lêst - en it is faker lêzen nedich en wurdich - hwat klearder it jin wurdt, dat mear as ien swierwichtige frage mei it net wêze hielendal, dan dôch in hiel ein hinne oan har útslútsel brocht is. Ik nim út it ryk forskaet mar inkele foarbylden. Fan de forhâlding fan 'e dichter ta syn wurk en de haedfigueren yn syn wurk wurdt in foarstelling jown en yn 'e parafrase fan inkele greatere dichten taljochte, dy 't forklearjend en tige oannimber is. It einbislút dêr 't Haantjes mei it ek wêze ûnderstellend ta komt: dat Franciscus Junius yn 1648 by Gysbert Japiks west hat, hat by allerhanne foarige ûnderstellingen de greatere wierskyn yn it foar. Tige goed is it de skriuwer slagge, de grinzen to biskieden fan de ynfloeden, dy 't Gabbema, Starter en de Hollânske skriftekennisse op Gysbert Japiks hawn habbe. Wol hied er der wiidweidiger op yngean kinnen, hwat plak de dichter yn 'e renaissance yn it algemien ynnimt, en foar hoefier 't der direkt of yndirekt ynfloed fan 'e klassiken yn syn wurk is. Yn 'e haedstikken oer de ynhâld en foarm, de tael en styl en de persoan fan Gysbert Japiks wurde goede en yngeande dingen sein oer de gearstallende eleminten fan syn ferskunst.
Sa is der mear to neamen, mar foaral moat it weardearre wurde, dat Haantjes de Christen Gysbert Japiks byldet. Dy wie oant nou ta noch nea ta syn rjocht kommen. Der is al hiel hwat skreaun oer de Fries, de taelskepper, de sjonger fan minne en natueren, de renaissance-kunstner, de moralist ek - mar de dichter fan en út it leauwe habbe de biskriuwers fiersten to min achtslein. En dôch is Gysbert dêr sûnder net to bigripen, noch yn syn wurk noch yn syn persoanlikheit. It is syn leauwe, syn swier, hertstochtlik leauwe, dat al it oare ta syn doel hilliget en ophevet - of tobrekt.
Haantjes hat dat forstien en yn 'e útbylding fan 'e persoanlikheit fan 'e dichter likegoed as yn 'e analyse fan syn wurk útwurke. Mar hy hie it fierder útwurkje sillen, binammen yn 'e ûntjowing nei it renaissancistyske en