| |
| |
| |
Selsbistjur foar Fryslan.
Leaut ien fan jimmen, dat wy mei taelstriid, mei literaire aksje allinnich it folk fan Fryslân winne? Leaut ien dat? Mar sjoch de feiten, sjoch de histoarje sûnt hûndert jier. Ik sil net bigjinne op to heljen fan Gysbert Japiks ôf: sjoch hoe 't it sûnt Wassenbergh en Halbertsma aloan gien is. It is in hiele ieu troch op alle manearen bisocht; bisocht is it mei folksskriuwerij en mei wurk fan literaire wearde, mei toaniel en mei meditaesje, mei winterjounenocht en mei de kunstfoardracht, mei koartswyl en mei stichtlike lektuer, mei oersetting út 'e wrâldliteratuer en mei Bibelfortaling, mei ûnderwiis en mei taelwittenskip, mei folklore en mei histoaryske stúdzje, mei skôgjend proaza en mei fel trúnjend en stridend wurd. Ik wol dat net leechlizze, ik wol meistimme dat it syn fortuten hawn hat en habbe sil, mar habbe wy it folk der mei oertsjûge en woun? Binne wy in folksbiweging wurden? Né, krektlikemin as de Flaemske biweging foar de oarloch de striid fan it Flaemske folk wie, krektlikemin as ien literaire aksje folkssaek wurden is.
Hwat mei de oarsaek wêze? It mei jimme noch tinke, dat Húsmans it mear as ienris hawn hat oer it nut fan 'e Fryske tael. Hwant it folk sei: Hwat jowt it? Hoe fier komt men der mei? Mar hy antwurde harren: Hoe fier komt der net op oan. Hoe heech en hoe djip komt men der mei?
Dat is it hert fan 'e kwestje. En Húsmans èn it folk hie gelyk, alhoewol Húsmans mear as hja. It folk hat in oare skôging oer de tael as dy 't fan 'e biweging binne. Hwat is tael? Foar it folk is it in praktysk middel ta mienskipsutering. It folk brûkt syn memmetael, om him forsteanber to meitsjen yn alle formiddens, dêr 't it der sûnder al to folle lijen yn forstien wurdt, en dêr 't it him der maklik
| |
| |
yn uterje kin. It sprekt dus Frysk yn 'e hûs, op 'e buorren, op it wurk, yn 'e omgong mei gealju en eigen folk; mar net of net gau mei frjemd, mei stêdtsjers, yn tsjerklike en offisjele gearkomsten, yn it publyk, tsjin amtners en autoriteiten en lju fan oansjen heech en deftich.
Oan de oare kânt Ljouwert is de Fries hwat skruten Frysk to praten; hy sil yn it Hollânsk ynsette en net earder yn syn eigen tael forfalle as dat er yn dy tael antwurd kriget. Rounom dêr 't er prate moat oer hegere en syn Frysk ûnbiwende dingen, is er sa mar klear yn it Hollânsk to slaen. It is der Hollânsk neffens, mar elk forstiet him, bihalven faeks hysels.... Sa giet it oeral to wrâld ûnder it folk, sa giet it ek yn Fryslân.
Dat is gjin kwestje fan ûnfryskens, dat hoecht it tominsten net to wêzen. Dêr habbe jy bygelyks ús frachtskippers en karriders, yn it miene ús farrens- en ridenslju. In slach folk is it yngrevene Frysk fan aerd, mar hwat habbe hja it hiem by de earste de bêste winkeljuffer yn 'e stêd har to forbrekken. Hwerom? Omt hja praktysk binne en de tael praktysk brûke, en hja net allinne, mar de greate massa folk. Sa fier en net fierder giet foar it folk it bilang fan de tael. Ik hab dat earder al ris sa formulearre: it folk tinkt net literair.
Mar de biweging freget mei Húsmans: hoe djip komme wy mei de memmetael en hoe heech? Hwant foar har is de tael sprake fan 'e siel, utering fan it moed, iepenbiering fan de geast, medium ta meidieling en forstean fan ynwindich libben. Yn 'e memmetael allinne komt it folk ta klear forstean fan himsels en kin it him djip en frij uterje. Dêrom moat it dy tael yn eigen formidden rounom brûke, net allinnich as sprake foar de deistige omgong, mar ek as tael foar it amtlike, kulturele, ideële en godstsjinstige libben; dêrom yn dy tael ûnderrjochte wurde; dêrom yn dy tael lektuer en literatuer habbe.
Hwa binne it dan ek, dy 't yn haedsaek de biweging útmeitsje? Dichters, skriuwers, foardragers, ûnderwizers,
| |
| |
yntellektuëlen, lju, dy 't bigryp en fieling habbe fan moaije tael en niget oan skiednis en sin oan folklore.
En ta dat folk komt nou dy biweging, en hja komt mei literatuer, foardracht, toaniel, stúdzje fan tael en folkskunde en skiednis, meditaesje, bibellêzing, preek, yn it miene mei sprutsen of skreaune tael.
En it folk fynt it oer it generael moai - en hwat dan? Dan is it ta de biweging bikeard en wurdt meistrider foar Fryslân?
Hjir is it punt, dêr 't mannich ien fan ús propagandisten him forsint. Foar in sealfol folk hat in enthousiaste sprekker forhelle fan de âldens en swietlûdigens en hege wearde fan 'e Fryske tael. Of hy hat foardroegen fan it moaiste Fryske proaza en poëzije. Of der is yn in revue de rom fan Fryslân's forline útbylde. Of it Evangeelje wurdt yn Fryske wurden djip en deun oan it hert forkleare. En de lju binne tige foldien en lûd fan applaus of stil fan oandienens en forwûndering. Hja geane nei hûs en wurde gjin strider foar Fryslân.
Hwerom net? Binne hja dan immún? Né, mar hja fiele de needsaek en it bilang net, om foar in literair doel to striden. It is harren wol goed, dat dichters en ideälisten en bilearden dêr foar opkomme, mar in folksaksje sjogge hja gjin nut yn. Hja kinne troch 'en dei Frysk prate en har fierders mei it Hollânsk redde, dat hwat bilang is der by en gean in aksje oan om it Frysk yn allerhanne formiddens to krijen? Op dy psychologyske grins stuitet de literaire biweging en sil hja altiten stuitsje.
Mar kom ta dyselde minsken mei útslútsel oer de pachtfrage, it grounbisit, fuortsterking fan 'e lânbou, forgreating fan 'e macht fan de Fryske Steaten en formindering fan Hollân's oerwicht, en hja sille jin forstean net allinne, mar ek it bilang en de needsaek fan aksje ynsjen. Dan sille hja bigripe, dat de saek fan 'e biweging har saek is en dat it om it wêzen en it wolwêzen fan it Fryske folk to rêdden is. Hwant polityk is in praktyske kunst en it folk tinkt polityk.
| |
| |
Troch syn oanliz hat it bigryp oer it doel en de middels fan de polityk. Yn 'e polityk hat it in natuerlik forbân tuske syn praktysk wêzen en syn ideälisme. Sjoch, hoe 't yn 'e ûnderskate nationaliteitebiwegingen, sjoch hoe 't bygelyks yn Flaenderlân it folk mei bigjint to dwaen, sûnt it stribjen net mear allinne literair, mar ek polityk is.
Jim moatte my net forkeard bigripe. Ik stean hjir net de tsjinstelling fan materialisme en ideälisme to meitsjen, krektlyk as soe polityk materialistysk wêze en taelstriid ideälistysk. Praktysk wêzen is hwat oars as materialisme, it stribjen foar it steatkundich folksbilang hwat oars as eigenbilang. Ek de polityk is fan wêzen en doel ideälistysk; hja skôget de ideäle steat en striidt foar in ideäel goed: it rjocht, de frijdom, de greate en skiene oarder.
Ek prakkesearje ik der net oer, de literatuer leech to lizzen. Ek har is Fryslân brek, en net earder kinne wy tofreden wêze, of it heechste en djipste, dat de minske fan God, fan 'e minske en fan de natuer sizze kin, moat ek yn it Fryske wurd sein wêze en aloan wer en aloan nij sein wurde. De literatuer is ús seedlike rjochtfeardiging; yn har komt Fryslân ta de macht fan it wurd. Mar om it folk to winnen, is it nedich dat Fryslân ta de macht fan 'e die, dat is ta de polityk komt. Beide binne nedich: wurd en died, literatuer en polityk, de literatuer om forfette, de polityk om ynset to wurden.
De twade reden, dy 't jin ta politike aksje foar Fryslân biweecht, is de twingende tiid. Folle hoech ik dêr net fan to sizzen: jim witte en fornimme de twang fan 'e tiid like goed as ik; ek hab ik it der al earder oer hawn. Us tiid is polityk. De steat wreidet syn macht hwat langer hwat fierder en yngeander oer it libben út, en fan gefolgen wurdt de ynfloed fan 'e politike partijen aloan greater. Hoe 't Fryslân yn 'e gemeenterieden, de Steaten en it Ryksregear bistjûrd wurdt, hokker wetten it dêr leger en heger wei kriget, hwat foar 'n ynhâld en strekking de programs fan 'e partijen habbe: it is foar syn hjoed en foar syn takomst
| |
| |
fan it greatste bilang. Dêrom is it needsaek, dat de Fryske biweging ynfloed kriget yn 'e offisjele lichems en de partijen. Hâldt hja har dêr bûten, dan hâldt hja har bûten in great en wichtich diel fan it Fryske libben en komt nea ta har folslein doel.
Wy fornimme it hjoed de dei al yn ús aksje om Frysk ûnderwiis op skoalle to krijen. Dêrfoar moatte wy wêze yn den Haag, by politike hearen en yn in polityk lichem, dy 't de saek net allinnich út in each fan taelkultuer, mar ek polityk bisjogge. En hwerom hinget it der dêrre sa swier yn? Omt wy gjin genôch politike macht habbe.
Hienen wy dat, hja soene Fryslân gâns hwat gauwer syn rjocht jaen. En krektlyk stiet it mei it midlik en heger ûnderwiis yn Fryske tael en wittenskip; krektlyk mei de frage fan it Frysk as offisjele en iepenbiere tael; krektlyk ek mei de ûntjowing fan it hiele kultuerlibben fan Fryslân yn Fryske foarmen. Dat alles is net ta in einbislút to bringen sûnder meiwurking fan it heger en leger biwâld en de steatkundige partijen. En dan leit noch braek foar de biweging dat wide fjild fan ekonomyske, soasjale en direkt politike kwestjes: fan hannelspolityk en bilêsting en pachtfrage en grounbisit en agraryske en soasjale wetjowing en kolonisaesje en de steatkundige forhâlding njonken Hollân. Dat binne gjin materiële kwestjes to'n earsten, mar fragen fan rjocht, nationael en algemien-minsklik rjocht, en ek hja bislute mei oer Fryslân's bistean en takomst. En as wy troch in direkte of in yndirekte polityk har net mei ta in útslútsel bringe, dan sille hja sûnder ús en nei alle wierskyn tsjin ús oan har útslútsel komme. Dan sille hja net nationael, mar ûn- en sels antinationael biandere wurde. Wolle wy de takomst fan Fryslân, dan moatte wy oer it hiele front stride en net hiele stikken sûnder forwar yn hannen fan 'e frjemdsin bliuwe litte. Us basis moat sa breed as Fryslân is.
Dy twa redenen binne it dy 't jin driuwe ta in Frysknationale polityk.
Wol immen dêr tsjin ynlizze, dat it in gefaerlik paed is
| |
| |
it politike, ik stim it him ynienen mei. De polityk is gefaerlik, altiten en net to min yn ús tiid, oeral en net to min yn Fryslân. Mar moatte wy der dêrom foar omlizzen gean? De hiele Fryske biweging, alle arbeid, it libben sels is gefaerlik: dôch libje wy en arbeidzje en habbe in doel. En noch altiten is wier, hwat de Savornin Lohman ienris jin in mennich politykskouwe lju sei: As jimme jim net mei de polityk bimuoije wolle - de polityk bimuoit har wol mei jimme. Foar deselde kar steane wy: wolle wy dat de polityk de takomst fan ús folk biskaet, sûnder dat wy der ynfloed op habbe? of wolle wy in polityk en dêrmei in takomst foar Fryslân, dy 't mei ûnder ús ynfloed foarme wurdt? Yn beide gefallen driuwe wy polityk: yn it iene gefal passyf, sûnder ús en tsjin ús; yn it oare gefal aktyf, troch ús sels en ta ús eigen Frysk nationael doel. Dat mei hwat paradoksael hearre, mar is it net sa? As wy de tsjintwurdige polityk, lyk as de partijen en de steat dy driuwe mar gewurde litte, dan wurkje wy mei oan in politike en soasjaelekonomyske ûntjowing fan Fryslân, dy 't it Fryske folk hwat langer hwat mear ûntfrysket. Wolle wy dat polityk proses keare, dan moatte wy dêr mei in eigen, in Frysksinnige, in Frysk-nationale polityk tsjin yn, dan moatte wy de biswieren en gefaren oangean om se to oerwinnen.
Mar hat it Fryske libben mominten ta in eigen politike aksje? Kin in Frysknationale polityk in reële en praktyske ynhâld habbe? Is der in politike kwestje yn en foar Fryslân? Hwant lyk as ik al earder sei, is de polityk hoe ideälistysk fan doel ek in praktysk stribjen, dêr't men mei ideologije allinne net fier mei komt. En dêr 't gjin kwestje is, kinne en meije wy gjin kwestje meitsje.
Mar de kwestje is der en hja bigjint iepenbier to wurden. Yn it foargeande hab ik al inkele dingen neamd. Sûnder de meiwurking fan 'e partijen en it biwâld is de frage fan it Frysk ûnderwiis net ta in útslútsel to bringen. Deselde needsaek dy 't de aksje foar de frije skoalle in politike striid makke hat, twingt ek ús politike ynfloed en macht
| |
| |
to winnen. En itselde jildt foar de frage fan 'e Fryske tael yn it offisjele algemien, dy 't ek op in politike biantwurding ferget. Mar immen sil sizze, dat binne dingen fan 'e biweging en net, tominsten noch net fan it folk. Ik soe him antwurdzje kinne, dat ik dy skieding tuske de biweging en it folk net oannim, en ek dat hja al fierder wurkje as allinnich yn 'e biweging. Mar hawar, ik lit dat wêze en sil oare dingen bybringe, dy 't net, tominsten noch net fan 'e biweging, mar wol fan it folk binne. En dan moat ik allerearst de barnende kwestje neame: de pachtfrage, dy 't yn fûl bisprek is redaksjoneel en by ynstjûrd stik yn alle Fryske blêdden en it folk ta ekonomyske organisearring en politike aksje driuwt. Hwer oars yn it Nederlânske ryk bringt hja it folk sa yn biweging en roerje? Mar ek hwerearne is hja fan sa'n biskiedenden ynfloed op 'e folkswolfeart as yn Fryslân, dat it fan 'e lânbou en de hierde boeren, koumelkers en garnieren hast allinnich habbe moat? It is gjin tafal, mar typearjende oanwizing, dat de útstellen fan 'e Fryske Maetskippij yn dizzen gâns radikaler binne as de oare lânboumaetskippijen yn Nederlân harres.
En yn forbân dêrmei steane de kwestje fan it absenteïsme, it útwenjen fan in great diel lânhearren, dat Fryslân jiers miljoenen kostet, dy 't fortard wurde yn weeldeplakken fan Gelderlân, Utrecht en Hollân, as it tominsten net yn Parys en Monte Carlo is, en it Fryske folk systematysk nei de earmoed lûkt - en de frage fan it grounbisit: oft it rjocht is en op 'en dûr wol sa bliuwe kin, dat de lânbrûker net en dy 't it lân net brûkt, wol lâneigener is.
Fierders neam ik it bilêstingsysteem, de hannelspolityk en de soasjale wetjowing fan it Nederlânske ryk, dy 't yn 'e bisteande politike forhâlding gaedliker wurkje foar de machtige hannelsstêdden, de greate lúkseplakken en de yndustrije-geaën as foar it lânbouwend en fébidriuwend Fryslân. It binne allegearre kwestjes, dy 't it Fryske folk yn syn eigen kultureel en ekonomysk bistean en yn in eigen foarm oangeane, in sterk polityk elemint ynhabbe, en in
| |
| |
Frysknationale polityk rjochtfeardigje en mûglik meitsje. Hwant dat hja noch troch it regear, noch troch de steatkundige partijen net of fiersten to min ta in útslútsel brocht wurde, dat ta heil en woldijen fan Fryslân strekt - it komt omt wy Friezen as folk gjin politike ynfloed en macht habbe. En yn it miene kin dan ek to'n earsten as it doel fan Fryske polityk formulearre wurde, dat wy genôch macht winne en foarmje moatte, om dy neamde en net neamde Fryske en Fryslân oangeande fragen ta in einbislút to bringen, dat it Fryske folk, de natio frisica gaedlik is.
Ik hoopje lykwols net, dat hjir ek mar ien hinne kommen is yn 'e forbylding, dat wy hjoed yn ynlieding en bisprek in útdragene saek meitsje sille. Sa ienfâldich en glêd leit it lân net. Wy binne noch lang sa fier net, dat wy in program fan Frysk nationale polityk opmeitsje kinne. Wis, men soe yn 'e gauwichheit in stikmennich punten op papier sette kinne, mar lit gjinien himsels wiismeitsje dat dat politike aksje bitsjutte soe. En krektlikemin is it jit oan it meitsjen fan in systeem ta. Hwat ik bidoel, is wol klear oan it foarbyld fan Groen van Prinsterer, dy 't in great diel fan syn libben tinke en sprekke en skriuwe en stride moatten hat, ear 't it nei syn dea ta in antirevolúsjonair en christlik histoarysk program en systeem fan polityk komme koe. Nammersto mear hâldt itselde foar Fryske polityk, dy 't ommers ynsette moat sûnder 't hja de lêste ieuwen tradysje hat. Wy moatte alhiel út 'e groun wei opbouwe en kinne foar ús doel en systeem by gjinien oare polityk oanslute. Dat makket ús wurk swier.
Polityk is op it lêst net de arbeid fan ien minsk noch fan ien stuit. It is de died fan 'e mienskip en in wurk fan tradysjefoarming. Lit ien of inkelen lieding jaen, dy lieding is noch gjin polityk. Wy moatte meiinoar as biweging en op 'en dûr as folk, troch stúdzje en bisprek en skriuwen en foaral troch de praktyk ta klearrichheit komme. Hwat ik hjir hjoed sizze kin, it is net fan 'e biweging noch fan it Selskip noch fan it haedbistjûr, mar fan mysels, en ik wol
| |
| |
allinnich hoopje, dat forskate fan jimmen en fan al hwa 't dit lêze meije oertsjûge wurde, net om it fuortynienen mei my iens to wêzen, mar om foar harsels mear klearrichheit to krijen. Hwant bihalven dat it allinne fan mysels is, is it ek net mear as in ynlieding op mocht it wêze ynliedend wurk.
---------------
Polityk hat ta ûnderstelling en ta doel in rjochtfeardige machtsfoarming. Sil in Fryske polityk ta har doel komme, dan moat hja de macht foarmje om it rjocht fan it Fryske folk to wêzenjen. Dat rjocht en dy macht hat it folk hjoed de dei en sûnt de dagen fan 'e Revolúsje net. Yndividuëel meije de Friezen deselde rjochten habbe as alle oare boargers fan 'e Nederlânske Steat - as mienskip, as folk, as nationaliteit binne hja lang net lykbirjochte, binne hja in tige great diel fan har nationael rjocht kwyt. Har tael en har kultuer bisteane foar it officium net. Har politike en ekonomyske bilangen wurde by Hollân sines fier yn it efter rekkene. De kardinale kwestje fan 'e polityk is foar it Fryske folk dus de forhâlding ta it Ryk.
Hoe is sûnt de Frânske tiid dy forhâlding? It Nederlânske ryk is krektlyk as de measte Jeropeeske steaten sterk sintralistysk. It oerwicht is net by de dielen, mar yn it hiele, it sintrom, Hollân, den Haag. It Ryksregear hat de haedsaek fan 'e macht, de Provinsjale Steaten en de gemeenterieden habbe in lyts bytsje to sizzen. Hjir kin op it earste each mei skynber rjocht tsjin ynlein wurde, dat it ryk yn it stik fan 'e útfierende macht dôch desintrael is, en de útfiering fan ûnderskate wetten alhiel of in diel oerdraecht oan Steaten en gemeentebistjûren. Mar hoe draecht it har oer? Al folle sa, dat de kosten foar dy mindere bistjûren opkomme. Hja meije de steat helpe it wurk to dwaen en hja meije it wurk bitelje. Sa komt der fan wiere desintralisaesje fansels net folle to rjochte, foaral yn dizze djûre tiid net, nou 't mei troch dy opleine help oan it Ryk ûnderskate
| |
| |
provinsjale en gemeentehúshâldingen op swiere lêsten sitte. En boppe dat, hwat jowt desintralisaesje fan 'e útfierende macht, as de wetjowing net desintrael is? Hwant de wetjowende macht komt it op it lêst op oan, en dy is yn it tsjintwurdige steatssysteem slim sintralistysk. De grounwet jowt hast alle macht om wetten to meitsjen oan it Ryksregear en de Ryksfortsjintwurdiging, en lit in meager bytsje bliuwe yn 'e kompetinsje fan Steaten en rieden.
Binammen de Steaten habbe lytse macht, en net mei ûnrjocht wurde hja in great polder- en wetterskipsbistjûr neamd. Neffens wet en wenst is har wurk yn haedsaek: 1. it taforsjoch op 'e gemeenten, 2. de útfiering mei fan Rykswetten en -oarders, 3. it bistjûr fan 'e provinsjale húshâlding, 4. macht en taforsjoch yn it stik fan 'e wettersteat, 5. it tapartsjen fan subsydzjes oan allerhanne ynstellingen, 6. de soarch foar elektryske forljochting. Lyk as men oan dizze opneaming sjocht, bitsjut de reële, de wetjowende macht fan 'e Steaten net folle. Hja habbe hwat taforsjoch oer de gemeenten (dêr 't yn 'e measte gefallen dôch ek wer heger birop fan mûglik is), meije it Ryksbiwâld helpe syn wetten en bisletten út to fieren en kinne troch subsidiëarring it partikuliere initiatyf stypje. Yndied hwat to sizzen habbe hja mar op twaderlei terrein: dat fan de wettersteat en fan 'e elektryske forljochting. Dêr is it taforsjoch harres allinne net, mar kinne hja ek bioarderje en bistjûre.
Jowt lykwols it tred opneamde punt: it bistjûr fan 'e provinsjale húshâlding harren gjin oanweagende macht? It liket sa en it soe ek sa wêze, as de grounwet en de provinsjale wet dat rjocht net slim ynkoarten.
Hwant foarst jowt de wet gjin omskriuwing fan it bigryp provinsjale húshâlding. Hja seit net, hwat krekt ta dy húshâlding biheart en hwat der net ta biheart. Dêrtroch hat it ryksregear de frije hân, om sa folle mûglik sels to bioarderjen, neffens de regel dat in legere ynstânsje net to neate meitsje kin hwat in hegeren ien birêdden hat. Einliken stiet it sjoch sa: hoefolle 't der oan de Steaten oer- | |
| |
litten wurde sil, dat is de goedichheit fan it ryk. Op it lêst makket it ryksbiwâld út, hwat húshâldlik bilang fan 'e provinsje is en de Steaten kinne allinnich de macht fan it ryk yn dizzen oanfolje.
Twad moatte alle provinsjale oarders dy 't de Steaten meitsje de keninklike goedkarring habbe. Dat hoege sels dy fan 'e gemeente net ienris, mar foar de provinsje hat gjin wet en oarder krêft as hja troch de kening net goedkard is. Yn it wichtichste diel fan har húshâlding: de eigen wetjowing misse de Steaten dus de frijdom. Dêrmei - seit in Hollânske skriuwer, W.F. Wijthoff, dy 't oan Fryslân yn dit forbân net tocht hat - is de provinsjale autonomije frijhwat illusoir makke.
Der is mear. Tred moatte de keninklike goedkarring habbe alle bilêstingoarders dy 't fan provinsjewegen makke wurde. As men dêr noch by yn bitinken nimt, dat it de rykswet is dy 't it provinsjael bilêstingwêzen bioarderet, sil it jin klear wêze, dat ek yn dizzen de Steaten sahwat neat yn to bringen habbe.
En fjird is jitris de keninklike goedkarring nedich foar de bigreating fan provinsjale ynkomsten en útjeften, dy 't de Steaten ienris yn it jier opmeitsje meije.
Al mei al bliuwt der fan 'e bistjûrsmacht oer de provinsjale húshâlding foar de provinsje in bitter bytsje oer. Formeel habbe de Steaten dy macht, mar de materiële ynhâld is lyts. Yn alle dingen fan bitsjutting is it it Ryk, dat it biskiedende wurd seit en útmakket hoefolle 't de provinsje jit to birêdden oerhâlde sil.
Itselde sintralisme fan groun- en provinsjale wet merkbyt men yn 'e fiergeande bimuoijenis fan de steat mei it kulturele en soasjael-ekonomyske libben, lyk as dy de lêste heale ieu opkommen is, har útwreide hat en noch altyd útwreidet. Ek dêryn - nim bygelyks de soasjale wetjowing, ien fan 'e allerwichtichste en meast ynhâldende objekten fan steatssoarch hjoed de dei - merkt it Ryk sa folle mûglik foar ryksbilang en fan gefolgen foar rykssaek oan. Oan 'e ge- | |
| |
meente is yn dizzen noch hwàt macht oerlitten, de provinsje lykwols hat oars net dat makket to sizzen as dat hja allerhanne kulturele en soasjale forienings mei subsydzjes stypje kin, dy 't as foarkommend op 'e bigreating, dôch ek wer de keninklike goedkarring nedich binne. It komt der dus op del, dat it bytsje macht dat de Steaten neffens grounen provinsjale wet jitte habbe, troch de praktyk fan it steatslibben navenant ek noch forminderet. Der is in ûntjowing yn'e steat, dy't in forsterke sintralisearjende wurking docht.
Ik leau dan ek net, dat wy de hichte al habbe. Feiten de lêste jierren lyk as it opheevjen fan it garnizoen to Ljouwert en op mear plakken, it ôfstellen fan forskate kantonrjochten op it lân, it ûntnimmen fan it ynterpellaesjerjocht oan 'e Prov. Steaten, de útstellen fan 'e steatskommisje Oppenheim fan 1920, wize wol oars. Ik wit wol dat binne op him sels gjin wichtige dingen, mar yn it forbân fan 'e ûntjowing fan de steatsmacht habbe hja in noedlike sintralisearjende strekking.
Dat sintralistysk steatssysteem lijt oan greate biswieren, dy 't yn 'e tweintichste ieu hwat langer hwat mear syn seedlike krêft ûnderwrotte. De sintralistyske steat is uteraerd ienfoarmich en jowt gjin romte oan 'e mannichfoarmich- en mannichfâldichheit fan it folkslibben. Praktysk is it him ûnmûglik, to rekkenjen mei it greate forskaet fan de ûnderskate dielen fan it ryk. Hy jowt deselde wetten foar syn lânbouwende geaën as foar syn yndustriële kontreijen. Hy hat gjin ûnderskie tusken it Roomske Suden en it Protestantske Noarden, noch tuske stêd en lân, noch tuske Hollân en Limboarch en Fryslân. Dat kin er net dwaen, om de wille fan syn ienheit en ienfoarmich systeem net: woed er it al, dat makke tominsten, hy soe ta in desintralisearre wetjowing bislute moatte. Fan gefolgen oriëntearret de rykspolityk har op 'e dielen dy 't kultureel of (en) ekonomysk it sterkst binne, en de provinsjes en gemeenten habbe to min yn to bringen, om dy oriëntearring tsjin to hâlden. De sintralisaesje fan 'e steat jowt de stêd it oerwicht op it
| |
| |
lân, de yndustrije en hannel op 'e lânbou, Hollân op Fryslân, it Noarden op it Suden. De gelikens wurdt de biskromlikste ûngelikens. Nim ta foarbyld in wet as de achtûredei. Dy is alhiel op har plak yn stêd en yndustrijekontrei en docht dêr heilsum wurk. Mar op it lân en yn 'e lânboustreek hat hja net folle doel. Nim it ûnderwiis lyk as de steat it foarskriuwt. It hâldt it op it bilang to'n earsten fan 'e stêd en it easket as fiertael it Hollânsk.
Ik wit wol, dat de lykbirjochting fan alle dielen fan it ryk net alhiel troch to setten is. Gjin steat hoe mannichfoarmich ek ynrjochte kin it rike forskaet fan 'e dielen folslein ta syn rjocht komme litte. It folkslibben is altiten noch riker en mannichfâldiger en foller as hwat steatssysteem ek. Mar wol is de sintralistyske steat de earmste en ûnmachtichste foarm fan allegearre en komt in sterke ryks-desintralisaesje it ideael: de meast folsleine fortsjinwurdiging fan it folk yn syn forskaet, it tichtst oan.
Ek wurket it steatssintralisme in skerpe spanning tusken it individu en de steat út, dy 't yn dizze dagen mear en mear oanboazet ta in konflikt. De steat dy 't syn macht net fordielt oer it hiele ryk, mar har yn in lyts sintrom gear heappet, rekket hwat langer hwat fierder fan it folk ôf. Folk en steat forfrjemdzje fan elkoarren. It folk bigjint de steat oan to fielen net as fan him sels, mar as in frjemde en fijânnige macht, dy 't der op út is him sa folle mûglik persoanlike frijdom to ûntnimmen en dêr 't it him foar to wacht nimme moat. De steat sjocht it folk as in ûnbikende massa, dy 't troch him bistjûrd en biadministrearre wurde moat. De folksfortsjinwurdiging, dy 't it forbân tuske folk en steat ûnderhâlde soe, hat oanhâldenden oanstriid, fan it folk ôf to wennen en steatsorgaen to wurden. Om dôch forbân to hâlden, moat de steat him by it folk fortsjintwurdigje litte troch in aloan groeijend leger amtners, dy 't de wetten fan 'e steat better kenne as it aerd, de tradysjes en de frijheden fan it folk en foar it steatsbilang opkomme, likefolle oft dat al of net mei it folksbilang stridich is. Sa ûntjowt
| |
| |
de steat him nei de absolute macht, komt de persoanlike frijdom fan it folk yn it near en wurdt de spanning allinken konflikt en striid.
Ek dit biswier is troch gjin steatsynrjochting alhiel út 'e wei to krijen. De steat, de macht dy 't mei sizzen komt, is nedich út oarsaek fan 'e sûnde, en nea sil der in steat wêze, hwaens wetten troch in hiel folk út frije oertsjûging hearrich neikommen wurde, ek al mochten hja noch sa rjochtfeardich wêze. Nea ek is de wet mûglik sûnder ynkoarting fan frijdom, de steat sûnder ûnderhearrichheit fan persoanlik oan mienskiplik rjocht en bilang. Sa bliuwt de spanning, - dy oanhâldende en rounombywêzige fan biwâld en frijdom - mar foar folk en steat beide is it in needsaek fan bistean, dat hja sa lyts mûglik bliuwt. Dêrom moat de distânsje tuske folk en steat sa lyts wêze as it mar mûglik is, en hja wurdt lyts, as de steat syn macht net gear lûkt yn ien sintrum, mar fordielt oer sa folle sintrums as it mar kin: dat wol sizze as er him desintralisearret.
Dit binne algemiene biswieren, dy 't rounom hâlde dêr 't de steat sintralistysk is. Mar foar Fryslân komme dêr jitte oare, aparte by. It sintralisme fan it Nederlânske ryk bitsjut it oerwicht fan Hollân. Dat is net tafallich, mar natuerlik. Troch syn lizzen tuske de útwetteringen fan greate streamen, oan 'e Noardsé, op it Westen, tusken Dútsklân en Ingelân, oan 'e séwei fan Noard- nei Súd-Jeropa is Hollân ekonomysk, en troch syn greate stêdden is it kultureel it sterkste diel fan it Ryk. Sa moast it yn dat sintralisearre ryk wol it greate en hearskjende sintrum wurde, dêr 't alles hinne lûkt. Hollân's tael is de rykstael. Hollân's kultuer allinne bifoarderet it ryk. Yn it bilang fan Hollân's hannel, Hollân's havens, Hollân's greate stêdden to'n earsten binne de Nederlânske hannelspolityk, de Nederlânske ekonomyske soarch, de Nederlânske soasjale wetjowing. Om Hollân's yntakt bihâld is it by de militaire fordigening fan it Ryk to rêdden. Yn it kulturele, ekonomyske, soasjale en politike hat Hollân it foarrjocht. De provinsjes fan 'e feelje- | |
| |
kânt, Brabân, Limboarch, de Saksyske dielen, Grinslân, Fryslân ûnderfine dat al den dei - en Fryslân net to min.
Jitris, dat is yn it tsjintwurdich steatssysteem in ding fan natuerlikheit. De polityk jowt utering oan de ekonomyske en kulturele machtsforhâlding. Der is mar ien forwin op: in radikale desintralisearring fan it Nederlânske ryk.
Twad bitsjut it Hollânske oerwicht en it bytsje politike macht fan de provinsje Fryslân foar it folk hjirre, dat it net ta in organyske ûntjowing fan it Fryske folkslibben, likemin kultureel as ekonomysk, komme kin. Dy organyske ûntjowing, de Fryske biweging wol it en hja striidt derfoar, mar hja ûnderfynt en sil hwat langer hwat mear ûnderfine, dat hja yn de tsjintwurdige politike forhâlding gjin romte hat om ta har doel to kommen. Nou al stuitet hja op it sintralisme fan 'e steat, nou 't hja noch mar in inkel ding, Frysk ûnderwiis oanbilangjend, freget. Hoe sil it dan wêze, as ienris de hiele ûnderwiisfrage oan 'e oarder komt? Hoe, om noch in pear foarbylden oan to heljen, as de pachtfrage en de kwestje fan it útwenjen fan 'e lânhearren, dêr 't de ekonomyske tastân fan Fryslân sa ynlik mei yn it forbân stiet, om útslútsel driuwe? Us natuerlike fortsjinwurdigers: de Fryske Steaten, kinne dêr neat oan dwaen, en it Ryk hâldt it op 'e bilangen fan it sintrum, fan Hollân. In organyske ûntjowing fan 'e Fryske folksmienskip easket in oare politike status, dy 't it Fryslân mûglik makket, syn eigen dingen sels to birêdden.
Hwat wolle wy dan? Hwat jimme wolle wit ik net - ik wit allinnich hwat ik wol. In miene formulearring hab ik al jown: in politike status, dêr 't de Fryske folksmienskip ta in organyske nationale ûntjowing yn komme kin. Mar jim forwachtsje mei rjocht dat ik de ynhâld fan dy formule sa krekt mûglik omskriuwe sil, mei praktyske en konkrete dingen to neamen. Allinne moat ik jitris sizze, dat ik it strak to neamene net opfette habbe wol as in program, dêr 't ik my ûnbitinge oan byn. Hwat fan 'e takomst is, kin gjin minsk him programmatysk en dogmatysk oan bine. Ik jow
| |
| |
in skets, in bistek, mar wol hert en geast iepenhâlde foar de korreksje fan it libben.
Lit ús de dingen fan Fryslân foaral net smel skôgje. Fryslân lyk as it syn nationale foarm bisiket to winnen, stiet net op himsels to wrâld. Syn striid is deselde as dy fan alle nationaliteiten, dy 't mei in greater folk yn ien steatsforbân libjend, har gerjochtichheit net krije. De omstannichheden meije gâns skele, it is by allegearre ien en deselde striid om rjocht en frijdom. Dêrom is it saek fan brede polityk, yn great forbân nei to gean, hwat wegen de oare nationaliteiten gien binne en geane, om ta itselde doel as wy to kommen.
Yn 'e njoggentjinde ieu is der twaderlei nationaliteitebiweging yn Jeropa en de wrâld. By somlike folken is hja yn haedsaek taelbiweging; ik neam Flaenderen en Fryslân. It is harren genôch, de eigene tael as folkstael to bihâlden en har literair-kulturele ûntjowing to bifoarderjen. By oaren lyk as it Ierske folk is de striid prinsepeal polityk; hja stride om út it ryksforbân frij to reitsjen en in eigen, selsstannige steat to foarmjen.
Mar de tweintichste ieu jowt in hiel oar byld. Binammen yn de wrâldoarloch leare de folken hwat de nationaliteitefrage oanbilanget twa dingen: foarst dat hja oan taelbifoardering en taelstriid, hoe swierwichtich fan needsaek ek, net genôch habbe om har bistean to hânhâlden en fan har nationale ûntjowing wis to wêzen; en twad dat de bitsjutting fan 'e steat foar it libben fan 'e naesje net sa great is, dat it forbrekken fan it ryksforbân en de oprjochting fan in eigen steat in perfoarste needsaek wêze moat.
Dat foroare ynsjoch fan beide kânten is fan gefolgen, dat de twa opfettingen fan nationale biweging de lêste jierren gâns tichter byinoar komme. Fan de iene kânt wreidet lyk as yn Flaenderlân de taelbiweging har út ta in politiken ien; fan de oare kânt jowe lyk as yn Ierlân de politike nationaliteitebiwegingen har stribjen nei in selsstannige steat njonkenlytsen oer en binne tofreden mei it ynwenjen yn
| |
| |
it ryk yn in forhâlding dy 't nationale ûntjowing mûglik makket.
Mear noch troch de biskikking fan de oerwinnende greatmachten as troch eigen doelbirette aksje habbe inkele lytse folken in selsstannich steatsbistean krige: de Finnen bygelyks en de Tsjecho-Slowaken en de Poalen - mar by de oaren komt it mear en mear ta ien en deselde opfetting fan it doel fan de nationale striid. Hja wurde hwat langer hwat mear ienriedich yn it bigryp, dat dy striid likegoed polityk as literair-kultureel wêze moat, sil it op in nationale ûntjowing oangean. En it is harren klear wurden, dat hja dêrfoar net út it ryksforbân hoege, mits hja yn dat forbân de romte krije har to ûntjaen. Selsbistjûr - dat is it doel, dat naesje oan naesje har tsjintwurdich foarstelt; dat is de foarm dêr 't de lytse mindertallen en nationaliteiten hjoed de dei har kultuerpolityk yn ta utering siikje to bringen.
Ek Fryslân moat witte, hwat it kultureel en polityk wol. Ek Fryslân moat om him to ûntjaen syn politike foarm him foarstelle en meitsje. Wy meije jitte gjin program opstelle kinne - noch minder kinne wy der mei ta en piel foar de hân wei op mei ditten en datten. Polityk freget ienheit, distânsje, rjochting, doel, in great en fier doel, dat yn en efter de lytste died to sjen is en de oarder fan 'e dingen forklearet. Jitris, hwat wol Fryslân, hwat wolle wy? Wy habbe greate biswieren tsjin de bisteande forhâlding, en sjogge dat it net mûglik is ús folk dêr syn gerjochtichheit yn to jaen. Mar hwat wolle wy dan?
Ik wol it selsbistjûr foar Fryslân. Dat hat twaderlei yn: foarst, dat it Fryske folk foarsafier 't it hjirre wennet yn it Nederlânske ryk bliuwt; twad dat it yn dat ryksforbân baes is yn eigen hûs en troch syn gemeenterieden en Steaten syn eigen dingen birêdt.
In striid om it ryksforbân to brekken sjoch ik gjin heil noch bilang yn. It Westerlauwerske Fryslân soe ekonomysk en polityk allicht lytsernôch wêze, as in selsstannige steat op himsels to stean. En de histoarje de lêste fjouwer hûn- | |
| |
dert jier hat bihalven tsjinstelling fan bilangen ek yn somlike dingen ienriedichheit en oparbeidzjen brocht, Fryslân en Nederlân beide ta heil. Dat brekken soe in to ienfâldich útslútsel wêze en mei de reële forhâlding, ekonomysk likegoed as geastlik, net útkomme. Boppedat sjoch ik de needsaek net. It is to rêdden om de nationale ûntjowing fan it Fryske folk, en ik sjoch net yn hwerom 't de Nederlânske steat net sa yn to rjochtsjen is, dat er dy ûntjowing de romte jowt. Mear is net nedich.
Mar minder kin it ek net mei ta. It is foar de takomst fan it Fryske folk in needsaek fan bistean, dat it yn it forbân fan it Nederlânske ryk syn nationale ideälen foarm jaen kin en syn nationale ûntjowing útwurkje. De steat moat foar Fryslân sa ynrjochte wurde, dat er romte en biskerming jowt oan de rjochten en frijheden, dy 't it Fryske folk as folk fan Gods wegen takomme: it frij en rjocht fan 'e folkstael, de Fryske as earste offisjele en ûnderwiistael; dat fan de Fryske kultuer, ideëel en materiëel; dat fan eigen rjochtspraek, eigen bilêstingen, eigen soasjale en ekonomyske polityk, eigen to kiezen biwâlders en amtners, en al hwat de folksgerjochtichheit is. It moat net nedich wêze, Nederlân, dat in greate tradysje fan frijdom op to hâlden hat en mei sa folle sympathy de striid fan Flaenderlân en Súd-Afrika folget, wiidweidich fan it Frysknationale rjocht to oertsjûgjen. En it Fryske folk sels, dat nou noch in great diel syn eigen bilangen net sjocht en nei syn eigen rjochten net taelt, sil it fan geastlike en ekonomyske need ienris wiis wurde, hwer 't it wolle of net wolle him ta bijaen moat. It sil fan need bitrutsen linkendewei of ek op in stuit yn it bigryp komme, dat it sels foar syn tael, syn kultuer, syn politike en soasjale en ekonomyske bilangen op to kommen hat en bistjûr himsels, wol it yn wêzen bliuwe.
Hoe 't nou yn 'e politike forhâlding fan selsbistjûr foar it Fryske folk de wetjowende, útfierende en rjochtsprekkende macht tusken it Ryk en Fryslân fordield wurde moat, is fansels jitte net yn bisûnderheden to sizzen. Dêrta is hiel
| |
| |
hwat stúdzje, bisprek, oerliz en praktyske ûnderfining nedich. Mar yn it greate kin dôch wol in liedingjaend bistek opsteld wurde. By it Ryk sil bliuwe moatte, hwat yn haedsaek mienskiplik bilang is of uteraerd it bêst troch it Ryk dien wurde kin. Ik neam as wichtichste dingen: de bûtenlânske polityk, it bistjûr fan 'e koloanjes, de ryksfordigening, de bioardering fan it mjitte-, wicht- en muntwêzen, de hannelspolityk. Dat wol fansels net sizze, dat Fryslân alles mar goed wêze moat, hwat it Ryk dêroer bislút: dêrfoar hat it by dy dingen, binammen by de bûtenlânske en de hannelspolityk en de ryksfordigening to great bilang. Mar it sil èn yn 'e Twade èn yn 'e Earste Keamer fan de ryksfortsjintwurdiging èn troch syn machtsposysje as selsbistjûrend diel fan it Ryk, èn yn 'e birêdding fan de rykssaken folle mear ynfloed habbe as hjoed de dei.
Oan de Fryske Steaten (en gemeenterieden) sil komme, hwat earst en meast Frysk bilang is of it bêste troch dy Steaten (en gemeenterieden) dien wurde kin: it frije bistjûr fan 'e provinsjale en de gemeentehúshâlding; it rjocht fan in eigen bilêstingwêzen as basis ek fan 'e oanfoljende rykslêsten; de bineaming fan de kommissaris, de boargemasters, de amtners, de iepenbiere ûnderwizers, de polysjes, de rjochters; it frij fan in eigen rjochtspraek en rjochtorganisaesje; de soasjale en foar in diel ek de ekonomyske polityk; de wettersteat foarsafier 't dy net autonoom is; meisizzen oer it Fryske diel fan leger en float en de militaire fordigening fan Fryslân; meisizzen oer de ‘Sudersé-provinsje’; de frije kar fan 'e offisjele tael of talen; it ûnderwiis, foaral it legere en it midlike en foar in diel ek it hegere; de bifoardering fan 'e Fryske kultuer.
Ik stean der net op, dat dizze list folslein is, mar neam it wichtichste fan hwat selsbistjûr ynhat.
Hwat meije wy ús fan sa'n steatsynrjochting foarstelle? De foardielen sille foar Fryslân en it Nederlânske ryk beide wêze. It Fryske folk kriget de mûglikheit, syn ideëel libben
| |
| |
ta in nationale ûntjowing to bringen en syn soasjael-ekonomyske húshâlding to birêdden lyk as it yn syn eigen bilang is. It lân hoecht net langer to bilijen it polityk-soasjael oerwicht fan 'e stêd, de lânbou net fan yndustrije en hannel, Fryslân net fan Hollân. It folk wurdt bistjûrd net mear troch steatsamtners, mar troch folksamtners, dy 't it kenne en syn wêzen en bilangen bigripe. De noedlike tsjinstelling tuske folk en steat wurdt frijhwat forsêfte, en de steat kriget it yn 'e macht de rjochtsfieling fan it folk to bifredigjen, de folksfrijheden better ta har gerjochtichheit komme to litten en it mannichfâldige forskaet fan it folkslibben lieding en utering to jaen. Under de greate massa sil in fleurich polityk libben opkomme, dat nou gjin sprekken lije kin. Hwant hja bigrypt dan hwer 't it mei de polityk om to rêdden is en sjocht de politike mûglikheden. O wy witte net heal, it is ús al lang forgetten, hoe 'n ynnerlike macht dat ynhat: mounich to wêzen en jinsels to bistjûren - hoe frij dat makket en hoe fan herten ré om great to wêzen. It near hat to lang op ús lein. En de steat, de Nederlânske steat wit to healle net, hwat it habbe kin oan in frij en mounich Frysk folk, hwaens ûntjowing er net opkeart, mar jerne de romte jowt. Meiskien mei ik ek noch oanmerke, dat it alle eigenskip hat, dat in desintralisearre steatshúshâlding gâns guodkeaper omkomt as in sintralisearren ien.
Mar sil it mûglik wêze? Kin Fryslân himsels bistjûrend bistean en kin it Nederlânske ryk sa fier desintralisearre bistean? En is der mûglikheit op, dat Fryslân it sa fier kriget? Dy fragen binne needsaeklik en needsaeklik is it antwurd. Hwant in ding mei noch sa goed wêze - as it ûnmûglik is it to krijen of ienris krige to bihâlden, dan soe it muoite ûnnut wêze en gean dêr striid foar oan.
Kinne Fryslân en it Nederlânske ryk yn 'e útstelde forhâlding bistean? Gjinien sil fan my in statistysk biwiis forwachtsje. Dat is net to jaen, bleat al net omt it om in ding fan 'e takomst to rêdden is, dêr 't allinne de takomst biskiedend oer oardielje kin. Ek in histoarysk biwiis is net mûg- | |
| |
lik. Dat Fryslân as in frije bounmaet bistean koe yn it boun fan 'e Republyk, seit jitte net dat it nou ek ûnder selsbistjûr bistean kin yn it Nederlânske keninkryk. De moderne tiid skeelt to folle mei de 16de en de 17de ieu, om histoarysk yn it politike forlikene to wurden. It iennichste hwat wy dwaen kinne, is forlikenje yn 'e dei fan hjoed, mei to ûndersiikjen oft der hjoeddeis ek steaten binne, dy 't itsij foar al har dielen of apart foar in nationale minderheit yn har ryksgebiet, de fier trochsette desintralisearre ynrjochting of it systeem fan selsbistjûr habbe - sa lang dan fansels al, dat hja oanmurken wurde meije, it biwiis levere to habben dat hja sa mei al har nationael, ekonomysk en kultureel forskaet dôch as in politike ienheit duorjend bistean kinne.
Hja binne der yndie foar forlikenis genôch. Yn 'e greate Noard-Amerikaenske Republyk is de haedsaek fan 'e macht by de aparte steaten en gjinien sil ynlizze wolle dat it har forhindere hat ien fan 'e machtichste wrâldriken to wurden. Ek it Súdamerikaenske Argentina is sa ynrjochte, dat de provinsjes har eigen grounwet habbe en sels sa folle mûglik birêdde, wylst inkele mienskiplike bilangen foar de hiele republyk opkomme. Yn it keninkryk fan Denemark hat Yslân sûnt 1874 syn eigen grounwet en bistjûr en is njonkenlytsen hast ta de folsleine frijdom kommen. Yn it ryk fan Brittanjen hat Ierlân sûnt inkele jierren home rule.
Men sil faeks oanmerke, dat de forliking net krekternôch is. De Noard-Amerikaenske Republyk bistiet út steaten, dy 't elkmis greater binne as forskate Jeropeeske riken; ek ken hja it nationale mindertalleprobleem net, tominsten net yn de foarm, dêr 't it yn Nederlân yn bistiet. Argentina, dêr 't it lêste ek foar hâldt, is boppedat noch to folle yn politike ûntjowing, om forlikene to wurden mei in fêstige steat lyk as Nederlân. Yslân's lizzen midden yn 'e sé, fier fan Denemark ôf, hat selsbistjûr as it op 'en dûr iennichst mûglik regearsysteem needsaeklik makke. Ek Ierlân hat hwat fan dy gaedlike lizzing, hwer 't jitte by komt, dat de home rule
| |
| |
jitte to koart bistiet om neffens har fortuten nou al bioardiele to wurden.
Lit dat allegearre wêze, hoewol 't der dan noch genôch oerbliuwt, dat faktor fan forlikening wêze kin.
Mar dan kom ik op de steat, dy 't him wol tige mei it Nederlânske keninkryk forlikenje lit: Switserlân. It hat deselde greatte likernôch, deselde hichte fan kulturele, ekonomyske en politike ûntjowing, deselde noedlike ynternationale lizzing (tominsten oan 1918 ta), deselde noch effen ûngaedliker mearfâldige nationaliteitegearstalling. Goed twa tredden fan 'e bifolking is fan Dútsk komôf, spraek en kultuer, wylst mar in lyts tredde diel Frânsk, Italjaensk en Rhetoromaensk is. Mar yn pleats dat it meartal fan syn oermacht brûkme makke hat om de steat to sintralisearjen, hat it meiwurke ta it safolle mûglik biwarjen en yn moderne foarm ûntjaen fan 'e âlde federative steatsynrjochting. De Switserske republyk is, sûnt 1848 as bounsteat, tige desintrael organisearre, de ûnderskate nationaliteiten en talen binne lykbirjochtige, de kantons habbe in greate selsstannichheit. Wylst foar it boun opkomt de útlânske polityk, it biwâld oer it leger, it tol-, post- en muntwêzen, it heger ûnderwiis, it taforsjoch op it leger ûnderwiis en in diel fan 'e rjochtswetjowing - hearre oan de kantons de greate terreinen fan rjochtspraek, polysje, earetsjinst, ûnderwiis, in great diel fan 'e iepenbiere wurken, útrissing en ûnderhâld fan it leger, bineaming fan 'e ofsieren, gemeente- en bilêstingwêzen, earmesteat, sikesoarch en soasjale polityk.
Hat dy wide desintralisaesje de Switserske republyk forhindere har to fêstigjen en to setten? Né, hja hat dêr in sterke politike ienheit fan makke, lyk as yn 'e wrâldoarloch wol útkommen is. Krekt omdat de Dútske, Frânske, Rhetoromaenske en Itaeljaenske Switsers prinsepeal har eigen dingen birêdde en de frijdom fan in natuerlike ûntjowing habbe, binne hja elk foar oar trouwe en tankbere boargers en mear as boargers fan 'e steat, dy 't harres meiinoarren is. En as sa'n politike ynrjochting mûglik is yn Switserlân,
| |
| |
soe it dan net yn Nederlân kinne, dat fan bifolking hast de helte machtiger is? As in 300.000 Itaeljaensken en sels in 50.000 Rheto-romanen de lykbirjochtiging habbe, soe dan in likense bihanneling fan in 400.000 Friezen ûnmûglik wêze? As in lyts Switsersk kanton in greate selsstannichheit habbe kin, soe dan in safolle greater Nederlânske provinsje sa net bistean kinne? As fjouwer nationaliteiten lykbirjochte yn it Switsersk steatsforbân wenje, soene dan twa net like folle rjocht habbe kinne yn it Nederlânske ryk? Krektoarsom hat Nederlân sa folle by Switserlân yn it foar, dat it noch fierder desintralisearje kin en jow itsij al syn provinsjes itsij ien dêrfan noch mear selsbiskikkingsrjocht.
Mar is der mûglikheit op dat it ea safier komt? Of sit ik in flechtich kouweskaed nei, dat gjin hâld hat oan 'e groun en mei gauwens yn 'e romte forswynt?
Ik stel my net foar, dat it sûnder greate striid komme sil, striid tsjin de tradysje, tsjin it steatskonservatisme, dat net oan foroaring yn 'e organisaesje wol, tsjin it oerhearskjend sintrum, dat leafst sintrum bliuwt, tsjin it eigen foar al hwat takommend is swier to rissen folk. Mar hwerfoar sil it ek sûnder striid? Hwat jin samar tafalt, is ornaris de muoite net wurdich, mar dingen fan bilang en greatme moat om striden wurde.
En men kin stride as men leaut. Al wiisden alle tekens hjoed de dei kontrary, hwat dan noch? De frage is: hoe wize hja moarn, oaremoarn, mei hûndert jier? Op in stuit stiet in minsk op en hy stelt in nij teken en wiist in nije wei, dy 't elkenien it rjocht hat net op to gean. Mar de wei is der en hy sil bigien wurde, is it hjoed noch net, dan ien fan 'e folle kommende dagen. Nammers it tekenet nou al net min. De tiid fan forhearliking fan 'e ‘ienheitssteat’ is hurd yn it oerbetterjen. It liberalisme dat alles sintralisearje en ienfoarmich meitsje woe liket syn tiid hawn to habben. It binne yn Fryslân net allinne Frysk nationalisten, dy 't yn it forset komme tsjin it sintralisme fan it Nederlânske ryk. De efterútgeande tiden meitsje wol, dat de Fryske boeren lyk
| |
| |
as dy har organisearje yn it Lânpachtersboun, ensfh. oan harsels bigjinne to fornimmen hoefolle dat sintralisme Fryslân komt to kostjen. De Fryske antirévolúsjonairen habbe nea net dweept mei it tsjintwurdich steatssysteem, en forline jier kaem D.v.d. Meulen, de haedredakteur fan it Friesch Dagblad, út it antirévolúsjonaire idé opredenearjend oer de politike forhâlding fan Fryslân en it Ryk, frijhwat ta itselde einbislút as ik. Yn 'e oare Fryslânnen sit men mei itselde probleem. De striid fan 'e Hilgolânners giet tsjin it Prusysk sintralisme, dat de âlde rjochten fan it Fryske eilân to neate meitsje wol. Ek de Frysk-Sleeswikers komme op foar in oarder fan bistjûr, dy 't it Noardfryske folk romte jowt him yn it Dútske ryksforbân better en frijer to ûntjaen. Ien fan harren, W.L. Andresen, stiet der yn syn nijsgjirrige brosjuere ‘Der sterbende Parlementarismus’ op oan, Noard-fryslân sil foar syn politike ynrjochting wer oanslute meije oan it âlde Fryske selsbistjûr sa 't dat foar 1864 jitte op Sylt en yn Eiderstedt bistie.
Mar de desintralisaesje-biweging hâldt by de Fryske grinzen net op. Yn mear dielen fan it Nederlânske ryk is hja, swak jitte en noch net yn in politike foarm, to fornimmen. De Grinslanner literatuerbiweging, it stribjen fan it Brabanner tiidskrift ‘Brabantia’ en foaral dat fan 'e Limboarger Liga habbe in strekking fan Den Haech ôf en dêr wurkje bihalven kulturele ek politike faktoaren yn, dy 't nei wierskyn ienris har foarm fine sille. En hat de antirévolúsjonaire partij yn Nederlân net altiten noch de desintralisaesje fan it steatsbistjûr op har program, al hoe'n bytsje hja der oant nou ta oan dien habbe mei?
It biweecht net allinne yn it Nederlânske ryk, mar rounom to wrâld. De hiele nationaliteitebiweging, dy 't har polityk ûntjowt, is yn ús tiden in striid foar de folksfrijheden tsjin in ûnfrij en fordrukkend sintralistysk systeem fan steat, dat is yn it politike foar desintralisaesje en selsbistjûr. En hja hat net allinnich ynfloed yn 'e polityk fan hast alle Jeropeeske steaten elk foar oar, mar organisearret har de
| |
| |
lêste jierren ek ynternationael, bygelyks yn mear as ien forbân fan nationale mindertallen en jowt har fragen en útslútsels yn it bitinken fan it Folkeboun. Krektlyk stiet it der foar yn ûnderskate koloanjes: de wekker wurdende folken fan Azien en Afrika wolle in oare, frijer politike forhâlding njonken it memmelân, as hja tominsten gjin folsleine frijdom en ûnôfhinklikens foarsteane. En it moderne ynternationalisme siket, oars as dat fan de njoggentjinde ieu, hwat langer hwat mear syn basis yn 'e lykbirjochting fan 'e folken en nationaliteiten. Noch is it steatsynternationalisme, mar linkelytsen is it yn it foroarjen, fordjipjen, fornatuerlikjen nei folksynternationalens. It binne net allinne steatslju en rjochtslearden en skiedkundigen fan 'e lytse en fordrukte nationaliteiten, mar ek fan 'e ryksbihearskjende folken, dy 't oan 'e tiid fornimme, dat it sintralisme yn it útwurkjen rekket en dat èn foar de feilichheit fan har ryk èn foar de ynternationale oarder en frede in desintralisearre steatssysteem needsaek is.
Yn dat alles bistiet in reële mûglikheit, dat wy ta ús doel komme, hwa wit faeks earder as wy it ús hjoed foarstelle doare. De tiid giet langer mei hasten en mei hasten geane wy mei. Yn alle gefallen wize der gaedlike en moedige tekens net to min. It oare: it leauwe, de striid, it úthâlden, komt foar ús op.
Ik bin fansels net yn 'e forbylding, dat ik yn dizze ynlieding alles bisprutsen hab dat de saek oanbilanget. Dêrfoar wol it en kin it allinne mar wêze: ynlieding. Folsleinens is mûglik noch bidoeld. Der binne noch hiel hwat fragen to dwaen, dy't yn forfette stúdzje en troch it wurk har antwurd habbe moatte. Twa dêrfan woe ik jitte yn it koart hwat fan sizze.
Moat yn it forbân fan it Nederlânske ryk Fryslân allinne selsbistjûr habbe, of moat it komme ta in algemiene fier trochsette ryksdesintralisaesje? Beide is hwat foar to sizzen, en de kar hinget net allinne fan Fryslân, mar ek fan de
| |
| |
oare ryksdielen en fan it ryk ôf. It is lang net ûnmûglik, dat op 'en dûr ek gebieten as Limboarch, Brabân en Grinslân troch har forwar tsjin Hollâns oerwicht foar in oare steatsynrjochting de striid oangeane. En as Fryslân syn rjocht as naesje kriget, hwerom soe it dan net meiwurkje dy oaren oan har foarstiene rjochten to helpen? Mar mochten de tsien provinsjes net foar in oar steatssysteem fiele, dan is der fansels ek neat gjin reden dat de Friezen op algemiene ryksdesintralisaesje oanstean soenen, en kin it mei selsbistjûr allinne foar Fryslân ophâlde.
As Fryslân ienris selsbistjûr hat en der komt skeel tuske syn Steaten en it Ryksregear: bygelyks oer de grins fan beide har macht of omt dy fan Den Haech fan bitinken binne dat de Steaten fan Fryslân har plicht itsij njonken it Fryske folk itsij njonken it Ryk net goed neikomme - hwa moat dat útmeitsje? Natuerlik noch de Steaten noch it Ryksregear, dy 't beide partij binne. Dêrfoar sil it komme moatte ta de ynstelling fan in fêste of foar elk gefal oan to wizen ynstânsje, ûnpartidich gearstald út en troch beide partijen, dy 't in binend útslútsel jowt. As ik my net forsin, is dat yn de Foriene Steaten fan Noard-Amearika it wurk fan it Hege Steatsrjochtshôf to Washington.
Hwat lykwols moatte wy dwaen? Fuortynienen sitte wy al oanklaud mei in greate swierrichheit. Ik bidoel dêrmei net, dat wy oan dit greate wurk sa lyts bigjinne moatte. It lyts bigjin is in wis bigjin. Neat is lytser as it sie, dêrom is it fruchtber. Wy drage it sie, mar hoe moatte wy bigjinne to siedzjen? De natuerlike wize soe wêze, dat de politike partijen dêr 't it Fryske folk yn organisearre is it wurk oangienen. Mar dat bart net en it sil to'n earsten wol net barre. Jimme witte allegearre dat de partijen rjochts likemin as lofts it Frysknationale bistean en bisteansrjocht meistimme, en dat hja it de iene like goed as de oare, is it net theoretysk dan dôch praktysk op it tsjintwurdige steatssysteem hâlde. De lêste pear jier binne inkele Fryske selskippen by harren kommen mei in minimum fan easken, en jim witte hoe sober
| |
| |
de fortuten wienen. En in eigen, Frysk nationale partij habbe wy oant nou ta net.
Is it dan faeks net mûglik, dat de Fryske selskippen dogge hwat de partijen dwaen moasten en driuw politike aksje? Kin it Christlik Selskip dat wurk net oangean? It soe syn greate biswieren habbe. Yn it politike is it Christlik Selskip gjin ienheit, de lêste tiid jitte minder as earen. It hat ûnder syn leden antirévolúsjonairen, christlik histoarysken en christen-demokraten, dy 't oer wichtige fragen fan polityk ûngelikens, ja tsjinstridich tinke. Dat ik bin der net wis fan, oft it yn 'e hjoeddeiske omstannichheden politike aksje forneare kinne soe. Foar de wissichheit kin de praktyske polityk better bûten it Selskip bliuwe.
Mar hwat dan? Der moatte yn alle partijen Fryske for-bânnen stifte wurde, dy 't elkmis yn syn partij en op 'e grounslach fan syn partijprogram de Frysknationale polityk yn stúdzje nimme en yn 'e praktyk bringe. De leden fan sa'n forbân moatte dus lid fan 'e oanbilangjende partij wêze, krektlyk as it forbân sels yn syn karbrief deselde bigjinselbiskriuwing habbe moat as de partij dêr 't it oan heart. Twaderlei wurk kin it habbe: theoretysk en praktysk. Theoretysk mei to bistudearjen: 1. it doel en de methoade fan Frysknationale polityk; 2. hwat der yn 'e tsjintwurdige omstannichheden yn en troch de partij en de fortsjintwurdigjende lichems dien wurde kin ta bifoardering fan 'e Fryske saek; 3. hoe 't de partij foarsafier 't hja yn Fryslân is forfryske wurde sil; 4. de oergongsfoarmen dy 't nedich binne om de steat to desintralisearjen en Fryslân selsbistjûr to jaen. Praktysk, mei de konklúzjes fan syn stúdzje ûnder partij en folk to propagearjen, ynfloed yn 'e partij to siikjen, by de partijbistjûren to adressearjen oer it stellen fan Fryske kandidaten, it stypjen fan Frysknationale easken, it oanfoljen fan it partijprogram yn Frysknationale geast, it regear en de fortsjintwurdigjende lichems oan to kommen mei útstellen, dy 't it Fryske folk syn gerjochtichheit jowe en meihelpe ta in njonkelytsen desintrael omfoarmjen fan
| |
| |
it Nederlânske ryk. Ta dat alles hearre de forbânnen oanhâldend kontakt to habben mei it folk, de partijen, de Fryske biweging, it ryk en elkoar. Ik hoopje en stean der op oan, dat de antirévolúsjonaire leden fan it Christlik Selskip mei koarten sa'n antirévolúsjonair, de christlik histoaryske sa'n christlik histoarysk, de christendemokratyske sa'n christendemokratysk Frysk forbân oangeane.
Ik wit net, Friezen, oft ik jimme yn dizze koarte ynlieding oertsjûgje kinnen hab fan de mûglikheit, de gaedlikheit en de needsaek fan hwat ik wol. It giet in great part oer nije dingen, dy 't foar Fryslân net earder sein binne, en ik hab dizze dei net mear to freegjen as dat jimme it yn jimme hert en geast omgean litte. Wol allinnich jit yn it bitinken nimme, dat jim net allinne noed to stean habbe fan hjoed de dei, mar ek fan 'e takomst. Jim habbe net allinne to biwarjen hwat is, mar ek to bouwen hwat net is - jim habbe de takomst fan Fryslân mei to meitsjen. Hiel it folk en hiel it libben fan dat folk is jimme fan Godswegen tabitroud, en ier of let kinne jim der net foar wei en sykje de politike foarm, dêr 't dizze Fryske, dizze Germaenske naesje har frij en organysk en Christlik yn ûntjaen kin. Nou is it noch ier, nou is it de tiid. Aile wrâld is yn it bernjen fan nije foarmen. Fryslân hat in avontûr fan frijdom, lyk as it yn tiden en ieuwen net hawn hat. Ik hab it sein.
Stellingen.
a. | It politike tinken fan it folk en it greate plak dat de polityk yn 'e moderne tiid yn it folkslibben ynnimt, needsaek je de Fryske biweging bihalven literair-kulturele ek politike aksje oan to gean. |
b. | Dy aksje wol forhâldingen skeppe, dêr 't it Fryske folk him frij yn ûntjaen kin, likegoed hwat it geastlik-seedlike as hwat it polityk-ekonomyske oanbilanget. |
c. | Troch it sterke sintralisme fan de Nederlânske steat kin Fryslân him yn 'e tsjintwurdige politike forhâldingen
|
| |
| |
|
noch geastlik-seedlik noch polityk-ekonomysk frij, natuerlik en organysk ûntjaen. |
d. | Foar dy frije ûntjowing is it nedich, dat de Nederlânske steat him desintralisearret en it Fryske folk yn it forbân fan it Nederlânske ryk selsbistjûr kriget. |
e. | It bistean fan ytlike sterke desintralisearre steaten en har selsbistjûrende nationale minderheden yn greater ryksforbân jowt oanwizing, dat de útstelde forhâlding tuske Fryslân en it Nederlânske ryk foar beide bisteans-mûglikheit ynhat. |
f. | Ut 'e biweging fan 'e nationale minderheden en de koloniale folken rounom de wrâld oer, út 'e foroare skôging oer de forhâlding fan nationalisme en ynternationalisme, ensfh. docht it bliken dat de tiid om nije, desintrale foarmen fan steatsbistean siket, en dat it net ûnmûglik, mar neffens de tiid is ek foar Fryslân selsbistjûr to bistribjen. |
g. | Troch it ûnderskaet polityk bitinken ûnder syn leden is it Christlik Selskip yn dizze omstannichheden net de gaedlike organisaesje, om politike aks je oan to gean. |
h. | It moat yn alle partijen sa gau mûglik ta de stifting fan Fryske forbânnen komme, dy 't de fragen fan Fryske polityk yn har stúdzje nimme en by it folk, de partijen en it ryk oan 'e oarder stelle, om sa dwaende de kommende oarder fan in himsels bistjûrend Fryslân to'n earsten ta to rieden. |
1929/'30.
|
|