borger moardsaek en it pleit fan de Veendammer bank, en formoannet krektlyk as dy beiden ek rjochters, mijen to wêzen. De flater fan Boeles is, dat er wol tige op Over de Linden komt, mar fan Verwijs him fiersten to maklik ôf-makket krektlyk as Perfester Fruin. Hy biredenearret, elke rjochter soe mei sa'n biwiismateriael Over de Linden as de skuldige foroardielje. Lit it sa wêze, mar soe ek elke rjochter út 'e stjelpige oerfloed fan materiael, dat Dr. de Jong tsjin Verwijs bybrocht hat, net ta it einbislút komme, dat dy syn hândédigens yn alle gefallen net útsluten wurde moat?
En dat net allinne, mar binammen is it foar my de frage: Hie Verwijs, en hie Over de Linden it yn 'e macht, sa'n wurk allinne to skriuwen? De kennis en de oanstriid hie Verwijs grif, mar de wylde en wide fantasije, dy 't it Oera Linda Boek draecht, hied er dy ek? De Jong hellet ta biwiis in pear parodyske ferskes út Verwijs syn studintetiid oan, mar dy binne to nuet, om to lykjen by de groteske fantasijen fan Liko ovira Linda. En Over de Linden wie noch minder yn steat, it boek to wrâld to bringen. Hy hie faeks mear forbyldingsmacht as Verwijs, mar hy wie net oarspronklikernôch. Ik ken mar ien, dy 't de fantasije hie, om yn alle gefallen de fantastyske flecht oan it boek to jaen: François Haverschmidt - Piet Paaltjens.
Nei al hwat ik oer it Oera Linda Boek lêzen hab, hab ik sterk it idé, dat de wittenskip mei it oant nou ta bikende en útfoune materiael jitte net earlik yn steat is it folsleine útslútsel oer de dieder(s) en syn (har) doel to jaen. It ûndersiik fan Hof en foaral fan Dr. De Jong hat it einbislút tichte by brocht, liket my ta, mar yn 'e konstruksje fan it biwiis misse noch inkelde needsaeklike eleminten.
Hwant hoe is de tsjintwurdige steat fan it ûndersiik? Over de Linden en Verwijs binne yn har forbân mei it Oera Linda Boek wiidweidich en yngeand neigien. En twad is der troch Beckering Vinckers, Hof en De Jong in bigjin makke fan de immaninte stúdzje fan it Oera Linda Boek.