| |
| |
| |
De lieding fan it Christlik Selskip.
Habbe wy it net sein, earst Visser en Wybenga en Wendelaer en ik, en doe v.d. Woude, ear 't er dûmny wie, en syn maten, en doe Brouwer en Schurer en de Jong, en sa mannich in oarenien, dat dizze wei him dea roun? Habbe wy, op 'e gearkomsten en yn 'e tydskriften en mei folle brieven, net ynmoedich formoanne, hja soene de wiere Christlike èn nationale died oandoare, dêr 't de Christlikfryske jongerein op wachtet, en doch tsjûgenis klear en bleat fan it iennichste, dat biweging en striid weardich is: it leauwe yn 'e ropping en de takomst fan it frije Fryske folk? Mar hja woene gjin sizzen habbe, de froede mannen woene fan ús, domdryste feinten, gjin reden forstean.
Wis al, wy wienen net sokke minne jonges, der siet wol hwat yn ús, wy koene wol aerdich skriuwe en dichtsje en redendiele, it kaem grif wol goed mei ús, ei siker, wy wienen net min; mar lieding wienen wy net tabitroud en hja harken net nei ús.
En wy habbe har liede litten, Kamerling mei tabihearren, en habbe net twivelich west; hwant wy wisten, dat ús tiid en rjochtfeardiging kommende weis wie. Nou hàt har wei him dea roun, hja sitte fêst en kinne foar- of efterút.
Safier habbe hja it brocht, dat it Christlik Selskip yn 'e Fryske biweging gjin acht mear slein wurdt. Noch it Aid Selskip noch de Mienskip rekkenje it; rekkene wurde allinnich in stikmannich partikuliere Christenfriezen, dy 't nammers al folle bûten it Selskip arbeidzje: Wumkes, Schurer, Galama en Brouwer. Mar de wize konservativen fan it haedbistjûr, alhoewol 't hja hielendal mei de lieding oan binne - ja, wurdt der jitte laet? - wolle it yn it iepenbier net wêze.
| |
| |
Hwat habbe hja dien, en hwat dogge hja? It is hege tiid dat der in sitdei fan hâlden wurdt, om har rekkens op to meitsjen, har steat to weardzjen neffens rjochtfeardige mjitten. En net allinnich ik sjoch dit, mar ek út it haedbistjûr stimde immen it my mei, en ik woe habbe fan dy persoan, hy soe de dingen mei roune en rjochte wurden op it haedbistjûr to praet bringe, mar hy koe of woe net, en sei, ik soe it dwaen. Mar ik hab lang drige dèrmei, hwant ik seach oankommen, dat ik brocht wurde mocht, dêr 't ik net hinne woe; lykwol seach ik, dat der nimmen oars wie en dat by de dei lâns de needsaek heger kaem.
Ik sil it habbe oer it haedbistjûr; net oer it Selskip op himsels, dat dôch is hwat it haedbistjûr en de oare foaroanmannen der fan meitsje, sil ik it habbe. Ek sil ik net de leden fan it haedbistjûr ien foar ien bisprekke, hwant twa, trije binne der by, dèr 't neat oer to sizzen is, noch goed noch tsjoed; allinne, dy 't jit, is it al net liede, den dôch stjûre, binne yn it neikommende bisprek. Hwant it haedbistjûr is gjin ienheit, hwaens leden men yn ienen bisprekke kin, mar elkmes moat by de namme neamd wurde, sil der wisse klearrichheit komme oer hwat der bart en hwat der barre moat. En nei safolle jierren fan wachtsjen en bisiikjen en wer wachtsjen en wer bisiikjen, is it oanwinnend bitinken fan de jongerein, moat as it earste nedige dit barre: der moatte fan de âlderein, by de namme to neamen, út it haedbistjûr, en der moatte fan de jongerein yn; en dy 't fan de âlderein jitte sit hâlde kinne, dy habbe har op to skerpjen en meitsje better en mear wurk as oant nou ta.
Hwant jitris: hwat is en hwat wurdt der yn it haedbistjûr dien? Neat, siz mar; hwant hja pronkje wol wakker mei it útkommen fan Wybenga's psalmbiriming en mei it rékommen fan Dr. Wumkes syn Nije Testamintoersetting, mar it is dochs klear, dat dit pronkjen is mei oarmans fearren. Hwant al hwat it haedbistjûr oan dy twa oersettings dien hat, wie, in diel dêrfan op to nimmen yn it tydskrift en de auteurs to stypjen yn 'e kosten; mar fierders is it suver
| |
| |
persoanlik wurk fan Wybenga en Dr. Wumkes, dat bûten it haedbistjûr biarbeide is of wurdt.
Mar hwat is it wurk fan it haedbistjûr yn it stik fan de lieding, likegoed nei binnen ta as nei bûten út? Hwat docht it - ik praet hjir organisatoarysk foar de organisatoarysken - om de jit libjende kriten oan to trunen en lieding en wurk to jaen, en de sliepende kriten wekker to meitsjen? Neat dat makket: de kriten moatte mei harsels oanpiele en binne allinne goed om ris in selskipsdei yninoar to setten en de kritekontribúsje op to bringen. Of hwat docht it haedbistjûr, om nije kriten op to rjochtsjen en leden to winnen? Men heart allinne, dat Visser der ris op út is, fierders is it de mannen wol goed. Of hwat docht it haedbistjûr, om it karbrief, dat yn 1908 gearstald, troch de foroare omstannichheden alhiel efter de tiid rekke is, to forbetterjen of om to arbeidzjen of to foroarjen? Neat. Of hwat docht it haedbistjûr, om lieding to jaen yn de algemiene Fryske biweging? Docht it syn leden en de bûtenwrâld to witten, hwat it tinkt fan de fragen, dy Fryslân de lêste jierren bigoun binne oan to gean en al djipper oangean sille? Né. Docht it syn bitinken to witten oer de aksjes, dy 't oare selskippen of formiddens, itsij meiinoarren of elk op himsels, de lêste tiden fierd habbe? Né. Docht it syn idéen to witten oer de takommende ûntjowing fan it Fryske libben, lyk as it dy skôget - as it noch skôget - yn 'e geast fan it Christlik leauwe? Né. Hwat dan? It haedbistjûr swijt, en dêr 't it noch al him oppenearret, praet it mei safolle tongen, troch Visser en troch v. Dyk en troch Wybenga, dat noch gjinien hichte fan syn bitinken kriget. It lit hast al it wichtige dat om en yn it Selskip bart, sûnder doel en wollen oer him hinne gean; it jowt him del op neatdwaend en neat wollend konservatisme; de âlderein kin it net ta wurkjen krije, en de jongerein, dy 't wol en kin en hwaens de takomst is, lit it, foarsafier it oan him leit, foar it Selskip forlern gean en heil sykje yn oare formiddens of by harsels. En it liket oars gjin forlangst to habben as forgetten to wêzen en forgetten to
| |
| |
wurden, hwat de bûtenwrâld oangiet, en yn it Selskip in deade en delbêdzjende frede to hâlden.
Dit liket yn it miene de geast fan it haedbistjûr to wêzen: tominsten it is oant nou ta de resultante fan de krêften, dy der ynfloed yn dogge.
Mar, sil men sizze, sitte yn dat haedbistjûr net de lju fan de eardere Jongfryske opposysje, Wybenga en Visser? Hwer is dy har ynfloed, dêr 't safolle foar rekkene waerd? Ek my binne hja yn it bistjûrderskip ôffallen, net omdat se net warberdernôch binne, mar omdat se, mei Wendelaer Bonga der by, noch net mânskernôch west habbe, de macht fan it konservatisme fan de âlderein yn it haedbistjûr yn to binen en it selskip ien stap de nationale wei op to krijen. Ik bigryp it net: hwerom bisprekke hja dy tsjinst net? Hwerom sette hja yn it haedbistjûr net troch hwat hja yn it Friesch Dagblad en Yn ús Eigen Tael oanpriizgje? Hja witte út ûnderfining, hoe ûnmachtich en ûnmûglik it konservatisme fan de âlderein is en hoe stadichoan alle libben yn it selskip útdwêste wurdt, dat hja hiene meitsje moatten, dal dit opstel to skriuwen net nedich west hie.
Mar noch is it har tiid, en ik rekkenje op harren, dat hja nou dan dôch einlings en to 'n lêsten trochsette sille, en help sûnder wifkjen mei om de lieders fan de âlderein oan 'e kant to skouwen. Hja witte krekt like goed as ik, sil der noch hwat fan it Christlik selskipsdoel to lânne komme, dan moatte dy lieders, Ds. v. Dyk en Kamerling út it plak, dêr 't se hielendal ûnbrûkber binne en dêr 't se nea wêze moatten hienen.
Hwant de lieding fan Ds. v. Dyk, is hja net in spotslach foar it Christlik Fryslân? Ds. v. Dyk is in goed man, wis ek in smoute jounprater, faeks ek gjin minne theolooch en in trouwe hoeder fan syn gemeente, mar syn Fryske lieding is earmoedich en bitsjut neat. Hy hat himsels oardiele mei it stik: Eare, leaf de, trou en geduld - Yn ús Eigen Tael XIV, 4 - in stik, dat mei syn healwize opheving fan de Oranjefieling yn it godstsjinstige (om fierders fan de logika dêryn
| |
| |
mar net to praten), allicht to forwachtsjen wie fan in sprekker foar in Grinzer Oranjeforiening, mar net fan de foarsitter fan in Frysk Selskip. En bûte dat wie it ek taktysk in misse set, dat de foarsitter, sûnder dat it program fan it Selskip of it birin fan de Fryske striid der him op fergen, oer in punt bigoun, dêr 't ek yn it Selskip, lyk as hy wit, alteast witte kin en witte moat, bare ûngelyk oer tocht wurdt. Ik mei it lije, dat Ds. v. Dyk de keninginne earet, ensfh., mar it is gjin manear, dat de foarsitter fan it Selskip yn it officiële selskipsblêd utering docht fan syn persoanlike winsken.
Fierders fornimt me fan v. Dyk syn lieding sahwat neat. Der is noch al, yn itselde nûmer fan Yn ús Eigen Tael in rede fan him, hâlden op in Friezendei to Warkum: Us ropping yn dizze tiid, dy de Christenfriezen wakker oanset tsjin it soasjalisme, mar oars to algemien en to oerflakkich bleaun is, om hichte to jaen fan de koerts, dy de skriuwer út wol. Ja, wit er it sels wol? Men krijt it idé, dat er hielendal op it kompas fan Kamerling sylt. - Dat hy sil gjin foarsitter bliuwe kinne; byhwannear der noch hwat libben yn it Christlik Selskip is, sil it dizze skande net langer forneare.
Mar ek, gjin oare wei leit der foar Kamerling. Dy mei in goede skriuwer en biadministrearder wêze en in soad wurk foar it selskip dien habbe, as lieder hat er syn skuld greater makke as ea syn fortsjinst wie. It fiasko fan it selskip is syn fiasko. Hwant fan 1915 ôf oant hjoed de dei ta hat dizze man, dy 't aloan de stille driuw wie yn it haedbistjûr, mei syn taktyk it selskip brocht, of leaver hâlden, dêr 't er it habbe woe. En syn taktyk wie delbêdzje, formoedsoenje; nea mochten de skerpe skelen útfochten wurde, mar men soene, tinkend oan de Skieringers en Fetkeapers en wit ik hwat wize leksums mear, ienriedich bliuwe en hâld foaral en bileaven it selskip byinoar. En de fortuten habbe wêst, lyk as nei foaren ta yn dit stik biskreaun is: byhwannear it selskip net út dizze hannen rêdden wurdt, is it ta de dea keard.
| |
| |
Fielt Kamerling sels, dat syn lieding en taktyk in folsleine mislearring wurden is? Hwant ik hearde grútsjen, hy woe bitankje. En ik hoopje it; it soe syn bêste die foar Fryslân wêze. Alhwa net mear bitsjut, sil yn dizze machtige tiid gjin lieder wêze kinne. Lit de jongerein fan it Christlik selskip nou trochsette, lit har net langer forneare, dat in pear foaroanmannen it selskip nei de ûndergong liede of yn de dea delbêdzje.
Der binne ûnder dizze jongerein, dy better de dingen fan Fryslân sjogge, en weardiger binne it lieders kip op harren to nimmen. Lit Visser en Schurer de lege plakken bisette, de earste om to lieden as foarsitter, de twade om to lieden as skriuwer. Beide binne hja birette en trochsettende Friezen, dy de fragen fan de nije tiid oandoare, om der foar Fryslân en it Christlik diel fan Fryslân in antwurd op to sykjen; beide ek binne hja praktysk, troch oanliz en deistige omgong, om foar har idéen de hrûkbere foarm fan de die to finen. Visser hat de ûnderfining fan fyftjin jier, en Schurer is in dichter en sjocht folle by yntuïty.
--------------------
Dit is it earste nedige, it bigjin fan folle foroaring.
|
|