, dan soe net allinnich it Nederlânske ryk de klap krije, mar ek it wurk, dat de sindelingen en har helpers mei safolle lijen ta steat brocht habbe. It forbittere folk sil gjin ûnderskied meitsje, en gjin freon en fijân útinoar hâlde, lyk as it bigjin yn Sina biwiizget.
Binammen foar de sinding is it in driuwende needsaek, dat de krisis troch in wei fan frede ta har einbislút komt. En sels al wiene alle oare redenen meiinoarren net genôch, dan sil allinne dit foar de Christen de trochslach dwaen, hwant it bilang fan it himelsk keninkryk weacht swierder oan as de bilangen fan in ierdsk impearium. En hoe sil, nei de minske sprutsen, it keninkryk fan Christus foartgong nimme, as it moed fan it folk fol tôge wurdt mei bitterheit en wraek en haet, en hwat ieuwen fan fordrukking gearparse habbe troch in útwei fan gewelt brekt? Dizze dingen lizze jin swier: al fakernôch is de saek fan Christus opkeard en forhindere troch machten, dy 't har Christlik neame. De sinding is nou sa fier hinne, dat hja it bitrouwen fan de ynlânner bigjint to krijen. Mar dêrfoaroer wurdt de Mahomedaenske propaganda fûler en fijanniger. Ek dat is in wytgjend teken, dat der mear yn it avontûr stiet as allinne de steatkundige forhâlding fan Ynjen en Nederlân. De hâlding fan it regear en fan de liedende machten sil earst en meast fan biskiedenden ynfloed wêze foar de takomst fan 'e sinding.
Hwant wy habbe it net to krijen mei in tydlike biweging, dy 't mei inkele jierren ophâldt. De folken fan Ynjen komme
| |
| |
ta harsels en ta har mounigens: dat rjocht is net to kearen en mei net keard wurde, omdat it it rjocht fan alle folken is. Dêr sil neat tsjin dien wurde kinne, noch troch de macht fan it tal, noch troch histoaryske tastannen noch troch redenearringen fan it stuit. De Indonesyske biweging hat de takomst; sa sil it foar it regear nedich wêze, in fier foarútsjende polityk to driuwen, dy 't har net elk stuit op 'e nij hoecht to oriëntearjen en konsessy nei konsessy dwaen moat, mar har klearhâldt foar Ynje's folsleine frijdom.
| |
In spultsje fan bline Douwe.
Wy binne hjirre yn it Westerlauwersk Fryslân sa lokkich dat wy immen habbe, dy 't jerne liede wol; it is D. Kalma yn 'e Skrâns. Dat kinne wy wêze litte: net it wollen, mar it kinnen docht oer 'e lieding einbislút, en it soe ûnrjocht-feardich wêze, immen it wollen kwea to nimmen. Nammers gjinien nimt it him kwea - wy binne langer wol hwat wend.
Mar hwat ús net likefolle is, dat is it a priori fan syn ‘lieding’. A priori is er fan bitinken dat hy allinne Fryslân liede kin. Dêrneffens skriuwt er en praet en laet - foarsafier 't de lieding him net ûntkommen is èn foarsafier 't er net laet wurdt. Ungelokkigernôch binne der mear yn Fryslân, dy 't krekt itselde fan har lieding tinke. Hwant de lieder, dy 't dat bitinken net djip en sterk yn him hat, is gjin lieder - hy kin in knappe opsteller fan karbrieven of in dekorative iepener en sluter fan gearkomsten wêze, mar gjin lieder is er. Mar sa komt it konflikt tuske twa dy 't itselde a priori yn harren drage, en foar harsels kinne beide wissichheit habbe, mar foar it folk moatte de feiten útwizing dwaen.
D. Kalma is dus fan it idé, dêr 't hy laet, giet it goed en moat it goed gean, en dêr 't hy net laet, moat it forkeard
| |
| |
komme en komt it forkeard. Dat de feiten sûnt 1920 en 1924 dwers binne, kin hy net helpe. Giet it net goed ûnder syn lieding, dan is dat de skuld fan de omstannichheden, of fan de ûnbigryplikens fan de folgers, of fan de lytse oergunst fan de tsjinstriders. De feiten binne yn it ideële op safolle manearen to forklearjen en it moat goed gean. En giet it al goed ûnder oarmans lieding, dan wierje de omstannichheden mei of is de biweging op 'e doele of sil it tydlik wêze. Hwant it moat forkeard gean, seit it a priori, dat yn ienkennigens him opsletten hat; it mei net goed gean, seit it a priori, dat a posteriori, dat dogma wurden is. Mar sa is alle objektyf bigryp foart, sa twingt er him de bline skôging fan in subjektivisme op, dat Fryslân en D. Kalma foar ien en itselde oanmerkt. Sa ek ûntstriidt er de libbensmûglik-heden fan Fryslân dy 't bûten himsels binne, en makket de needsaeklike bitingsten foar syn lieding to neate. Hwant de lieding ûnderstelt it oare en de earbied foar it oare, en dy 't it ûntstriidt, hâldt foar syn lieding gjin objekt.
Lykwols, it libben giet syn wegen en lit de feiten binefter ta klear biwiis. En ek Kalma net kin noch by oaren noch by himsels dy stimmen stil krije. Hy moat bikenne, hwat er net meistimme wol: dat sûnt 1920 de ynfloed fan syn lieding aloan swakker wurden is. Mei alle herfoarmingen is de Mienskip, fan tal èn fan bitsjutting oanienwei sakke, sa djip, dat hja al net folle mear sakje kin. En de Upstalbeam, dat neffens de opset in radikael striidfront wêze soe, is mei de wurden fan ien fan syn foarmannen noch radikael noch in striidfront wurden en likemin is er ta lieding kommen as mienskiplik ‘wurkforbân’. Lykwol seit dat jitte net folle oer Kalma's lieding, likemin as de foarútgong sûnt 1924 fan de Christlik Fryske biweging útslútsel jowt oer de lieding fan it Christlik Selskip.
Mar hwat alles seit, dat is Kalma's reäksje dêrop. It is gjin swier lieden, as it wol, mar yn it neigean hoek to hâlden, yn de fal to heinen, yn 'e ûndergong to dragen, dêr
| |
| |
is de berne en teine lieder oan to kennen. Hwat docht Kalma? Hy forlit it plak dêr 't er wêze moat, en giet stean dêr 't er net wêze moat. Yn pleats fan it earste to dwaen, dat foar syn lieding nedich is: de Mienskip út 'e ûnderwâl op to heljen en sterk to meitsjen, leit er it sintrom fan syn aksje yn de Upstalbeam. Mar yn 'e Upstalbeam kin syn lieding har nea breed en great ûntjaen: dêrfoar is it in lichem fan to ûngelikense eleminten en moat der to folle mei neutraliteit rekkene wurde.
En yn pleats fan dy Upstalbeam in selsstannige lieding to jaen, brûkt er him yn haedsaken om de aksje fan it Christlik Selskip dwers to sitten: as in reäksjonair striid-orgaen dus. Dat kin in skoft goed gean, mar op 'en dûr moat sa'n polityk yn in foriening, dêr 't forskate leden yn sitte, dy 't de aksje fan it Christlik Selskip fan herten foarsteane, in faeije útwurking habbe.
En yn pleats fan Mienskip en Upstalbeam mei alle liedende krêft in sterke selsstannige posysje to bistribjen, brûkt er beide earst en meast foar allerhanne ienriedich-heitsaksje en ienheitsbisiikjen. Mar de greate lieder wol gjin ienheit minimael, mar maksimael, net by it bigjin, mar ta einbislút, net as lytse miene dieler, mar as greatst mien mannichfâld.
En yn alle trije docht ien en itselde wurking. Kalma wol liede yn 'e djipte en oer 'e breedte, lyk as elke lieder wolle moat. Mar de politikus is de dichter oermânsk wurden: fan klearebare ûnforduldigens hat er gjin sterke stelling nimme kinnen yn 'e djipte, mar to ûntide hastiget er him de breedten to bisetten. Mar sa wurdt er twongen ta de polityk fan it opportunisme. Gjin principiële lieding jowt er, mar hy lit it stuit bislute, hwat en hoe 't er dwaen sil. Sa laet er net, mar lit him liede.
En ûnder dat alles wreidet en fret de stille twivel. Kalma fortrout himsels net mear mei folsleine wissichheit. Syn a priori wurdt oanstriden. De reäliteit binearet him en hy fielt in needlot dat er net oannimme doar en net oerwinne
| |
| |
kin. Hy sil dat nea meistimme, út selsbihâld net, mar men fornimt it oan syn skriuwen, dat faken tryst, swiersettich, bitter is, oan syn kranteforslaggen, dêr 't alle royalens út mist, binammen oan syn striden mei einleaze motivearringen om dôch mar gelyk to habben. De wisse lieder lykwol motivearret net rij, en hat faken en jerne ûngelyk. De wisse lieder kin antwurdzje: Jim habbe de redenen, mar ik hab gelyk - ja, hy kin dat mar spanne ta it ûnforwrigber dat: Jim habbe de redenen, dat ik hab it gelyk.
En oar biwiis is er net nedich.
Kalma's opportunisme dêr 't er troch laet wurdt, komt foaral út yn syn hâlding njonke de steatkundige aksje en njonke de Greatfryske frage.
Hy forwart him de lêste jierren iderkearen wer tsjin it útlizzen fan 'e Fryske striid oer it steatkundige. En hy hat dêr swierwichtige redenen foar. Ik stim dy net mei, mar biken har oanweagende bitsjutting. Mar yn pleats fan him nou to skoar to setten en tsjin it diel fan de biweging dat it al wol, to sizzen: It wurdt in faei en deadlik ûndernimmen foar Fryslân, it sil net barre - lit er him stap foar stap meidriuwe, fansels wer net sûnder wiidweidich geredendiel. Hwant hy is deabinaud, dat der in aksje komt, dêr 't hy alhiel bûten is - dêrom giet er skoarjend mei, fan oaren dreaun. Men kin dat lieding neame - fan immen, dy 't gjin Kalma hjit.
En noch bihypliker is syn hâlden en kearen yn 'e Noardfryske kwestje. Hy bigjint mei to learen, dat it Westerlauwersk Fryslân him net jaen moat yn 'e striid tuske de Noardfryske organisaesjes. De Westerlauwerske biweging jowt der har al yn, dat Kalma nimt de kriem. Hy jowt der him ek yn, en bisiket, de Noardfryske en de Frysk-Sleeswiker foriening byinoar to bringen, op sa'n manear, dat de Frysk-Sleeswikers sahwat alles en de oaren sahwat neat tajaen moatte. De Frysk-Sleeswiker foriening wegeret en de Westerlauwerske biweging lit wol skine, dat hja it mei dy
| |
| |
wegering iens is, dat Kalma nimt jitris de kriem: der moat in kommisje fan stambilangen komme, dy 't de Westfryske en de Noardfryske forieningen omfiemet.
En it lêste moais is, dat er troch it haedbistjûr fan de Upstalbeam de West-, East- en Noardfryske selskippen opropt to Aurich gear to kommen, om to bisprekken oft de Friezen fortsjintwurdige wêze sille op it oankommende Kongres fan Nationale Mindertallen.
Elk bigrypt hwat syn doel is. Efter de moaiskyn fan Greatfryske ienheit moatte de Frysk-Sleeswikers keard wurde, dat hja net nei it Kongres geane. Hwant Kalma wit foarút wol, dat it meartal fan de beane forienings tsjin wêze sil.
En dy opportunistyske polityk moat it Greatfryske stamforbân, dat stadich sterker bigoun to lûken, oan weage wurde. It is in wylde, wanhopige, bline raem op 'e lieding. It is in healwiis en ûnbiroaid foreearjen fan hwat stil groeije moat. It is earmoedich gepiel fan immen, hwaens lieding hjirre yn it Westerlauwerske mislearre is en dy 't nou oer Greatfryslân gear sil. Mar hy moat liede - oars wurdt it in bitizing. Hy moat liede, hwat der ek fan komt.
Fansels sille de Frysk-Sleeswikers sa wiis wêze en kom net. Hja sille de goedkarring fan Muus en Kalma en Great-Dútsklân net freegje ta har gong foar Noardfryslân nei it Kongres. Hja habbe it noch mei oare politici to krijen hawn as mei D. Kalma.
En likemin sil dy oare foriening der yn rinne, foar hwa 't de Greatfryske fâlle set is. It Christlik Selskip hat jit to folle reäliteitsbigryp en stiet to ynfieren noed fan de dingen fan Fryslân, om op wyld en blyn avontûr to gean, en de fâlle is to plomp set. Hwat Upstalbeam en Mienskip útheevje wolle, is elkenien wol goed, mar om it Christlik Selskip tinkt it Fryske folk. Upstalbeam en Mienskip habbe beide neat to forspyljen, mar it Christlik Selskip draecht foar in great part de hiele Fryske biweging, en kin gjin domme dingen dwaen. It sil it ek net dwaen yn 'e tsjintwurdige omstannichheden, it sjocht to klear de fortuten fan syn lieding.
| |
| |
Ljouwert en Den Haag bigjinne de Westfryske easken yn to skikken, Noardfryslân komt it ynternationael bilang by, de Fryske lânnen krije kunde oan elkoar. Nedich is nou, dat de Frysk-Sleeswiker stambruorren nei it Kongres slagje, en dat de Westerlauwerske Friezen de aksje by de steatkundige partijen en by it regear yn Den Haag biret trochsette.
En hwat Aurich oanbilanget, dat is forline en takomst. Mar it hjoed, dat de takomst bernet, sil net offere wurde oan de romantyske tsjoen fan in namme, noch oan in opportunistyske lieding, dy 't dy namme misbrûkt om de takomst to forhinderjen.
| |
Ierdskoddingen.
Bringt de wittenskip de minske ta de wierheit? Hwat de forskining oanbilanget, meije en moatte wy antwurdzje: ja. Undersiikjend mei de sinnen, bigripend mei it forstân en oardieljend troch de rede, ûntdekt hja hwat foar de sinnen, yn it forstân en neffens de rede is, en bringt it yn 'e oarder fan rûmte en tiid. Mar it wêzen fan de dingen - en yn it wêzen wurdt ûntstean en doel bigrepen - dat forklearret hja ús net. Hwant dêr komme de sinnen net oan ta, it is bûten it forstân en boppe de rede, en wurdt allinne troch iepenbiering kend. Dêrom steane wy altiten kritysk njonke de wittenskip, en kinne har útkomsten mar sa fier oannimme as hja yn it sinlike en reedlike bliuwt. Komt hja dêr bûten, dan wit hja net mear troch de rede, mar nimt oan út it bitinken fan it hert, en is gjin wittenskip lyk as hja wêze wol. Dan moatte wy har krityk dwaen, de krityk fan it leauwe, dat fan de dingen dy 't net heard en sjoen wurde in wissichheit hat boppe alle forstân, de krityk fan it hert, dat mei de heech biwittenskippe Pascal syn redenen hat, dy 't de rede net ken. Dan kin de wittenskip it einbislút net dwaen, mar allinne de Godlike iepenbiering, dy 't mei
| |
| |
mear as minsklik en reedlik sizzen ta ús komt en dêr 't alle stim foar swije moat. Wolle dy fan de wittenskip dat ús naïvens neame, wy binne ré dy bineaming to dragen. Hwant ek dy naïviteit sels is bûten it forstannich bigryp.
Foar de heidenen wiene de ierdskoddingen fan de goaden, om yn hjitte grime de oerhearrichheit en goddeleazens fan de minsken to straffen. In god forweegde de ierde en briek de bergen en sloech de herten mei eangstme en forheardheit. Dat ûndersochten hja net - it soe harren skeining fan it hillige talike habbe it to ûndersiikjen - mar hja leauden it mei yntuïtive wissichheit, en offeren ta formoedsoening en oanbeaën. Mar de wittenskip is sûnder offer en oanbidding der op úttein om it mei krektens to ûndersiikjen en hja is ta it einbislút kommen, dat it oars net as natuerforskynsels binne. Der moatte trije soarten fan ierdskodding ûnderskaet wurde, leart hja tsjintwurdich: de fulkanyske ierdskodding, de ynfalierdskodding en de tektoanyske of forskouwingsierdskodding. De earste komt foar yn forbân fan tiid en oarsaek mei de útbarsting fan in fulkaen; de twade kin allinne barre hwer 't kalk of stiensâlt yn 'e groun sit, dat troch it wetter útholle wurdt, krekt sa lang dat greate rûmten ynfalle; de tredde moat komme fan it forskouwen, forgliden, forsakjen of optearen fan dielen djip binnen yn de ierde. Ien fan de nijste theörijen foar it ûntstean fan dizze tredde soarte fan ierdskodding wol der op út, dat de ierde earen in gleone massa wie, dy 't lykwols troch de útstrieling fan har waermte yn 'e kâlde rûmte, fan bûten ôf nei binnen ta stadich ôfkuolle. Dêrtroch is der in tinne, mar fêste koarste om 'e ierde set, en fan binnen is de ierde biklonken. Dat nou sit de koarste to rûm om de ynkrompen ierde en der moatte greate spanningen yn ûntstean, sokke greate by tiden, dat hja teart of bûcht of brekt en machtige stikken ierde by elkoarren lâns skouwe of glide of sakje. En dat is dan de forskouwingsierdskodding.
Ta dat útslútsel is de wittenskip kommen, en it minskdom
| |
| |
nimt har natuerlike forklearring oan en sjocht yn 'e ierdskoddingen oars net as ûngemaklike en gefaerlike natuerforskynsels dêr 't it net fan ûntkomme kin, omdat hja ûntsteane út aerd en bou fan de ierde. Der binne allinne statistiken fan op to meitsjen en de huzen kinne sa boud en yninoar set wurde, dat hja net al to maklik om- en ynfalle.
Mar it útslútsel fan de wittenskip forklearret net mear as hwat mei de sinnen to sjen en to fielen is, en meiskien de neiste oarsaek. Mar it hert wol mear witte, om ta syn rêst to kommen, it wol mear witte as ea wittenskip sizze kin. Hwerom moatte yn inkelde amerijen soms 60.000 of 100.000 of 150.000 minsken ellindich forgean? Altiten en oeral, wize de seismograven (ierdskoddingsmjitters) út, trillet de ierde - hwerom moat krekt op dit stuit en op dat plak in geweldige biweging oer har komme?
Dat binne gjin fragen mear fan wittenskip, mar de minsk dy 't jitte net hielendal bihurde is yn ús abstrakt Westersk tinken yn oarsaek en folge, fielt hjir machten forhoalen efter it sinlike forskynsel, en stimt it hert mei, dat de ‘primitive’ heiden djipper de oarsprongen fan it libben byneikaem as de greate tinkers fan de moderne kultuer.
Gjin wittenskip kin forklearje hwat it hert wit. Mar de iepenbiering is fan Gods wegen jown en hja ûntbleatet de djipste en forhoalenste grounen. De Skrift is to djip en to fertikael fan skôging, om net troch it forskynsel hinne to sjen yn geastlike oarsaken. Dêryn bifêstiget hja it bitinken fan de heidenen, bihalven dat hja net oan de ûngoaden taskriuwt, hwat de iennichste en libbene God, de Heare fan himel en ierde, syn wurk is. Foar de profeten en de psalmdichters, de apostelen en de evangelisten docht yn 'e ierdskoddingen Gods macht en majesteit wurking. God is it, Hy sels, dy 't de ierde forweecht en de bergen skoddet, en daverje lit Bazan en de Libanon. Hy komt mei greate grime: sé en streamen skrilje werom en de ierde wykt efterút en
| |
| |
de grounslaggen wurde ûntbleate. Hy komt del ta it oardiel en de hiele berch fan Sinaï rydbosket.
Dizze dingen binne ús tige ûneigen en it forstân giet oan it striden. Mar nammersto hiemer en tichter by is it foar it leauwe. Ta forklearring kin en sil hjir neat sein wurde; it is it leauwe net swier, yn alle ding syn God to skôgjen. Mei ûnmiddele wissichheit witte wy yn it selswêsten, dat it lichem en de siel in ynlik forbân habbe, alhoewol 't gjin wittenskip it forklearret. Soe der dan gjin ynlik forbân wêze tuske de hiele natuer, dêr 't it minsklik lichem in diel fan is, en de hiele geastlike wrâld, dêr 't de siel fan de minske ta biheart? Soe de ierde ûnbiweechlik bliuwe kinne, as de himel ûntset wurdt fan greate freze en oanbidding? Soe de skepping evenredich en lykmoedich bliuwe, as har Skepper oandien is fan grime en leafde? As it forstân fan minsken swijt, sille de stiennen roppe mei in stim fan lof.
Hwant net allinnich wraek en macht, lyk as it skuldige gewisse fan de heidenen fornaem, ek forjeffenis en genede forkundiget it Wurd. De Bibel bringt de ierdskoddingen ek yn it forbân fan 'e forlossing. ‘Doe 't Israël út Egypten teach, sprongen de bergen as rammen, de klingen lyk as lammen.’ Dat is gjin lyryk noch symbolyk, mar it is tige reëel: it is de blydskip fan God en de freugde fan natuere om 'e rêdding fan it Godsfolk, in blidens net liker as de dertene wille fan it jonge fé. En by Jezus' dea en forrizenis barre swiere ierdskoddingen: de Heit bifêstiget mei greate macht oan de natuer, dat it heil foltôge is.
It skepsel suchtet, neffens it wurd fan Paulus, om frij makke to wurden. En hjir is it antwurd: it skepsel lovet, omdat it frij makke is en de iepenbiering fan Gods bern forwachtet.
Jezus hat it sels sein, dat yn it lêstoan fan de dagen op forskate plakken ierdskoddingen barre sille, en de skôger fan Patmos seach mei forkleare eagen, hoe 't de ierde en de himel skriklik staet waerden en alle krêften oer har kamen,
| |
| |
oant hja forgienen. En jitris is it yn it forbân mei it keninkryk fan God, dat dizze dingen foarsein wurde. De natuer sil meitsjen yn 'e einlingse striid fan de geasten, mei great gewelt en gejûch giet de Almachtige oer de hichten en de lichten fan de ierde, om to pletter to slaen syn fijannen, om to forlossen syn folk, om to sljochtsjen de wei foar syn Soan, ús kommende Forlosser.
En de Christenen, dy 't har Heare forwachtsje, habbe har net forbjusterje to litten troch in ûngeastlike wittenskip, mar hja moatte de fan God stelde tekens achtslaen. Net omdôch wurde stêdden en geaën forwoastge, net om neat krimpt en bevet de breinroere ierde. Lit ús herten iepen en stil wêze, om alle trillingen to heinen, om yn it gerûs fan de wrâld en de oerstjûrens fan 'e tiden him oankommen to hearen, op hwaens hearlike iepenbiering it wachtsjen fan de skepping, it wachtsjen fan it ûnwennich leauwe is.
| |
Utslach, gjin utslutsel.
It is de lêste tiden tige nedich, dat wy de tastânnen yn de Fryslânnen klear en sûnder forgreatsjen sjogge. Wy wiene neat wend, en nou 't it efkes rommer wurdt, kinne somliken de dingen fan Fryslân net mear yn har reële greatens sjen. Wy moatte hjirre en yn Noardfryslân goed bigripe, dat wy minmachtich binne, in binearjend lyts tal njonke de twivelriedigen, de ûnforskilligen en de fijânnen - en wy moatte witte mei earlike en greatske wissichheit, dat gjin gong nei it Mindertallekongres, gjin stamforbân en gjin Greatfryske polityk dêr op it stuit hwàt oan foroarje. Hjir helpe gjin ideälistyske forklearingen noch enthousiaste sprongen en flechten. Wy sille yn 'e reäliteit ús stelling nimme moatte en nimme doare, sterk en trou.
De Frysk-Sleeswikers habbe weage, en forlern. Har list ‘Fryslân’ binne mar 324 stimmen op kommen, in drôvich lyts prosint fan de som fan alle Fryske stimmen.
| |
| |
It jowt neat, dêr tsjin oan to striden: sa binne de sifers en de feiten. Men kin dêr fan alles ta forklearring en ophimmeljen by helje: dat de Frysk-Sleeswikers gjin jild hienen om propaganda to meitsjen; dat de organisaesje net yn oarder wie; dat de tiid foar tarieding to koart west hat; dat de minne ekonomyske tastânnen hûnderten Friezen dreaun habbe to stimmen op partijen lyk as de ekonomyske en de soasjalistyske; dat der ek by hûnderten thús bleaun binne; dat de laster syn wurking dien hat; dat it stimmen op in oare list net hoecht to bitsjutten it principiëel ûntstriden fan 'e Fryske winsken; dat ek de listen fan de oare nationale mindertallen, foaral fan de Denen, tige efterút gien binne.
Dat is allegearre wier, mar it foroaret oan de steat fan saken neat.
Dizze stimming hat kleare útwizing dien, dat de Frysk-Sleeswikers foar har nationale aksje op dit stuit mar rekkenje kinne op inkele hûnderten Noardfriezen en Hilgo-lânners. Dat bitsjut it - net mear, mar ek net minder, en ús Noardfryske striidmaten sille sterkernôch wêze moatte, it mei in rom hert tsjin kleare kimen sa to sjen.
It antwurd is oan harren en hja sille antwurdzje lyk as it Friezen foeget: ynbânnich en sterk, swijend en arbeidzjend. Hwant al hwat dizze útslach bitsjutte mei foar de dei fan hjoed, hy docht gjin útslútsel oer de takomst. De Frysk-Sleeswikers binne slein, mar net forslein, en it antwurd kin net oars wêze as in fordjippe, forsterke en trochsette aksje.
De grounslach fan Noardfryslân leit jitte, lyk as er ieuwen lein hat, ûnforwrigber. Fryslân hat altiten libbe fan it forlies: sa komt it ta syn einlingse winst. Ik hab fan dizze útslach in ûre mennich ellindich west, doe bin ik wer bliid wurden, wittend dat it jitte gjin takomst is. Wy habbe in klap hawn en sille noch hurder klappen krije, ik nim dy needsaek oan.
| |
| |
| |
Hwat folgje moat.
Oant nou ta hab ik it hawn oer it bigjinsel fan de Christlike koloniale polityk, en iderkear wer bin ik dêrby kommen op fjouwer dingen.
Foarst is it ûnrjocht, dêr 't de greate machten har koloanjes mei bisitte. Mei ûnrjocht habbe hja dy krige en mei ûnrjocht habbe hja se - hja allegearre, Frankryk like goed as de Foriene Steaten fan Amearika, Ingelân like goed as Japan, Hollân like goed as Ruslân.
En gjin tiid kin sa lang wêze, dat dat ûnrjocht forjierret, en gjin histoaryske noch ekonomyske noch politike noch militaire redenen kinne dat ûnrjocht rjocht meitsje. Dat kin net ienris de reden dy 't faken bybrocht wurdt, dat ûnder Gods bistjûr de koloanjes yn 'e macht rekke binne fan Jerope, Amearika en Japan. Natuerlik giet it Godlik wollen en bistjûr oer dizze dingen, lyk as it oer alles giet. Mar seit dat, dat it rjocht is? As Frankryk yn 1795 Hollân ûnderbringt, dan is dat ek neffens it wollen en lieden fan de Almachtige God - dôch bliuwt it fan Frankryk ûnrjocht en yn 1813 habbe de Hollanners alle rjocht, har nationale frijdom werom to nimmen.
De souvereine Heare fan alle folken brûkt it ûnrjocht fan de minsken ta syn rjochtfeardich doel. Mar wy, dy 't minsken binne en Gods wegen net witte, habbe net út it bislút wei to redenearjen, mar moatte dwaen neffens dat yn it gebot stiet. It is ûnmûglik, fan Gods kant ôf to redenearjen, en it is gefaerlik: wy komme sadwaende maklik ta it goed praten fan hwat ús foardiel en bilang is. Wy sjogge dan Gods lieding yn it ûnderbringen fan de koloanjes; wy sjogge har net en wolle har net sjen yn 'e nationale biwegingen, dy 't de frijmeitsing fan dy koloanjes útwurkje. It iene is dan it wurk fan God, it oare fan revolúsjonaire machten - sa bliuwe wy altiten yn 'e foarkâns. Mar it minsklik en Christlik rjocht is, dat wy yn alle dingen de Godlike lieding biken- | |
| |
nend, neffens it Godlik hjitten dogge, sûnder it wollen fan God en dat fan de minsken trochinoar to tiizjen.
Twad habbe de nationale biwegingen fan de ûnderbrochte folken it rjocht mei harren. Elk folk hat it rjocht yn it formidden fan de folken frij to wêzen, krektlyk as elk minske fan Gods wegen de persoanlike frijdom takomt. Hwant dêr ta hat God, Babel oerwinnend, de folken steld, dat hja syn deugden iepenbierje soene; mar hoe sille hja dat dwaen, as hja twongen troch frjemde geast en macht harsels net wêze kinne? De Almachtige God, fan hwa 't allinnich alle frijdom is, wol net tsjinne wurde fan slaven en liifhearrigen, mar fan frije minsken. Hy skept ta frijdom èn de minsken en de folken, en as syn Soan to wrâld skikt is, wurde alle slachten en talen en folken en naesjes foar him allyk, foar him en foar de tsjinst fan syn keninkryk. Dêryn is it rjocht fan de folken en fan de folkene nationale biwegingen.
Dat wol net sizze, dat al hwat in nationale biweging docht, rjochtfeardich is. Ek in biweging foar de frijdom kin op 'e doele reitsje en ûnrjocht dwaen: hja rekket op 'e doele en docht ûnrjocht, as hja yn pleats fan it rjocht to brûken it gewelt to baet nimt, en oare wegen giet as God wol. Ek oer har giet it Godlik oardiel en moat de krityk fan de Christenminske gean. Mar yn it bigjinsel hat hja it rjocht, en hâldt dat altyd.
Dêrom hoecht men tred gjin profeet to wêzen, om dizze dingen yn har takomst to sjen. Mei greate wissichheit is it foarút to sizzen, dat de folken fan Afrika en Azien ta har frijdom komme - mei koarten tiid. Hwat har sterk makket, is net allinnich har oermachtich tal, mar it rjocht, dêr 't hja yn steane. Dat rjocht is net to kearen: it moat en it mei ek net keard wurde, mar krektoarsom moat it troch de Jeropeeske en Amerikaenske machten bifoardere wurde - net hwannear 't it harren past, to witten nou net en dan net en nea net, mar fan hjoed by 't oan. Nou is it jitte tiid, mar moarn kin it to let wêze.
Hwant - dat is it fjirde, mar fan bitsjutting net it lêste -
| |
| |
mei dizze kwestje is foaral de sinding mank. De koloniale frage wurdt hwat langer hwat mear sindingsfrage. It is to'n earsten net mear to redden om it bilang fan de koloniale machten noch om de nationale saek fan de ûnderhâldene folken, mar om de takomst fan de sinding fan Christus. Nou 't Azien en Afrika wekker wurde en de Islam, it Hindoeïsme, it Boeddhisme, ensfh. yn it great propaganda driuwe, nou stiet de saek fan it Christlik leauwe oer de hiele wrâld yn it avontûr. Nei de minske sprutsen, sil yn dizze tweintichste ieu - en net ienris yn it lêst oan - útmakke wurde, oan hwa 't de wrâld tafalt: oan Christus, of oan Boeddha en Mahomed. De forslaggen fan de sindingskonferinsjes, nou wer fan dy 't Peaske hâlden is op 'e Oliveberch, de birjochten fan de sindingsfjilden, de stúdzjes en tsjûgenissen fan 'e sindelingen en de sindinglieders, dogge wol kleare útwizing, dat de greate geastlike wrakseling fan it Christendom mei it Mohammedanisme en it Heidendom mei hasten oankomt.
En dêrom is it hege needsaek, dat de steatsmachten fan de Christlike folken har heidenske en Mohammedaenske ûnderhearrigen foarbylden binne fan rjochtfeardichheit. Wy meije noch sa biredenearje, dat it dwaen fan de Westerske steaten net opkomt foar it Christendom, dêr 't wy gelyk oan habbe, de Easterske folken, hwaens skôging fan de steat mystyk is, kinne dy skerpe skieding net meitsje: mei de Christenen foroardielje hja de Christus, mei de steaten fan it Westen de godstsjinst, dy 't dat Westen forkundiget. Sa habbe de steaten it yn har macht, it wurk fan de Tsjerke to stypjen mei in rjochtf ear dich bistjûr, dat it nationale libben fan har ûnderhearrige folken foartsterket yn syn ûntjowing ta de frijdom; mar ek kinne hja it tige forswierje en forhinderje troch in ûnrjochtfeardige imperialistyske polityk fan eigenbilang. En de ropping fan de Tsjerke en fan alle Christenen is it, it Evangeelje to forkundigjen, mear as oant nou ta, en de wrâldske machten oan to stean op in Christlike polityk fan rjocht en frijdom.
| |
| |
Dat binne de fjouwer dingen, dy 't it bigjinsel biskiede. En sa binne wy kommen ta de praktyske frage: hwat habbe, neffens dat bigjinsel, de Westerske steatsmachten to dwaen?
It is wol kleardernôch, dat út dit bigjinsel folgje moat it einlingse doel fan de frijdom, de folsleine frijdom fan de koloanjes. Mar folget der ek út, dat de koloniale machten foartynienen al, op dit stuit, har ûnderhearrige folken dy frijdom jaen moatte? Moatte Frankryk, Ingelân, Hollân, Itaeljen, Ruslân hjoed de dei staf en af de kulturele, ekonomyske en politike macht oer har koloanjes oerjaen oan de ynlânners? of tominsten de politike macht?
Dat soe in ienfâldich en radikael middel wêze, dat net ta it doel: de frijdom fan de folken, mar dêr fierder ôf brocht. Stel it barde, hokker fortuten soe it dwaen? Der ûntstie in politike idele romte, dêr 't de ekspânsje (útwreidzjende driuw) fan oare steaten mei gewelt hinne loek. Op syn mâlsten kamen der oarloggen út foart tuske de greate impeariums, op syn moaisten makke it Folkeboun fan de frij litten koloanjes mandaetlânnen, ûnder taforsjoch en fâldije fan deselde steaten, dy 't harren de frijdom jown hiene. Sa soe alles krektlyk bliuwe as it wie - of minder wurde.
En dat net allinne, mar ek koe yn forskate fan de frijlitten lânnen de fordrukking fan it folk troch syn ynlânske haden - radja's, sultan's, sheiken, mandarinen, ensfh. - op 'e nij ûnbidimme bigjinne. Foar de polityk-ekonomyske oerhearsking fan frjemde kapitalisten kaem dan yn it plak dy fan de eigen machthabbers. Sa soe nei bûten út en nei binnen ta de posysje fan de folken earder forminderje as forbetterje en fan it ideäel fan de frijdom soenen hja fierder ôfreitsje.
En lit dat allegearre noch hinnegean, mar hwat bitsjut op it lêst politike frijdom, as de ekonomyske en de kulturele bitingsten ta dy frijdom der to'n earsten net binne? Hast al de ûnderhearrige folken fan Azien en Afrika misse jitte de technyske ûntjowing en de finansjele, ekonomyske en
| |
| |
geastlik-kulturele macht, om it nou al sûnder Jerope en Amearika to stellen. Dat is har skuld net, dat is de skuld fan de Christlike steaten, dy 't har tiden en ieuwen útbrûkt habbe foar eigen winst en bilang en macht. Mar de feiten bliuwe dêr gelyk om, en gjin ideälistyske died, hoe suver ek yn har motiven, kin der op it stuit hwàt oan foroarje.
It is swier, dizze wierheit mei to stimmen. Unrjochtfeardich is it, dat wy de koloanjes krige habbe, en ûnrjocht-feardich, dat wy se habbe. Mar ieuwen fan ûnrjocht binne net goed to meitsjen troch in amerij fan rjocht. De middele ûntjowing yn it forline forhinderet de ûnmiddele foltôging fan de hjoeddeiske eask, en de gearstalde reäliteit stelt it yn 'e kant tsjin it hookstrooks kommen fan it ienfâldich ideäel: sa moat de takomst rjocht dwaen.
Mar hâldt dat net yn, dat alles bliuwt lyk as it is? Né, mar nammersto mear moat dy wierheit ús driuwe, de takommende frijdom ta to rieden, dat wy sa gau mûglik yn steat wêze sille it rjocht to dwaen, dat wy nou jitte net dwaen kinne sûnder yn ûnrjocht to fallen. En soe dat ús straf en oardiel net wêze, net der út to rinnen en to sizzen: Rêd jimme sels, mar swierder, dat wy meihelpe moatte, ús sels mei gauwens oerstallich to meitsjen, en ús bêste krêften jowe om sa gau mûglik oerstallich to wurden?
As wissichheit hat it einlingse doel: de frijdom fan de folken, dy 't net keard wurde kin noch keard wurde mei, ja krektoarsom bifoardere wurde moat - den hâldt dat kleardernôch de motiven fan in oare, in Christlike koloniale polityk yn. Dan hâldt dat foarst al yn, dat de koloniale machten har hannen ôf habbe to hâlden fan de lânnen, dy 't oan nou ta de frijdom jitte biwarren: Siam, Afganistan, Perzren, Mids-Arabien, Abessynien, Libaria.
En foar har hâlding njonke de koloanjes moat folgje, dat har polityk har allinne liede lit troch it rjocht en de bilangen fan de folken, dy 't dy koloanjes biwenje. Histoaryske, militaire, politike, ekonomyske en kulturele bilangen
| |
| |
fan de kolonisearjende steaten sels meije dêrby net yn 'e pleit. It lot fan Egypten mei net biskaet wurde troch it politike en stratégyske bilang dat Brittanjen by it Suëz-Kanael hat, noch meije de Filippinen offere wurde oan de militaire bilangen fan Amearika, noch meije de rykdommen fan de East strekke, om de posysje fan de Nederlânske hannel to bifêstigjen en to bisterkjen. Krektoarsom moatte de kulturele, ekonomyske en steatkundige mûglikheden fan de koloanjes ta ûntjowing brocht wurde yn it bilang fan de ynlânners, ek as it skea en efterútgong foar de kolonisearjende riken bitsjut.
It motyf is it, dat yn dizzen útwizing docht, net allerearst de died. It is de skuldige plicht fan de hearskjende steat - foarsafier 't it neffens it karakter fan it steatwêzen foar him opkomt - de foarstap to nimmen of mei to wurkjen ta de ekonomyske bloei fan syn koloanjes (lânoanmeitsjen, eksploitaesje fan de groun, bifoardering fan de yndustry en it forkear, ensfh.) en ta de kulturele ûntjowing fan har ynwêzige folkskrêften (ûnderwiis, bifoardering fan witten-skip en kunst): lykwols net, om der sels foardiel út to winnen en de forbining fan koloanjes en ‘memmelân’ sterker to meitsjen, mar om de ûnderhearrige folken op to fieden en ré to meitsjen ta har frijdom.
Mar binammen sil it saek en needsaek wêze, de tiid acht to slaen en net to forstellen hwat mei hasten driuwend wurdt. Men kin de lêste tiden gauris lêze, dat de koloanjes ‘binnen onafzienbaren tijd’ de fâldije fan Jerope jitte net misse kinne. Frij fortaeld wol dat sizze: wy binne der en wy bliuwe der, en nei ús de sintfloed. Mar sa leit de wrâld fan Afrika en Azien net. De tiid is net langer ûnúteachber: dêrfoar libbet it to hurd. Mei hasten groeije foaral de folken fan Azien op 'e selsstannigens oan. Kenners fan it Easten, dy 't nei inkele jierren tahâld yn Jerope wer yn Foar Ynjen, Sina, Perzien, East-Ynjen of Tibet komme, steane forsteld, hoe 't yn sa'n koarten tiid de geasten oars, frijer,
| |
| |
wêstliker, selsstanniger wurden binne - en Japan is in war-skôgjend foarbyld, hoe 't it Easten yn in minskelibben tiid him ûntjaen kin ta de hichte fan Jerope en Amearika.
Dat de formule ‘binnen onafzienbaren tijd’ is net neffens de gong fan it tsjintwurdige wrâldlibben. Nou al habbe somlike koloniale machten, lyk as Ingelân, Hollân, Frankryk, Amearika, it by har ûnderhearrige folken út en troch en hjir en dêr to krijen mei frijdomsoankomsten, en it is fan it tinken to habben, dat hja binne de fiif en tweintich jier in greate en sterke biweging ta selsstannichheit foar har habbe, dy 't hja by gjin mûglikheit mear keare kinne.
De frage is net langer: wurde de koloanjes frij? mar: hoe wurde hja frij? Sille hja yn gewelt, reboelje en oarloch forfalle? Of sille hja troch in freedsume wei fan de oerhearskers skiede? Dat hinget foar in great part fan de koloniale machten ôf, en dêrom is it nedich, dat hja alle war dogge, har ûnderhearrige folken sa gau mûglik ré to meitsjen foar de wachtsjende frijdom. It sil faei wurde, as hja tidigje op in ûnúteachbere tiid; krektoarsom moat har polityk har biskiede litte troch it bitinken, dat de tiid koart en deunby is. Lyk as ik it al ear der formulearre, moatte hja net efter de dingen en de ûntjowing fan de dingen oan komme en lit har twinge konsessy nei konsessy to dwaen; mar it is har plicht èn har bilang, foarop to gean en yn it proces fan de frijmeitsing fan de folken de lieding to nimmen. It is hjoed de dei jitte net mûglik, de koloanjes op ien stuit de folsleine frijdom to jaen, mar wol is in ringene tarieding in ding fan mûglikheit. Yn it lyts kinne de regearen de foarmen fan polityk en ekonomysk selsbistjûr foar de ynlânner skeppe en útbouwe.
Yn somlike koloanjes nammers is dêr al in bigjin fan makke, mar it is nedich, it tempo to forhastgjen en it bistek to forgreatsjen, sûnder omlizzen foar de tsjinwar fan allerhanne burokratyske en kapitalistyske formiddens.
Lykwols kin it regear alles net dwaen, likemin as it fan
| |
| |
alles de skuld is. De forhâlding tuske blanke en ynlânner, lyk as dy is, is sa net allinnich wurden troch de imperialistyske polityk fan de steaten, mar ek troch it ûnchristlik hâlden en dragen fan de blanken dy 't yn 'e koloanjes wenje.
Hwat yn 'e foarige ieuwen út Jerope nei de koloanjes teach en him dêrre nei wenjen sette: amtners, planters, hannelslju, yndustriëlen, ûnderwizers, ensfh., wie faek net it bêste elemint fan it blanke ras.
Geastlik of ideëel doel hienen hja net, fan in Christlike en minsklike plicht njonke de ynlânner wisten hja net. Hja kamen dêr om jild to fortsjinjen, in goede posysje to krijen, eare en macht to winnen, en op it moaist bleau der noch hwat yn harren yn wêzen fan de nationale fieling foar it fiere ‘memmelân’. Sa is der yn 'e koloanjes ûntstien in blanke mienskip fan grouwélich egoïsme, materialisme en atheïsme, dat him uteret yn weelde, geniet, sinlike hertstocht, brutael ‘Strebertum’, heechmoed, forachting fan it ynlânske ras. En al komme der de lêste tiden better, ideëler, Christliker fortsjintwurdigers fan de blanke folken, dy 't witten fan in ropping habbe - jitte altiten is de geast fan de Jeropeeske mienskip yn 'e koloanjes yn flokkende tsjinstriid mei it Christlik leauwe en it minsklik ideälisme.
Faeks noch mear as de koloniale polityk fan de steaten hat de iepenbiering fan dy blanke mienskip de Easterske folken fan it Westen ôfwend en wearzich makke. Dy geast is it, dêr 't de reäksje op kommen is fan forachting en wrok en haet. De ynlânner heart de treflikens fan it Westen en it Christendom forheljen, en om him hinne sjocht er minsken út dy Westerske en Christlike lânnen, dy 't sûnder godstsjinst, sûnder Christendom, sûnder leafde, sûnder ideäel libje, ôfjage binne op egoïstysk en materialistysk geniet en him leechlizze, skouderje en fordrukke. Hwat moat er mei sa'n Westerske geast en mei sa'n ‘Christendom’? Hy kin it net oars as forachtsje en haetsje, en it is foar de sindeling swier en hast moedeleas wurk, him klear- | |
| |
richheit by to bringen, dat Christus en it Christlik leauwe hiel hwat oars binne as hwat der iepenbier fan wurdt yn 'e blanken om him hinne.
En dat sil net foroarje, as der gjin radikale omsetting komt yn de Jeropeeske koloniale mienskip, in omsetting fan materialisme yn ideälisme, fan egoïsme yn neiste- (en fierste-) leafde, fan greatskens yn tsjinjen, fan athëisme yn Christlik libben.
Sa allinne, troch in rjochtfeardige polityk fan de steaten en in Christlike iepenbiering fan de blanke mienskip, sil it it Westen slagje, it bitrouwen fan de Aziatyske en Afrikaenske folken to winnen. Wy moatte net langer ûnderdrukke, mar liede, net langer hearskje, mar tsjinje wolle. Wy moatte de tekens sjen en bigripe, dy 't God yn 'e tiid stelt, en ús net oerhearrich fêsthâlde oan tradysjonele rjochten en methoaden, dy 't hwat langer hwat mear bliken dogge fan har ûnrjochtfeardichheit en ûngaedlikens. Wy moatte bigripe, dat de krisis mei hasten oankomt, en dat der mar ien methoade is: it rjocht; ien libbenshâlding: it leauwe; ien einbislút: de frijdom.
Hwant it forlangst fan de folken nei frijdom is op it lêst en djipst net to forklearjen út wrok en fordrukking, noch út nationalisme en kultuer, mar út 'e ynfloed fan it Christlik leauwe. Har greate frijmakker en bounmaet is de sinding, net mei doel en opset sin, mar yn it wêzen. Hwant dêr 't Christus komt, dêr komt de frijdom - persoanlik, mienskiplik, nationael.
| |
Greatfryske skiednisskôging.
The Place of the Frisians in Dutch History, by B. Fridsma. Wel. B. Eerdmans Publishing Co. 234 Pearl Street, Grand Rapids, Michigan, U.S.A.
Us lânsman Fridsma, dy 't foar de lêzers fan Yn ús eigen Tael gjin frjemd is, docht goed en nedich wurk ûnder de
| |
| |
Amerikaenske Friezen. Ek yn Amerika bistiet sokssahwat dat men Fryske biweging neame koe, as it him mar biweegde. Hjir en dêr is in krite fan Friezen, dy 't fleurige en feestlike jounen hâldt, om nij-amerikaenske wille út to libjen yn âlderwetsk-fryske foarmen, en de lêste jierren út en troch ris tasprutsen wurdt troch Sjouke de Zee en Schuitmaker - mannen, dy 't yn sa'n formidden meiskien krekt passe, mar de allerûngelokkichste fortsjintwurdigers fan Fryslân binne, dy 't men bitinke kin.
Mei it libbene Fryslân hat dat gedoch in bjuster bytsje to meitsjen. It is itselde as hwat hjirre yn it Ald Selskip en yn Hollân yn it Bûtenboun jitte foartlibbet: in útsukkeljend provinsjalisme en traditionalisme, dat ta de dea keard is - allinnich is it yn Amearika noch hwat oerflakkiger en machteleazer.
En net folle better is it mei de foarljochting, dy 't de Friezen dêrre oer de Fryske biweging krije. Dêr skriuwt tsjintwurdich yn inkele Amerikaenske kranten noch al ris in ‘Friso’ oer, dy 't hjirre yn Fryslân wenje moat, en it is wer it âlde lûd, dat ek wy to uzes alle dagen hearre kinne, meast fan ‘Frysksinnige’ lju: de Fryske tale is sa moai, en dêr moat sa nedich hwat oan dien wurde, en hwat Frysk op skoalle soe wol goed wêze, en it is sa spitich, dat de Friezen har skiednis net kenne.
Mar it mei foaral net to fier gean, en de tsjerke moat Hollânsk en Hollân moat Hollân bliuwe. Wy kenne de wize en wy witte de fijânskip fan dy Fryske ‘striders’, dy 't Fryslân leafst yn sa'n lyts rountsje kringe woene, dat it gjin romte hie om to sykheljen.
Tsjin soksoarte foarljochting komt Fridsma op. Hy hat ‘Friso’ al ris to wurd en reden stien, en makket warber propaganda foar Yn ús eigen Tael en De Stim fan Fryslân, om dêrmei syn lânslju better yn it bigryp to krijen, hwat de Frysk-nationale biweging wol en hwat Fryslân is. En itselde doel hat er mei de útjefte fan dizze brosjuere: It plak fan de Friezen yn 'e Nederlânske skiednis.
| |
| |
De skriuwer biwiist mei de feiten, dat de provinsjalistyske opfetting fan Fryslân neat oars as in diel fan Nederlân, it Fryske folk en syn skiednis ûnrjocht docht, en dat dy allinne ta har rjocht komme troch de nationale skôging fan it Greate Fryslân, de kulturele, skiedkundige en taelkundige ienheit fan al de Fryske stammen. Yn it forban dêrmei komt er op 'e wichtichste feiten fan de Fryske histoarje, lyk as de Greate Folksforfarring, de striid fan Franken en Friezen, Christenen en Heidenen, de oarloggen tusken Hollân en Fryslân, it Kalvinisme yn Fryslân, de striid tsjin Spanje en Rome, de wrakseling tusken Willem Loadewyk en Karel Roarda, de Uny fan Utert en de Republyk, de Frânske revolúsje en de Nederlânske ‘ienheitssteat’, Frisia Magna, de Upstalbeam, it forrin fan de skiednis fan Grinslân en Eastfryslân, de Christlik- en de Jongfryske biweging, de Noardfryske kwestje, de Greatfryske kongressen, ensfh.
Ut it bitinken wei, dat steat en folk net itselde is en dat de skiednis fan in folk principiëel in oar bigryp is as de skiednis fan de steat, dêr 't dat folk alhiel of foar in part ûnder tahâldt, komt er ta it nationale einbislút, dat it plak fan de Friezen yn 'e Nederlânske histoarje net wêzentlik mar incidinteel is. Dat is nammers ek de iennichste opfetting, dy 't de feiten lyk en rjocht dwaen kin. Hwa 't dêr net oan wol, moat òf forfalle yn it âlde provinsjalisme, dat de wichtichste feiten mar oersloech, omt hja net yn 'e theorije pasten - of op in nuvere wize godstsjinst en nationalisme trochinoar mjuksje.
Hwat it earste oanbilanget: de provinsjalistyske skôging fan de Fryske skiednis, dy hat wittenskiplik ôfdien en rekket njonkelytsen ek har fet op it folk kwyt. En dat oare: in sabeare Christlik-Frysk skiednisgearmjuksel, kin allin-nich opbroeije yn it dampe brein fan lju, dy to polityk binne om nationalist to wêzen, en to ûnreligiëus, om it geastlik forbân to fielen, dêr 't Christendom en nationalisme yn bisteane.
Ik soe net altiten krektallyk formulearje as Fridsma, mar
| |
| |
yn 'e geast en haedsaek kin ik it alhiel lyk mei him fine. Dit boekje moat oanpriizge wurde oan allegearre, dy 't hwat Ingelsk kinne: Fridsma's Ingelsk lêst net swier.
| |
Nei de ein?
Bihalven by de kommunisten, giet rounom yn 'e wrâld it leauwe, dat it bolsjewistysk biwâld oer Ruslân ier of let to neate rinne sil.
Dat hat nammers lang al sillen, fan it bigjin ôf. Earst soene de wite garden en de kontra-revolúsjonaire legers fan Denekin, Petjloera en Wrangel it dwaen, mar hja habbe it der net ôf rêdde kinnen. Doe hiet it, de bolsjewisten soenen yn it finansjele en ekonomyske oanreitsje. Mei koarten tiid kaem it safier, dat hja gjin jild mear hienen om it steats-bistjûr en de kulturele en ekonomyske opbou to biteljen: it bûtelân soe gjin kredyt jaen, alles soe yninoar sakje. It moat noch altiten barre. Doe tocht en hope men, de swiere fordrukking soe it Russyske folk, de miljoenen Russyske boeren tsjin de fordrukkers yn 'e kamp driuwe en doch harren ûndergong. Underwiles sitte de bolsjewisten al tsien jier yn it regear, en by ytliken is njonkelytsen de twivel opkommen, oft de fal fan it bolsjewistysk biwâld wol sa hiel gau to forwachtsjen is.
Lykwol wurdt de lêste tiid de hoop wer greater. De brek tusken Ingelân en Ruslân, de twariedichheit en spjalting tuske Trotzky en Stalin, it kokettearjen fan de bolsjewistyske lieders mei it wankende gefaer fan in deunbye wrâldoarloch, binne tekens dy 't oanwize moatte dat it nei de ein giet.
Doch sil it sack wêze en rekkenje dêr net al to fêst op. Lit ús net forjitte, dat wy och sa'n bytsje witte fan hwat der yn Ruslân krekt om- en tagiet, en dat wy ynljochte wurde troch in fûl anti-bolsjewistyske parse, dy 't net yn steat is
| |
| |
objektyf to skôgjen. Dit kinne wy yn alle gefallen mei wissichheit oannimme: jitte altyd binne de bolsjewisten in ûnbidige macht, útrist mei de bêste en modernste finansjele, technyske, militaire, organisatoaryske, propagandistyske en kulturele middels. It binne net in trop gekken en wrâldfrjemde dwepers, lyk as men út 'e foarstelling fan somlike West-Jeropeeske kranten by tiden opmeitsje soe, mar hja wurde laet troch knappe tinkers, steatslju, diplomaten, ekonomen en propagandisten, dy 't yn allen neat minder, earder tûker en greater binne as de foarmannen fan West-Jerope, dy 't witte hwat hja wolle en neffens in great systeem to wurk binne. Wy moatte net de flater slaen en hab har to leech: it is in oar slach keardels dêrre as Wijnkoop en Loutje Visser. It kommunisme yn 'e West-Jeropeeske lânnen is oars neat as in lytse en jammerdearlike karikatuer fan hwat yn Ruslân great en geweldich wurking docht. Der moat noch hiel hwat barre ear 't it Russysk bolsjewisme bilies jowt. It wit, dat in skriklike wraek en fordylging wankt en it sil wanhopige grimitich stride.
En hwat har machtsteat foaral sterk makket, is it bistean fan it Russyske folk. De Rus kin lije en drage oermjitten. Lyk as hy de ieuwen troch fordrukt is troch Tartaren en Poalen, Turken en Mongoalen en troch syn eigen eallju, Bojaren en Tsaren, gjin Germaen noch Romaen soe it úthâlden habbe. Hy is oanlein op it lijen, en hy is yn it lijen opbrocht. Dat jowt him by ynwindige aktiviteit de passivens yn uterlike dingen; it makket him forduldich as in frou dy 't swier is fan har earste, en sterk as in mem fan folle bern. Natuerlik is der ek foar syn dragen in grins, dêr 't de spanning springt, mar wy dy 't it Russyske folk net genôch kenne, binne net yn steat út to meitsjen, hoe fier 't it dêr jitte fan ôf is - of hoe tichte by.
Mar ek, as it dan nei de ein giet mei it bolsjewistysk biwâld, hoe sil dy ein wêze?
Guodden nimme dêr in evolûsje-theorije foar oan. It
| |
| |
bolsjewisme sil net mei gewelt to neate reitsje, oan har to hearren, mar troch de reäliteit stadichoan forfoarme wurde ta in soasjalistysk-demokratyske biweging, dy 't har oarspronklik aerd kwyt rekket en har skikt nei it praktyske libben. Hat Lenin op it lêst al net in opportunistyske polityk ynfiere moatten? En is Trotzky, de principiële dogmatikus, net foartskikt? En litte de bolsjewisten it net gewurde, dat der in nij kapitalisme opkomt? En is it it revolúsjonaire Marxisme fan West-Jerope net krektlyk gien? Yndied wurket yn it bolsjewisme, krektlyk as yn elke revolúsjonaire biweging, dy reformistyske tendinz. Mar it is jitte altyd de frage, oft dy trochwurkje sil en de lieding hâlde. Efter it bolsjewistysk biwâld stiet de figuer fan Trotzky, great, swijend, wankend. Kin it net like goed sa komme, dat yn 'e ûre fan de need hy roppen wurdt om to rêdden? Wy witte it net, mar hy moat wol in great bitrouwen habbe, dat er sa swije en wachtsje kin.
Oaren stelle harren foar, it Russyske folk sil mei syn hearskers ôfrekkenje. Op in kear sille de miljoenen opstean, de bolsjewisten forjeije en fordylgje en nei in tiid fan disoarder en anarchije in nije steats- en mienskipsoarder stiftsje. Neffens somliken sil it wurde in echt Russyske steat en in echt Russyske mienskip, net nei Jeropeesk model, mar twafâldige iepenbiering fan de Russyske siel, nei it foarbyld fan hwat Tolstoj en Dostoïewsky skôge habbe.
Mar dy foarstelling is to ienfâldich. It hat greate wierskyn dat as it komme mocht ta in noedlike steat fan saken foar it bolsjewisme, dêr in oarloch út foartkomme sil, dy 't oer de hiele wrâld útslacht. De histoarje jowt ytlike foarbylden dat hearskers, hwa 't de macht ûntkomt, as lêste middel fan bihâld de oarloch oangeane. Dat is it, hwat èn Mussolini èn Moskou sa gefaerlik makket. Hwat langer hwat sterker moat ûnder it Russyske folk de oertsjûging groeije, dat in twade wrâldoarloch net fier mear ôf is.
Mar sille de bolsjewisten it opnimme doare tsjin de hiele wrâld? Of habbe hja freonen en bounmaten?
| |
| |
Tsjin de fijân Brittanjen en syn help rekkenje hja allerearst op 'e folken en steaten, dy 't de lêste oarloch forlern habbe of by de frede har sin net krigen: Dútsklân, Eastenryk, Lithauën, Hûngarije, Bulgarije, Turkije. Dan tidigje hja op 'e direkte of yndirekte help fan ûnderskate folken yn Azien en Afrika: Ingelsk en Nederlânsk Ynjen, Sina, Koreä, Arabien, Egypte, Marokko, de Sùdafrikaenske Boeren. Ek forwachtsje hja opstânnen fan allerhanne nationale mindertallen yn Jerope en it forset fan de kommunistyske en soasjalistyske arbeiderskloften fan Ingelân, Frankryk, Poalen, Itaeljen ensfh. En oan de Russyske journalist Raptschinschki to hearren, leauwe hja sels dat de Foriene Steaten fan Noard-Amearika har helpe sille en nim de kâns to baet om de Ingelske wrâldmacht to brekken.
Dat sil lykwols allegearre bliken dwaen moatte. Mar in domme en ûnmûglike rekken is it net: hja is gearstald út reëel-politike en -psychologyske faktoaren. Yn alle gefallen dogge hja al har bêst, diplomatyk, propagandistysk en ekonomysk, om help to krijen, hwer 't it mar hwat mûglik is, en meitsje hja har foar de kommende oarloch klear - krektlyk as alle steatsmachten.
| |
Oarloggen.
Wy liezen earen de Indianeforhalen fan Aimard en de Súdafrikaenske novellen fan Penning, en krigen fan oarlogjen sa'n romantyske foarstelling, dat wy der suver sin oan hienen. In oarloch, like ús ta, wie likernôch itselde as in kampslach tuske de jonges fan de christlike en de iepenbiere skoalle, de ‘rébokken’ (de folksútliz fan de namme Rehoboth) en de ‘steatsskoppen’ (de skelnamme foar dy fan de steatsskoalle) - dizkear lykwol net mei snieballen, sûkerei-opsjitters, hagedoarnen stokken en grintstiennen, mar mei sabels, gewearen en bommen. Lefferts en forrieders joegen wy in wan bruijen, yn 'e oarloch waerden
| |
| |
hja ophongen yn in eskenbeam. By ús slaggen guodden út it fjild mei in blau each of in heal lamme earm of in toskopte skine, yn 'e oarloch rekken hja dea en de fijânnen skriemden der noch lûder om as de kammeraten en alle man wie greatsk op sokke helten. Wie de oarloch dien, dan sleaten hja frede en seinen elkoar wer goeije, krektlyk as wy.
Mar as de oarloch fan '14 oant '18 noch earne goed foar west hat, dan is it dêr wol foar, dat er ús romantyske bigripen foartfage hat. Wy witte nou, dat de oarloch gjin romantyske boarterij mear is, mar in ûntsettende grouwel fan minskeslachtsjen.
Romantyk mei der noch hwat om hinne weefd habbe yn 'e riddertiid, doe 't de eallju yn 'e slach rieden as wie it in tournoai en har oan de regels fan it spul hâlde moasten, woene se net ‘gemien’ wurde. De foarst dy 't oarloch oangie samle in leger ridders en eallju en ûnderhearrigen en teach dêrmei to fjilde. Doe 't er op 'e eallju net mear oan koe en hja him to folle macht krigen, socht er de stipe fan 'e boargers. De stêdden leveren him yn tiid fan oarloch elkmis har part fuotfeinten en ruters, dy 't wer nei hûs gienen as de striid oer wie. Mar de steaten waerden greater en fêster, en Karel de Dryste fan Bourgonjen fierde it steande leger yn, dat net allinnich yn tiid fan oarloch, mar altyd ûnder tsjinst wie. Yn it earst oan wienen dy steande legers yn haedsaek hierde legers, byinoar swile út allerhande folken: Switsers, Dútskers, Ieren, Itaeljanen ensfh. Mar omdat dy gjin ienheit foarmen, koenen hja op 'en dûr net foldwaen, en foar har yn it plak kamen de nationale legers, gearstald út it eigen folk en sûnt Napoleon Bonaparte byinoar brocht en oanfolle troch lotsjen. En dat systeem is yn 'e njoggentjinde ieu hwat langer hwat folsleiner makke, oer de persoanlike tsjinstplicht hinne nei de algemiene - bihalven dan yn inkele steaten lyk as Ingelân.
Mar sa moasten de legers hwat langer hwat greater wurde. Yn 'e godstsjinstoarloggen fan de 16de en de 17de ieu wienen legers fan in 25.000 man al mei fan de greatsten. Mar
| |
| |
yn 'e dynastike oarloggen fan de 18de ieu stienen al tallen foarinoar, dy 't moai nei de 100.000 loeken. Bonaparte brocht de hûnderttûzenen yn it fjild. Ek yn 'e Frânsk-Dútske en de Russysk-Japanske oarloch waerden de soldaten by it hûnderttûzen rekkene. Mar yn 'e wrâldoarloch strieden de miljoenen, en de slaggen koene net mear neamd wurde nei in plak, mar allinne nei in stream of in streek (Isonzoslach, slach yn Flaenderlân, slach yn it Argonner wâld, Sommeslach).
Mar folle yngeander jitte is de foroaring yn it aerd fan it oarlogjen. Ear 't it boskrûd útfoun wie, strieden de legers to foet en to pearde, mei pylk en bôge, swurd, lâns, skyld. De earste ieuwen nei de útfining fan it krûd namen hja hwat kanonnen mei, dy 't kûgels fan in poun of hwat foartsaeiden, en knoffelen hja om mei ûnhânsume gewearen. Moed, krêft en kriich biskaetten de slach. Mar nou is de oarloch in technysk bidriuw, it leger in technysk apparaet, krektlyk as de float. Persoanlike moed bitsjut net folle mear. It hynstefolk hat sahwat ôfdien. It fuotfolk is allinne to brûken as oanfolling fan it wurk, dat de artillery en de geny meitsje. Dy twa: de artillery en de geny, dy binne it bigjin en it einbislút. Gewearen en bajonetten habbe net folle yn to bringen, mar de tûzenen kanûnen, de mitrailleurs, de tanks, de torpedo's, de minen, de fleanmasinen, de forgiftige gassen, dat binne de biskiedende faktoaren, en de ofsieren kinne better mist wurde as de ingenieurs en de chemici.
It is maklik foarút to sjen, hoe 't dy ûntjowing trochsette sil. Oant nou ta waerd der ûnderskie makke tuske leger en folk, forsterke en ûnforsterke stêdden, oarlochsskippen en hannelsskippen, ensfh. Mar hwat mear it hiele folk ûnder de wapens komt en hwat mear alle krêften en middels fan it folk as oarlochswapens brûkt wurde, hwat swierder sil dy ûnderskieding út to hâlden wêze. Yn 'e lêste oarloch hat de Entente al in hiel folk blokkearre, om it troch de hûnger to twingen, wylst Dútsklân syn dûkboaten alles yn 'e groun
| |
| |
sjitte liet. Neffens it oarlochsrjocht mocht noch it iene, noch it oare, mar it gie om libben of dea, dat hja dienen it. Earen wie it doel fan it oarlogjen, it fijannige leger machteleas of to neate to meitsjen, mar nou is it to rêdden om 'e ûntkrêftiging of de forneatiging fan it fijannige folk.
Wy habbe it nou safier krige, dat yn elke greate slach in hûnderttûzen deaden en in pear hûnderttûzen wounen falle, en in hûnderttûzen mennich mingelen bloed oer de ierde streamt. Dat is in bigjin. Elke folgjende oarloch sil skrikliker wurde. It is de technyk wol tafortroud, noch geweldiger kanonnen, tanks en masinen to meitsjen, de chemy wol, nije en krêftiger forgiftige gassen út to finen. Der wurdt sels al oer tocht, de oarloch mei bacillen to fieren.
Dat lêste wol ús gewisse noch net goed oan. Mar hwerom net? As it ús frij stiet, de fijân to pletter to slaen ûnder in tûzen of hwat pounen izer en him to forjaen mei gas, hwerom sille wy him dan gjin bacillen ynblaze? It komt op itselde del, meiskien docht it sa sear net.
En it gewisse? Ei nou, dat went der wol ta.
| |
Nei de politike aksje.
Oant nou ta hat de Fryske biweging sahwat allinne literair-kultureel west. Sûnt Gysbert Japiks wie foar har de haedsaek de stúdzje fan tael, literatuer, skiednis en folkskunde, de striid foar it biwarjen en it ûntjaen fan tael en folksaerd, it staljen fan lektuer en literatuer. De aksje fan Tiede Dykstra en Harmen Sytstra hie yn it bigjinsel mear yn en de Frysknationale biweging sûnt 1908 en '14 hat nei wierskyn fan it bigjin ôf wider en fierder konsekwinsjes wollen, mar yn 'e praktyk is de striid foar Fryslân taelstriid bleaun.
Mar wy meitsje de foroaring en útwreiding mei. Stadichoan, mar net to kearen komt de biweging ta de politike aksje.
| |
| |
Of moat ik sizze, dat de politike aksje oer de biweging komt? Ja sa is it: de polityk komt oer ús. Likefolle oft wy wolle of net wolle, hja komt mei ynwindige, objektive needsaek. Hwat Napoleon Bonaparte al foar Jerope wist, doe 't er tsjin Göthe sei: Hwat wolle hja dôch mei it needlot? De polityk dat is it needlot - dêr bigjinne wy nou klearrichheit fan to krijen foar Fryslân. Ek ús needlot is de polityk - mits needlot moat hjir net forstien wurde as Verhängnis, mar as Schicksal, as it skikte, it biskikte dat fan Gods wegen ynwindich oer ús komt. Wy moatte, dêrom wolle wy.
Mar it seit himsels dat Fryslân net wol. Fryslân hat nea wollen hwat oer him biskikt wie. Foaral yn 'e njoggentjinde ieu, yn hwaens útgong wy jitte libje, hat it oars net kinnen as oerhearrich wêze en flechtsje yn in lef ideälisme fan koartswyl en morael. It Ald Selskip en al hwa taelbifoardering genôch is, wolle fan Fryske polityk fansels hielendal net witte. It is foar har net ienris in frage. Hja miene, dat Fryslân ta kin mei hwat Frysk as deistige omgongstael, hwat Fryske folksskriuwerij en hwat stúdzje fan it forline. Yn alle gefallen moat it dêr mar mei ta.
Mar ek ûnder de nationalisten is der praktyske en binammen theoretyske tsjinwar tsjin politike oriëntearring. Yn it formidden fan de Jongfryske Mienskip wurde swierwichtige tsjinredenen bybrocht. Polityk sette hja dêr yn 'e tsjinstelling mei kultuer. Nedich is allinne de kulturele ûntjowing en frijdom fan it Fryske folk. De politike aksje sil it ynwindige libben oerwreidzje en foruterlikje en in einleaze spjalting brekke. Fryslân hat nea steatgjende (staatbauende, staatvormende) macht hawn: polityk stribjen hat it altiten wer ûndergong dien en sil it jitris de ûndergong dwaen.
Ik wit it, dizze redenen weage oan. Wy nimme in greate en swiere noed op ús. Polityk kin in uterlike kunst fan taktyk en bilang wurde en yn in faeije bitizing forslaen: de tsjintwurdige tastannen dogge dy útwizing wol. En hwa dy 't sjocht hwat de tsjintwurdige Fryske foarmannen binne:
| |
| |
meastepart literators, to folle yndividualist, om in greate tradysje to dragen en troch to jaen, en to min persoanlikheit om sûnder tradysje to skeppen, of hwat mylde ideälisten, dy 't har swakheit en ôfwêzigens fan it reële foar de reäliteit oanmerke - hwa dat sjende soe net skrutel wurde, op Fryske polityk to fergjen?
Lykwols driuwt it bigjinsel en it is sterker as wy. Wy kinne foar ússels útmeitsje, dat wy net oan 'e polityk wolle, wy kinne ús organisaesjes mei tûke motivearringen oertsjûgje, alle polityk stribjen bûten to kearen, wy kinne it út 'e karbrieven hâlde en der artikel oan artikel tsjin skriuwe, mar it libben giet syn wegen. It nationale bigjinsel fan Fryslân is steld, en al it oare, ek de steatkundige en ekonomyske striid, moat út 'e needsaek fan it libben folgje. It nationalisme is in geastlike biweging, dy 't út 'e djipte opstreamend har útwreidet oer it hiele libben fan it folk. To sizzen: hjir moat it ophâlde, of: dêr mei en sil it net komme, is uterlike skiedingen meitsje, dy 't foar de reäliteit net hâlde. Lit alle Fryske foarmannen en selskippen bislute, gjin polityk to driuwen: leaut immen, dat de polityk net komt?
Net to kearen sil hja komme, binammen yn ús tiid, nou 't de bimuoijenis fan de steat oer it hiele libben giet. De steat is net mear allinnich in ynstrumint fan oarder en rjocht, mar hy bimuoit him ek mei tsjerke en skoalle, wittenskip en kunst, mienskip en arbeid. Men kin dat goed fine of ôfkarre, mar it is sa en gjin ideälistyske riddenearring foroaret der hwat oan. Foaral yn ús dagen is de tsjinstelling fan kultuer en polityk falsk: de moderne steat is in kultuermacht wurden fan greate bitsjutting. Al woenen wy, wy kinne ús net foar de polityk wei wine. It wurd fan de Savornin Lohman tsjin hwat politykskouwe christlik-histoarysken: As jim jimme net mei de polityk bimuoije, dan sil de polityk har mei jimme bimuoije - hâldt noch mear foar ús.
Mar ek is dy tsjinstelling stridich èn mei it wêzen fan de
| |
| |
kultuer èn mei it wêzen fan 'e polityk. Elke kultuer hat in polityk elemint yn, dat har foarm en utering biskaet. De polityk is de styl fan 'e kultuer. Hwa 't kultuer wol sûnder polityk, dy wol de chaos. It is de polityk net, dy 't de bitizing bringt, mar krektoarsom is it de anti- en ûnpolitike kultueraksje. Kin men jin in greater bitizing foarstelle as de tsjintwurdige Fryske biweging, dy 't gjin polityk driuwe wol? Mar polityk skept de greate foarm, dêr 't de kultuer har yn uterje en klearrichheit yn winne kin. Elke greate kultuerûntjowing hat dan ek in great polityk stribjen mei mank west: mei de Romaenske styl bygelyks de oermasteringen fan de Noarmannen en de Krústochten, mei de Gothyk de polityk fan de Hohenstaufen, mei de Renaissance dy fan Karel Fiif en Filips Twa, mei de Barok dy fan Cromwell en Loadewyk Fjirtjin. Yn dy tiden wie it gjin moade, tsjinstellingen to meitsjen: de lju koenen it libben oan.
Reden en tsjinreden meitsje yn dizzen neat út. Efter de tsjinredenen dy 't bybrocht wurde, driuwt hwat oars: de eangstme foar it needlot. Us ideälisten doare it needlot net oan en noch minder doare hja sels needlot wêze. En dôch sille hja moatte; dôch sille hja oannimme moatte it lot dat God biskikt en dat by needsaek oer har komt. En as hja sels oerhearrich wêze wolle en to swak binne, yn alle gefallen kinne hja net forhinderje, dat sterkeren drage en hearrigen de wei geane. Mei reden en biwiis kin dit net wier makke wurde: men moat mei ynwindige wissichheit de needsaek fan de dingen ynfiele, en forstean hoenear 't it oan 'e tiid is.
In sterk folk driuwt polityk en wol polityk driuwe. Dat hâldt foar alle folken, binammen foar it Fryske, dat oant nou ta gjin steatgjende krêft hawn hat. Dêr nimme ús kultuerminsken reden út, om de polityk ôf to kearen. Mar jitris is it krektoarsom: wy moatte krekt oerwinne op it punt dêr 't wy altiten forlern habbe. It seit neat tsjin de polityk, mar it docht útwizing fan it brek fan it Fryske folk. As wy ús foar de polityk wei wine, dan geane wy út 'e wei
| |
| |
foar ús eigen ûnmacht en lytsens, en hwa leaut, dat wy dan great wurde sille en machtich? Wy habbe gjin steatgjende macht? Hawar, dan is it needsaek, dat wy dêr ta opfet wurde en ús opfiede litte. Dat allinne kin Fryslân sterk meitsje, dat is syn iennichste kar en wei.
| |
Biwiis dat de divel in christen is.
Yn myn ûnnoazelheit - ik bin mar in jonge út it lân - koe ik mar net bigripe oant nou ta it nut fan de Olympyske spullen. Mar ik wurd by dagen wizer, en nou bin ik dôch safier hinne, dat ik der ynset fan tinken oer krige hab. De fuotbalkriich bygelyks fan Dútsklân tsjin Uraguay, doe 't hja by forsin minsken skopten yn pleats fan de bal, hat my leard, dat it Amsterdamske Stadion it symboalysk plak is fan de internationale broerskip en ienheit. De folken habbe in foech oarlochje ûnderinoar hawn, mar yn it Stadion fiele hja, dat hja in djippe ienheit útmeitsje: sa stypje de Olympyske spullen it formoedsoenjend wurk fan Genève. Ek bigryp ik nou, dat hja de gloarje útroppe fan Hollân, dat sa'n prachtich stadion boude en sa knap alles yn oarder hat - lyk as ek, dat Amsterdam der skoan oan fortsjinnet.
Mar dat is allegearre noch neat by de godstsjinstige wearde fan it moderne Olympia, bin ik wiis wurden. Ik hie der al hwat fan yn 'e rekken krige, doe 't ik lies, dat de keninginne fan Nederlân de spullen troch har man Prins Hendrik iepenje litte soe, wylst de antirevolúsjonaire boargemaster fan Amsterdam de Vlugt fan doel wie der by to wêzen, en de christlik-histoaryske steatsman en âld-dûmny dr. de Visser it wijingswurd to sprekken. Mar hwat my mei dat al jitte net klear wie, hat dr. de Visser my klear makke. Hy sei ûnder allen: ‘...Toen kardinaal Mercier in 1920 te Antwerpen de Spelen wijdde, sprak hij dit ware woord: Les exercices du Stade ne sont pas un jeu vaniteux et stérile. Ils sont une école. En als de rechtzinnige predikant Monod in 1924 te Parijs hetzelfde doet, roept hij den strijders zo
| |
| |
schoon toe: En réalité, l'énergie animatrice des Jeux Olympiques était un idéal de l'honneur et de la beauté, une vision, une ambition, un rêve patriotique et social, une idée. Juist, een idee, een ideaal zelfs van uitbeelding in het lichaam van wat de geest des mensen vermag. En hoe reiner die geest is, des te zuiverder zal ook die uitbeelding zijn. Hier is het punt, waar de religie de sport raakt. Want hoe meer de geest des mensen het Hoogste zoekt, des te vuriger zal hij wensen zijn lichaam in harmonie te brengen met dit geestesleven. Vlamme dan die diep religieuze passie in uwe zielen hoog op, welke alleen de traditie der Olympische spelen hoog houden en haar verheven ideaal tot verwerkelijking brengen kan!’
...Foar de tapassing op 'e preek habbe hja songen: Wilt heden nu treden voor God den Heere.
Lyk as men sjocht, is it in klear en oertsjûgjend biwiis. Sa oertsjûgjend, dat yn 1935 yn in gearkomste fan de christlik-histoaryske debatclub ‘Het Lichamelijk Christendom’, yn it bywêzen fan tsien âld-dûmny's, de soan fan dr. de Visser neffens deselde methoade biwiizge hat, dat de divel in christen is. Hy sei ûnder allen:
‘...Doe 't Luther oer de divel neitocht en dy syn bitsjutting yn 'e Godlike skepping, spriek er dit wiere wurd: De divel is de aep fan God. En doe 't in oar great theolooch itselde die, sei er it moai: Dêr 't Jezus Christus in tsjerke bout, dêr set de divel der in kapelle njonken. En wer in oarenien hat sein: Wier, it stribjen fan de divel wie in ideäel fan gloarje en fan skientme, in fisioen, in heech bijearen, in hillige dream, in Goddelik idé. En sa is it. Hwant hwat is de divel? In skepsel fan God. En hwerom is er fallen? Omt er opfarre woe ta God, omt er syn Skepper allyk wêze woe. Hjir is it punt, dêr 't de religy de divel rekket. Hwant hwat wie dat oars as it stribjen fan de Christen, hwat langer hwat mear herfoarme to wurden neffens it Godlik byld? Beide, de divel en de Christen, is it ideäel fan God, har Skepper, to foaren kommen, dat ik kom ta it ein- | |
| |
bislút, de divel is in christen: de earste en de greatste. Lit dan dy hertstocht heech yn jimme oplôgje, dy 't allinne de tradysje fan de divel heech hâlde en syn treftich ideäel wêzenje kin...’
Ik wol mar sizze, dat men alles biwize kin. It is in lytse kunst, alles Christlik to praten. Stiet der net yn 'e Bibel: alles ta eare fan God? en: alles is jimmes?
Muoilikernôch hat deselde Bibel ek oare, frijhwat lêstige wurden. Hy freget bygelyks, hwat it de minske jowt, de hiele wrâld to winnen, as er skea lit oan syn siel. En hy docht mei Godlik sizzen to witten, dat al hwat út it leauwe net is sûnde is.
Meiskien slagget it guodden, ek sokkense teksten kosmysk to meitsjen. Mar leaut immen, dat de Olympyske spullen út it leauwe barre? Leaut immen, dat hja hwat mei Christendom, ja sels mar mei religy to meitsjen habbe? It is net to rêdden om it idé fan sport en kriich, mar om 'e praktyk fan de tsjintwurdige sportoefening. En hoe 't dr. de Visser ek abstrahearje en ideälisearje mei, dat is oars net as de brutale en ûnbiskamsune forhearliking fan it lichem, in neakene en eigengerjochtige kultuer fan lichemskrêft en lichemsskientme, in ûngeastlike en ûnreligiëuze forgoading fan it stof, in technysk bidriuw sûnder siel, sûnder geast, sûnder barmhertichheit, sûnder God. De boksers en de balskoppers, de hurdroeijers en de motorjeijers, de tennissers en de moaije kriichfroulju, it binne swiere en sterke spierprotten of lichte en rêdde lichemen: mear kakebien as brein, mear bil as fuotten, mear fûst as hannen, mear ferve en puijer as memmeskerte. Habbe hja noch al in ideäel, dan is it de idele rom, en in preek fan dr. de Visser dêr oer hinne kinne hja jit wol forneare.
Wol immen dat by it Christendom anneksearje, hy moat bileaven syn gong gean. As er mar net mient, dat in Christendom, dat syn universaliteit en kosmyskens yn 'e breedte siket, it wrâldoerwinnend leauwe ynhat.
| |
| |
| |
Yn it neigean.
Ingelân moat útsûndere wurde, mar oars is yn it Westen de politike partijfoarming lyk as wy dy kenne, bigoun yn forbân mei it ûntstean fan it parlemintarisme, dat is yn 'e njoggentjinde ieu.
As de histoarje eardertiids fan partijen forhellet, dan brûkt hja dat wurd yn in oare bitsjutting as hwannear 't wy dy 't noutiidlings libje fan siz mar de Christlik-histoaryske partij prate. Foar ús is in partij in organisearre folksdiel, dat yn it forbân mei in eigen geastlik of ideëel bigjinsel in apart polityk ynsjoch hat, en war docht neffens dat ynsjoch alle politike fragen dy 't oan 'e oarder komme to biantwurdzjen, en alle politike dingen to biwarjen lyk as hja binne of to foroarjen lyk as hja wêze moatte. Mar sa bistiene de partijen bygelyks fan de Oranjelju en de Patriotten de achttjinde ieus yn 'e Republyk fan 'e sawn foriene Nederlânnen net. Dy misten de organisaesje, omfiemen lang it hiele folk net, hiene gjin klear eigen polityk ynsjoch en dreauwen gjin aksje oer it hiele steatkundige terrein. Hwat har skaette, wie yn haedsaek allinne de kwestje, oft der yn it forbân fan 'e steatsynstellingen plak wie en plak wêze moast foar it Oranjehûs.
Mar partijen lyk as wy dy habbe, koene net earder opkomme as de foarige ieus. Hja ûnderstelle de ynfloed fan it folk op it biwâld, en earder as de njoggentjinde ieu hie it folk gjin ynfloed. Likefolle hwerre, yn Frankryk of yn de Republyk, yn Fenetien of yn Spanje, diene de foarsten, de diplomaten, de generaels, de reginten de polityk, en de greate massa fan it folk wier ûnmûlnich. Syn fortsjintwurdigers, as it dy hjir en dêr by de graesje noch al habbe mocht, hiene neat yn to bringen; yn lân en provinsje en
| |
| |
gemeente en stêd wie alle wetjowende, bistjûrende, rjocht-sprekkende en útfierende macht by de inkelen.
Mar troch de Frânske revolúsje is de tredde stân, de boargerij, ta har politike mûlnichheit kommen. Yn it iene lân hwat earder, yn it oare hwat letter krige hja in fortsjintwurdiging, dy 't ynfloed op it regear en it forrin fan de steatkundige dingen hie. En dat proces hat de hiele njoggentjinde ieu troch wurke: hast elke grounwetforoaring joech mear rjocht en macht oan de folksfortsjintwurdiging, stadichoan krigen al mear boargers it stimrjocht, dat nou yn 'e measte steaten al algemien is. Sa is de njoggentjinde ieu wurden de ieu fan de konstitúsjes, fan it parlemintarisme, fan de politike demokraetsije en fan de partijen.
Hwant de boargerij moast nou stimme, mar hwa soe hja stimme? Hja hie gjin politike opfieding hawn en wist nearne net fan. Hja moast har ynfloed dwaen op 'e wetjowing, it bistjûr, de útfiering fan de wetten, mar hwat foar 'n wetten en biwâld wienen it gaedlikst foar folk en steat? Mar om dat út to finen, miste hja ynsjoch, stúdzje, ûnderfining, praktyk, dat de parse, de steatslju, it yntellekt moasten har foarljochtsje. Doe die it mei gauwens bliken, dat de idéen net gelyk wienen: sa kaem der partijfoarming.
Ik hâld my nou fierders by de skiednis fan de partijen yn it ryk, dêr 't wy ta bihearre: it Hollânske. Yn it earstoan wienen der mar twa partijen: de konservativen en de liberalen. De konservativen skikten allinnich út needsaek it feit en de útwurking fan de Frânske revolúsje yn; mar har hert libbe yn 'e tastânnen fan 'e achttjinde ieu, en hja woene foaral net fierder as it ûngelokkigernôch al kommen wie. Mar de njoggentjinde ieu woe en gie al fierder, dat hja rekken hwat langer hwat mear by de tiid yn it efter en waerden in reäksjonaire kloft, dy tsjin alles en foar neat wie. Yn 1891 binne hja as aparte partij weiwurden; lykwols libbet it konservatisme as libbenshâlding en polityk bigryp jitte yn alle partijen: by liberalen en anti-revolúsjonairen en roomsken, ja sels by soasjalisten.
| |
| |
De liberalen dêr foar oer wienen mei hert en siel njoggentjinde ieuwers, dat is bern fan de Frânske revolúsje. Hja wienen de echte partij fan 'e boargerstân, dy 't foar har it folk útmakke, en hja stimden net allinne de bigjinsels fan 'e revolúsje mei, mar woenen ek de útwurking dêrfan trochsette. Sa foarmen hja ûnder de treftige lieding fan har greate foarman Thorbecke de foarútstribjenden en kamen ta greate en rounom hearskjende macht. Mar nei Thorbecke dead habbe it oanwinnend konservatisme yn har formidden, har fordrukking fan it orthodokse folk, it missen fan goede lieding en har individualisme en spjaltsjochtme harren tige ûnderstek dien.
Net lang lykwol hat dizze ienfâldige partijfordieling bistien. Ridlik gau bigoun de religiëuze tsjinstelling wurking yn it politike libben to dwaen. De Roomsken, wekker wurden foaral troch de Aprilbiweging (1853), joegen har yn steatkundige aksje, krektlyk as de orthodokse Protestanten ûnder lieding fan Groen van Prinsterer. Yn it earst oan wurken de Roomsken yn bounmaetskip mei de liberale, de anti-revolúsjonairen mei de konservative partij, mar doe 't hja op it lêst ûnderfounen, dat hja oars net as bihelp en byrinder wèze mochten, binne hja op harsels gien.
Mar it proces hat him fierder trochset. De liberale partij, heilleas dreaun troch spjaltende machten, foel yn har neigean útinoar yn âld-liberalen, uny-liberalen en radikalen (frijsinnich-demokraten). Skeel yn it tsjerklike (Doleânsje), steatkundige en soasjale brocht spjalting yn it orthodokse folksdiel tuske de antirevolúsjonairen, de frijantirevolúsjonairen, it christlik-histoarysk kiezersboun en de Frysk-christlik-histoaryske partij.
En oan 'e lofterkant komt út yntellektuëlen en arbeiders it soasjalisme op, dat foar de machtich wurden boargerij de fjirde stân en foar de kapitalistyske de kommunistyske mienskip yn it plak habbe wol, en ûnder Troelstra him ta greate macht ûntjowt.
En noch liket it net genôch to wêzen: yn 'e tweintichste
| |
| |
ieu broazelet en brekt it troch. Fan de antirevolúsjonairen skiede har ôf de christen-demokraten en lettertiid de Steat-kundige Grifformearden, en nêst de christlik-histoarysken - ûntstien út foriening fan de frij-antirevolúsjonairen, it christlik-histoarysk kiezersboun en de Frysk-christlik-histoarysken - foarmet har de Herfoarme Steatspartij. Lyksa ûntstiet nêst de Katholike Steatspartij de Katholike folkspartij en nêst de S.D.A.P. de S.P. en de S.D.P. (kommunisten), wylst by de Christen-demokraten de Christensoasjale partij neamd wurde moat, dy 't nou foriene binne yn 'e Christen-demokratyske Uny.
En einlings binne jitte opkommen allerhanne bilange-partijen: plattelanners, middenstanners, ekonomyske partij, ensfh., dêr 't somliken fan mar krekt bistien habbe en oaren noch bisteane.
Meiskien hab ik de measten nou neamd; it komt op ien en twa ek net oan. Men soene tinke dat me mei de oprjochting fan 'e rapalje-partij de ein hie. Kin der greater ôfstân wêze as tuske Kersten en Had je me maar of v. Burink? Mar hwa wit - wy binne yn Nederlân.
Ut 'e oanhâldende útwreiding fan it tal partijen docht wol bliken, dat it de njoggentjinde en de earste jierren fan 'e tweintichste ieu in tiid fan fleurich polityk libben west hat. Yn it earst oan nei it Frânske tiidrek, as Willem I syn persoanlik regear driuwt en de konservativen de macht sahwat allinnich habbe - likernôch oan 1840 ta - is it greate diel fan it folk jitte ûnmûlnich, sûnder stimrjocht, sûnder ynfloed, en ek sûnder bilang. Nammers hwat wy in partij neame, habbe de konservativen nea west en nei wierskyn nea wêze wollen. Hja misten almeast alle organisaesje, diene net oan propaganda dat it makke, en seagen de needsaek fan politike programs en bigjinselforklearrings net yn: dêrta libben hja to folle en to iensidich út 'e tradysje, dat is út in foarbygiene tiid, de achttjinde ieu. Har ynwindich en uterlik forbân sochten hja yn 'e sede fan de
| |
| |
‘fortrouwensmannen’: minsken, dy troch har kom-ôf, stân, persoanlikheit, namme, wurk, it fortrouwen fan de stimmers hienen, en har oanhing wienen de eale slachten, de learde lju en de ‘greate’ boargerij: de ‘notabelen’, de ‘élite’. Dy makke foar har it folk út, dy allinne mochten stimme, noch net ienris ûnmiddele, mar oer skiven, foar de Twade Keamer bygelyks oer de skiif fan 'e Provinsjale Steaten. It is dan ek wol sa krekt, fan 'e konservative rjochting as fan de konservative partij to praten.
Mei de liberalen earst komt in partij yn 'e moderne bitsjutting fan it wurd op. Hja binne it, dy 't bigjinne oan it staljen fan 'e foarmen, dêr 't it partijwêzen him fierders oan yn ûntjaen sil: de organisaesje yn kiesforienings, it steatkundige program, dêr 't de kandidaten en de leden fan 'e fortsjintwurdigjende lichems har oan to hâlden habbe., de propaganda troch de middels fan krante, brosjuere en folksgearkomste. Hja meije dy foarmen noch net sa folslein útboud habbe as it letteroan troch de antirevolúsjonairen, de soasjalisten en de Roomsken ta steat brocht wurde soe - mar fan harren is it bigjin. Mei harren set yn de striid tsjin de autokrate macht fan grytman, gouverneur en kening, en it stribjen nei de parlemintaire foarm fan regear en de politike demokraetsije. Krektlyk as letter de antirevolúsjonairen, binne hja opkommen as de partij fan de ‘lytse lju’, de lytse boargerij. Dat diel fan it folk habbe hja politike opfieding jown en it troch de grounwetforoaring fan 1848 mûlnich makke.
Mar de liberalen binne net ûntkommen fan it lot, dat elke partij wankt dy 't machtich wurdt. As hja ûnder de greate lieding fan Thorbecke ta de macht kommen binne, forjitte hja har kom-ôf.
De konservative rjochting oerwinne hja, mar de geast fan it konservatisme nimme hja njonkelytsen oer. Fan radikael - foar 1848 gienen hja by de konservativen foar revolúsjonair - wurde hja reäksjonair. Hwat de tiid fierder fan 1848 ôf giet, hwat hja mear yn 'e forbylding reitsje, dat de tiid
| |
| |
yn 1848 syn lêste wurd sein hat. Yn 1880 binne hja de partij fan 'e greate boargerij. Binypte selsfoldien njonkelytsen, slagge hja de lytse lju oan 'e Roomske èn oan 'e Protestantsk-rjochtsinnige kant gjin acht, likemin as de wekkerwurdende en opkommende fjirde stân, de arbeiders. En sels de radikalen, dy 't yn eigen formidden oerbleaun binne, stjitte hja allinken ôf, oant dy by harren wei geane en aparte partijfoarming foar kar nimme.
Sa driuwt net allinne de religieuze, mar ek de politike tsjinstelling ta fierdere partijskikking. De biweging fan parlemintairisme en demokraetsije, dy 't de liberalen sels geande makke habbe, set ûnkearber troch. Groen van Prinsterer, al foargien fan Bilderdijk, Da Costa, de Clercq ensfh., biropt him tsjin konservatyf en liberael op ‘it folk efter de kiezers’, en forkundiget syn steatkundich bitinken ûnder it ûnmûlnige orthodokse folk. Nei him organisearret Kuyper, út dat folk opkommen, har ta in partij en makket har ryp en machtich, wylst de aristokraet en steatsman De Savornin Lohman harren politike tradysje bybringt. Sa ûntstiet der in nije folkspartij, dy 't har krêft gearlûkt op 'e Kalvinistyske lytse boargerij en foar in diel ek op 'e Kalvinistyske arbeiders. Itselde docht by de Roomsken foaral Schaepman, hwaem 't it slagget, de Katholike steatspartij yn demokratyske wegen to lieden en de Katholike ‘mindere man’ waerm to krijen foar politike aksje.
En jitris kriget in great folksdiel bilang by de steatkunde, as it soasjalisme opkomt, him organisearret ta in arbeiderspartij en ûnder Troelstra's treflike lieding great en machtich wurdt. Mei de arbeidersstân komt it lêste diel fan it folk ta syn politike mûlnigens; foartoan sille alle stannen: greate en lytse boargers en arbeiders, har oanpart habbe yn it bistjûren en kontrolearjen fan de Nederlânske steat. Elke nije kieswet forgreatet it tal stimbirjochtigen, oant einlings de ynfiering fan it algemiene kiesrjocht foar mânlju en froulju beide dy ûntjowing ta in einbislút bringt. Elke nije partij bringt in oar folksdiel ta politike iepenbiering en foarm.
| |
| |
Elke nije grounwetforoaring bilytset de macht fan it keningskip en de ûnforantwurdlike ministearjes en de hegerein, en bringt de trochslach fan de regearmacht by de folksfortsjintwurdiging. De foarm fan it biwâld wurdt hwat langer hwat mear parlemintair, demokratysk, republikeinsk, en de partijen habbe greate macht.
Fan 1878 oant 1905 is it de tiid fan hege politike spanning. Hiele Nederlân - op hwat swalkers en hwat dichters nei - libbet hertstochtlik yn 'e wrakseling tuske liberael, roomskkatholyk, anti-revolúsjonair en soasjalist, en heech en fûl weaget de striid om 'e skoalle, om it stimrjocht, om de earste soasjale wetten, om de koälysje. Yn 'e lytste doarpen en buorrens wurde kiesforienings oprjochte en bringe de propagandisten mei rede en debat de herten yn greate biweging. AI fêster en wisser bouwe de partijen har organisaesje út, en al krekter en wiidweidiger biskriuwe hja har stribjen yn bigjinsel- en wurkprogrammen. En al giet ien fan de partijen, dy 't har tiid net mear bigrypt: de liberale, nei de bidelte en spjaltet hja útinoar yn ûnmachtige fraksjes - de oaren: soasjalisten, anti-revolúsjonairen en Roomsk-katholiken komme stridend en oerwinnend ta greate macht.
Under it ministearje fan Kuyper lôgje de hertstochten nochris wyld en heech op, en om de lieders hinne stride de partijen fûleindich oer it ûnderwiis, de Frije Universiteit, it stimrjocht, de spoarweistaking. Mar nei 1905 - as der in jiertal neamd wurde moat, alhoewol 't it op in jier nei net oankomt - rekket it mei it politike bilang fan it folk yn it neigean, hwat langer hwat mear, oant hjoed de dei ta en hwa wit hoe lang.
Dat wol net sizze, dat de foroaring op in stuit en hookstrooks kommen is. Sa'n lôge fan libben dôvet net op it stuit, mar sakket stadich jier oan jier út. It is in forrin fan jierren en tiden, dat sûnder hoarten en stjitten giet. En ek moat der net út opmakke wurde, dat der sûnt nea wer
| |
| |
flitsen fan greate politike spanning troch it folk gien binne. It hertstochtlik meilibjen yn 'e forneamde lintsjekwestje bygelyks en de nacht fan Staal en it revolúsjegefaer en de stimming oer de Floatwet docht wol oare útwizing: dat út en troch de politike ynstinkten fan de massa har jitte heech opjown habbe. Mar it wienen koarte opflikkeringen, dy 't like hommels weiwaerden as hja opkommen wienen: to koart en to incidinteel, om it âlde politike libben duorjend to wêzenjen mei nij fjûr en nije kriich. Wie de fûle wyn lizzen gien, dan sakke de stream linkende wei syn delgeand paed wer ôf.
Yn dat neigean hâlde wy ta. Dat soe noch klearder útkomme, as der net twaderlei it forrin opkearde: de stimplicht, en de folsleine organisaesje fan de measte greate partijen. Troch de stimplicht wurdt it folk, wurde ek de polityk ûnforskilligen en fijannigen nei de stimbos twongen. En noch bliuwe tûzenen foaral yn 'e stêdden thús, dat men kin it fan it tinken habbe, hwat der fan it stimmen to rjochte komme soe, as it gjin wet wie. En de greate partijen, foaral de S.D.A.P., de antirevolúsjonairen en de Roomsken habbe har organisaesjes hast sa folslein yn oarder, dat it harren tsjin it stimmen oan iderkearen wer slagget, de greate massa foar de polityk gongber to krijen. Yn kiesforiening en húsbisiik, krante en struibledtsje, sprekkerij en optocht, habbe hja machtige middels om it folk ynfieren to biarbeidzjen en op gaedlike tiden yn 'e biweging to bringen.
Mar ek sa is it wol klear, dat it net mear by it âlde is. Der wize to folle tekens efterútgong en forfal. Yn alle partijen kin me de klachten hearre oer sleauwens, mismoed, ôffal, ûnforskillichheit, twariedigens, fortaktisearring, eigen-bilange-polityk, sloppe lieding.
Men heart it net allinne by de hurd ôftakke liberalen, mar ek by de partijen, dy ta de macht kommen binne, net allinne by de greate, mar ek by de lytse partijen. De âlderein klaget, dat it lang sa net mear is as yn de greate en romrofte dagen, doe 't Lohman, Troelstra, Kuyper, Borgesius, Schaepman
| |
| |
yn 'e folle fleur wienen; dat it âlde fjûr út 'e striid is; dat de partij langer hiele oare wegen giet en hiele oare doelen hat as eardertiids; dat it mei it bigjinsel net sa nau mear stekt; dat de jongerein mear bilang hat by sport en geniet en leafhabberij as by it partijwurk. De jongerein dêr foar oer, foarsafier 't dy har noch mei de polityk bimuoit en fan partijen witte wol, forwyt dat de âlderein sa binaude konservatyf is; dat de partijen gjin bigryp habbe noch oanfieling fan de nije tiid; dat der sa'n drôvich bytsje idëalisme en suvere leafde foar it bigjinsel yn libbet, en sa skriklik folle egoïsme, eigenbilang, earsucht, baentsjejacht, materialisme; dat partijtaktyk oer de lieding bislút; dat frasen en greate wurden de earmoed fan ynsjoch, krêft en lieding bidekke moatte.
It is hjirre it plak net to ûndersiikjen foarhoefier 't dat allegearre wier en rjochtfeardich is. Mar sa binne de klachten, en it docht dan ek gjin nij, dat hûnderten fan de âlderein, ienris fûle en drege propagandisten, de moed en it wurk oerjown habbe, en tûzenen jongemannen by gjin mûglikheit ta politike aksje to krijen binne. En by dy 't wol meiwurkje, âlder- en jongerein beide, mist de djippe oertsjûging, de fûle kriich, it forheftige opkringen, it great bitrouwen fan alearen. Der wurdt yn 'e politike partijen noch in bûtenwenstigen wurk dien: út tradysje, út plicht, út ynsjoch, ek wol út leafde en tawijing, mar it machtige ‘élan’ dat de partijen ienris great en ûnoerwinber makke, is foart.
Hwat habbe bygelyks de ûnderwizers foar partijen lyk as de antirevolúsjonairen en de soasjalisten mei har bêste krêften arbeide. Mar men moat de ûnderwiisblêdden de lêste jierren lêze, likegoed fan rjochts as fan lofts, hoe 't dy oer de partijen en de polityk skriuwe, en men moat de krityske hâlding fan it tsjintwurdige ûnderwizerskorps forlikenje mei it enthousiasme fan ‘de âlde garde’. Hwat wurdt der net ôf klage oer de politike ûnkunde en kâldens fan de studinten, de takommende opfieders en foarljochters fan it folk.
| |
| |
De soasjalisten habbe yn 'e A.J.C, in ynstitút ta opfieding fan har jongerein, mar in great diel fan de leden leart dêr mear nocht oan nocht en wille as leafde en striid foar it soasjalisme. Lyksa kriget de jongerein fan de antirevolúsjonairen politike tarieding op 'e Grifformearde jongfeinte-forienings, mar hoefolle fan de tûzenen leden wurde letter striders en wurkers en meidoggers? Natuerlik skeelt it yn it iene of it oare doarp, it iene of it oare gea, mar oer it generael langer gjin great persint. En de politike organisaesjes sels, de kiesforienings ensfh.? To great is by alle partijen it tal, dêr 't de leden tige ûntrou komme, dêr 't sahwat neat gjin aksje en propaganda fan útgiet, hwaens dreech arbeidzjen net folle langer duorret as in wike mennich foar de Keamer-, Steate- en Riedsstimmingen. Ik neam mar inkele dingen foar de hân wei op.
Ik wit wol, dêr stiet tsjin oer, dat tûzenen nei de Roomske lândagen en tûzenen nei antirevolúsjonaire en Christlik-histoaryske gearkomsten optsjogge, en dat de S.D.A.P. yn steat is, in 80.000 man yn Den Haag byinoar to krijen om to tsjûgjen tsjin it militairisme. Mar mei sokke forskynsels mei de inerlike krêft fan in biweging net metten wurde. In beam dy 't siik is yn it hout, kin noch wolris útbrekke yn in oerfloed fan blêd en blom, en in omgammeljend man kin by tiden spiersterk wêze. Mar it lytse wurk, dat gjin namme hat, de stille trou, it offer fan tiid en krêft en tawijing al den dei wer - dat is de griffe mjitte fan de steat fan 'e partijen, en dêrneffens metten is der in noedlike efterútgong.
En as it yn 'e partijen sa al giet, hoe moat it dan net wêze by de massa's, dy 't steatkundich net organisearre binne? Dy har ûnforskilligens en iepenbiere forachting foar al hwat polityk is, wurdt hurd greater. Brede formiddens binne sa fier hinne, dat hja polityk foar ien en itselde oanmerke as baentsjejagerij, gekûp, skynhilligens, folksbidragerij. Hwer 't de foarige ieus fûl om striden is: it parlemintaire regear, de rjochten fan de folksfortsjintwurdiging, it stimrjocht, de
| |
| |
demokraetsije - dat is nou yn 'e forachting. Tûzenen en tsientûzenen is it suver likefolle, oft hja stimme meije al of net; en hoe 't der regearre wurdt, antirevolúsjonair of soasjalistysk, kristlik-histoarysk of liberael, it is harren alles breed nei it sin.
Hwat mei oarsaek en reden wêze? Somliken wolle dêr in natuerlike en soune reäksje yn sjen. Nei sa'n lange tiid fan greate ynspanning binne de jierren fan rêst nedich. It politike tij is heech oproun en opjage en nou is it yn it ôfebjen. It folk hat him in tritich jier efterinoar sa iensidich ôfjown mei de polityk, dat it der wurch en wers fan is en it sin op oare dingen set. Mar sadwaende forhellet it libben him en bringt de iensidichheit fan minsken yn 'e like. It mei skeadlik lykje, de politike ûnforskilligens fan tsjintwurdich, mar ûnderwiles komme oare krêften ta ûntjowing en is de tarieding ta in greater en fruehtberder steatkunde mûglik.
Dy 't dat sizze habbe in diel gelyk, mar alles forklearje hja lang net. As dat it allinnich is, hwerom siikje dan ytliken sa ynmoedich om in nije polityk? Hwant der binne net allinne tûzenen, dy 't alle polityk stribjen forsaekje en it fijannich of ûnforskillich binne; mar dêrtsjin steane ek tûzenen, dy 't oare politike wegen op wolle, en nije partijen, selsstannige formiddens, frije blêdden stiftsje. De striid giet net sa krekt tsjin de polityk sels, mar tsjin de politike foarm, dy 't it libben yn it Hollânske ryk krige hat: tsjin it parlemintairisme, de konstitúsje, de demokraetsije, de soasjale wetjowing, it tradysjonalisme en konservatisme fan de steat, de greate partijen. Sels dy 't miene dat hja fan polityk neat habbe moatte, habbe der mear bilang by as hja witte en witte wolle. Polityk giet net ôf by it sin fan de minske; it is subjektyf in algemien minsklike libbenshâlding, dy 't yn it hearren ta de folksmienskip bigrepen is en dêr 't mar in inkelden ien fan ûntkomt, en objektyf in foarm en utering fan it libben. Hja mei yn somlike anarchistyske en literaire
| |
| |
formiddens yn 'e forachting wêze, lykwol is sûnder har it libben iensidich en biheind.
It hat klearrichheit dat de oarsaken oars earne en djipper lizze. Hwat seit de âlderein, dy 't forlikenje kin? It is net mear as doe 't wy yn 'e fleur wienen. Hwat is der dan oars? Dan ûntjowe hja har en neame nammen: Kuyper, Troelstra, Schaepman, Borgesius, Lohman. Hwat hja yn it tsjintwurdige kritisearje moatte, witte hja net sa krekt, mar hja neame de nammen, dy 't harren lange jierren program en symboal wienen, de striidrop en it oerwinningsjongen. Dat is har krityk en it is reden genôch.
Wy fan 'e tweintichste ieu witte dat net. Wy habbe dy greaten kennen, doe 't hja âld wienen en hurd minder waerden. Mar men moat de âlderen hearre, dy 't har kend habbe yn har krêft. Men moat har optein en wémoedich forheljen hearre fan de romrofte Deputate-gearkomsten fan de antirevolúsjonairen ûnder Kuyper en de machtige soasjalistyske kongressen ûnder Troelstra. It mei my noch krekt tinke, hoe enthousiast ynbânnige, flegmatike Friezen weromkamen fan it sprekken en debattearjen fan Borgesius, Troelstra, Lohman, Kuyper. Hoe waerden yn dy dagen de haedartikels en trijestjerren yn 'e greate blêdden net lêzen, en de spotprinten op 'e lieders geniete, en de debatten yn 'e Earste en de Twade Keamer tusken v. Houten, Kuyper, Troelstra, Borgesius, v.d. Vlugt, ynmoedich folge.
Dy mannen binne it, dy 't it folk yn biweging brochten foar de steatkundige dingen, dy 't har partijen great en sterk makken, dy 't de greate politike foarm skoepen. Sûnder har hienen organisaesjes en programs, bigjinsels en ideälen net folle útwurke. Har macht, wollen en ynsjoch bihearske de Nederlânske polityk.
Hoefolle soasjalisten doedestiids soenen it program fan 'e S.D.A.P. kend habbe? of hoefolle antirevolúsjonairen en christlik-histoarysken de kêsten en paragraven fan it karbrief fan har partijen? Troelstra, Kuyper, Lohman, dy wienen har program - dat bidoelde de soasjalistyske lieder,
| |
| |
doe 't er sei dat Amsterdam III in lantearnepeal stimme soe, as er mar read opferve wie. De greate massa's folgen de lieders sûnder wifkjen, net blyn lyk as der faken smeuld is, mar mei great bitrouwen en enthousiasme. Hja fielden it by yntuysje oan, dat yn harren de partijen stal en symboal hiene, dat hja opkommen wienen en dreaun waerden troch in ynwindige politike needsaek, dat it rhytme fan de tiid harren biweegde, dat hja it biskiedende wurd sprieken, net tafallich en by gelok, mar út inerlike wissichheit, dat hja ta de macht fan de foarm brochten hwat yn de tûzenen foarmleas en ûnmachtich libbe.
It wie dan ek gjin treffen, dat it politike libben yn it neigean rekke, doe 't Kuyper, Lohman, v. Houten en Borgesius âld waerden, v.d. Vlugt, Bos en Drucker der by wei foelen, en fan Troelstra it bêste njonkelytsen ôf gie. Dy 't oan har folgen, misten net allinnich har greatens fan lieder en steatsman, mar ek har politike needsaeklikens. De S.D.A.P. kin yn har opkommen net tocht wurde sûnder Troelstra, mar yn har tsjintwurdich bistean wol sûnder Albarda en Schaper. Kuyper makket yn de ûntjowing fan de antirevolúsjonaire partij in needsaeklik elemint út, Colijn en Heemskerk net. Lohman, v. Houten, Kuyper, Troelstra, Borgesius wienen lieder jure suo, de letteren binne it troch oanwizing of bineaming. De tsjintwurdige foarmannen: de Visser, Schokking, Snoek Henkemans, Nolens, Wijnbergen, Bomans, Heemskerk, Colijn, Diepenhorst, Fock, Patijn, Marchant, Wibaut, Albarda, Vliegen, Schaper, binne knappe lju, dêr 't gâns goed fan to sizzen is, mar greate politike lieding binne hja net yn steat to jaen.
Hja misse it psychologyske kunstnerskip, om de massa yn 'e foarm to bringen, it steatsmansynsjoch, om de greate en wisse methoade to kiezen, de inerlike oanfieling fan it rhytme fan de tiid, de evenredige forhâlding fan reälisme en ideälisme. Hja habbe allegearre hwat fan de lieder: Nolens bygelyks is in tûke taktikus, Fock in regint, krektlyk as Albarda, Colijn in praktysk ekonoom, Patijn in knap
| |
| |
financier, de Visser in praktysk ideälist, Schaper in folkstribún - mar gjinien is it folslein.
Dêr sukkelje alle partijen oan. Hja krije gjin brede en sterke lieding, dy 't harren smeit ta ien lichem mei ien rhytme, ien wollen, ien driuw en died. De foarmannen binne net yn steat, enthousiasme, kriich, krêft, energy op to roppen. De tradysje jowt mear lieding as de persoan. Dat kin in skoft goed gean, mar moat op 'en dûr faeije wurking dwaen. Sa rekket de ienriedichheit foart by de foarmannen en it bitrouwen by it folk. Yn pleats fan ien binne der twa of trije greate mêsten op ien skip, en it Fryske (en Hollânske?) sprekwurd warskôget, dat dat net kin. De iene foarman wol fan de oare yn 'e selde partij gjin sizzen habbe, en gjinien sprekt it lêste wurd, dêr 't alles nei harket en docht. Polemiken en striid, lyk as lêstendeis tuske Prof. Visscher en Zylstra, en de lêste jierren tuske Stenhuis en de lieding fan de S.D.A.P. en tuske de Michaëlisten en it Roomske partijbistjûr, moatte op 'e massa in fatalen ynfloed habbe. Dy fielt hwat langer hwat klearder, dat hja net wis en sterk laet wurdt, en rekket it djippe, nea wifkjende bitrouwen kwyt. Dat is mei gjin Schaepmanstichtingen noch Troelstra-oarden noch Kuyper-huzen, mei gjin founsen noch optochten goed to meitsjen. It folk giet dêrom foartynienen net út syn partij, mar wurdt kritysk, twivelriedich, ûnbitrousum, mismoedich, en is hwat langer hwat minder ta it wurk to krijen. Hwa 't de politike blêdden neigiet en foaral it folk der oer bifreget, merkt ridlik gau, dat dizze noedlike forskynsels al moai fier en djip har wurking dogge.
Lykwol meije de lieders net op harsels oardiele wurde. De krityk op 'e lieder is teffens krityk op 'e partij. Elke partij kriget de lieding dy 't hja wurdich is. In lieder kin alle greatens misse, dat er dôch in goede en sterke lieding jowt, mits dan moat de partij soun en geef wêze.
Hjir is wurking fan beide kanten. De greate politike lieder komt net tafallich en allinne, mar út 'e needsaek fan it for- | |
| |
midden op. Kuyper, Lohman, Troelstra binne út 'e opdriuw fan it antirevolúsjonaire en it soasjalistyske folk foartkommen. Sûnder de mannichte wienen hja dûmny, rjochter, abbekaet bleaun en professor yn 'e theologije, de rjochtsfilosofije, it strafrjocht wurden. Hja habbe partijen great makke, dêr 't hja sels great troch wêze koene. Gjin nij wurd habbe hja sein, mar yn in nije foarm habbe hja útsprutsen hwat yn it folk libbe.
Dat is it ûnderskie tuske de lieder en de profeet. De profeet komt op bûte de partij, de mannichte, de kloft. Hy hat gjin formidden. Hy is mei God allinnich en stiet tsjin alle man. Mar de lieder is ien en mien mei syn formidden. Dêr kriget hy syn krêft út, lyk as de Grykske reus út 'e ierde, dêr 't er op stie. Salang 't dat formidden sterk en krigel is, kin er machtige lieding jaen; mar rekket dat dêr út of wurdt it slop en ûnmachtich, dan moat de lieding fan de greatste forswakje. Dêrom moat de profeet krityk habbe: dat rjochtfeardiget him. Mar it is noedlik wurk, de lieder krityk to dwaen: sa is de ienheit brutsen.
It hinget mar foar ien diel fan de persoanlike greatens fan de lieder of, hwat er mei de partij wurde kin. Stel, Albarda wie greater as Troelstra, en Colijn as Kuyper, dan noch soenen hja net yn steat wêze, de greate lieding fan har foargongers to jaen. Hwant hja habbe har partij net mei, lyk as Troelstra en Kuyper dy meihienen: as in iendiedich lichem, dreaun troch in ienriedige geast. Hja habbe it elk foar oar to stellen mei partijen, dêr 't de greate spanning út is. Hja wurde net droegen troch in sterke stream fan ienriedich wollen. Hja misse hwat ta lieding nedich is, it wide bitrouwen, dat allegearre: partij en lieder omspant.
Sa wurdt de krityk op 'e lieder likegoed in krityk op 'e partij. It forbân en de ienheit fan de partijen en har foarmannen binne frijhwat foart, likegoed ynwindich as uterlik. Hwat it uterlike oanbilanget, komt dat foaral mei fan de tsjintwurdige kieswet. Doe 't it ryk jitte fordield wie yn hûndert distrikten en elk distrikt in ôffurdige nei de Twade
| |
| |
Keamer stjûrde, hiene de kiesforienings fan doarp en gemeente gâns mear ynfloed by it stellen fan de kandidaten as noutiids. Hja leine fansels wol oer mei de hegere partijbistjûren, hwa 't hja stelle soene, mar dochs hienen hja it yn 'e macht en nim ien dy 't yn har distrikt bikend wie en dy 't ek hja koenen.
Mar mei de evenredige fortsjintwurdiging is de fordieling kommen yn inkele ‘kieskringen’, dy 't hiele provinsjes bifetsje en safolle Twade Keamerleden massael ôffurdigje. Hwat foardielen dat ek habbe mei, to great is de skea, dat de kiesforienings yn sa'n great forbân in bjuster bytsje yn to bringen habbe. Hja kinne nammen neame, mar de kâns, dat har útstelde kandidaten op 'e list komme, is tige lyts.
Sa krije de partijen hwat langer hwat mear kandidaten, dy 't yndie net steld binne troch de kiesforienings, mar fan boppen ôf troch de hege bistjûren. Kandidaet wurde yn earsten net, dy 't it folk en de streek, dêr 't hja foar sitte moatte, út ûnderfining kenne, mar dy 't de gunst fan de partijfoarsit habbe. Hoe sil it enthousiasme fan it folk dan great wêze? It moat faken stimme op lju, dy 't it allinne fan hearren en sizzen ken: Friezen op in Hollanner, dy 't fan de Fryske tastannen net wit, de Hollanners op in Gelderskman, dy 't yn Hollân ûnbikend is. En hja dogge it, omdat hja de tsjinstrider net oan de oerwinning helpe wolle op kosten fan eigen partij, mar it bigjinsel fan de konstitúsjonele oarder: it forbân tuske kiezer en keazene, moat it bilije.
En nammersto mear boazet dy kwael oan, omt de lieding fan hast alle partijen it folk mei alle gewelt oanstiet, op nûmer 1 fan de partijlist to stimmen. Organisatoarysk is dêr hwat foar to sizzen, mar sa ûntnimt men it folk de lêste mûglikheit, syn stim to jaen oan immen dy 't it ken en fortrout en heechhat.
Sa 't it liket, hat de nije manear fan stimmen de partij-lieding machtiger makke as ea. Hja hat dêr greaten ynfloed op, is der hast wis fan, dat hja dy mannen yn 'e folksfortsjintwurdiging (en yn 'e Steaten) kriget, dy 't hja dêr
| |
| |
leafst habbe wol en bêst brûke kin. Mar it giet op kosten fan de partij, dat is by einsluten op kosten fan harsels. De polityk docht de lêste jierren oanienwei bliken, dat mei alle demokraetsije en algemien stimrjocht it folk skraechwurk hwat to sizzen hat. De partijen habbe yn Twade Keamer en yn Steaten in fortsjintwurdiging dy 't sels yn wichtige kwestjes faken bislút sûnder har to bikroadzjen om it bitinken fan it folk, dat har ôffurdige hat. En net allinnich yn 'e fortsjintwurdigjende lichems fan it ryk, mar ek yn 'e partijen sels wurdt fiersten to folle bihannele en bisluten bûten it witten fan de massa. In lyts ploechje foarmannen bisteutert de boel, en de kiesforienings, it folk habbe it neipraten.
Sa is bygelyks it algemien mânljus- en frouljusstimrjocht der troch kommen tsjin it sin fan it greate part fan it antirevolúsjonaire folk, mar sûnder tsjinwar dat makke fan de antirevolúsjonaire Keamerleden. It soasjalistyske folk is folle konsekwinter antimilitairist as men út 'e wiffe hâlding faken fan de soasjalistyske parlemintsleden opmeitsje soe. De ûnderwiisfrede is yn 'e hege formiddens foarinoar makke, sûnder dat it folk yn steat steld waerd dêr syn bitinken bytidernôch oer to sizzen. De Roomske en Christlikhistoaryske partijfraksjes yn 'e Twade Keamer habbe ûnfortocht de koälysje forbrutsen, sûnder dat har partijen der har earst oer utere hienen. Yn 'e striid tsjin de offisjele partijlieding fan de S.D.A.P. hie Stenhuis hiel hwat lju efter him, mar dy lieding hat it yn stillens wol sa fier krige, dat har gefaerlike tsjinstrider fan de baen rekke.
Sa giet it yn it great, sa yn it lyts. En dan, as alles oer is, mei de massa offisjeel protestearje: yn 'e partijblêdden, op 'e deputategearkomsten, op 'e kongressen. Mar de lieding hat almeast dy blêdden yn hannen en hwat der fan de krityk op 'e gearkomsten to rjochte komt, wit men sa njonkelytsen wol. Dy stjert in sêfte dea ûnder lange en snoade partijmoasjes of wurdt troch forneamde sprekkers mei gewelt fan wurden delslein. Hja is to folle krityk fan de fieling, om al hoe wier 't hja is, op partijgearkomsten it to winnen fan de
| |
| |
autoriteit fan de foarmannen en de macht fan de taktyske sprekkimst. Ek is hja faken negatyf en kin de positive foarm net fine.
Mar nammersto sterker libbet hja yn de brede formiddens fan it folk, en docht dêr har stille, mar wisse wurking.
Hwat seit de jongerein? Lyk as de âlderein oardielet neffens it forline, docht dy krityk út 'e takomst wei. Sa 't de partijen laet wurde, komme hja slim efter de tiid oan. Hja hâlde har sterk oan it forline en geane to stadich en to skrutel de takomst yn.
Dêrmei is in great biswier yn wurden brocht, dat oars as de nije manear fan stimmen foaral ynwindich wurket. It konservatisme hearsket, noch net sa lyk yn it uterlike: yn 'e programs en de propaganda, mar binammen yn 'e geast en de libbenshâlding.
Dat hat de liberalen ûndergong dien, en it set by de Roomsken, de antirevolúsjonairen, de christlik-histoarysken, de frijsinnichdemokraten en de S.D.A.P. bitizing en twivelriedichheit. De tiid giet rimpene hurd en de partijen kinne net meikomme. Hja binne fan stap en rhytme ôfrekke, en steane to driigjen foar de takomst, dy 't mei hasten oankomt.
De polityk hat twa dielen: it bigjinsel, dat bûte de tiid is en troch de tiden hinne gelyk bliuwt, en de praktyske útwurking, dy troch de tiid biskaet is en mei de tiid foroaret. Elke partij moat dy twa eleminten yn in evenredige forhâlding ynhabbe. Mist hja it bigjinsel, dan giet hja ûnder yn opportunisme. Bikroadet hja har net om 'e praktyske útwurking fan har polityk, dan rekket hja út it forbân fan de tiid en stjert yn abstraktens. En dat is tsjintwurdich it gefaer, dat de partijen yn it Nederlânske ryk wankt.
Alde kwestjes en tsjinstellingen habbe útarbeide, en nije fragen komme op. Wy geane fan de njoggentjinde yn 'e tweintichste ieu, en de partijen, dy 't yn dy njoggentjinde ieu ûntstien binne, moatte har nij oriëntearje. Hja krije it to stellen mei nije fragen, nije methoaden, nije foarmen. Oft
| |
| |
hja wolle of net wolle, hja moatte. Hwant in partij dy 't de ynwindige politike needsaek kwytrekket, forlibbet harsels.
Yn 'e njoggentjinde ieu waerd de polityk yn dit ryk bihearske troch twa faktoaren: de striid om lykbirjochtiging yn it stik fan it ûnderwiis èn de striid om de politike demokraetsije. Mar beide binne hja almeast ta in útslútsel kommen. Oft Cort v.d. Linden syn einbislút fan de skoallestriid, foarsafier 't dy de steatkunde oanbilanget, ideäel neamd wurde mei, is in twade saek. De manear fan de lykbirjochtiging fan it iepenbier en it bisûnder ûnderwiis, lyk as dy sûnt Mackay bistribbe is troch subsidiëarring, binne greate biswieren tsjin yn to bringen. Ek sil der jit wolris praet wurde moatte oer somlike bitingsten fan subsidiëarring, foaral oer it tal opleine ûren wyks foar de fakken a oant k yn artikel twa fan de leger ûnderwiiswet. Ek moatte in stikmennich gemeenterieden der jitte ta wenne, de wetlike lykbirjochtiging royael ta in útfier to bringen. Mar yn greate haedsaken is de skoallestriid yn it politike dien, en wurdt er allinne trochset yn it geastlike en pedagogyske.
Likernôch krektsa is it gien mei de striid om de politike demokraetsije. Troch de ynfiering fan it algemiene mânljus- en frouljusstimrjocht is hy ta de oerwinning kommen. Alle boargers en boargerinnen, fan hokker leauwe, stân of rykdom, habbe nou deselde rjochten foar de wet, en it hiele folk kin ynfloed op it regear fan ryk, steaten en gritenijen dwaen. Ek hjirre is it wer de frage, oft in oar útslútsel, bygelyks it ‘huismanskiesrecht’, net better west hie. Ek wolle somliken it folk jitte it rjocht fan it referendum ta habbe, om lyk as yn Switserlân bart, jitris to stimmen oer bisluten fan greate bitsjutting, yn de folksfortsjintwurdiging al oannommen. Mar hoe 't dat ek wêze mei, de partijen habbe har by it algemiene stimrjocht foar mânlju en froulju dellein en bilang by in striid om in oare manear fan stimmen, docht wol bliken, hat de greate massa fan it folk net. De politike demokraetsije is ta steat kommen, en de partijen stride der amper mear oer.
| |
| |
Mar nou is it de tweintichste ieu en in nije politike ynhâld groeit en siket om syn foarm. En nei wierskyn sil it jitris oer twa dingen gean: oer de frage fan de soasjael-ekonomyske demokraetsije en oer de frage fan it anti-militairisme.
De striid om 'e soasjael-ekonomyske demokraetsije is de foarige ieus al bigoun, mar yn dizze ieu sil er yn it great trochset wurde en hwat langer hwat mear de polityk bihearskje. Der hat in tiid west, dat der in moai skerpe grins tuske steatkunde en ekonomije lutsen waerd, mar nei de Frânske revolúsje, ûnder it kapitalisme fan de njoggentjinde ieu, binne dy twa yninoar wreide, en nou is it safier hinne, dat de steat in middel en orgaen fan ekonomyske polityk wurdt, linkende wei mear. De steatsman tsjintwurdich hat folle minder yn to bringen as earen Cromwell, Fleury, Metternich. De greate bankhâlders en beurskeningen, de machtige lieders fan de wrâldhannel en de ynternationale yndustrijen, dy regearje de wrâld en stjûre de polityk fan de steaten.
Yn it politike habbe de brede folksmassa's de lykbirjochting woun. Mar yn it ekonomyske en soasjale hearsket swier oer harren it hast almachtige kapitalisme fan inkele tûzenen, en binne hja likernôch rjochtleas. Sûnt de tredde stân, de boargerij, yn 'e Frânske revolúsje de eallju en de geastlikheit oerwoun, binne út har foartkommen de ‘nije rikelju’, dy 't de ekonomyske macht fan de wrâld nadere habbe. Mar dy 't net meikomme koene: de lytse boeren en boargers, en de miljoene-massa's fan de lân- en fabryks- en mynarbeiders, dy binne sakke ta in macht- en rjochtleaze stân: de fjirde. De fordrukking fan it moderne kapitalisme hat harren it bisef fan stân bybrocht, en hja stride, earst polityk en dan soasjael-ekonomysk, foar har frijdom en lykbirjochtiging. It giet om 'e frijdom fan dy fjirde stân, fan de arbeiders, of oars en better sein, om de frijdom fan de arbeid, hwat der yn it soasjale stribjen fan dizze tiid bistriden wurdt.
En midden yn dy striid steane de steaten. Hwat moatte hja dwaen? Der har bûten hâlde kin net mear, sa binne
| |
| |
hja mei it ekonomysk libben forwoeksen. Hoe sille hja har ienheit biwarje? De machten fan it kapitael litte út eigen bihâld neat los, en de opkringende arbeiderskloften, itsij roomsk of soasjalistysk, kalvinistysk of kommunistysk, easkje al radikaler.
En dêr midden yn ek steane de partijen. Nije fragen of âlde yn in nije foarm wurde harren dien, en de tiid twingt har to antwurdzjen. Hja moatte har bitinken sizze, foar de earste kear of op 'e nij en yngeander, better, oars, oer it wurkdellizzen en de útsluting, it kollektyf kontrakt en it binend meitsjen dêrfan, it meisizzen fan de arbeiders, de soasjalisaesje, de nationalisaesje, de hierfrage, it persoanlik en it mienskiplik eigendom, it erfrjocht. Hja moatte dat sizze, net allinnich yn program en propagandarede, mar yn de died.
Mar dat is krekt it biswier. Hwant yn al de greate partijen, ek yn de S.D.A.P., binne foriene konservativen en foarútstribjenden. De karbrieven en de programs dogge dêr faken gjin útwizing oer, mar wol de geast en libbenshâlding. Ien diel hâldt him oan de âlde wegen en doelen, it forlikenet mei hwat west hat en is fan bitinken, dat men al in hiel ein hinne it doel is. It sit foaral ûnder de praktyske lju, ûnder de âlderein en ûnder dy troch har partij ta rykdom, eare of lieding kommen binne. Mar it oare diel is ûntofreden, forlikenet mei hwat komme moat en wol hurder en fierder foarút. Dat binne de arbeiders en de jongerein. De jongerein, foarsafier 't dy polityk bilang hat, giet it yn 'e partijen lang net radikael genôch, krekt likemin as de arbeidersbounen. It N.V.V. en de kommunisten driuwe de S.D.A.P. op, it Roomsk-katholike fakbureau en Folksboun de Roomske steatspartij, it C.N.V., Patrimoanium en it C.N.W. de christlik histoarysken en anti-revolúsjonairen.
En de lieding fan de partijen bisiket it dêr sa folle mûglik tuske to middeljen. Foaral Nolens is dêr in master yn. Tiidlik kin dat streksum wêze, mar op 'en dûr moat it greate skea dwaen, lyk as wy nou al ûnderfine. De lieding bitiist
| |
| |
har al fêster yn taktyk en kin gjin sterke en birette bigjinselpolityk mear fiere. En it doel: konservatyf en radikael byinoar to hâlden, slagget har allinne foar it uterlike. Ynwindich reitsje hja útinoar, oant ek de uterlike bân brekt en beide eigen partijen oprjoehtsje. Sa habbe konservative antirevolúsjonairen al de Grifformearde Steatspartij stifte, konservative christlikhistoarysken de Herfoarme Steatspartij, konservative antirevolúsjonairen en christlikhistoarysken it rjochtse plattelannersboun, radikale antirevolúsjonairen en christlikhistoarysken de Christen demokratyske Uny, radikale Roomsken de Roomsk-katholike Folkspartij, radikale soasjalisten de kommunistyske partij en hwa wit hwat der jitte mear to wachtsjen stiet.
En forsafier 't konservatyf en radikael yn it forbân fan 'e greate partijen bliuwe, is de forhâlding stiif en stroef. By elke stap foarút skoarret de konservatyf tsjin, omdat it al in stap is, en hat de radikael argewaesje, dat it mar ien stap is. Sa forswakje by beide de kriich en de moed, beide binne fol krityk op 'e lieders, de ienheit yn partij en lieding rekket foart, en foar in greate en wisse polityk komt yn it plak in driigjend en wifkjend bisiikjen, dat gjin krêft en geast fan de takomst hat.
En it twade, dat yn it sintrom fan 'e politike striid stean sil, is de frage fan militairisme en antimilitairisme. De Folkebounsaksje, it stribjen nei bikrimping fan 'e wapening en de sterk útwreidzjende antimilitairistyske propaganda binne it bigjin al, en elke partij sil har oer dy frage biriede en har bitinken klear formulearje moatte.
Hwant dizze tiid bringt ien fan de greatste foroaringen ta steat, dy 't ea to wrâld bard binne: de oarloch wurdt probleem. Dat hat er yn gjin hûnderten fan jierren west. Wol wienen der de foarige ieuwen wiisgearen dy 't fan in ivige frede dreamden, en sekten dy 't wapengewelt foar ûnchristlik oanmurken, mar oer it algemien naem men de oarloch as in needsaeklik en by tiden rjochtfeardich middel
| |
| |
oan. Mar noutiidlings komt er by de folken likegoed as by har geastlike en soasjale lieders yn 'e frage to stean. Oarloch - is it gaedlik? Ja, antwurdet it iene diel fan de minsken: it makket it minskdom sterk en great en bringt de djipste mûglikheden ta ûntjowing. Né, antwurdet it oare diel: it bringt oergunst en haet en beesteftige bigearlikens foart, en set nij skeel yn pleats fan âld út 'e wei to meitsjen. Is it needsaek? Ja, it bloed easket en it is in elemint yn de ûntjowing fan de wrâld, en it selsbihâld fan de steaten en folken moat it to baet nimme. Né, mar de ûnbitrousumens en bigearlikheit en ûnbarmhertigens biwege de goddeleaze ynstinkten yn 'e minske, en hy lit him dêr slaef fan meitsje en makket him frij fan de needsaek fan de minsklikheit en de Godlike wet. Is it rjochtfeardich? Ja, it kin in nedich diel en middel wêze fan in ideëel en rjochtfeardich en Christlik stribjen. Né, it is it rjocht fan de sterkste en bernet ûnrjocht út ûnrjocht. Is it Christlik? Ja, it kin in rjocht en sels in plicht fan Gods wegen wêze. Né, mar it striidt tsjin de Godlike wet en de leafde fan Christus.
Sa steane de bitinkings lyk foarinoar. It giet net mear om it rjocht fan dizze of dy oarloch, mar de oarloch yn it miene, de oarloch sels is yn 'e pleit. Mar dat is net opkommen sûnder greate en driuwende oarsaek.
Hwant de oarloch is fan bistean en aerd foroare. Alearen wie it in striid leger tsjin leger en float tsjin float. Wie ien fan de stridende legers of floaten forslein, of wie de haedstêd fan ien fan de stridende partijen ynnommen, dan gie it oanbilangjende folk foar oerwoun en sleat it sa gau en sa gaedlik mûglik frede. It kaem der dan ôf mei it forlies fan inkele stêdden of in gea of in koloanje, en moast in foech oarlochsskatting opbringe.
Mar nou stride de folken mei al har militaire, technyske, ekonomyske, finansjele en geastlike krêften, en der komt gjin ein fan, ear 't de iene partij net alhiel machteleas is. It hiele folk komt ûnder de wapens, fan foege bern ôf oant âlde lju ta, en sels de froulju ûntkomme dêr mar amper fan.
| |
| |
Hwa 't net ûnder de militaire tsjinst kin, wurdt oproppen om yn it ekonomyske it uterste to prestearjen. De finansjele lêsten wurde opdreaun op it steats- en folksbankerot ôf. De oarlochstechnyk mei har chemyske, technyske en bakteriologyske middels wurdt sa grouwélige folslein makke, dat elke fjildslach hûnderttûzenen deaden, wounen en foar it libben ûngelokkigen kostet. Hiele stêdden wurde mei de groun lyk brând, geaën ûntfolke fan libbenen en mei deaden bifolke. De Hunnekening Attila, ‘Gods gisel’, hat sok wurk net leverje kinnen. Ik kom net op 'e widdouwen en wezen, net op 'e smert fan de memmen, net op 'e forwyldering fan de geasten, net op it útbrekken fan demoanyske hertstochten. Dat rekkent yn 'e wrâld net mei. Mar hwat der forwoaste wurdt, moat jitris mei oanspanning fan alle materiële en geastlike krêften nijmakke wurde.
En dat bart allegearre yn de tsjinst fan imperialistyske polityk. Hwat wie de wrâldoarloch fan '14 oant '18 oars as hûnger fan kaptael en lân en macht? Yn 'e sechstjinde en de sawntjinde ieu koene noch godstsjinstoarloggen bistean, dêr 't yn alle breklikens en ûnsuverens dôch religieuze en ideële redenen yn wurken. Oft ek hja strekt habbe ta it doel, is in twade saek, dêr 't ûngelyk oer tocht wurde kin. Luther bygelyks stimde fan herten de fordylging fan de revolúsjonaire boeren en Oerdopers troch de Dútske foarsten mei. Bikend is syn bea fan de Christen-soldaet mei it einbislút: Astû dan de tolve artikels fan it leauwe en it Us Heit noch opsizze kinst, kinst it dwaen en dan is it ek genôch. Bitrou dêrmei lichem en siele yn Gods hannen. En tsjoch dan út 'e ein en slach der yn Gods namme yn. Mar Kalvyn, alhoewol likegoed als Luther it rjocht en de plicht fan de oarloch fordigenjend, woe dochs habbe, de Frânske Protestanten soenen har as bloedtsjûgen fan Christus sûnder forwar deadzje litte en net opstean. Mar yn alle gefallen is it net to ûntstriden, dat mei dy oarloggen hegere bigjinsels mank wienen. Mar hwat nou driuwt, is materialisme en grousum machtsbigearen, sûnder ien geastlik of ideëel motyf.
| |
| |
It bigryp kriget hurd klearrichheit, dat it dy heilleaze wei net fierder lâns kin. Sà moat Jerope mei syn kultuer yn earmoed, machteleazens en barbarisme tobekfalle. Mar hwat moat der barre? De achttjinde en de njoggentjinde ieu habbe kongres foar kongres nei dwaende west, it oarlochsrjocht to bikrimpen en fêst to stellen. Der is ûnderskie makke tusken rjochtfeardige en ûnrjochtfeardige en tusken fordigenjende en oanfallende oarloggen, tusken wapene en ûnwapene boargers, tusken forsterke en ûnforsterke stêdden, tusken hannels- en oarlochsskippen, tusken wetlike en ûnwetlike wapens, middels en methoaden. Theologen, wiisgearen, rjochtskundigen en moralisten habbe wiidweidich biskreaun, op hwat foar 'n bitingsten in oarloch rjochtfeardich wie en op hwat foar 'n manear 't er fierd wurde moast.
Mar de oarlogjende steaten habbe har nearne net oer bikroade, en de reäliteit laket lûd om alle ûnderskieding.
De reäliteit is sa, dat gjin steat ien middel noch ien methoade skrommet, om de fijân ûnder to krijen. It giet op libben en dea, en dy 't de macht hat, brûkt him ûngenedich. Hwat is langer in rjochtfeardige oarloch en hwat in ûnrjochtfeardigen ien? of hwat is it ûnderskie tusken in oanfallende en in fordigenjende oarloch? of hokker boargers binne wapene en hokker net? of hokker stêd is forsterke en hokker net? of hwat is wetlik en hwat ûnwetlik? En hwa makket dat út? En as it útmakke is, hwa docht dêrneffens? En hwa sil him twinge, dy 't der net neffens docht?
Sa moast de oarloch sels wol yn 'e frage komme. De âlde skôging fan oarloch en oarlochsrjocht foldocht net mear. It hat to goed bliken dien, dat hja tsjin de reäliteit machteleas is. Hja keart gjin oarloch en hja forbettert en foredelet gjin oarloch. Natuerlik binne der jit tûzenen en tûzenen, dy 't yn har tradysje foartlibje en in great bitrouwen hâlde op kongressen, konferinsjes, bounen en fordraggen. Mar oan har iene kant komme ek tûzenen op, lyk as de fascisten en de kommunisten, dy 't it geweit as in gaedlik en needsaeklik middel yn har polityk brûke en de oarloch ûnbitinge
| |
| |
forhearlikje - en oan har oare kant oare tûzenen, dy 't út oarsaek fan minsklikheit of fan Christendom né tsjin de oarloch sizze.
Wy steane jitte yn it oanbigjin, mar de fragen fan wapening of ûntwapening, tsjinstplicht of tsjinstwegering, fordigening troch it gewelt of fordigening troch warleazens, bigjinne by dagen driuwender de folken en de tsjerken oan to gean, en in kompromis tuske de beide opfettingen wurdt al swierder. Dat de steatkundige partijen komme foar de slimme opjefte, op dy fragen èn út it bigjinsel wei èn neffens de praktyk it kleare antwurd to dwaen. Hja sille dêr net foarwei kinne: de tiid en mear noch de takomst ferget der op.
Dat lykwols giet oer de ynhâld fan de polityk, en de partijen kinne harsels forhelpe, as hja oan dy nije ynhâld wolle en doare. Mar noedliker is it, dat de politike foarm, dêr 't de partijen út ûntstien binne, syn styl en needsaek liket to forliezen.
De foarige ieus hat de polityk fan de Jeropeeske steaten har set yn 'e foarm fan it demokratyske parlemintairisme. De Frânske revolúsje makke in ein oan de absolute foarsteen regintemacht, en lei yn grounwet en folksfortsjintwurdiging de grounslach fan in nije, konstitúsjonele steatsoarder. En de njoggentjinde ieu hat dy foarm útboud, oant er frij hwat folslein wrie. De macht fan de foarst is hwat langer hwat mear ynkrompen, en de ynfloed fan it folk yn syn fortsjintwurdiging by it regear is great en greater wurden. De lear fan de folkssouvereiniteit hat safolle útwurking hawn, dat yn somlike lânnen alle regearmacht oan it folk kommen is, en yn oare it regear sûnder en bûten it folk sahwat neat dwaen koe. En dêrút binne de partijen opkommen, om it folk op to fieden en to organisearjen ta de politike plicht, dy 't it yn de konstitúsjonele parlemintaire steatsoarder skuldich is.
| |
| |
Mar it libben giet altiten troch, en alle libbensfoarm moat ynfalle, sa gau 't er ta sa'n hichte fan folsleinens kommen is. Hy kin jitte in set yn 'e tradysje stean, mar it libben giet der út en ienris sakket er yninoar. It is bomiis, it wetter is der ûnder wei. Ek de polityk set har tiid oan tiid en ieu oan ieu yn oare foarmen, en it âlde rekket syn needsaek kwyt, wurdt oerstallich en dea en jowt foar it nije bilies, lyk as in nije tosk in âlden ien útstjit.
Yn 'e foarige ieu is der ynmoedich en bitrousum oan de parlemintaire steat boud. Dy waerd doedestiids skôge as in ideäel en oanfield as in needsaek fan reäliteit. Hja seagen it oan foar de ideäle steatsfoarm: dat joech de striid dêr foar syn twingende macht en wisse oerwinning.
Wiisgearen forkundigen syn idé, steatslju en partijlieders brochten him yn 'e praktyk, de folken woene him. Der wienen al party hjir en dêr: anarchisten en revolúsjonaire soasjalisten fan it slach fan Bakoenin, Proudhon en Domela Nieuwenhuis, dy 't de ‘boargerlike’ steat principieël foroardielen en it parlemintairisme foar in liep en ûnwierhaftich bisiikjen fan de sittende klassen oanmurken om de kommende wrâldrevolúsje to kearen. Mar folle ynfloed habbe hja net krige. Troch de greate folksmassa's en de partijen, ek de parlemintaire soasjalisten, is de njoggentjinde ieuske steat itsij as in ideäel of as in needsaek oannommen, en hja habbe allegearre meiwurke, om him út to bouwen en sterk to meitsjen.
Mar de tiid forfeit him. De steat, lyk as wy dy fan de njoggentjinde ieu oerkrige habbe, is yn brede formiddens net mear in ideäel, noch wurdt er langer oanfield as in needsaek. Hjoed de dei stiet er yn 'e wiffe frage, en de foroardieljende krityk sprekt wol sa lûd en stout as de stimmen fan it bihâld. It filosofysk tinken, meastentiids syn tiid yn it foare, hat de folkssouvereiniteit forwurpen en is earst ta de lear fan de steatssouvereinens en doe ta dy fan de rjochtssouvereiniteit kommen. De steatsmannen en de partijen ûnderfine al sterker, hoe ûnmûglike swier it is, it
| |
| |
einleas gearstalde moderne libben yn 'e âlde politike foarmen to wêzenjen. It folk syn greate forwachting is net nei kommen: it tocht, it soe troch de wei fan parlemintairisme en partijfoarming macht, woltier, lok en frede winne, en it moat by einsluten in earmelytse som opmeitsje. Ta de macht kommen is net it folk, mar in mennich amtners, burokraten, partijlieders, steatslju, ekonomen en finansjiers.
Op hege lêsten komt de steat ús, heger as de tsiende peinje, dêr 't hja yn âlde tiden om bigounen to oarlogjen, en de hope op 'e ûnthjittene woltier is nearne great mear. Yn sté fan frede to skinken, habbe de njoggentjinde ieuske steaten oanienwei oarlogge en Jerope yn 'e katastrofe fan 1914 laet. It taseine lok is fierder ôf as ea en djippe ûnfrede hearsket. Ider kearen wer docht it bliken, dat de ekonomyske krêften fan it libben sterker binne as alle polityk ideälisme.
Sa moatte twivel komme en ûnleauwe. Krityk op it parlemint, de wetjowing, it partijwêzen, de burokraetsije wreidet tierich nei alle kanten, en hja doar de lêste konsekwinsjes oan, hjirre jit allinnich yn wurden, mar yn oare lânnen mei de hurde en hastige died. In great diel fan it folk mei him oan de tradysje hâlde, lykwol sûnder enthousiasme en folle bitrouwen, en somliken mei it jitte altyd slagje, warber to wêzen foar in fierdere útbou fan de demokratysk-parle-mintaire regearfoarm - in oar diel hat alle bitrouwen op 'e bisteande foarmen opsein en forwachtet it heil fan de diktatuer, itsij kommunistysk of fascistysk.
Uterst rjochts en uterst lofts, it ropt om de Aleksander, dy 't de net út to tiizjen knoop mei it wisse, ienfâldige swurd trochhout. Sloopt moat dat âlde ramtwurk fan foarmen wurde, dêr 't de wrâld yn fêstrekke is, en nedich is in herfoarming fan steat en mienskip yn greate styl fan forienfâldiging. De kommunist leaut oan it proletariaet, dy sterke symboalyske en reële ienheit fan de nije wrâld, de fascist oan de sterke man, dy 't it rjocht oan himsels hat en foar folk en takomst sprekt. Mar oft de klasse it dwaen sil of
| |
| |
de persoan, dien wurde moat it en dien wurde sil it. De greate politike foarm fan 'e njoggentjinde ieu sil tobrutsen wurde, en beide nimme jerne de diktatuer to baet, om de nije bou ta to rieden.
En dan binne der guodden, dy 't de ‘folkssteat’ leare. Ek hja leauwe net mear oan it parlemintairisme, mar likemin habbe hja ljocht yn 'e fascistyske en de kommunistyske diktatuer. Oan har to hearren, binne de grounslaggen fan 'e Jeropeeske steaten fan it bigjin ôf forkeard lein. De steatsmannen habbe boud neffens it foarbyld fan Romeinske steats- en rjochtsopfettingen, yn pleats fan organysk út it folk groeije to litten. Hja hiene de ûntjowing fan it âlde lân- en folksrjocht, lyk as dat yn de Midsieuwen nei de Greate Folksforfarring in oanbigjin fan steatsfoarming makke, forfetsje moatten, by elk folk nei syn eigen aerd, itsij Germaensk of Romaensk, Slavysk of Angelsaksysk. Mar earst al troch de romanisearring fan it lienwêzen en doe troch de renaissance en op it lêst troch de Frânske revolúsje is dy natuerlike ûntjowing ôfbrutsen en in mechanyske bou der foar yn it plak kommen.
Sa binne folk en steat in tsjinstelling wurden. It folk, dat is to sizzen it oarspronklike folk, de biwenner fan it lân, fielt de steat as in fijannige macht, en de steat is om stean to bliuwen hwat langer hwat mear de help nedich fan de amtnerij, it militairisme en it great-kaptael mei syn ekonomyske en finansjele krêften. Dat moat in oanhâldenden ûnrêst, spanning, djûrte, revolúsje en oarloch jaen.
Sil der ea forbettering komme, dan moat in radikale herfoarming barre. It steatkundich-ekonomysk Jerope moat net ôfboud wurde op 'e grounslach fan it Romeinske steatsrjocht, mar nijbou neffens it folksrjocht is needsaek. Foar de burokratyske steat yn it plak sil de folkssteat. It swiertepunt fan 'e steatsbou kin net boppe yn, mar moat ûnder yn lizze, dat er net kopswier wurdt. De gearstallende ienheit is net de steat, mar de lytse histoaryske foarm: doarp, gea, gritenij. It folk kiest út it folk syn eigen amtners en bi- | |
| |
wâlders en rjochters, bioarderet syn eigen saken, bistjûrt himsels. Allinnich hwat de ienheden elkmis foar harsels net ôfkinne en hwat hja mienskiplik habbe, wurdt troch in heger biwâld, ta hwaens gearstalling hja allegearre mei wurkje, birêdden. Foaral yn ûnderskate nationale biwegingen bigjint dizze opfetting klear of ûnklear har wurking to dwaen - sjoch bygelyks de lêsten yn dit blêd bisprutsen brosjuere fan de Noardfries Andresen: Der sterbende Parlamentarismus.
Hokker fan al dy idéen de takomst ynhat, is jitte net to sizzen. Ytliken binne fan bitinken, dat it parlemintarisme, hoe 't it tsjintwurdich ek wifkje mei, it úthâlde sil en wês de foarm ek fan de tweintichste ieuske polityk. Mar fascisten en kommunisten leauwe mei greate hope oan 'e komst fan har diktatuer en steat fan heil, en de foarstriders fan de folkssteat bitrouwe net minder, dat har ideäel to wurk en wêzen komt. Yn it great en wiid útwreidzjend wrakselje ûnderwiles de geasten, om it âlde to biwarjen en nij ta steat to bringen, en nearne faeks hinget it lot fan 'e partijen mear oan as oan de útslach fan dy striid.
Hwant hja binne foartkommen út it forbân fan de parlemintaire steatsfoarm en har hiele organisaesje en program en wurkmethoade is dêrneffens. Mar hwat, as fascisme of kommunisme ris ta de macht kamen, lyk as net ûnmûglik is? Itaeljen en Ruslân dogge wol útwizing, dat ûnder de diktatuer de partijen net bistean kinne. De diktatuer sels is de partij, de iennichste. Hy is folk en biwâld beide. En hwat, as de herfoarming ta de folkssteat ris oangie? It plak fan it partijwêzen yn sa'n steat kin nou noch net bitsjut wurde, mar it hat tige wierskyn, dat it dêrre hiel oars wêze soe as hjir noutiids.
Sa steane de hjoeddeiske partijen ûnwis foar de takomst. De twingende macht fan de tradysje wurdt swakker, en in great takommend ideäel wol harren jitte net foarkomme, dat wifkjend hâlde hja har by it hjoed en komme hoeden de dei fan moarn to mjitte. En by it folk wint en wrot
| |
| |
twivel en bitiisdens en ûnbitrousumheit: oer it nut fan de steat, fan de polityk, fan de partijen.
Oant nou ta hab ik redenen bybrocht, dy 't net allinne foar Nederlân, mar foar hiele West Jerope mear of minder hâlde. Mar nou moat ik op twa dingen komme, dy 't sûnders it Hollânske ryk oanbilangje: de steatsfoarm fan it Nederlânske keninkryk, en de einleaze partijspjalting.
It Nederlânske ryk, taret al troch de foarsten út it Bourgondyske en it Eastenrykske hûs, is op in oare manear as dy't hja harren foarsteld hiene, ta steat kommen yn it forbân mei de Herfoarming. It krige lykwols in fier trochset federatyf bistean: it waerd in boun fan sawn steaten, dy 't foar miene bilangen, lyk as oarloch, frede, útlânske polityk, mei inoarren opkamen, mar oars in greate selsstannichheit hienen. Under en njonke de Generale Steaten holden de Steaten fan de ‘gewesten’ in oanweagenden macht, en sûnder har meistimming en meiwurking koe de Republyk net folle wurde.
Mear as twa ieuwen, fan 1581 ('88) oant 1795, hat dy steatsfoarm it hâlden, dêr 't men út opmeitsje mei, dat er noch net sa breklik wie as jin faken útskildere wurdt en moai sterke ynhâlden hie. Der is wol oanienwei krityk op dien, en mear as ienris: yn 1607, 1618, 1643, 1646, 1651, 1674, 1716, 1785, habbe der plannen fan foroaring yn bisprek west, mar men moat dy krityk net misbigripe en liz dêr it stribjen nei de ienheitssteat yn.
It wie net in striid tuske steateboun en ienheitssteat, mar it gie, binnen it forbân fan it steateboun, om trije dingen: om de fordieling fan de macht tuske de Generale en de Lânssteaten, om de macht fan Hollân, en om it plak fan de Steedhâlder. Party woene de Generale Steaten en de Rie fan Steaten greater macht tahabbe as hja yndied hienen. It wie net in kwestje fan oars of oars, mar fan minder of mear. De krityk gie net sa lyk tsjin de Uny sels, mar yn haedsaken tsjin de útliz en tapassing fan de artikels fan de Uny. Sa
| |
| |
wie bygelyks it biswier fan seis bounmaten tsjin de sawnde, Hollân, net dat it fan allegearre de greatste macht hie, mar dat it somlike Uny-artikels nei him ta forklearre, om macht to naderjen dy 't him net takaem. En hwat de steedhâlder oanbilanget, wienen dizze twa fragen yn it skeel: moat neffens de Uny dat amt yn 'e Republyk wêze of kin en mei it sûnder? en: moat de steedhâlder, likegoed yn it boargerlike as yn it militaire, syn bineaming en macht fan de Steaten Generael habbe of fan de Lânssteaten?
Mar yn beide gefallen bleau hy tsjinner, en ek it foarbyld fan 1747 biwiizget net hwat it biwiizgje moat. De bineaming fan Willem Karel Hindrik Friso ta miene steedhâlder hie mei it stribjen nei in ienheitssteat neat to meitsjen. Doe 't it folk yn de need om in Oranje rôp, moasten hja ta de Fryske steedhâlder forfalle. Der wie gjin oarenien fan it slachte, mar hie Willem Trije soannen neilitten, dan hienen hja dêr ien fan nommen en fan in mien steedhâlderskip hie gjin sprake west. En wis krige Willem Fjouwer greate macht talein, mar dat wie net bidoeld as foroaring fan de steatsfoarm, mar as uterste middel om de Republyk to rêdden, as tydlike diktatuer. In oare frage is it, oft in kundich en sterk foarst út dy diktatoriale macht net in oare foarm fan steat opbouwe kinnen hie, mar it lei der op himsels as doel net yn.
Al de plannen nammers fan mear ienheit yn it forbân fan it steateboun, is neat dat makke fan to rjochte kommen. Sels immen as Slingelandt mocht it net slagje foroaring to bistribjen. Dat hoefollesto minder soe it hwat wurden wêze, as hwa persoan of partij war dien hie op in principiëel oar bigjinsel fan steat?
Mar yn it lêstoan fan de achttjinde ieu set de revolúsje op, en ûnderwrot troch de revolúsjonaire propaganda, falt de Republyk. De souvereiniteit fan de aparte Lânssteaten wurdt to neate makke, en foar de federative foarm fan de âlde republyk komt de ‘ien en ûndielberens’ fan de nije, de Bataefske yn it plak. De tsjinwar fan de Federalisten, dy't it âlde wolle,
| |
| |
jowt neat: de driuw fan it revolúsjonaire ideäel fan ienheit en lykheit en it Frânske gewelt helpe de Unitarissen maklik oan de oerwinning. Al bringt de steatsoarder fan 1801 effen mear desintralisaesje as dy fan 1798, trochgeans is de strekking fan de hurd oaninoar folgjende konstitúsjes sterk unitaristysk en sintralisearjend. De moai frije bounmaten fan alearen binne provinsjes wurden, en hja bliuwe it ûnder de Bataefske republyk, ûnder it keninkryk Hollân, ûnder Frankryk.
Hja bliuwe it ek, as de Frânsken ôftsjogge, Oranje werom komt en it keninkryk fan de Nederlânnen oprjochte wurdt. Hwant al hoe bang 't de lju fan revolúsje wurden wienen, principiëel folgen hja dy, en har tsjerklike, steatkundige en soasjale polityk wie mijen revolúsjonair. By de republyk habbe hja it keninkryk foar kar nommen, mar oars wie de hiele opset en útwurking fan de grounwet fan 1814-'15 krektlyk as dy fan de konstitúsjes út it tiidrek 1795-1813. De greate en oerhearskjende macht bleau yn it sintrom, Den Haag, en de Steaten fan de provinsjes holden in ûnnoazel bytsje ynfloed oer. Der wie allinne rûmte foar de ienheit fan it ryk, en yn dat ramt moast alles wrongen wurde. Hwant sa, wie it bitinken, soenen alle dielen ta har greatste ûntjowing komme, en mei it histoarysk, psychologysk, kultureel en ekonomysk útwyks fan Limboargers, Friezen, Sélânners en Geldersken koe net rekkene wurde. Der wie, neffens revolúsjonair bigryp, ien ienfoarmich Nederlânsk folk, dus der moast ek in Nederlânske ienheitssteat komme.
En sa is it de hiele njoggentjinde ieu bleaun, oant nou ta, De macht fan it keningskip is gâns ynkrompen en de steatsynstellingen habbe in moderne en demokratyske útbou krige, mar de sintralisaesje is gelyk bleaun en as hja al foroare is, earder sterker en strakker wurden. Inkele Nederlânske steatslju, lyk as Thorbecke en Kuyper, habbe it gefaer sjoen, mar ek hja habbe der neat oan foroarje kinnen, en noch wytget neat foroaring, tominsten net by de steatsmannen.
| |
| |
Sûnt goed hûndert jier is it hjoed de dei sa, dat Grinslânners, Hollânners, Brabanners, Drinten en Friezen absolút út Den Haag wei biwâlde wurde - en dat neffens deselde methoaden. Dat is fan dy gefolgen, dat it sintrom fan it ryk, Hollân, yn alles de foarkâns en it foarrjocht hat en dat de bûtenste kontreijen twad of tred of hielendal net oan bar komme. Ik neam mar inkele dingen. De havens fan Amsterdam en Rotterdam wie altiten rynsk jild foar, mar Harns moast it bilije. De forbining fan de Hollânske havens mei sé is al lange jierren treflik yn oarder, mar mei de kanalisaesje fan de Limboarger Maes bliuwt it oanienwei sukkeljen. De militaire fordigening fan it ryk is basearre op Hollân en bifiemet yn haedsaek allinnich Hollân. De finansjele, ekonomyske, soasjale, sounheits- en ûnderwiis- wetten, dêr 't wy mei regearre wurde, passe yn great meartal op 'e greate Hollânske stêdden, net op it lân. It ryk komt allinnich op foar Hollânske tael, Hollânske kunst, Hollânske kultuer.
Mar stadichoan groeit dêr krityk tsjin en forwar. En yn it ekonomyske en yn it kulturele komme ek oare dielen fan it ryk as Hollân ta ûntjowing. De namme fan minderweardigens, dêr 't al hwat gjin Hollân is, al tiden en ieuwen op leit, is oan it weiwurden, en it geastlik, seedlik en ekonomysk oerwicht fan Hollân mindert. De lânboustreek fan Grinslân, de yndustrijkontreijen fan Twinte en Brabân en de mynstreek fan Súd Limboarch foarmje langer ek ekonomyske sintroms fan it ryk, likegoed as de Hollânske stêdden.
De Frysknationale biweging, it stribjen fan de Limboarger Liga, de Grinslânner taelbiweging en it kulturele tiidskrift Brabantia dogge útwizing, dat ûnderskate ryksdielen kultureel, polityk en ekonomysk harsels bigjinne to fielen, en dat dêr krêften fan it midspunt ôf wurkje. De psychologyske, folkloristyske, histoaryske en taelkundige wittenskippen en it ûnderwiis krije hwat langer hwat mear bilang by it lokale, it gea-eigene, de streektael, de stam.
En tagelyk is de weardearring fan de Uny fan Utrecht de
| |
| |
lêste tiden oars wurden. In great diel fan de njoggentjinde ieu wie hja yn 'e forachting en neigeraden waerd it keninkryk forhearlike. Mar yngeander histoaryske stúdzje en djipper histoarysk ynsjoch binne allinken ta it útslútsel kommen, dat de tradysjonele krityk op 'e Republyk fiersten to fier gien is. Nammers, in foarm fan steat dy 't it twa ieuwen úthold, kin yn syn tiid sa min noch net west habbe. En dêr foar oer is de lof fan de ienheitssteat al aerdich bikommen, en syn brekken krije greate klearrichheit.
Sa arbeidet it op in steatkundige foarm oan, dêr 't de dielen better har gerjochtichheit yn krije en romte ta ûntjowing fan har kulturele, politike en ekonomyske eigenskippen. Hoefier en yn hwat wei dat gean moat, is nou jitte net to sizzen. Natuerlik is yn dizze tweintichste ieu de steatsfoarm fan 1700 en 1800 sa mar net wer op to rjochtsjen, mar de bigjinsels dêrfan moat tige mei rekkene wurde. Ek is de steat fan saken oars foar it Fryske folk as foar de oare dielen fan it ryk: foar Fryslân sil mear easke wurde moatte. Yn it algemien is needsaek in sterke en fiere desintralisaesje, nei it Switsersk foarbyld bygelyks en yn it forbân mei it stribjen nei de ‘folkssteat’ - sjoch it foarige artikel.
En dy foroaring sille de partijen meimeitsje moatte. Opkommen yn de njoggentjinde ieu, ûnderstelle hja de tsjintwurdige ienheitssteat, rekkenje hja amper mei it ûnderskied en forskaet fan de dielen, en is har lieding op Hollân oriëntearre.
De oanwinnende ûntofredenheit dêroer: yn Fryslân foaral, mar ek yn Brabân, Limboarch, Sieusk-Flaenderlân, Grinslân, en it forlizzen fan de tiid moatte harren it ynsjoch en wollen bybringe fan in nije, desintrale polityk. Kinne of wolle hja dat net, dan komt der ier of let, to'n earsten yn Fryslân en nei wierskyn ek yn oare dielen fan it ryk, in politike biweging foar desintralisaesje bûten harren om of sels tsjin har.
Swier ek hat yn somlike lânnen fan West-Jerope, mar
| |
| |
foaral yn it Hollânske ryk, de partijpolityk to lijen fan de al mar fierder trochwurkjende spjalting yn de partijen.
To'n earsten wie it in ienfâldige fordieling yn twaën: konservativen en liberalen. Dan komme der trije by: de Roomsken, de antirevolúsjonairen en de soasjalisten, en sûnt is it in drok en bûnt proces fan gean en kommen, yninoar ranen en útinoar spjalten.
Hwat mear folkslagen by de wet politike rjochten krije, hwat greater it tal partijen wurdt, oant algemien stimrjocht en evenredige fortsjintwurdiging elk formidden syn bilang en avontûr jowe.
De konservative rjochting wurdt wei en de machtige liberale partij takket ôf ta in drôvich lytse fraksje, mar lytse partijen komme by mannichte - guodden om mei gauwens wer ôf to gean, en guodden om to bliuwen. Tsjerklike, politike, ekonomyske en soasjale redenen dogge har wurking en it yndividualistysk aerd fan it folk is in fruchtbere groun foar einleas wreidzjen.
Tsjerklike, steatkundige en soasjale motiven meitsje skieding tuske de antirevolúsjonairen en de christlikhistoarysken; steatkundige en soasjale tuske de christen-demokraten en de antirevolúsjonairen; tsjerklike en soasjale tuske de christlikhistoarysken en de herfoarme steatspartij en tuske de antirevolúsjonairen en de steatkundich Grifformearden; soasjale tuske de Roomske steatspartij en de Roomske folkspartij; politike tuske de soasjalisten en de kommunisten; ekonomyske tuske de plattelanners en de liberalen, christlikhistoarysken en antirevolúsjonairen. Ik neam mar inkelden en kom net op middenstânspartijen, rapaillanten en wit ik it fierder.
En habbe wy de hichte al? Guodden hoopje it en ûnderstelle, it folk sil mei koarten bigripe, dat mei sa'n spjaltingsucht de hiele polityk ta ûnmacht keard is. It kin wêze, dat it sa ienris komt, mar de tekens wize hjoed de dei noch sa net. Earder sille wy ús klear meitsje moatte op in trochsette spjalting. De kommunisten, hoe minmachtich 't hja ek
| |
| |
binne, lizze nou al útinoar yn twa, trije fijannige fraksjes. Yn 'e S.D.A.P. wurket jitte altyd it skeel tuske de revisionisten en de marxisten of meiskien better sein tuske de reformisten en de radikalen. Salang as hja yn 'e opposysje bliuwe kin, sil it har wol slagje de ienheit to biwarjen, mar wurdt hja ienris regearpartij, dan is in spjalting lang net ûnmûglik. By de Roomske steatspartij is Nolens al syn taktyske krêft en kunst nedich, om konservativen en foarútstribjenden byinoar to hâlden. Deselde tsjinstelling wankt by de christlik histoarysken en de antirevolúsjonairen, mar dêr wurkje foaral tsjerklike faktoaren. It anti-papisme ûnderwrot de ienheit fan de christlikhistoaryske partij, en de tsjerkespjalting dy fan de antirevolúsjonaire. Dat is har al kommen to stean op it forlies fan tsientûzenen stimmen oan Kersten, en de oanwinnende ûntofredenheit fan de Herfoarme professor Visscher en syn oanhing kin maklikernôch in nije partijformaesje tariede.
En krektoarsom is it swier wurk, bisteande partijen byinoar to krijen. Hoe faek is der al net oanstien op herieniging fan de antirevolúsjonairen en de christlikhistoarysken, mar fierder as it oanstean is it ek net kommen. Greate ûnmacht, lyk as by de liberalen, moat al twinge, mar salang as in partij noch hwàt krêft yn har fielt, wol hja fan gjin foriening witte.
Yn dat proces nou hâlde de partijen ta, en it forsnippelt de krêft fan har polityk yn harren sels, ûnder it folk en yn it regear.
De partijen sels, drige en ûnderstutsen troch stridige bigjinsels, opfettingen of bilangen, kinne net ta in wisse en sterke politike hâlding komme en krije gjin greate lieding. Allerhanne tsjerklike, soasjale en ekonomyske kribbekeurichheden, neinimmichheden, tradysjes en idéen moatte mijd wurde, om tominsten de organisatoaryske en uterlike ienheit to biwarjen. Greate en fiere easken kinne net steld wurde, hwant der is grif altiten in diel, dat it der net mei iens is. En wurde hja noch al steld, dan moat de striid der
| |
| |
foar flau en twivelich wêze. De lieders en foarmannen bisiikje de stridige eleminten byinoar to hâlden aloan wer yn it kompromis, dat gjinien foldocht, omdat it allegearre foldwaen moat - of hja bisiikje neat, litte gean hwat gean wol en sa 't it gean wol, en dogge as partijbistjûr it organisaesjewurk ôf. De partijparse mijt it bihanneljen fan principiële en praktyske fragen, dêr 't binne de partijen skeel fan ynsjoch oer is, en siket har krêft foaral yn in fûle en net altiten objektive polemisearderij tsjin de tsjinpartij. It ien mei it oar moat dêr opportunisme fan komme, en freze, en swakkens, en twivel, en ûnforskillichheit, en eigengerjochtigens.
Dat is yn 'e partijen sels, dêr 't noch it measte politike bilang sit. Mar hoe sil it dan net wêze ûnder it folk? Hoe moat dat him hâlde en drage ûnder de forheftige propaganda fan safolle partijen, dy 't elk foar oar tsjûgje, dat hja de wierheit habbe en de wiisheit en it lok, en elkoar fûl bistride mei it ynlizzen, dat hja de wierheit net habbe, noch de wiisheit, noch it lok?
Docht it nij, dat in great party, om yn de tael fan it folk to sprekken, der gjin each op hâlde kin noch goed bigryp der oer krije en ta it einbislút komt, dat it elkoarren net sa tige folle ûntrint? Hoe sil it folk in greate en bitrousume kar dwaen út safolle partijen, dêr 't guodden fan elkoarren sa nei bisibbe binne? It wurdt forbjustere fan nammen en tallen, fan in einleas forskaet fan stridige stimmen, fan it drokke en bûnte spul fan kommen en gean, spjalten en yninoar ranen - en ûnderwiles leit it mei himselme oer, dat it regear fan de iene frijhwat wei hat fan it regear fan de oare.
En it leit dat goed oer. Hwant nearne binne troch de spjaltingsucht de partijen minder en swakker yn, as yn har regearpolityk. Gjinien fan harren is yn steat, langer in ministearje to foarmjen, dat yn ienriedich oparbeidzjen mei in parlemintair meartal, regearjende macht hat. Dat koenen yn har tiid de konservativen en de liberalen, doe 't dy twa
| |
| |
partijen noch mar togearre wienen. Mar nou habbe in partij alf, tolve parlemintaire fortsjintwurdiging, en de ienriedichheit is sa fier ôf, dat der hast net ienris mear in kombinaesje fan partijen to meitsjen is, dy 't it regear dwaen kin. De frijsinnige konsintraesje hat ôfdien. De rjochter koälysje is troch christlikhistoarysk antipapisme en Roomsk machtopdriuwen útinoar rekke. Sa steane al de partijen bleat op harsels, en nei minskebirekken is it yn gjin tiden mûglik, dat ien fan harren allinnich it meartal yn 'e Twade (en de Earste) Keamer kriget. Dat hja moatte foar de foarming fan in ministearje kombinearje; mar hwa fan harren en mei hwa?
Der is al ris grute fan in boun fan antirevolúsjonairen, christlikhistoarysken en liberalen. Hwat net mûglik is? mar foartynienen al leit it biswier him yn, dat dy trije meiinoarren lang it parlemintaire meartal net habbe. Of sil de koälysje ier of let wer makke wurde? Unmûglik is it net, mar it is in twade saek, oft hja regearmacht habbe sil. Nei it útslútsel fan de skoallestriid hat it wol bliken dien, dat der yn 'e praktyske polityk tuske Roomsken, antirevolúsjonairen en christlikhistoarysken greate en lêstige skelen bisteane, dy 't it oparbeidzjen swier meitsje. En sil it lytse meartal, dat hja trijeresom nou jit habbe, der bliuwe? Of giet it op in boun fan Roomsken, frijsinnichdemokraten en S.D.A.P. oan? Foar it neist sil it dêr op 'en dûr ta komme, mar nou is de Roomske steatspartij der noch net klear foar.
Underwiles is de folksfortsjintwurdiging bare ûnmachtich en sitte wy tangele mei in ekstra-parlemintair ministearje, mear ekstra as parlemintair. Dat binne nammers de logyske fortuten. Neffens de wet moat der in ministearje wêze, en as de partijen net yn steat binne it to foarmjen, dan wurdt it bûte de partijen foarme. En dan moatte twa dingen folgje, dy 't ek folge binne: it ekstra-parlemintaire regear, sterk troch syn ûnmisberheit, bikroadet him net om it wollen en winskjen fan de partijen èn it fiert in neutrale polityk dy 't gjinien partij foldocht. It parlemint kin prate en bislute,
| |
| |
mar it ministearje fiert net mear út as it sels bigrepen hat. It parlemint hâldt allinne de macht oer en stim ôf hwat it net wol, mar ek forsafier moat it him to wacht nimme, omdat it it net avontûrje kin en heije in kabinetskrisis út, dy 't it net ta in útslútsel bringe kin.
De hiele folksfortsjintwurdiging wurdt opposysje, sterk fan tal en nammersto swakker fan macht, en om in kabinetskrisis foar to kommen, moat hja har jaen nei in oanhâldenden parlemintaire krisis. En dat is ien fan de greatste oarsaken mei, hwerom 't út in great diel fan alle partijen de furt en út it folk it polityk bilang giet. Hwat hat har warberens en hertstocht jown? In regear, dat syn eigen wegen giet; in folksfortsjintwurdiging, dy 't slim machteleas is.
Mar jitris moat ik fan it Hollânske ryk yn it forbân fan hiele West-Jerope gean. De neigong fan de polityk rounom yn it Westen is gjin biweging op harsels, mar hy makket en is in elemint yn de krisis, dêr 't it hiele libben, geastlik en ekonomysk, yn tahâldt.
Yn dizzen wurkje lykwol sa folle faktoaren, dat ik út allen in ienfâldige kar dwaen moat. Twa dingen foaral út 'e algemiene krisis, liket my ta, habbe op it steatkundige greate en direkte ynfloed: de fororganisearring fan it libben, en de forswakking fan it moréle libbensbisef.
Ik hab gjin noed, dat ik it wurd ‘fororganisearring’ tsjin immen hoech to fordigenjen. Yn al har organen fan wittenskip, sport, polityk, kunst, ekonomije, hat ús kultuer yn 'e njoggentjinde ieu har set yn einleas mannichfâlde foarmen fan organisaesje, en noch wreidzje dy by dagen foart. Dat hat gjin tafal west, mar it hie in greate needsaek fan oarder yn. Salang 't de Westerske kultuer ienfâldich wie en inkelen mar eigen, hie hja gjin forlet fan organisearring dat makke. De ynrjochting fan de steat, de arbeidsfordieling yn wittenskip en ekonomije, de oarder yn 'e kunst, it geastlik forbân - it wie by hjoed de dei alles moai primityf, en hie de
| |
| |
ienheit fan in greate styl yn 'e tradysje, dy 't fan slachte op slachte oergie.
Mar yn 'e njoggentjinde ieu wint de kultuer fan tichtens en útwreiding hurd oan, en hja kriget in einleaze gearstaldens. En tagelyk forswakje de macht fan de tradysje en it greate forbân fan de styl, en de ienheit wurdt wei.
It docht bliken, dat de âlde ienfâldige en minmachtige foarmen net yn steat binne, utering to jaen oan it folle libben, en de minsklike geast, dy kunstner, bigjint yn 'e gearstaldens en bitizing, dy 't chaos wurde wol, in nije en greate oarder to skeppen, net mear ienfâldich, mar like gearstald hast as it forskate libben. En intellektuëel en aktyf as de Westerske geast is, komt er ta de foarm fan de moderne organisaesje.
Dat dy wie yn har tiid needsaek, mar is hja it noch? En hoe sil it takomstich wêze? Sa folle is yn alle gefallen al to sjen, dat it praktysk him stomp rint. Sels yn 'e lytste doarpen komt sa'n great tal forienings, de iene al nediger en nuttiger as de oare, dat hja elkoarrens bloei forhinderje. De tsjerke, it ûnderwiis, de jeugdbiweging, de filantropije, de polityk, de ekonomyske aksje, de soasjale striid, de sport, de kunst - alles wol syn gerjochtichheit habbe, en dat is fan gefolgen, dat neat fan alles goed ta syn rjocht komt. De leden fan de organisaesjes, forsafier 't hja trou binne, kinne en moatte de winterjounen sa folle fan hûs, en habbe sa'n organisatoarysk wurk to dwaen, dat der foar húslik libben en húslike opfieding gjin tiid oerbliuwt. By kloften bern dogge mem en master de opfieding: heit bringt de fortsjinst yn en is fierder syn tiid en krêft nedich, om de bilangen fan steat en mienskip en alle mûglike dingen to bifoarderjen. De sterke gearstallende ienheit fan it folk, fan de mienskip, fan de tsjerke, fan alle great libbensformidden: it húsgesin, moat it bilije. Dat rekket út it forbân, en it sintrom fan 'e libbensaksje forleit him nei boppen: sa wurdt de wrâld kopswier.
| |
| |
En de bifoardering fan ‘it algemien bilang’, lyk as it organisatoarysk stribjen jerne neamd wurde mei, moat op har bar lije fan de oerdedige specialisearring en útwreiding. Dat soe noch gean kinne, as alle minsken meidienen en it wurk oer allegearre fordield waerd. Mar it is op 'e greate massa altiten wer in moai lyts tal, dat wol en kin en arbeidet. It greate meartal wol net, kin net, komt net, hâldt net út. It wurk komt foar inkelden op, en it is yn tsjerkeried en skoalbistjûr en Patrimoanium, yn S.D.A.P. en N.V.V. en A.J.C. en ûnthâlding, altiten wer itselde ploechje, dat it swierste en measte birêdde moat. Dat giet oan in tiid ta. Heal stipe troch in meartal en hielendal net stipe troch in great meartal, kinne de warbere wurkers net ta har doel komme en wurde op 'en dûr wurch en forlieze de fûle kriich en jowe har ûnder de omstannichheden del. En ytliken dy 't men habbe wol en habbe moat, kriget men mei de dreechste propaganda net. Hwat kleije bygelyks de jongfeinte-, de kiesen de fakforienings, dat yn stêd en doarp sa mannich gjin lid wurde wolle, dy 't it neffens bigjinsel en formidden en arbeid en âlderdom al wêze moasten. Mar de lju wolle net, omt hja it jild, de tiid, it sin, de krêft ta safolle lidmaetskip misse.
Lykwols, dat is it uterlike jit. Mar ynwindich wurdt it bisef fan de needsaek fan al dy organisaesjefoarming swak en twivelich. Foar de mannichte is it langer in tradysje en foar de inkelden in plicht en in praktyske needsaek, mar hoefolle kinne de geastlike en ideële bitsjutting fan de organisaesje noch sjen? ‘Sûnder organisaesje kin men neat wurde’, is dan ornaris de fordigening en oanprizing, en sa wurdt har praktyske ûnmisberheit steld, mar de ynwindige needsaek, de needsaek yn it forbân fan de libbensûntjowing, fielt men amper mear. Men giet út wenst en plicht noch mei organisearjen troch, mar men is net yn steat, it mei en yn it ideäel to skôgjen. De organisaesje wurdt in foarm, dy 't oer syn folsleinens hinne is en dêr 't de greate, hearskjende spanning út giet. Hja bigjint it libben to binearjen en to hin- | |
| |
derjen, en it fielt de geast oan, oft er har net mear bihearsket en yn ienheit hâlde kin.
Hwat sil it takomstich wêze? Faken wurdt it in skeel fan foar en tsjin, fan demokraetsije en reäksje makke; lykwols wurkje djippe krêften. It kin bytiden jin deunby lizze, dat ûnder de swiere lêst fan de hjoeddeiske wurklikheit it libben forheftich oan it weagjen en wâljen is. Noch is it rêstich, mar soms sjitte fiere frjemde skokken jin troch it hert en in felle huver fart oer de lea, lyk as forweecht effen de Midgaerdslang. Ek let ynienen in lûd djip wei flak by it ear, en it is as yn ûnlijich waer it of- en oanrûzjen fan in klok fier oer de sé. In swiere wyn lûkt yn 'e kimen gear, men heart in wide stilte wachtsjen en hwerom jaget it hert sûnder oarsaek? De dingen wurde stil en frjemd, it is wrâld's ûnwennige Novimberwacht.
Greate djipten jowe har op en chaotyske machten twinge los. Wy habbe natûre twongen, nou ûntkomt hja ús. Wy habbe it libben yn strange foarmen boun, mar it is sterker as wy en kriget de swiere macht oer ús. Dien is de rêst en oer de frede, sa wankt de takomst. As de djippe krêften wurkje en de natuer en it libben skodzje, falle al ús foarmen en it uterlike wurk, dat wy oprjochte hienen. Folken sille spjalte en mienskippen skiede; de grounen sille bleat komme en it libben sil tige ienfâldich en skriklik wêze. Wy fornimme oan ús sels, dat de geasten út har plak opkomme en machtich de siel elk nei syn plak oanlûke. Alles wurdt forgearre dêr 't it biheart en der sil gjin midden wêze. Ta in greate en freeslike kar sil it komme, en hearlik is it to libjen. Nou binne de tsjinstellingen noch forhoalen yn mannichten fan foarmen, mar dan stride it libben en de dea ûnforhoalen, en gjin trochgong sil der wêze. Stride sille op 'e ierde de minsken en de sé en de winen en alle dingen, stride fan de himel de stjerren en de ingelen en de machten, stride út 'e hel wei de demoanen en grousume munsters. En God sil oer allegearre rjocht dwaen en alles forgearje yn syn plak, dêr 't it ivich heart.
| |
| |
Somliken binne sa wei yn dizze tiid dat hja it harren net oars foarstelle kinne, of alles ûntjowt him lyk as it hjoed de dei is. Mar dy 't mei it hert harket, dy fornimt it oankommen fan in oare en greater tiid en forwachtet it forgean fan folle dat dit slachte boud hat, yn allerhanne formidden. As it libben bigjint to tillen en him op to jaen, kinne de foarmen gjin hoek hâlde. En yn 'e polityk is de organisaesje ta greate folsleinheit brocht, mar ek dêrre giet it bigryp fan har ideële needsaek foart. De lju krije har nocht fan it organisatoaryske wurk, dat him al mar útwreidet, en it fielt harren by tiden oan, of wurde al dy foarmen in forhindering foar it ûntjaen fan it libben. Natuerlik giet dat proces tige stadich en de tradysje is jitte in greate macht, mar fan it lytste oant it greatste formidden ûnderfine de partijen de skeadlike ynfloed. Yn 'e kiesforienings fan doarp èn gemeente èn provinsje èn ryk, rounom is it by alle partijen deselde klachte, dat men de greate massa fan it folk net kriget, dat de oankommende jongerein weibliuwt, dat de leden sleau en ûntrou binne, dat in minmachtich tal it wurk dwaen moat. Slagget it de partijen net, dat forrin to kearen, dan is it fan it tinken to habben, hoe 't it harren yn 'e takomst gean sil.
De skiednis hat al mear as ienris útwizing dien, hoe noedlik it foar de steat en de partijen is, as it folk de needsaek fan de polityk net mear fielt en de politike foarmen as in oerstallige lêst ûnderfynt.
Hwat dêr it einbislút fan wêze moat, leart bygelyks de skiednis fan it Romeinske ryk. Hoe hat it Romeinske folk, sels yn bloedrige ynlânske oarloggen, net wraksele om de folsleine rjochten fan de demokraetsije to winnen. En as hja woun binne, dan duorret it gjin hûndert jier, of de swierste straffen kinne it folk net mear biwege der brûkme fan to meitsjen. Under Cesar al stimde it meartal hast net ienris mear. Under Tibearius bimuoiden de foaroansteande Romeinen har net langer mei de polityk. Nearo koe drige- | |
| |
mintsje hwat er woe, mar hy krige de ‘ridders’ (equites) by gjin mûglikheit sa fier, dat hja yn Rome kamen om har rjochten to brûken. It folk hie gjin polityk bilang mear; sa moast de swier bistriden demokraetsije in maklike rôf fan despoaten en soldatekeizers wurde.
Mar faeijer is it jitte, as it folk it leauwe oan de seedlikheit fan de polityk net biwarje kin. Steatkunde mei hwat oars wêze as ideälisme, lykwol kin hja sûnder in great seedlik ideäel net bistean. Hoe reëel hja ek is, hja kin har doel net yn harsels habbe. Yn 'e reäliteit lyk as dy jown is hat hja to wurkjen, mar doel en oandriuw moat wêze, dy reäliteit to herfoarmjen neffens in religiëus of in soasjael of in nationael idé.
Mar is dat ideäel yn 'e tsjintwurdige polityk? Is it der, net yn wurden, mar yn de died? En leaut it folk, dat it der is? Krekt oars om binne wy hjir op it stik kommen, dêr 't de measte en skerpste krityk op dien wurdt. Nearne net is mear klachte oer as dat de partijen, foaral de greate, hwat langer hwat mear har doel yn harsels siikje, en dat it politike libben hurd formaterialisearret. En dy krityk is sa gefaerlik, omt har biwiis en dus ek har tsjinbiwiis net jown wurde kin. Hja is wiskundich noch logysk to biwiizgjen, mar komt út 'e ûnderfining en wurdt troch de yntuysje foar wier oanfield. Hja wurket stadich, mar wis - dat binne de liberalen wiis wurden, doe 't hja har partij brûkten as in machtsmiddel, om de orthodoksen en de soasjalisten to fordrukken en sels ta it jild, de eare en de macht to kommen; en dat sil elke partij wiis wurde, dy 't foar it rjocht yn it plak de macht bistribbet en foar it ideäel de matearje.
It giet oan in tiid ta; dan sjocht it folk, dat de partijen twaderhanne leden habbe: guodden, hwa 't it ideäel ynmoed is en dy 't om it wurk en de striid dêrfoar harsels forjitte, èn guodden, dy 't ek wurkje en stride en foaral ek prate, en tagelyk om harsels tinke.
Dan sjocht it, dat der bygelyks twaderhanne christlikhistoarysken binne: guodden, dy 't der alles foar oerhabbe,
| |
| |
om it Protestantske aerd fan it folk to biwarjen, èn guodden, hwaens mûle wol, mar hwaens libben net botte Protestantsk (protestearjend, tsjûgjend) is. En twaderhanne soasjalisten: guodden dy 't har yndie mei it proletariaet ien en mien meitsje en de forachting fan de mienskip jerne drage, èn guodden dy 't it wûnder slagget oer de heilsteat to praten en de fruchten fan de kapitalistyske mienskip ynfieren to genietsjen. En twaderhanne antirevolúsjonairen: guodden dy 't har Heare ynmoedich tsjinje en neat foar harsels bigeare, èn guodden dy 't ‘Gods eare op alle terrein fan it libben’ foar in frase habbe en har eigen eare siikje.
O, hwat sjocht it folk dat goed. It kin neat biwiizgje, mar it lit him op 'en dûr ek neat wiis meitsje. It kin net oer psychologyske redenearringen, dy twa ien meitsje, mar it is ienfâldich en makket bygelyks in skerp ûnderskie tuske roomske, antirevolúsjonaire en soasjalistyske demokraten, dy 't op 'e gearkomsten tige foar de mindere man binne, mar gjin arbeider yn 'e hûs habbe wolle en him by de doar ôfsâltsje en minsken, fan hokker partij ek, dy 't har mei de arbeider ien en mien fiele en him jerne yn 'e hûs bidde. Sa oardielet it folk en dat is syn biwiis.
En it sjocht noch mear. It sjocht ek, dat de ideälisten en radikalen it yn 'e partijen ornaris net fier bringe, mar al ridlik gau yn it wanbitrou en de forachting reitsje en ûnmûglik makke wurde, krekt sa lang dat hja der út geane óf har stilhâlde óf har yn 'e greate stream meidriuwe litte. It sjocht ek, dat krekt oars om de makliken en de earsuchtigen en de materialisten it bitrouwen faken krije en de namme en de baentsjes en de foarsitten en de macht. En gjin partijblêd is yn steat, dat it folk ôf to praten, en gjin program fan bigjinsels noch fan aksje kin it forhelpe. Yntuïtyf en foartynienen fielt it hert fan it folk: hjir bart hwat ûnseedliks en ûnchristliks, dit is net rjocht, en it rekket it leauwe oan it ideälisme en de seedlikheit yn 'e polityk kwyt. Hwant neat nimt it folk him neijer as ûnrjocht. In ûnwisse lieding kin it noch forneare en in reäksjonaire poli- | |
| |
tyk kin it oer him gean litte en de needsaek fan politike foarmen kin it him slim mei forsinne, mar rjocht en ûnrjocht hat it in fine fieling foar. As it him fan in partij en dy har polityk ôfjowt, dan wurkje dêr ûnderskate faktoaren ta mei, mar de ears te en lêste reden is: de tsjinwar fan it folksgewisse tsjin it ûnrjocht, dat it yn dy partij oanfielt.
Mar is dizze krityk wier? Ek it folk kin him forsinne, dat docht it mei sa'n oardiel de partijen wol lyk en rjocht? Ik antwurdzje: subjektyf né, mar objektyf ja. It folk hat foarsàfier gjin rjocht fan praten, dat it it sels safier komme litten hat. It hat sels greate skuld oan it bidjer yn 'e polityk fan steal en partijen. It lit fiersten to folle oer him hinne gean en bliuwt leafst sa passyf mûglik en lit it protest en de lottering foar de inkelden opkomme. De polityk is gjin ding op himsels; by einsluten is it ideälisme yn 'e partijen sa swak en de ûnseedlikheit sa sterk, meidat yn it hiele libben tsjintwurdich de ideële krêften swakke wurking dogge. Lit it wier wêze, dat it materialisme as wittenskip ôfdien hat, praktysk hearsket it oermachtich. Net allinnich yn 'e arbeid, mar ek yn 'e wittenskip, de kunst, de soasjale striid, de filantropije, ja sels yn 'e tsjerke fan Christus hat it in swiere macht oer de herten, dat hoe soe it yn it politike allinne better wêze?
Mar like goed bliuwt it dêrom wier hwat fan de partijen sein wurdt. As in net al to bêsten ien fan in like minnen ien de wierheit seit, is it dôch de wierheit, tsjûgjend tsjin beide. Alhoewol 't de skuldige de skuldige oardielet, hâldt de krityk fan it folk. En elkenien, oft er it meistimme wol of ûntstride, wit yn it hert dat it hâldt, by alle partijen rjochts en lofts. Elkenien wit, dat al yn safolle doarps- en gemeentekiesforienings de earsucht wurket en wrot, om in bistjûrssit to winnen en op 'e list foar de gemeenterie to kommen, en hoe 't der yn forskate gemeenterieden kûpe wurde kin by it forjaen fan de baentsjes fan siktaris, ûntfanger, architekt, ensfh. En dy 't ris troch de finsterherten
| |
| |
kypje kin, dy wit dat yn 'e provinsjaie en generale partijorganen en yn 'e Steaten en de ryksfortsjintwurdiging, bygelyks by it opmeitsjen fan de folchoarder fan de kandidaten - foaral hwa 't op nûmer ien komme sil - it stimmen fan Deputearre Steaten en leden fan de Earste Keamer, it forpartsjen fan provinsjale amten, it bineamen yn Steatskommisjes ensfh. deselde earsucht en baentsjejacht oan har heilleas wurk binne. Dat binne publike geheimen, en de iene partij forwyt it de oaren, en noch is alles net publyk.
Dêrom wankt de greate partijen fan tsjintwurdich itselde lot, dat oer de liberalen kommen is. Earen wienen de Roomsken en de antirevolúsjonairen en de christlikhistoarysken yn 'e forachting, en de soasjalisten waerden yn it tichthús set: doe moasten hja allegearre fan it ideäel libje. Mar hja habbe it mei de rûmte to rêdden krige en binne machtich wurden en kinne de weelde net forneare. De striid fan de partijen wurdt fan rjochtsstriid allinken machtsstriid. Net dat hja mei har witten foar it ûnrjocht stride: sa hommels geane de dingen net yninoar oer. Mar hja merke har rjocht en har macht foar ien en itselde oan, en wolle de krityk fan it rjocht op 'e macht net hearre: sa komt de oergong linkende wei. En yn dy striid om de macht krije de materiële hertstochten yn de minske: jildsucht, earsucht, hearsksucht, de romte fan ûntjowing.
En it morele libbensbisef en de ideële krêft, om dat tragysk neigean to kearen en op to heevjen, misse. It greate seedlike ideäel ljochtet en lûkt net mear. Der is by de Christlike partijen gjin fûl en fortarrend langstme nei it kommen fan it Godlik keninkryk, noch by de soasjalisten nei de steat fan heil, noch by de frijsinnigen nei de humane minske. Sa sinkt it.
It swierwichtichste hab ik neamd: nou moat ik ta einsluten komme. Hwat is de djipste en alles ynhabbende oarsaek fan dit neigean?
| |
| |
It forline en de takomst, beide wolle hja hjoed wêze. Dat habbe hja altyd wollen, mar nea sa fûl as yn ús dagen. It forline wol net oergean en hat alle tiid, de takomst, dy 't mei hasten oankomt, hat it net oan tiid, en nea wie in hjoed sa wif en faei ta skieding steld. Sterk en lang hâldt de tradysje, mei great en rimpen gewelt komt it nije. Plôkje de dei, wie de regel fan de Romeinen har libbenswiisheit, en sikerwier, har dagen koenen as fruchten stil en swier fan ripens oan de libbensbeam hingje. Mar ús dei kinne wy net ploaitsje: frucht is er noch sied. Wy moatte aloan siedzje, mar de rispinge komme wy net oan ta. Yn it wylde en rêdde rhytme fan in jeijende tiid ûntkomt it libben ús, en de dagen forhaestigje har mei greate feart. Tiid stjit op tiid, hoe koart is net in ûre, hoefolle jierren geane hjoed net maklik yn ien dei. De rêst fan 'e dingen is foart, de reäliteit skoddet en skokt, yn hasten riizgje en sinke ideälen.
De tiid fan de evolúsje is oer, net allinne fan de evolúsjelear, mar ek fan de evolúsje sels. It libben ûntjowt him net mear stadich en mei fordrach - as it al ea him sa ûntjown hat - mar út 'e djipte brekke hookstrookse en ûnforwachte krêften. It forbân fan oarsaek en folge is ûnsjenber wurden, sa djip leit it en sa wiid. It forline is gjin oarsaek mear, mar de takomst: dat is de greate omkearing en revolúsje.
Somliken, dy 't op it uterlike sjogge, binne yn 'e forbylding dat it revolúsje earne fierôf: yn Ruslân is. Lykwols hâldt alle wrâld hjoeddeis yn revolúsje ta. Hwant revolúsje is net it uterlik omkearen fan in steat of in mienskip, mar it ynwindich omslaen fan de geast. En dat is it, hwat yn dizze tiid bart en yn allerhanne forskynsels heftich syn wurking docht. It libben en al hwat dêryn is, wurdt oars sjoen, oars tocht, oars oanfield, oars libbe. De geast is wol deselde, mar syn forhâlding ta de dingen is krektoarsom.
Nije ynhâlden riede ta en nije foarmen stalje, en hja wrakselje yn en tsjin it âlde, dat yn tradysje mei it libben forgroeid is. Yn alle formiddens: húsgesin en steat en tsjerke en mienskip en kunst en wittenskip wurket in takomst dy 't
| |
| |
gjin trochlutsen forline is, mar in út oant nou ta sletten djipten opkommende biweging. Us kultuer ûntjowt har net mear, mar hja wurdt trochbrutsen troch djipper lizzende en sterke fijannige krêften fan it libben. Foar it flakke komt it forheftige, foar it brede it fanatike, foar it foartstreamende it heech opwâljende. Men kin dêr bliid om wêze of der bang foar, it keare wolle of it bifoarderje: it is en it komt. Folle moat jit barre en de tiid is koart: sa sil de djipte allinne foartoan libbensmjitte wêze.
Fan dy revolúsje ûntkomt gjin formidden en net it minst leit dêr de steat yn. Hwant nearne net hat de tradysje sa'n greate macht en nearne is der heftiger tsjinwar tsjin. De moderne steat, lyk as it Westen dy troch in ûntjowing fan ieuwen krige hat, is ien fan de greatste kultuermachten fan dizze tiid, en jitte by dagen driuwt er syn ynfloed fierder en bisiket er syn posysje to forsterkjen. Greate macht hat er bistribbe yn it húsgesin, de arbeid, de opfieding, it iepenbiere libben, ja yn kunst en wittenskip en tsjerke en der is langer gjin formidden fan libben, dêr 't hja net is en komt.
Foaral sûnt de Frânske revolúsje is dat gien, en de njoggentjinde ieu hat dy ûntjowing net allinne sûnder folle krityk oannommen, mar it yn har ideälistyske filosofije ek ideäel makke. De Frânske revolúsje hie it folk souverein forklearre, mar dêrnei en dêrnjonken kaem de lear op fan de steatssouvereiniteit, dy 't de steat symbolyske bitsjutting en absolute macht taskreau, en de steaten habbe dy gaedlike theorije knap yn 'e praktyk brocht.
Mar nou, yn dizze tweintichste ieu, set har in principiëel oare weardearring nei hearskjen. De steatsmacht - somliken nearne it steatsalmacht - kriget in yngeande en radikale krityk. Elkenien giet safier net as de anarchisten, dy 't de steat foar it kwea en de oarsaek fan alle ûnrjocht oanmerke, fierwei it greatste meartal sjocht wol yn dat it folk en de mienskip sûnder steatsfoarm net bistean kinne. Mar dôch groeit yn allerhanne formidden de twivel ta wissichheit, oft it tsjintwurdige steatsidé it rjocht wol ynhat. It giet
| |
| |
by einsluten net om de frage fan keninkryk of republyk noch fan aristokratyske of demokratyske regearfoarm noch fan sintralisaesje of desintralisaesje, mar it bigjinsel fan de moderne steat is yn 'e pleit.
Is de steat fan tsjintwurdich ynstitút fan it rjocht, of is er it fan de macht? Dat is de greate frage. Wy sûnderje de anarchisten út, foar hwa't it gjin frage is, mar oars is elkenien - fan hokker leauwe ek en hokker partij - fan bitinken, dat de steat sûnder macht net wêze kin. De reäliteit fan dit libben is sa, dat it rjocht allinne mei macht to hânhâlden is. Hwant it rjocht wol dien en brûkt wurde, dat it kin yn in mienskip fan ûnfolsleine en sûndige minsken foar it neikommen fan syn autoriteit de macht net misse. Foarsafier moat de steat machtsynstitút wêze. In steat sûnder macht stiet net noch bistiet, is gjin steat.
Mar dan moat dy macht ek yn it rjocht groundearre wêze. It moat har net om harsels to rêdden wêze, lyk as de lear fan 'e steatssouvereiniteit wol, mar om it heechhâlden fan it rjocht. Hja hat rjochtfeardich to wêzen, in tsjinster fan it rjocht. In steat, dy 't de macht om 'e macht brûkt en har sûnder reden fan rjocht útwreidet, bikweadiget him oan it rjocht. En in steat sûnder rjocht, steande allinnich yn macht, kin wol in tiid bistean, mar hy wurdt oardiele troch it bisef fan de wet, dy 't yn it gewisse fan de minsken is. Hwant hwat foar 'n steatstheorijen somlike wiisgearen en steatslju en militairen ek úttocht habbe, it algemien bisef fan de minsken, oft hja dat ûnderhearrich meitsje oan de iepenbiering of oan de rede of oan de fieling, bringt de steat yn it forbân fan it rjocht. Djip is jitte de oertsjûging fan it folk, likegoed fan soasjalisten as fan roomsken, fan frijsinnigen as fan antirevolúsjonairen, dat de steat gjin macht habbe mei bihalven de macht fan it rjocht.
En út dy oertsjûging wei komt de krityk op 'e steat, dêr 't wy it mei to krijen habbe en hja soe noch fûler en algemiener wurde, as it seedlik libbensbisef net swak wie en it machtsbigearen alle formiddens fan minsken net oanrekke
| |
| |
hie. It wurdt klear: wy habbe it to krijen mei in steat, dy 't nei it rjocht net bjuster freget en nei alle kanten syn macht útwreidet, nei binnen ta troch in al fierder ynkringende bimuoijenis mei alle libbensformidden, nei bûten út troch glûpske diplomaetsije, kolonisaesje en oarloch.
De macht hearsket en skept it rjocht, yn sté fan dat it rjocht de macht skept. Wy hjitte frij, mar de tsjintwurdige steat hat sa likernôch likefolle macht as de tyran by âlds, allinnich is dy macht nou net by ien minsk, mar yn in abstrakt lichem. Wy kinne wakker oangean oer de fascistyske steatsfoarm fan Itaeljen en de bolsjewistyske fan Ruslân, mar soe it ek sa ris wêze kinne, dat hja de konsekwinsjes binne fan ús moderne steat: de iene de aristokratyske en de oare de demokratyske, of de iene de reälistyske en de oare de ideälistyske?
Dat is it djipste probleem fan de partijen: de tsjintwurdige steat. Hwat moatte hja dêrmei, nou en yn 'e takomst? Yn dat brede forbân fergje alle fragen op har antwurd: de fragen fan de oarloch, de kolonisaesje, de soasjale biweging, de steatsbimuoijenis, it eigendom, de forhâlding fan folk en steat, seedlikheit en steat, ideälisme en steat, Christendom en steat.
Dat alles is mei de ûntjowing fan de steat yn in noedlik stadium kommen. Greate, yn somlike dingen hast folsleine macht hat er ta him nomd, mar de macht fan it rjocht forliest er. Foar it each foarmet er in sterke ienheit, mar ynwindich wurkje skiedende en spjaltende eleminten. It nationalisme striidt tsjin it internationalisme, it folkseigene tsjin 'e steatskultuer, it Christlike steatsidé tsjin de soasjalistysk-kommunistyske steatsoarder, it mienskipsideäel tsjin it steatsideäel, en sels de Tsjerke bigjint yn somlike lânnen steatskritysk to wurden. Midden yn al dy striid en bitizing stiet de steat en it brekt syn ienheit, earst ynwindich en dan ek uterlik. Wiist it net faei, dat ûnderskate steaten tsjintwurdich - net tsjin it bûtenlân, mar tsjin it binnenlân - har allinne mar mear oereinhâlde kinne troch machtsmiddels,
| |
| |
lyk as legers en frijkorpsen en frijwillige lânstoarm en ‘Sehutzwehr’ en boargerwachten? Sa swak is it rjochtsbisef as it de steat oanbilanget, en sa ûnmachtich de politike ienheit.
Dat is wer net by tafal. It hiele libben: ideëel en reëel, geastlik en ekonomysk, is yn chaotyske biweging. Hoe soe dan de steat, dy 't linkende wei it forbân mei alle formidden fan libben socht en lein hat, ûnbiweechlik stean? Hy moat wol forheftich skokke en slim út syn foegen en grounslaggen set wurde.
De njoggentjinde ieu hat it wol oankommen sjoen, en is der yn it great oer gear gien, dat faeije forrin to kearen. De liberale polityk - de njoggentjinde ieu is de ieu fan it liberalisme - hie twa greate middels ta har doel: hja woe de steat machtich meitsje troch ûnthâlding en syn ienheit groundearje yn neutraliteit. De steat hie him hielendal net of sa min mûglik to bimuoijen mei it geastlike en it ekonomyske libben, en hwer 't er him út syn aerd al mei bimuoije moast, dêr hied er neutrael to wêzen en bûten en boppe de partijen en rjochtingen syn heechheit to biwarjen. Sa soed er spjalting en in noedlike oerwichtigens fan macht bûtenkeare, en libjend yn it rjochtsbisef, it eigendom fan it hiele folk wêze.
Dat wie sa min noch net sjoen en bidoeld, as it mar mûglik west hie. Mar it wie net mûglik. De geastlike en ekonomyske krêften fan it libben wienen to sterk, om har ek yn 'e politike foarm net to uterjen, en likemin koe de ynwindige machtsdriuw fan de steat sa folle ûnthâlding forneare. De liberalen sels al waerden stap foar stap de wei fan de steatsbimuoijenis op twongen, en de rjochter partijen en de soasjalisten habbe it bigjinsel fan steatsûnthâlding alhiel út 'e polityk wei wurke. It is nou sa fier hinne, dat alle partijen oer de bimuoijenis fan de ‘almachtige’ steat kleije, en dat hja der ek allegearre ta meiwurkje, safaken it harren gaedlik taliket.
En noch minder, hat bliken dien, wie de neutraliteit fan
| |
| |
de steat to hânhâlden. Neutralens is allinne mûglik yn de oerflakkige en uterlike dingen, mar sa gau as it libben yn greate en djippe biweging komt, wurdt hja tobrutsen. Men kin neutrael wêze yn it oanfokken fan kninen en geiten, mar net yn it opfieden fan de siel fan it bern. Men kin neutrael hout stikkenslaen, mar neutrael oarlogje kin men net. Men kin yn neutralens in polder syn gerjochtichheit fan ôfwettering jaen, mar gjin rjocht oer minsken sprekke. Meiskien is in masine neutrael - meiskien ek is it in grouwélich goddeleas en ûnbarmhertich ding - mar in minske is net neutrael. De hannen kinne neutrael wêze, mar nea it hert. Neutrael, dat kin net en dat wol net. Doe 't de steat him bigoun út to lizzen en doe 't libben út 'e djipte him opjoech, doe wie de skyn fan in neutrale steat en neutrale polityk net ienris mear op to hâlden, en moast de liberale steatkunde fiasko slaen.
Algemien is nou it bigryp, dat de steat net neutrael wêze kin. Mar mei dy bikentenis is er Subjekt èn objekt wurden yn 'e striid fan geastlike en soasjael-ekonomyske opfettingen. Hy nimt foar kar en wurdt foar kar nommen, forsmyt en wurdt forsmiten, docht op alles ynfloed en ûndergiet fan alles ynfloed.
Hwat sil it takomstich wêze? Underskate mûglikheden draecht de takomst, swier fan ideälen. Sil it tsjintwurdige ynternationalisme de politike ûntjowing biskiede en neffens it foarbyld fan de Foriene Steaten fan Noard-Amearika de riken fan Jerope gearbringe yn in Jeropeesk steateboun? Sil it nationaliteite- en folkssteatsbiweging slagje, de steat nij to bouwen op 'e grounslaggen fan folksmienskip en nationaliteit? Hat de proletaryske mienskipssteat de takomst yn, lyk as it soasjalistysk-kommunistysk ideäel is? Kriget in reäliteitsfilosoof as Oswald Spengler gelyk, dat de moderne steat, nou al út 'e foarm, út ynwindige needsaek ta foarmleazens forfalt, en dat oer it Westen de tiid komt fan de soldatekeizers en wrâldoermasterders, lyk as earen oer it Romeinske ryk? En dan is der noch dy greate en skriklike
| |
| |
mûglikheit, dat de Christenen wegerje sille de steat ûnderhearrich to wêzen, omt er yn macht en heechmoed tsjin Christus him ophevet en it rjocht fan de goddeleasheit brûkt.
Sa wrakselet de takomst yn de dei fan hjoed ta stridige en ûnsoenbere mûglikheden. Hoe 't it foar it each ek lykje mei, yn it forhoalene wurdt de striid fûler. Yn wide en djippe tsjinstellingen wankt it takomme libben. Hwat nou jit folle gearhâldt, is de neiwurkjende tradysje fan de foarige ieu, mar dy sil mei gauwens útwurke wêze. Yn wide biwegingen tsjocht it libben ta it absolute, en it hert fan de minsken wurdt sterk makke en hat great forlangst. Wy wurde fan de takomst oerwoun en sille net mear lyts, mar allinne great wêze kinne, great yn de striid en yn it lijen great.
En de partijen? Hja driigje tsjin dy takomst oan en it is to bigripen. It is de skrutelheit foar it ûnbikende en de hâldende macht fan it fortroude forline. Dêrom passe hja tige op har organisaesje en uterlike ienheit, hâlde har almeast oan it tradysjonele en komme allinnich ut 'e ried, as it lytse en ûnnoedlike dingen oanbilanget. Mar de greate fragen fan de takomst swije hja sa folle mûglik oer.
En dôch sille hja oer de stikken, dy 't ik yn dizze artikels bisprutsen hab, gear moatte. It swijen en forstellen jowt neat, wol is it krektoarsom gefaerlik. As hja it net dogge, dan sil it bûten har om dien wurde, dan sille nije partijen opkomme, dy 't harren it wurk út 'e hannen nimme. Hja habbe de kar: òf trochgean lyk as it giet, fan neigong ta ûndergong, òf mei nije moed har opjaend, op 'e oankommende fragen yn it forbân fan har bigjinsels en ideälen klear antwurdzje en biret oanarbeidzje. Hwant it komt, en dit is foar de partijen de frage fan bistean of net bistean, oft it ek troch harren komme sil of bûten en tsjin har.
|
|