| |
| |
| |
De earste frucht fan Tsjugenis.
Dit wie it earste nedige, it bigjin fan folle foroaring.
Mar lit ús net, yn oerstjûrens effen forgreatsjend, prate fan slach en slachfjild, oerwinning en nije koerts; lit ús folle leaver mei kleare eagen bisjen, hwat dit earst nedige west hat en hwat it dêroan folgjende wêze sil.
Hwant op de roerige en woelige gearkomste, dy 't ûnder in sloppe foarsitter stie, is sahwat alles oeralhelle, dat der mar by to heljen wie: konservatisme en Frysknationalisme en Mienskip en Tsjûgenis en Fryske ‘psyche’ en psalmbiriming en propaganda en bibliothekaris Dr. Wumkes en Ds. Huismans en forgelykjende taelstúdzje en Hollânske kultuer; mar myn biskuldiging, dy de tinzen fan folle jonge herten iepenbier makke, wie ienfâldich, wie, dat it haedbistjûr neat die, noch yn it stik fan de prinsipiële lieding noch yn it stik fan it praktysk wurk, wie net earst en meast, dat it haedbistjûr konservatyf of reäksjonnair laette, mar dat it hielendal net laette. Hwant ik kin in konservative lieding foar my stelle, dy doelfêst is en praktyske fortuten docht, mar dizze lieding die neat en wie neat.
Dêrom, al wie ek de koerts fan de lieding wol grif yn 'e pleit, yn earsten is it oardiel fan de gearkomste gien oer 'e wearde fan de lieding, lyk as dy útkaem yn har wurk, en wy jongerein sille wiis wêze, dat de earste tiden aloan klear foar it forstân to habben. Dêrom ek hat it gjin swier stik west, dizze lieders oan 'e kânt to skouwen; de hiele gearkomste, Frysk nationael of konservatyf, ek dy 't hwatte tsjin iggewearren, ek Kamerling en Ds. v. Dyk sels habbe, èn út myn opstel èn út it jierforslach en syn bisprek, field, dat hja rjochtfeardich oerdiele wiene, en habbe net oars kinnen as, dy twa sels troch har ôfgean en de konservativen
| |
| |
troch har stimming foar Schurer, dat rjochtfeardich oardiel oan to nimmen.
Mar stimmen oer it bigjinsel en neffens it bigjinsel hat it net west. Neist noch, alteast yn talforhâlding, kaem de stimming oer de ‘toan’ fan myn artikel oan in bigjinsel-stimming, mar it greate meartal foar Schurer hie allinne bitsjutting as biwiis, dat it konservatisme gjin mannen mear hat.
En hjir is it, dat wy de bitsjutting fan Pinkstermoandei 1924 tichter oan komme.
De geast fan it Christlik Selskip is net foroare, dy is gelyk bleaun en sil yn earsten gelyk bliuwe faeks, mar der is dochs mear bard as allinne dat twa konservative haedbistjûrders útballe binne. It Christlik konservatisme is syn stim kwyt rekke. Hwant Kamerling wie syn stim, syn kleare stim. Yn Kamerling wie al it konservatisme, net great, net machtich, mar folslein, mar geef. Hy wie konservatyf út ien stik. Yn persoan en wurd en wurk wie hy útprinte byld en suvere spegel fan it Christlik Frysk konservatisme. Dêrom - en net om greatens noch om greate lieding - wie hy in net to forachtsjen tsjinstrider en moast er falle.
En hy is fallen, en it Christlik Frysk konservatisme mist syn man en stim. En de geast fan dit konservatisme libbet noch like libben as altiten, mar hy sprekt nou net mear, mar eamelet troch de mûlen fan in mannich ûnbitsjuttende lju. En salang as der net wer in man ûnder de konservativen opstiet, dy foar har en yn har namme sprekt en hannelet, sil de macht en lieding fan it Christlik Selskip, likefolle hwa 't yn it haedbistjûr sitte, by de Frysk nationale jongerein wêze, dy 't wol minmachtich jitte is, mar troch mear as ien stim klearlûdich sprekt.
Ek dat hat Pinkstermoandei bitsjut. Bihalven dat de earmoed en ûnbitsjuttendheit fan it Christlik Frysk konservatisme sa klear bleatkaem, dat yn 'e stimming fan in Frysknationalist de konservativen sels, soenen hja net tsjin har Frysk gewisse stean, har eigen oardiel rjochtfeardigje
| |
| |
moasten, is doe ek it bistean fan in Frysknationale jongerein foar de earste reis iepenbier wurden yn in ienriedich en iendiedich wurk. Hy bistie al, dy jongerein, ik wist dat er bistie, mar nou is hy iepenbier wurden foar allegearre, foar hiel Fryslân, nou hat er in wurk dien en sil mear wurk dwaen. En dat ek my it birin fan de Pinkstermoandei-gearkomste nij dien hat, wie net omdat ik twivelich wie oer it bistean en de krêft fan de jonge opposysje, mar omdat ik forheftiger tsjinstriid fan it konservatisme forwachte hie. Mar somliken docht it bistean fan de Christlik Frysk nasjonale jongerein nij en hja freegje nei syn ûntstean. Der wurde dingen neamd: Kalma wol it forklearje út 'e striidhaftigens en de opdriuwing fan it Kalvinistysk bigjinsel en dêrnei út it fijannich hâlden en dragen fan it regear. En ik skik yn, dizze dingen habbe net sûnder bitsjutting west; lykwol docht it bliken, dat hja ta forklearring net genôch binne. Hwant ek de earste Jongfryske opposysje - Wendelaar Bonga, Visser, Wybenga, ik - wie ienmoedich Kalvinistysk, ja as yn it Kalvinisme de bigjinsels opdreaun wurde ta har greatste skerpens, dan wie hja Kalvinistysker as de jongerein fan Pinkstermoandei 1924. Hwerom dan hat hja nea gjin fortuten dwaen kinnen? En de grime tsjin it regear libbet net sterkernôch yn 'e herten fan ús jonge Christenfriezen, om in driuwende krêft ta striid to wêzen; dêrta binne hja to ûnforskillich foar it officium mei syn tabihearren.
Hwat dan? Hwant fan in ûnfortocht birin de forklearring to sykjen, is de muoite wol wurdich.
Hjir is de earste frucht fan Tsjûgenis. Hwant troch Tsjûgenis habbe Brouwer en Schurer en Galama en ik kunde oan elkoar krige, en yn 'e geast fan Tsjûgenis habbe wy elkoar foun en forstien. En dat net allinne, mar ek hat Tsjûgenis gâns ynfloed hawn yn it opkommen fan de sterke Fryske aksje yn 'e gritenijen fan Lemsterlân en Gaesterlân, dy, laet by Schurer en Roelevink en earder ek fan Brouwer, tige war en wraek docht op it forieningslibben.
| |
| |
Hwant nearne jit yn Fryslân is Tsjûgenis de treddeljier fan syn bistean mei djipper meifieling en ynliker blidens lêzen as ûnder de jongfeinten fan it donker, ynbânnich, hertstochtlik Gaesterlân en it ljochte, iepene, wyn-en sé-trochrûze Lemsterlân; de deis fan 'e gearkomste noch mocht ik it fan in pear fan harren hearre. Dêrre, yn in úthoeke fan it lân, yn it idé fan Midsfryslân, ek neffens har tael in Galileä fan de heidenen, hat it lûd fan Tsjûgenis klearst klonken, dêr wurde de wegen fan Fryslân sjoen. En dy jongerein, stipe fan inkele oaren dy 't oer it hiele Fryske lân forspraet wenje, is de Christlik Frysk nationale jongerein, minmachtich jitte, mar sterk yn wollen en doaren en fan herten ré ta de striid. Tsjûgenis is dea, mar de geast fan Tsjûgenis libbet en sprekt troch kleare stimmen. Dit wie Pinkstermoandei 1924.
Sa is dan nou de steat fan it Christlik Frysk Selskip: sûnder kinnen, sûnder wollen, sûnder doaren leit syn greate kliber op it sêfte bêd fan it konservatisme, mar syn jongerein stiet heech rjochtop en is nei alle kânten wach. En tusken dy beiden is striid, net omdat in mannich jonge mannen har tsjin elkoar yn 'e striid jeije, mar omdat hja natuerlike fijânnen binne en de ien yn de oar syn ûntjowing net libje kin. Hwant fret it konservatisme troch, dan kwynt it jonge libben wei; lûkt lykwol de rook fan it jonge libben oant yn it hert fan it Selskip, dan wurdt de kweageast fan it konservatisme útdreaun. Mar to sizzen, dat hja yn freden nêst elkoar libje kinne, is aloan wer troch de histoarje, ek fan it Christlik Selskip leagen hjitten. Hwant fan bigjin ôf oan, sadré as it Christlik Selskip ta himsels kaem, hat dêr striid yn west, stil by tiden en ûnbimurken by de bûtenwrâld, en iepenbier by oare tiden, mar striid aloan; en der sil striid bliuwe, oant it konservatisme machteleas is.
De Christlik Frysknationale foaroanmannen habbe klear foar it forstân, dat de forline Pinkstermoandei in bigjin is en in earst bigjin. En op dat bitinken binne hja, fuortynienen út 'e gearkomste wei, byinoarren gien yn in Christ- | |
| |
lik Frysk nationael striidboun, dat arbeidzje wol en stride oer it hiele Fryske mêd, mar earst en meast, yn earsten alteast, wraek dwaen sil op it Christlik Selskip, dat dus foar dit Selskip bitsjut de permaninte opposysje fan de Christlik Fryske jongerein, oant er oerwoun habbe sil.
En it sil fan it Selskip en binammen fan syn haedbistjûr ôfhingje, hoe dy opposysje wêze sil. Hwant it Striidboun, sil út syn forklearring fan oprjochting en syn karbrief mei koarten bliken dwaen, is alhiel net fan doel it Selskip ôf to brekken of dêr in oarenien nêst en foaroer to setten; mar it forwachtet fan it haedbistjûr, foarst dat it hwat dwaen sil, en twad dat it yn 'e geast fan it nationalisme hwat dwaen sil. De jongerein wol yn goedens, as it haedbistjûr yn it goede wol. De jongerein sil sjen, hoe 't it haedbistjûr him hâlde en drage sil foar Schurer en útstellen fan Schurer oer; hy stiet as ien man en yn ien moed efter Schurer.
En binammen sjocht er op Visser en Wybenga, de eardere Jongfryske opposysje, dy Pinkstermoandei bilibje mochten, dat de earste stien út 'e muorre brutsen waerd, dêr 't hja sûnt 1915 al tsjin oanrost en oantreaun en oanskopt habbe.
De jongerein bitanket har foar har tariedend wurk; mar binne hja nou net hwat to skruten fan hwat hja sels taret habbe? Binne hja, nou de sinne opkomt en de skaden lang falle, bang fan har eigen skaed? Hja moatte net; de sinne kliuwt en har skaed wurdt fansels lytser; ek binne skaden nachts spoeken, dy 't as it Jongfrysk gewisse bigjint to arbeidzjen, jin slim binearje kinne. Dat hja moasten mar oer har skaed hinne springe, woe 'k habbe: de sprong is wol to dwaen; mar oars, hab ik soarch, doarmje der yn Fryslân jitte wol in pear rare mannen om, dy 't krektlyk as earen op 'e Amelanner dunen, der nocht oan habbe, goe lju har skaed ôf to nimmen.
Hwant Visser en Wybenga witte krekt like goed as ik, dat der fan de âlderein neat to forwachtsjen is, en dat hja, wolle of net wolle, fuortynienen of mei koarten tiid ta de
| |
| |
jongerein forfalle moatte. Ds. Huismans kin net mear, Dr. Wumkes hâldt him bûten de saken fan it Selskip, hwa habbe hja mear? Ds. Douma fan Britsum is fan de âlderein tsjintwurdich de iennichste, dy 't weardich wurk iepenbier makket; mar fierders, sille hja bouwe op Winsemius en Fennema en Romkema? Sille hja it tiidskrift en de Fryske rubryk fan it Friesch Dagblad fol krije mei histoaryske neisneuperijen fan Koksma, of mei psyche-bidjippings-stúdzjes fan v.d. Valk, of mei objektive forslaggen fan Fennema? Hja sille bigripe, Visser en Wybenga beide, dat hja al earlik sa fier komme mei de krêft en de moed fan de jongerein, mei de fersen fan Brouwer en Schurer en it striidproaza fan Galama en my.
Dat de kar en it wurd is nou oan it haedbistjûr. Wy sille sjen, oft it hwat wol en hwat it wol. Wy sille sjen hwat wy oan Visser en Wybenga habbe. Wy sille sjen, oft men yn it haedbistjûr ienriedich oparbeidzje wol mei Schurer, en oft de samlers fan it tiidskrift en fan de Fryske rubryk, har net bikroadzjend om in healwize stimming oer de utering fan in skriuwer, ús ûnbikrompen romte jaen wolle ta iepenbiering fan ús idéen en útstellen.
En by it einsluten, lit allegearre witte, dat de Fryske striid de jongerein en it Striidboun ynmoed is. Ek foar de Christlik Fryske biweging is it tiidrek fan de aerdichheit, fan it der noch wol by habbe kinnen, fan it pielen, yn it forgean. De Christlik Fryske jongerein is de Fryske saek in twingend fielen, in hertstochtlik wollen, in ynmoedich stribjen. Dizze greate tiid, dy 't ek oer Fryslân stiet, ferget op hielens, gevens, folsleinens; dizze greate tiid freget om de greate en sterke libbensdraging. Lit ús dan sterk en heech en great drage hwat ús tabitroud is, like goed de lytse as de greate dingen.
|
|