| |
| |
| |
Yn ûngerjochtichheit berne.
Al njonkelytsen is it it greatste part Selskipsleden klear wurden, hwat Fryslân fan 'e ‘Fryske Kalvinisten’ to forwachtsjen hat. Ek dy fan it Selskip habbe in earmtakke en boppe dat noch bigryp en oardiel, om to fielen. En it allerklearst fiele hja wol, dat de hiele kream fan it sabeare Fryske Kalvinisme yn ûngerjochtichheit útbret is.
Ik wol dêrmei sizze, dat it de opsetters fan dat spul om hiel hwat oars to rêdden is as om Fryslân. De man dy 't de boel oan it rôljen brocht hat, v.d. Meulen - ik sil der dizkear noch mar net op komme, hwa 't wer efter him sitte - syn hiele forline oardielet him. Jierren en jierren, hast fan 1908 ôf, wied er lid fan it Selskip en nea hat hy dêr yn al dy tiid hwat oan dien, nea him al dy jierren earne mei bimuoid, noch om to stypjen, noch om to kritisearjen. Sels yn 1924 en '25, doe 't it neffens syn sizzen sa forkeard gien is, wied er nearne to bikennen. Hat sa 'n ien seedlik rjocht fan praten? Ien, dy 't fyftjin jier lang neat die en nearne foar warskôge. Mar op in goede dei hellet it bistjûr fan 'e antirevolúsjonaire Parsforiening de greate flater út en meitsje de man haedredakteur fan it Friesch Dagblad - in flater, dy 't as hja net gau goed makke wurdt, de antirevolúsjonaire partij hjirre djûr komt to stean - en it duorret mar effen, of hy sit yn greate noed oer Fryslân en slacht yn in wylde krityk op al hwat mar Fryske biweging is. Hwer komt ynienen dy gleone en soarchsume leafde foar Fryslân wei, dy 't fyftjin jier lang neat fan har hearre litten hie?
En v.d. Valk, dy 't ris op in gearkomste kaem to praten en oars gjin slach dien hat? En om mar gjin mear to neamen, Wytzes, dy 't ek in skoft lid fan it Selskip west hat en nea in
| |
| |
mûle iependie noch in hân útstiek? Hoe binne dy ynienen sa yn felle noed? Er hwer helje hja it rjocht fan praten wei? Ik wol krityk hearre: fan Douma, dy tominsten hwat dien hat, oan Yn ús eigen Tael en oan de Himelsblauwe Trie, fan Wybenga ek, dy 't in steat fan tsjinst hat - mar net fan sokke lju. Sokke mûlen en foarhollen oardielje har sels.
Noch moaijer wurdt it, as mannen lyk as Ds. Dethmers en Dr. v. Es, dy 't fan 'e Fryske biweging neat witte, neat witte wolle en neat habbe moatte, har seine mei- en neijowe. Hwerom hâlde dy har der net bûten? Hwerom dogge dy har sympathy to witten oan in foriening, dy 't yn har karbrief seit foar dingen stride to wollen, dêr 't hja neat foar fiele? It hat wol klearrichheit: omt hja fiele en taeste kinne, lyk as elkenien dy 't in earmtakke hat, dat dat nije selskip, tominsten de beding dêrfan, itselde wol as hja.
Hwat wol dy dan? It is foar hwa 't it fuortynienen by de ynset noch net bigrepen hawwe mocht, nou sa njonkelytsen wol bleat kommen. Slach foaral trije dingen acht: foarst hoefier 't de krityk giet; twad hwer 't de oanfal it fûlst tsjin is; tred hwat it karbrief foar doel oanjowt.
De krityk bigoun yn 1926/'27 tsjin inkele útlittingen fan inkele foarmannen fan it Christlik Selskip: Buising, Folkertsma, Schurer, Visser, De Jong. Mar al ridlik gau wreide hja har út tsjin it hiele Selskip, en sûnt forline Krysttiid is it safier hinne, dat der neat mear fan it hiele selskip en syn wurk dooch. Ds. Douma mei noch ris in wurdearjend wurd habbe, v.d. Valk en foaral v.d. Meulen lekje op alles om. Mis is de bigjinsel- en doelbiskriuwing fan it Christlik Selskip, mis syn krityk op 'e Hollânske tradysje yn Fryslân, mis syn ûnderwiisaksje, mis syn war foar it Frysk yn 'e tsjerke, mis syn oanstean by de politike partijen, mis syn Greatfryske sympathy, mis syn histoaryske opfetting, mis ja neam mar op. Mar hwat hja neffens har eigen sin goed neame moasten, as hja yndied it goede foar Fryslân sochten, dêr komme hja net op, dêr swije hja oer. Kranten en tiid-skriften wurde systematysk neisneupt, om dôch mar uterin- | |
| |
gen to finen dy 't brûkber binne, mar sa folle oare útspraken dêr 't hja it alhiel mei iens wêze moatte, hâlde hja efterút, Schurer kin gjin goed dwaen, mar syn fersen dêr 't er syn leauwe yn biliden hat lyk as it nei Gysbert Japiks mar komselden heard is, neame hja net. Visser moat nou ienris âld-liberael hjitte, en hja witte út syn pear hûndert artikels wol inkele sinnen to finen, dy 't mei hwat handichheit liberael út to lizzen binne. Folk rtsma moat hingje op twa of trije útlittingen út in hiele lange rige fan sechstjin artikels, dêr 't hja fierders ôf bliuwe. En sa giet it hieltyd: op inkele symptomen dy 't hja miene to sjen wurdt in hiel Selskip, in hiele biweging mei al har wurk en stribjen foroardiele as forkeard en gefaerlik.
En freegje dan net, hoe 't dy symptomen forkleare wurde en hoe 't de krityk is. De wyldste en brykste wize giet der op. Lyk as ik al earder skreau: losse uteringen wurde út it forbân helle, insidintele absolút makke. Tradysjonele skelen wurde foarsteld as prinsipiële. Us striid tsjin de Hollânske tradysje yn tsjerke, skoalle, politike en soasjale organisaesje, jeugdbiweging, ensfh. wurdt de skyn oan jown fan bistriding fan it religiëuze bigjinsel fan dy formiddens. Us Greatfryske aks je kriget in antihollânske en sels antikalvinistyske útliz. De Kalvinistyske en de miene Christlike opfetting wurde mar gau yn 'e tsjinstelling set, sûnder ûndersiik oft hja yn it nationale wol tsjinstellingen binne, en oft hja dêryn meiskien net earder ta deselde konklúzjes liede.
Sa'n bline krityk, dy 't net ûnderskiede kin en alles oer ien kaem rost, mist alle seedlike krêft. Mar boppe dat, it is gjin krityk mear, it is in absolute foroardieling. Nea hat de slimste Hollânnist yn Fryslân of de fûlste nationalist yn Hollân it Christlik Selskip sa skerp en sa op alle punten bistriden as dizze lju, dy 't Fryslân fordigenje sille. It is klear hwer 't it om to rêdden is. It is net to rêdden om inkele dingen yn 'e Christlik Fryske biweging, mar om dy biweging sels en hielendal. It is to rêdden, net om suvering
| |
| |
en forbettering, mar om forneatiging. It Christlik Selskip moat leechpompt, it wurk fan it Christlik Selskip ûnmûglik makke wurde. Hwerom? Omt hja de hiele biweging gram binne. Omt hja in hiel oar doel habbe, dat hja lykwols Frysk neame.
Mar hwat is dat oare doel dan? Lit ús it twade stik neigean: hwer 't v.d. Meulen en dy it fûlst op oanfalle. Elke wike wer docht it bliken, dat har grime foaral geande is oer ús krityk op it Fryske folk, op Christlik Fryslân, op 'e tsjerke, de skoalle, de partijen, de soasjale organisaesjes, de sjongforienings, de jongfeinte- en fammebounen. Dat kinne hja net daeije. Wy meije hwat lêze en hwat skriuwe en hwat ûndersiikje en hwat gearkomme, dat forgunne hja ús net, mar fan it oare kinne wy ôfbliuwe. Dêr sille de tsjerke, de partijen, de organisaesjes sels wol foar rêdde, sûnder sizzen fan in kloft ûntofreden dwepers to hoegen. En hwerom wolle hja dy krityk net, hja likemin as it folk, as de tsjerke, as de partijen, as hokker formidden ek? Omt hja ynwindich tofreden binne mei de bisteande tastân, dat is mei de Hollânske tradysje yn tael en oplieding en ûntjowing. Hja fiele net it rjocht, de needsaek, it bilang fan in oare, fan 'e Fryske tradysje. De posysje dy 't it Frysk noch hat, hawar dy mei it hâlde, mar mear is ek net nedich, mear is forkeard. Prinsipiëel is de bisteande tastân, dat hast yn it hiele Fryske libben de Hollânske tael en kultuer fier oerhearskje, harren goed en wol nei 't sin.
Mar der is jitte hwat oars, dêr 't hja har slim tsjin warre en dat har doel noch klearder yn it ljocht set. It is de tsjerklike en de politike rjochting fan in stikmennich Selskipsleden en inkele Selskipsfoarmannen. Dy har hersteld Grifformeardens en mear noch har Christendemokratyskens wurde op it Selskip forhelle, dat him yn sokke wegen liede litte soe. En al leit dat Selskip iderkearen wer yn, dat it al syn leden fan hokker tsjerke of partij ek gelyk bihannelet, dat it uteraerd gjin kar dwaen kin yn tsjerklike en politike skelen, dat de hersteld Grifformearde en de Christen-
| |
| |
demokratyske aksje fan somliken fan syn leden likegoed bûten him om geane as it Grifformearde en Herfoarme en antirevolúsjonaire of christlik histoaryske stribjen fan oaren fan syn leden - de biskuldiging hâldt mar oan. Mar hjir krekt komt efter de earmtakke wei, hwer 't it om to rêdden is. Hwant it is dochs wol eigenaerdich, dat hja it Christlik Selskip forwite, hwat hja yn safolle oare forienings mar gewurde litte. Yn allerhanne politike, soasjale en kulturele organisaesjes, to bigjinnen yn 'e antirevolúsjonaire partij, sitte hersteld Grifformearden oant yn 'e lieding ta. Krektlyk binne Christendemokraten lid en foarman yn ûnderskate tsjerklike en kulturele formiddens. En dat mei allegearre en it Friesch Dagblad swijt en makket sels propaganda foar mear as ien sa'n organisaesje: foar de antirevolúsjonaire partij bygelyks en de Vrije Universiteit en de Christlike Radioforiening en it Christlik Boere- en Túnkersboun. Mar as yn it Christlik Selskip deselde tastân is, dan nimme hja dêr reden út om to razen en to mâltjirgjen en to forketterjen dat en it Selskip yn 'e ban to dwaen. Hwerom dat ûnderskied? Hwerfoar dat ûnderskied?
Kin it klearder? It forwyt falt werom op dy 't forwite. Net it Selskip hat ûnderskied yn tsjerke en yn partij, mar v.d. Meulen en dy. Hja wolle, it Selskip sil de Grifformearde tsjerken bifoarrjochtsje boppe oare tsjerkformaesjes en foaral de antirevolúsjonaire partij boppe oare partijen. De Christlik Fryske biweging moat har brûke en slepe litte troch de antirevolúsjonaire partij. En omt hja dat uteraerd net kin noch mei en dêrom net wol, dêrom moat hja by it folk foar antigrifformeard en revolúsjonair en withwat gean. Dêrom ek moat dy biweging der mar oan weage wurde, en weage dommernôch net minder de antirevolúsjonaire partij.
Ja, dat is by einbislút fan al dy bombaerje en earmoederij en hetze it twaderlei doel: de antirevolúsjonaire partij moat it to sizzen habbe yn 'e Fryske biweging, en Hollân moat it to sizzen hâlde yn Fryslân. De bifêstiging fan it lêste kin men fine yn it karbrief. Dêrneffens sil der
| |
| |
dien wurde oan Fryske sang, literatuer, fortaling fan Bibel en tsjerkeboek. Dat bitsjut yn 'e mûle fan v.d. Valk en v.d. Meulen tink: sahwat like folle as hja der foartiid oan dien habbe. Mar op 'e skoalle sil it Hollânsk en kin it Frysk ûnderrjochte wurde. En by gelegenheit sil der yn 'e takomst ris yn it Frysk preke wurde meije. Hwat der allinnich hwat útrint, is it kêst oer Fryske kolleezjes oan 'e Vrije Universiteit. Mar fierder is it program sa earmtlik, dat elk wol fiele kin, krektlike goed as v. Es en Dethmers, hwat it bitsjut: it Fryske koekedaei oan 'e Hollânske heak, it Fryske gebeart fan Hollân's swiere en lange earm. Dat karbrief hânhâldt Hollân's oerwicht en oermacht en ‘stelt dy feilich’.
Ik soe der net leafst op út wolle, dat alle leden fan it nije selskip it sa bidoele. In party is yn 'e trouwe forbylding, dat it wier forkeard giet yn it Christlik Selskip en dat it Fryske Kalvinisme ret wurde moat. In oar party wol grif hwat oan Fryslân dwaen en leaut út goederbêst, dat de lieding dat ek wol en sil. Ien moat ik hjir mei de namme neame, dat it goed klear wêze mei dat ik yn it foarige him net bidoeld hab: Wybenga. Oan dy syn leaf de foar Fryslân leau ik en elkenien kin dêr ûnbitinge oan leauwe. It is wier, hiel syn forline fan 1915 ôf oant 1926/'27 ta tsjûget tsjin syn tsjintwurdich dwaen. Mar dat hoecht in oar net foar him út to meitsjen, en elk minsk hat op it lêst it rjocht om to foroarjen. As hy der dan mar by yn bitinken nimme wol, dat oaren it rjocht habbe deselden to bliuwen. Ek kin gjinien Wybenga forbiede der blyn foar to wêzen, dat oaren him eksploitearje ta in hiel oar doel as syn eigen. Dat is mar in kwestje fan tiid. Haedsaek is, dat hy en oaren stéfêst yn 'e forbylding binne, yn it Grifformeard Selskip de Fryske saek it bêste to tsjinjen. Lit ús dêrom neigean, hwat yn dy organisaesje it tsjinjen fan Fryslân wurde kin.
|
|