| |
| |
| |
Literatuer en polityk.
Hoe komt it, dat ús Fryske literatuer nei in koarte rite fan ûntjowing en bloei ider kearen wer forskronfelt en yn earmoed fuortsukkelet? Inkele jierren lang slagget it de mannen fan Iduna, de Fryske skriuwerij omheech to lieden, mar mei gauwens komt de stadige delgong. Om 1880 hinne stiet it jonge Fryslân op: Piter Jelles, Onno Sytstra, Lútzen Wagenaar, Sikke Koldyk, mar hoe gau stjert it jonge, frisse lûd net wei. Yn 1915 brekt de Jongfryske renaissance bloeijend en fruehtber út 'e toarre ierde, en hja jowt in lyryk lyk as Fryslân sûnt Gysbert Japiks net droegen hat, in pear goede drama's en hwat suver proaza. Mar ta in greate bloei fan kunst komt it net: nei 1920 rekket it nije libben stadichoan útbloeid. De dichters fiele it en sammelje de bêste fersen ûnder hoedene nammen: De Nije Moarn, Dage, Ta de Moarn. En sikerwier, de dage hat ljachte en effen is de moarn út har opriisd, mar ta syn hege dei is Fryslân net kommen.
Hwat mei de oarsaek wêze? Us skriuwers en dichters habbe gjin formidden. Hja libje bûte it folk en moatte bleat yn har eigen individualiteit de stoffe ta skeppen fine. Dat hâlde hja net lang út. Hwant al habbe hja Fries berne in diel yn it libben fan it Fryske folk, gjinien minske, hoe great ek, is breder en alsidigernôch, alle libbensiepenbiering fan in hiele naesje yn to habben, en binammen de moderne dichter net. Dy hat bigryp oer literatuer, geast, ideälen, mar de driuw fan de polityk, de donkere stim fan it bloed en de swiere reäliteit binne him ûneigen.
Dat is it konflikt tuske dichter en folk noutiidlings. Lykwols wie it mar in konflikt, mar hja libje byinoar troch. It folk hat gjin bilang by de dichter, en de dichter ken it
| |
| |
folk net, dat is to sizzen, hy ideälisearret it. Hwant har libbenshâlding is ûngelikens: de dichter libbet literair, it folk polityk. Dat wol net sizze, dat it folk troch hwat opfieding net safier to krijen is, dat it in fers forstiet. Mar it hat gjin bilang by fersen en hja habbe gjin ynfloed op syn libbenshâlding. Bilang hat it by de soasjale en ekonomyske organisearring, de ûntjowing fan it ûnderwiis, de striid fan de tsjerken, it stribjen fan de steatkundige partijen, de wetten en it biwâld. Tuske folk en dichter is it gjin skeel fan uterlikens en ynnerlikheit noch fan materialisme en ideälisme, mar fan reäliteit en idé. Hwant polityk is de driuw fan it bloed, om it idé reëel to meitsjen; mar de dichter ideälisearret yn 'e geast de reäliteit.
En it folk bliuwt der soun ûnder en sterk, mar de dichter rekket út it soasjale formidden en hâldt gjin macht ta epyske en dramatyske skepping oer. It iennichste hwat er kin is individualistyske lyryk jaen. Yn foarige ieuwen wie in kunstner teffens minister of great keapman of fjildhear of útfiner of steatsman: noutiids is er allinne kunstner. Mar in boer is hjoeddeis ek âlderling, in timmerman lieder fan in kiesforiening, in arbeider organisator fan in Patrimoaniumkrite of in A.J.C.-klub.
De Fryske skriuwers lykje hjir yn alle gefallen hwàt fan fette to habben. Yn Fryslân is lokkich net ûntstien in eigengerjochtich stel literaten, dat it folk forachtet, mar aloan wer habbe dichters en skriuwers forbân mei de folksmienskip socht, de Jongfriezen likegoed as Piter Jelles en dy, en Harmen Sytstra net minder as de Halbertsma's. Hja dichten net allinne, mar wienen ek de lieders, de organisators, de propagandisten fan de Fryske biweging, en sels har kunst, hoe individualistysk dy by guodden ek wêze mei, is net to tinken sûnder de striid om it folkseigene, sûnder it Fryske formidden.
Mar sa docht it forlet fan Fryslân bliken. Dat forbân mei it folk habbe de skriuwers oant nou ta yn haedsaken troch
| |
| |
de wei fan 'e literatuer socht. Proaza, poëzije, sang, toaniel en ûnderwiis yn tael, skriften en skiednis binne jit altiten de middels om it Fryske folk to winnen. Foar ien diel is dat to forklearjen út 'e Hollânske literaire opfieding en de iensidich literaire libbensweardearring fan de measte skriuwers. Mar foar it oare diel moat de forklearring wêze, dat Fryslân in eigen, Frysk polityk-soasjael libben mist.
It Fryske folk is fan oanliz en weardearring tige polityk, lyk as elk sterk en taei ras. Der sille net folle folken wêze, dy 't de ieuwen troch sa mei siel en sin boud habbe oan har rjochtlike, soasjale, steatkundige en ekonomyske ynstellingen en bring dy ta sa'n greate en wiid útwreide ûntjowing, as krekt de foar individualisten geande Friezen. Mar it ûngelok is, dat wy foar dat alles de lêste ieuwen de oarspronklike foarm en de eigen tradysje misse. It Aldfryske rjocht, hear rend by ús wêzen, is yn syn ûntjowing to ûntide ôfbrutsen en frjemde rjochtsbigripen binne ta hearskjen oer ús set. Us frije Fryske steatsfoarmen binne ús staf en af ôfnommen, earst al ûnder de Saksyske hartoggen en letter forgoed yn it Frânske tiidrek. De tsjerken hjirre, de politike partijen, de jongereinorganisaesjes, de soasjale en ekonomyske forienings, hja allegearre binne Hollânsk of nei Hollânsk model foarme. Hollânsk is de tradysje fan it hiele polityk-soasjale libben, en de Fryske geast wurdt twongen him dêrnei to forfoarmjen.
Dat is de need fan dichter en folk beide. De dichter, as er net forliterairisearre is, komt ta it folle libben fan syn folk, mar hy fynt frjemde seden en foarmen, dy 't him gjin Stoffe noch motiven jowe noch ynspiraesje, en it is gjin wûnder dat er yn it forlied falt en sûnderje him yn in literaire biweging, dy 't wol in eigen Fryske tradysje hat. En it folk rekket ûnbimurken al djipper yn it stadich proces fan hollânnisearring, dat yn ûneigene foarmen syn oarspronklike, skeppende krêft linkende wei forswakket.
Hjir is mar ien útslútsel. Gjin literaire biweging hat it yn 'e macht, dy tradysje to brekken. Dy moat op har eigen
| |
| |
mêd: yn it soasjael-politike, bistriden en brutsen wurde. It is ús needsaek, dat wy in Frysk-eigen polityk en soasjael formidden en Frysk-eigene politike en soasjale foarmen skeppe - it is needsaek foar de literatuer èn foar it folk. Mei oare wurden, wy sille polityk driuwe moatte.
| |
Folk en literatuer.
Oer it generael is de Fryske biweging noch altyd fan bitinken, dat de literatuer it folk ta syn saek bikeare sil. Ik nim literatuer hjir yn brede bitsjutting, dus ek as taelstúzje, kulturéle propaganda troch it skreaune wurd, ensfh.
De njoggentjinde ieu hat it bisocht mei de populaire methoade. It ideäel fan de folksskriuwer wie, him to uterjen lyk as it folk, dat is de greate massa arbeiders, boeren, fiskers, skippers, lytse boargers, tinkt en praet. Op 'e ienfâldichste manear soe yn rym en ûnrym it folk it bigryp bybrocht wurde hoe moai 't syn tael, hoe frij syn sin, hoe geef en dreech syn aerd wie. Foaral moast net forgetten wurde it koartswilige, it sentimintéle en de moréle opfieding. Elkenien soe it lêze wolle, elk it bigripe, elk foar Fryslân woun wêze.
Lykwols hat de histoarje oar útslútsel jown. Al ûnder Waling Dykstra oermastere pessimisme de biweging en forlearen de skriuwers it leauwe oan Fryslân's takomst. Hja fornamen it to klear, dat hja mei al har warberens en populair bisykjen it folk net krigen en de Hollânske ynfloed op tael en seden by gjin mûglikheit keare koenen. En de tweintichste ieu hat it wol hielendal klear en bleat oan it ljocht brocht, hwat de fortuten wienen. De foarmannen fan it Ald Selskip binne al sa fier hinne, dat hja de ûnmacht en mislearring fan har stribjen iepenbier wêze wolle en oare wegen sykje, en de folksskriuwerij dêr 't jitte mei pield wurdt, rekkent yn 'e biweging net mear mei.
De Jongfriezen habbe dan ek fan it bigjin ôf de populaire
| |
| |
methoade ôfkatte. Hja bigriepen yntuïtyf en út 'e ûnder-fining fan de âlderein, dat it mei de njoggentjinde ieuske folksskriuwerij nea hwat wurde koe. De kunst moast der mei to neate reitsje, it folk sûnder opfieding en ûntjowing bliuwe, de takomst ûnmûglik wurde. Mar al stegeren hja de methoade ôf, yn haedsaek namen hja itselde middel: de literatuer, foar kar. Dat hie net hoegd. Har nationael bigjinsel hie mear mûglikheden yn. Kalma's earste brosjuere De Jongfryske Biweging, de forneamde Telegraaf-artikels en de Bigjinselbrieven fan 'e Jongfryske Mienskip bifetten ek politike en ekonomyske eleminten.
Deselde kant út wize de moasje tsjin de wegering fan de kommissaris fan Fryslân, om Sjouke de Zee yn 'e Steaten Frysk sprekke to litten, it telegram oan Wilson en Kalma's oprop oan de Noardfriezen. Mar ta útwurking fan dy politike en ekonomyske motiven is it net kommen. De literaire tradysje wie noch to sterk, en de Jongfryske foarmannen misten de ekonomyske oriëntearring en foaral it polityk bisef en de politike libbenshâlding.
Sa krige Fryslân op 'e nij literatuer, suverder en skiener as de njoggentjinde ieu jaen koe. Der is yn dit âld lân in nije taelkunst ûntstien, dy 't, utering fan persoanlik dichter-libben, troch dat persoanlike in foarm skept fan de tiid en in Fryskeigene iepenbiering is fan wrâldcultuer en wrâld-dichting. Mar mei trettjindeheal jier liket hja al yn it neibloeijen to wêzen, en hwa 't de dingen, al dy dingen fan Fryslân ynmoedich oangeane, dy moatte ta de frage komme, hwat hja it folk jown hat. Foar de suver literaire minske, dy 't de kunst op harsels nimt, mei dat gjin frage wêze - elkenien dy 't har yn it forbân fan it libben en de folksmienskip sjocht, ferget hja op in antwurd.
Is dus it Fryske folk troch de Jongfryske literatuer foar syn saek woun, mear as troch de folksskriuwerij? Né, mar it wit der noch minder fan. De greate massa earen lies folle mear fan de Halbertsma's, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts
| |
| |
en Piter Jelles as hja noutiids lêst fan Sybesma, Simke Kloosterman en Kalma. Bûte lytse formiddens fan de Fryske biweging wurde de Jongfryske skriuwers, op Meint Bottema, Brolsma en meiskien Fedde Schurer nei, net lêzen. Dat seit nammers neat tsjin de literatuer, meiskien rjochtfeardiget it har wol, en it seit neat tsjin it folk. It is krektoarsom in deugd, dat it folk de persoanlike finens en subtilens fan de dichter net neikomme kin en gjin oanstriid derfan hat.
De propagandistyske frase: kunst foar alle man, is in misbigryp, dat wy al sûnt de Renaissancetiid meitôgje. Noch altiten hâlde wy jerne ta yn de dwaling, dat it Grykske folk, ús great ideäel, as ien man it libben yn in alles bifiemjende foarm fan skientme stalle hie, en dêrta wolle wy ek de Friezen opfiede.
It wittenskiplik ûndersyk fan de lêste hûndert jier hat fan dy moaije foarstelling net folle oerbliuwe litten: de Griken en foaral dy fan Athene wienen wol fetberder foar kunst as de Noardlike folken, mar op it lêst hat ek dêrre de skientme allinnich it diel west fan de élite. Mar wy literatoaren, wittenskiplik ornaris net bot by, geane mar gau troch, it Fryske folk neffens in ûnwier byld to forfoarmjen.
Lykwol sil noch moat it ús slagje. Meitsje in folk literair as jo kinne, en jo meitsje it hiele folksforbân los. Hwant yn it folk binne primair en biskiedend de soasjale, de mienskiplike eigenskippen, by de skriuwer, de dichter, de literaire minsk dêrtsjinoer de individuële krêften. Sa binne dy twa elkoarren nedich: it folk de dichter ta it biwarjen en forsterkjen fan it persoanlike yn 'e mienskip, de dichter it folk ta de noed fan de mienskip en de styl yn it persoanlike. Mar hja binne elkoar nedich salang as hja bisteane. Wurdt de dichter populair, dan rekket it folk finzen yn 'e ban fan ienfoarmigens en massalens en stjerre it individuële en de mûglikheit fan it geny. Wurdt it folk literair, dan falt de folksmienskip, de naesje yn individualistyske forsilling útinoar. In foarbyld fan it earste is it Fryslân fan de njoggen- | |
| |
tjinde ieu, in foarbyld fan it twade Athene, dat yn de cultuer-literaire bloei ûnder Pericles mei gauwens ta syn ûndergong ripe.
Hwat it folk as naesje fan neden hat, is net de persoanlike kunst fan de literatuer, mar de mienskiplike en traditionéle fan de polityk. Dêryn fynt it syn foarm om nationael to arbeidzjen en to skeppen. Dêryn kin it aktyf meiwurkje ta Fryslân's ûntjowing en takomst.
Mar hwat de literatuer oanbilanget, dy sil en moat jefte oan inkelen bliuwe. Ja ek, hwat it folk souner, dat is ûnliterairder, politiker libbet, hwat de kunst mear formidden habbe en bloeije sil.
| |
Stefan Raditsj.
De Servyske kûgels wurde forneamd yn 'e skiednis fan de wrâld. Yn 1914 sjit in Serviër in kûgel fuort en de wrâldoarloch barst út. Yn 1928 bigjint in oare Serviër der yn to brânnen, en it wurdt de oanlieding ta Stefan Raditsjs dead en al hwat dêrút fuortkomme sil.
Mei Raditsj is ien fan de greate figueren út 'e striid fan de nationaliteiten fortein. Ut it folk berne en tein, is er de lieder fan dat folk wurden, lyk as er it organisearre yn 'e Kroätyske boerepartij. Doe 't Kroätien jitte ûnder de Eastenryk-Hûngaerske monarchije hearde, wurke er al mei ta syn culturéle en politike selsstannigens; mar tige komt er nei foaren, as yn it lêst oan fan de oarloch de Kroäten, de Slovenen en de Dalmatiërs har fan Eastenryk-Hûngarijen ôfskiede en mei Servien, Bosnië, Herzegowina, Montenegro en Macedonien it keninkryk fan Joego-Slavien foarmje.
Fan herten stie en stried Raditsj de foriening fan dy nei bisibbe Slavyske folken yn ien steat foar. Hy seach dêr it bitingst yn ta it wêzenjen fan greate culturéle, ekonomyske en politike mûglikheden. Mar syn bitinken en aksje gie fierder, oer de grinzen fan it Joego-Slavysk keninkryk
| |
| |
hinne: ek Bûlgarijen woed er by de uny fan 'e Súdslavyske folken habbe. Dêrmei soe de Macedonyske kwestje, dat ivich skeel tusken de Bûlgaren en de Serviërs, ta har útslútsel komme en in sterke steat de fijân Itaeljen forhinderje kinne, de macht yn 'e Balkan ta him to nimmen.
Mar it is frijhwat oars kommen, as Raditsj him foarsteld hie. Hy hat syn partij great en sterk makke, en syn Kroätysk folk it witten fan eigen wearde en eigen ropping bybrocht, mar it oare is oant nou ta net folle fan kommen. Yn 'e dea sil er mear wurde kinne as by it libben.
Hy woe de foriening fan de Súdslavyske folken op it bitingst fan lykbirjochtiging. Allegearre, Kroäten, Montenegriners, Serviërs, Slovenen, ensfh. moasten yn it forbân fan ien en itselde ryk deselde godstsjinstige, steatkundige, ekonomyske, taelkundige en culturéle rjochten habbe. Sa like it yn earsten ek komme to sillen: yn 1918 koe der in mienskiplik ministearje foarme wurde, mar mei gauwens briek twaspjalt út. De Serviers, it greatste folk en selsbistjûren wend, woene de lieding en oermacht yn it nije keninkryk habbe, en Raditsj krige de tsjinwurking fan de greate Servyske steatsman Pasjitsch, dy 't syn lân fan it imperialisme fan Eastenryk-Hûngarije frijmakke hie, mar nou sels imperialistyske polityk oangie. Ekonomyske en godstsjinstige tsjinstellingen - de Kroäten binne Roomsk-, de Serviers Gryksk-katholyk - wurken mei om de forhâlding tusken de beide folken skerp en bitter to krijen.
Dy striid hat Pasjitsch yn earsten woun. Raditsj hat it op allerhanne manearen bisocht: hy is yn it parlemint yn 'e opposysje gien, hy hat obstruksje fierd, hy is mei syn partij út 'e folksfortsjintwurdiging wei bleaun, hy hat sels effen om help út west fan Moskou, mar Pasjitsch en syn opfolgers habbe de lykbirjochtiging keare kinnen.
Mar de fijânskip en haet waerd aloan djipper, oant de spanning brekke moast yn in die fan bloed en gewelt. It barde, doe 't de folksfortsjintwurdiging fan Joego-Slavien bigjinne soe oan it bisprekken fan it fordrach fan Nettuno,
| |
| |
dat Mussolini mei drigemint en oermacht it Joego-Slavysk biwâld ôftwongen hie. De Servyske partijen wienen der sahwat allegearre foar, de Kroätyske boerepartij lykwols fûl tsjin, omt de politike en ekonomyske gefolgen ta it foardiel fan Itaeljen en yn 'e skea binammen fan Kroätien wêze soene. Under in hege en neare spanning bigounen de debatten, dan sjit in Servier.
It is de tiid jitte net, om de bitsjutting fan Raditsj mei krektens fêst to stellen. It doel en de methoaden fan syn polityk moatte noch yngeand neigien, de takomst fan syn wurk noch ôfwachte wurde. Mar it is gjin man fan 'e wenstige milmjitte, dy 't in greate partij en in hiel folk forearje mei sa'n trouwe en djippe oerjownens en foar hwaens libben de iene nei de oare fan syn freonen en maten de kûgels yn syn lichem opheint. Hiele Kroätien hat fan Raditsj roud, fan fierrens binne boeren rinnende dagen lang nei de bigraffenis kommen, in pear hûndert tûzen binne by de deade lâns tein om him de lêste kear to earjen. En tinkend oan syn lêste wurden: De haet sil weiwurde, mar de leafde bliuwt, habbe de tsientûzenen sûnder haet stil en ynfieren him opdroegen: as in helt èn as in hillige.
Dat is great. Sa wurdt in great minsk tsjûgenis dien.
Nou is er dea, op syn namme, syn wurk en syn folk nei.
| |
Lew Nikolajewitsj Tolstoj.
1828-1928.
Fan 't jier wurdt rounom to wrâld mei greate earbiedenis de Russyske minsk Tolstoj, profeet, symboal en offer fan de njoggentjinde ieu, bitocht.
As in neare en skriklike nachtmerje is dy ieu oer Jeropa kommen. Of om yn Russyske tael to sprekken: de divel fan de heechmoed fan it yntellectualisme hat de geasten riden en ûnbarmhertich hearske oer de sielen. It wie de tiid fan greate wittenskip en technyk: Jeropa wist alles en koe alles
| |
| |
en moast oan it forstân swier lije. Foar it kâlde, grille ljocht fan de rede wurde wei de treast fan de godstsjinst, de forwûndering fan de mystyk, de hope fan it takommende libben, de dimmenens en barmhertichheit fan de leafde. Ellindich fiele har de massa's, ellindich de minsken fan de cultuer. En omt de minske by it forstân net libje kin en yn greate jammer doarmet, siket er forlossing - en hy fynt net de religy, foar hwaens genede 't er to greatsk is, mar it surrogaet dêrfan: earst de romantyk, dan de ideälistyske filosofije en op 't lêst de morael. Hwat it njoggentjinde ieuske Fryslân yn it lytse pleage: rationalisme en moralisme, de heechmoed fan it forstân en de heechmoed fan it wollen, dat hat hiele Jeropa's krús en ellinde doedestiids west.
En tragysker as allegearre moasten syn greaten lije, de kunstners en wiisgearen, yn hwa't de ieu gearfette is en dy 't ta in great en skriklik foarbyld tsjinje moatte. Hwa habbe om en mei har tiid wraksele en lit as Schopenhauer, Flaubert, Wagner, Tolstoj, Zola, Nietzsche, Ibsen, Dostojewski, Strindberg? Yn harren is de tragyk fan in ieu foltôge en allinne Dostojewski, de tobrutsen epilepticus en forwûndere fisionair, hat oerwoun.
Hwat jin ta djippe biwûndering en earbied foar Tolstoj twingt, is de bloedige earnst dy 't er fan it libben makke hat. Hjir is in minsk, foar hwa 't de greatste en glânzgjendste mûglikheden fan de wrâld licht iepengeane, en hy sjocht fan ailes ôf. Boartsjende wei rint er ta de rom fan it hege kunstnerskip, lyk as Ruslân en de hiele wrâld sa swier en komselden bistribbe sjoen hawwe, en nei Oarloch en Frede en Anna Karenina stiet er midden yn de oerstjelpende biwûndering fan de Jeropeeske literatuer. Foartoan sil er Göthe in nul neame, Shakespeare, Beethoven en Wagner minne kunstners, himsels in ûnnut en alle literatuer bidjer. Hy bigjint foar it folk to skriuwen en propagandistysk wurk to jaen, dat libbensfragen bihannelet, en it is syn skuld net,
| |
| |
dat it dôch kunst wurdt. De cultuer mei har geriven forlit er, en hy giet to wenjen ûnder de boeren om ien fan harren to wêzen.
Hwant fan jonge ôf hat de twivel yn Tolstoj aloan en alwei frege, en as er yn de dagen fan syn heechste rom kommen is, kin er it net langer úthâlde. Is dat alles? Is dat nou it libben? Twiveljende en freegjende wei wurdt syn hûnger nei de wierheit al greater, en al klearder komt syn einbislút oer him: dit is idelheit. Mar hy moat de wierheit habbe, en hy hat de earnst, de moed en de wierheit, om alles forlittend de wierheit to sykjen.
Tritich jier hat er sa striden en ûnderrjochte: de bern, de boeren, de wrâld, mar meast himsels. Foartoan is syn libben ien strange, ûnbarmhertige bycht en hy hat neat litten, dat syn bistean swiermeitsje koe. Syn houlik, yn earsten lokkich en rêstich, wurdt in ûnmooglike en skraeeh to fordragen forhâlding. Grimitich tsjûget er tsjin de steat, de tsjerke, de mienskip, de kunst, de wittenskip en alle forhâlding en formidden, dêr 't er ûnwierheit of akkoartsjen mei de wierheit sjocht. Gjin autoriteit kin en wol er oannimme as it ‘forstannich bikennen’, en alle tradysje en wenst en bitinken, dêr 't de krityk fan it forstân net yn meistimme kin, stegeret er absolút ôf.
Mar like absolút en ûngenedich oardielet er himsels, en mei deselde greate en earlike hearrichheit jowt er syn eigen libben ûnder it bikennende forstân. Swier pleaget de twivel him. ‘Dwael ik dan? Dwael ik, dat ik oan Dy leau? Né Heit! Help my’, mar it seedlik ideäel, dêr 't de wierheit yn wêze moat, hat er absolút hâlden. Troch alle twivel en oanstriid hinne biwarret er de fiif geboadens fan Mattheüs 5: wurd net lulk op dyn broer, sjoch gjin frou oan om har to bigearen, swar hielendal net, stean it kweade net tsjin, hab dyn fijânnen leaf - en hoe'n ynmoedigen earnst wie it him net, dêr neffens to libjen. Sa rêstleas driuwt de ûnwennigens fan de wierheit dizze man, dat er yn syn twa en tachtichst jier, in deimannich foar syn dead, as er ta it einbislút
| |
| |
kommen is, dat it bywêzen fan wiif en bern him forhinderet it ideäel to bistribjen, ek it lêste, it húsgesin, oerjowt en yn 'e ienlikheit, ta God flechtet.
Krityk op Tolstoj is rjochtfeardich en nedich. Mar hja sil hoeden wêze en nimme har to wacht. Hwa hat striden en offere en lit as hy? Hwer moatte by sa'n earnst en hearrichheit wy keare - wy dy 't de hiele Bibel foar it Wurd fan God oannimme en dêr sa maklike oerflakkich by libje kinne?
En dôch ûntkomt Tolstoj der net fan, dat er nei syn dead hurd forâldet. Mei al it greate, dat er ús en alle tiden to sizzen hat, liket er dôch net mear fan ús tiid to wêzen. Nammers net folle fan de foarige ieu sil foar de takomst bihâlden wurde, en Tolstoj wie de echte njoggentjinde ieuwer. Tusken him en ús leit skiedend de Russyske revolúsje, en sûnt is de skôging fan syn persoan en wurk tige foroare.
Lang hat hy yn it Westen gien foar de Russyske minsk by útstek. Tolstoj, dat wie Ruslân, syn hjoed en syn takomst. Sa wie ûnkunde fan bitinken, har forsjende op 'e skyn. Natuerlik binne der Russyske eleminten yn Tolstoj: it gean yn 'e lêste konsekwinsje, it jin jaen ûnder it folk, it hertstochtlik sykjen fan de wierheit, it stellen en tsjinstellen fan de problemen, lyk as hy it docht, it seit de Rus. Mar mear jitte wie hy de cultuerminsk, en de cultuer yn Ruslân is net Russysk, mar Westersk, Jeropeesk. De problemen, dêr 't hy mei wraksele, wiene de cultuerproblemen fan it njoggentjinde ieuske Jeropa, mar foar it Russyske folk, de Russyske boer bisteane hja net. It Russyske folk tinkt nayf-mystyk. Tolstoj tocht cultureel-rationalistysk, al wie it dan ek breder en religiëuzer as it Jeropeeske intellekt fan syn dagen. It Russyske folk ken allinne religieuze en metafysyske fragen, mar Tolstoj syn problemen binne ethysk-soasjael fan bistean.
Dat is krekt it konflikt yn dizze Russyske minsk. De leafde ta de wierheit en it ynkringend analytysk forstân driuwe him ta it einbislút, dat de cultuer dêr 't hy en de Russyske
| |
| |
intellektuélen en Jeropa in diel yn habbe, ûnwierhaftich, ûnrjochtfeardich, ûnseedlik is. Mar hwat dan? De wierheit is dôch en earne moat hja to finen wêze. Hertstochtlik siket er har, en hy is jitte Rus genôch, om har to finen by it folk, de boer, de ‘Christen’ - it Russyske wurd foar boer is itselde as foar Christen. It folk is tofreden en freedsum en lokkich, ienfâldich en wier en ûnskuldich, it hat de wierheit, dy 't de minsk fan cultuer kwytrekke is.
Werom nei de natuer, werom nei it folk. Sa wurdt Tolstoj de Rousseau fan it njoggentjinde ieuske Ruslân, mar hy is it earlik en strang. It naturalisme fan Rousseau is romantyk bleaun, dat fan Tolstoj is wrede reäliteit wurden. Rousseau, al hoe 't er weromrôp nei de natuer, koe him wûnder skoan yn it Frânske cultuerformidden thús fiele, mar Tolstoj hat in libben lang bitter en ûnbarmhertich striden, om boer mei de boeren to wurden en bern mei de bern, en de leagen fan de cultuer ôf to stjerren.
By de Rus like, is de Frânskman in ellindige sentimintalist fol lyts en fyn eigenbihaech. Tolstoj, hy sil de meilydsumens forhearlikje, de meilydsumens foar de neiste en foar de fijân, mar meilijen mei himsels ken er net. Sûnder genede hat er it krús bigeard en swier droegen. As syn grime haet tsjin it Westen en tsjin de cultuer flokt, dan hatet en flokt er de cultuerminsk yn himsels, dêr 't er net ôf komme kin, likemin as de mounts mei al syn piniging fan de sûnde. Hy fielt by bittere ûnderfining, dat de Jeropeäen, de ‘hear’ yn him, him keart om ta de wierheit fan it folk to kommen, en al swierder boete leit dizze mounts him selme op en al hurder en ûnbarmhertiger krús. Hwant ek yn it tragyske, né krekt yn it tragyske moast er ta de lêste konsekwinsje komme.
Hwat is dat dôch, dat ûntsettende, dat in rjochtfeardigen ien as Tolstoj de tsjinstelling yn him net oerwinne kinnen hat en dêroan ûndergien is? Hjir is in minske, wier en strang en skriklik fan earnst: hy striidt mei alle sterke en greate krêften dy 't in skepsel yn him habbe kin, en giet in
| |
| |
machteleaze ûnder. Hat er net ynfieren genôch socht? As ea immen socht hat, dan hat hy it west. Forhindere tradysje him of opfieding of formidden? Tsjin sa'n bloedigen ynmoed hie sok ding lytse wearde en krêft.
It is de tragyske macht fan de njoggentjinde ieu oer de bêsten en ealsten fan har bern. Mei forkleare eagen seach Tolstoj it needlot fan syn tiid en swier fielde er har macht oer him, mar al hoe 't er stried en hate en forflokte, der him los fan wrakselje koed er net. Ynwindich wied er der to nei en to djip oan bisibbe. De geriven fan de cultuer oer to jaen wie him net swier, mar de geast is him altiten bybleaun en hat him forfolge oan de dea ta. Fan ideäel is hy boppe syn ieu útkommen, mar de wegen dy 't er ta it ideäel gie, wiene njoggentjinde ieusk.
Tolstoj's orgaen is it ‘forstannich bikennen’. Dêrneffens oardielet er it libben likegoed yn syn idé as yn syn reäliteit. Elke oare autoriteit wegeret er absolút oan to nimmen. Wierheit kin allinne wêze, hwat it object fan it forstân subjectyf foar wier bikent. De Berchrede hat de heechste wierheit yn, net omdat Christus, mar omt it ynsjoch fan it forstân it Tolstoj sa seit. Goed en kwea, rjocht en ûnrjocht, hillichheit en sûnde, it forstannich bigryp docht der útslútsel oer. Dêryn is de profeet Tolstoj de kunstner lyk: mei deselde yngeande analyse skept er syn figueren en siket er de wierheit.
Mar sa moast it him wol ûnmûglik wêze, ien en mien mei it folk to wurden en frij to kommen fan 'e cultuer fan syn ieu. Hy koe it folk yn it ideële biwûnderje, mar miste it orgaen om it to bigripen lyk as it him sels bigrypt. Syn rationalisme forhindere him, yn 'e naïve mystyk fan de Russyske boer to tinken en to libjen. En mei syn subjectivistyske, rationalistyske en anarchistyske opfettingen koe hy syn ieu wol har healens en leffens en ûnwierens forwite, mar har in nij en fijânnich bigjinsel tsjinstelle, koed er net.
| |
| |
Hwant syn opfettingen wiene ek de ieu harres, en syn geast wie har geast.
Hwat Tolstoj tsjin syn ieu en tsjin Jeropa rjochtfeardiget, dat is syn gean oan de ein ta. Hja dogge heal en mijen hwat hja foar wier oannimme, hy docht it great en earnstich en ûnforsoenber. Hja wine har foar de reäliteit wei yn in smûk boargerlik moralisme, hy wegert alle middeljen en skikken en forfolget de realiteit yn lêste konsekwinsje. Sa is hy fan de njoggentjinde ieu symboal èn protest, teken èn tsjinteken, en der is gjin formoedsoening.
En it antwurd en útslútsel is: it bolsjewisme. Net dat Tolstoj ea soksoarte révolusje wollen hat. Syn forstannich ynsjoch woe dat net lije. Mar itselde forstannich bikennen, dat Tolstoj ta de warleazens, de leafde en de dimmenheit brocht, hat by de bolsjewistyske revolúsjonairen gewelt en haet en wraek útwurke. Mei deselde bitterheit haetsje hja de Jeropeeske cultuer, dêr 't hja tragyske offers fan binne, en it subjectivistysk-anarchistysk rationalisme, dat har driuwt en har iennichste autoriteit is, is net oars as Tolstoj sines. It is de geast fan it nihilisme, dat yn harren wurking docht, en de profeet fan Jasnaja Poljana hat yn ûnwittendheit har foargonger en tarieder west.
Tolstoj's hege tragyk is foltôge yn syn opfetting fan it Christendom - ja wis hat hy it Christendom opfette, opnommen, droegen. Jitris en swierder komt hjir it lijen oer in minske, dy 't de sûnde fan syn ieu sjocht en der bitteren tsjinwar tsjin docht en wanhopich wrakselet om forlossing, mar net loskomme kin, omt er der djip oan bisibbe is.
Hwat hat de njoggentjinde ieu mei it Christendom dien? Somliken habbe it absolút ôfstegere en binne atheïst wurden. By harren hiene Christus, de iepenbiering, de Skrift ôfdien. Mar de greate en hearskjende biweging fan de ieu gie noch to folle yn 'e Christlike tradysje, om yn dy uterste konsekwinsje to fallen. Hja miste it greate leauwe en de
| |
| |
sterke religiëuze spanning, om it leauwe en de religy oan to nimmen foar hwat it wêze wol: it heechste, it iennichste, de wierheit dy 't mei Godlik sizzen komt en folsleine hearrichheit easket. Mar ek wurke de histoarje noch sterk nei, en de ieu hie gjin moed en konsekwinsje genôch om alles to forwijen en Christus ôfskie to dwaen. Jitte libbe en wurke it Christlik ideäel, mar Christus wie harren ûnreëel wurden.
Sa moast de forhâlding fan Christendom en cultuer it probleem fan de njoggentjinde ieu wurde, en sa moast dy ieu dat probleem ta in útslútsel bisykje to bringen yn it compromis. Op allerhanne manearen en oanienwei hat hja oan it middeljen west, sa, dat de moderne cultuer har gerak krige en it Christendom der mei yn oerienstimming wie. Hwant in cultuer sûnder Christendom drige hja tsjin oan, mar de swiere eask fan Christus: dimmenheit en forsaking en it krús en folsleine hearrichheit, koe noch woe hja net forneare. Hja hold fan harsels en wie grousume greatsk op har wittenskip, har technyk, har kunst.
It leauwe waerd net perfoarst forwurpen, mar it moast forklearre wurde út it subject, itsij út 'e fieling of út 'e rede. De Skrift hielendal to leagenjen gie jit to fier, mar hja waerd yn 'e like brocht mei it útslútsel fan 'e wittenskip. De feiten fan it heil waerden feit ôf makke en krigen in literaire, mythyske, ideälistyske of symboalyske bitsjutting. De wierheden fan it heil rekken yn in rationalistyske forflakking of in sentimintalistyske fordizening har krêft kwyt. De easken fan it heil waerden to pas makke yn 'e moréle bigripen fan de ieu. De autoriteit fan de iepenbiering waerd subjectyf steld, en it Godlik keninkryk dat fan boppen is habbe hja horizontael útlein, neffens de minsk foar hwa 't de kym net heger as it each is.
Hwant it krús woenen hja net oan en Gods sizzen net noch de rjochter Christus, dy 't net út 'e lege kimen mar fan heechst boppen komme sil. Sa moast der middele wurde tusken him en de wrâld, en de morael wie in maklik en feilich ûntwyk.
| |
| |
Dat is de leagen en de sûnde fan de njoggentjinde ieu. In heechmoedige en mei forstân oerstjelpe cultuer wol fan Christus' hearrichheit ûntkomme en har sels forlosse troch de hearrichheit oan in maklike en eigengerjochtige morael.
Mar de djippe geasten fan de ieu kinne ta sa'n flakke frede net komme. Flaubert en Zola, Schopenhauer en Nietzsche, Ibsen en Strindberg, Dostojewski en Tolstoj - hja allegearre sjogge dy leagen great en neaken foar har riizgjen en ûnbarmhertich ûntdekke hja him oan har ieu. Hja bigripe dat it compromis net mûglik is en dat de skriklike kar dien wurde moat, troch allegearre. Grimitich geane hja yn it protest tsjin de leffe leagen fan in sabeare Christlike cultuer en in forculturearre Christendom, en de ieu is fol fan har fûle flok en bittere haet. Christus is harren to reëel en to sterk, en hja habbe wittend of ûnwittend mei him wraksele, in libben lang.
Hoe habbe de easken fan it Christendom Kierkegaard net bineare, en yn it stjerren earst jowt syn swiere siel har heech en frij en jûchjend op: ‘Op in troan op 'e wolkens sil ik sitte, en ivich sil ik sjonge: hallelujah, hallelujah, hallelujah.’ Ibsen forkundiget de strange en hege God, dy 't alles of neat wol. De ûnsillige Nietzsche, him wurdt de Christus de stien fan oanstjit; mei it Christendom stegeret er de krusige ôf, mar ûnmûglik is it him der los fan to kommen en yn sljochtsin giet er ûnder. Dostojewski tsjûget fan de dimmenheit en de barmhertigens: ‘greatske minsk, wurd dimmen’, en hy forhellet fan de Christus, dy 't Jeropa forlern hat, mar dy 't biwarre wurdt yn it Russyske folk. En Tolstoj, yn swiere haet tsjin alle compromis, stelt èn Christendom èn cultuer de folsleine wet fan de Berchrede.
Dat middeljen mei de wierheit, dêr 't allegearre: steat en tsjerke en mienskip oan meidogge, dizze Rus kin it net fordrage. Sa'n Christendom en sa'n cultuer, it is him in grouwel. It libben is to earnstich en de wierheit to deun by en to freeslik, om skiklik to wêzen. Eat is wierheit of it is leagen: tuske beiden is gjin rûmte. Is it leagen, dan moat
| |
| |
it absolút ôfstegere wurde. Mar is it wierheit, dan moat it absolút hâlden wurde. En de wierheit, it seedlik ideäel, dat is de Berchrede, en hy hat har geboadens net oaren allinne foarhâlden, mar ek sûnder middeljen en swier lijend sels se dien, foarsafier 't minskene krêften yn steat binne se to dwaen.
Tolstoj is in oardiel. In oardiel oer de cultuer en it Christendom fan syn ieu, en oer allegearre, hwa 't it mei de wierheit net sa krekt komt. In oardiel binammen oer dy Christenen, dy 't leare of libje - it kin op beide manearen - lyk as sil de tsjinst fan de wierhaftige en hillige God wol hwat tafalle en kin der in hoeden boun tuske de wrâld en Christus wêze.
Mar al hoe wier Tolstoj syn wierheit socht en bilibbe hat, hjir moat de krityk bigjinne, en it is de krityk fan de ieu op de ieu, fan de tweintichste op de njoggentjinde.
Tolstoj nimt allinne de wierheit fan de berchrede oan, en hy nimt har oan, omt syn forstân him tsjûget, dat it de wierheit is. En dêryn is hy de njoggentjinde ieuske minsk. Lyk as syn ieu sil ek hy sels útmeitsje, hwat de wierheit is, en it Wurd hat gjin autoriteit, oars net as foarsafier 't it meistimd wurdt fan it ynsjende forstân.
De hiele njoggentjinde ieu troch habbe theölogije en wiisbigearte der oer gear west, de Godlikheit fan de Bibel to ûntstriden en it in minsklik boek to meitsjen. Oft de rede of de fieling of it wollen oardielje soe, alle trije: rationalisme, sentimintalisme en moralisme hiene dit ien en mien, dat de autonome minsk himsels rjochter oer it Boek makke. Dy hie út to meitsjen, oft de Bibelske lear wol neffens de rede wie, en it leauwe wol neffens de fieling, en de wet wol neffens de morael. En sa fier 't it dat wie, mocht it oannommen wurde, mar it oare hie gjin sizzen, noch Godlik, noch minsklik.
Sa moast oer alles de krityk gean, en hja is oer alles gien: histoarysk, literair, moreel, filosofysk. It waerd in
| |
| |
ûnbiskamsum yndividualisme en gjin ein, in bouwen en ôfbrekken oanienwei fan nije theorijen, in spekulaesje yn it greate en wylde wei, en it slagge de krityske masters mar al to goed, in Bibel to fabrisearjen, dy 't gjin God mear hie, gjin krús, gjin oanstjit - en gjin djipte. De iene hold noch it hiele Nije Testamint oer, mar in oarenien allinne de Berchrede, en wer in oarenien Markus 13; somliken mochten smout prate oer de geast fan it evangeelje en oaren oer de geast fan Christus, en de heechmoed fan it hert koe him wol sa smout ûntjaen. En it folk wie konsekwinternôch en doch it einbislút: dat alles neat wie.
Underwiles stiet it Wurd yn autoriteit. It komt mei Godlik sizzen, yn ien en yn allen. Syn Godlikheit is gjin fordigening nedich, hja kin ek net fordigene wurde, sa klear en bleat is hja. Yn heech en warleas swijen forwart dit Boek him tsjin alle krityk, en yn 'e djipte sprekt it ta allegearre mei in kleare stim.
It wol oannommen wurde of forwijd, oannommen folslein of folslein forwijd. En de tweintichste ieu kriget klearrichheit, dat it in ûnearbiedich en ellindich geknoei is, Jakobus út to spyljen tsjin Paulus, of Paulus tsjin Johannes, of Jezus tsjin Paulus, of de Profeten tsjin de Wet, of it Nije tsjin it Alde Testamint. It kriget klearrichheit, dat de Bibel yn al syn dielen in ienheit is, dy 't net tobrutsen wurde kin, omdat er fan en út deselde autoriteit sprekt en fan ien en deselde geast is.
Dit slachte, earliker as it foarige, kin de frede net habbe mei it compromis tuske cultuer en Christendom noch mei it humanisearjen fan it leauwe noch mei de Bibelkrityk noch mei it delheljen fan Christus. To fûl sprekt de stim fan it Wurd, to sterk bigjinne ta de ein to driuwen de Hillige Geast en de demonen. It libben jowt him op en del yn 'e fertikale streek, en de sterke wurden fan de earste tiid komme jitris ta har bitsjutting. Ik leau, omt it ûneigen is. Ik leau om to bigripen. It ferget en driuwt op 'e folsleine
| |
| |
kar oan. It Wurd is òf Godlik òf minsklik. Is it Godlik, dan is it Godlik alhiel en yn al syn dielen en hat it Godlik sizzen oer alle rede en fieling en wollen en kin it net tsjinsprutsen wurde. Mar is it minsklik, dan hat it alhiel gjin autoriteit. Tuske dy twa leit neat yn.
Sa habbe de greaten fan de njoggentjinde ieu it foarút field, en dêrhinne biweecht har dizze tweintichste, alhoewol 't it jitte yn it oanbigjin is.
Mar sa kin Tolstoj it wurd fan it hjoed noch fan de takomst net habbe. De autoriteit fan de Skrift is net út to hâlden mei it oannimmen fan in diel en it forwijen fan it oare, en noch folle minder jowt hja har ûnder de minsklike krityk. Sels Tolstoj net mei al syn swiere earnst kin oardielje, mar ek hy wurdt oardiele, oft syn forstân it meistimt al of net.
Hy mei greater wêze as syn tiid, omt er mei dy tiid gjin frede habbe koe, syn Christlik subjectivisme forhindere him, har to oerwinnen en fan in takommende tiid to wêzen. Hy moast stride sûnder mûglikheit fan oerwinning - dat wie syn tragyske needsaek. Hy koe fûl en ûnbarmhertich syn ieu har sûnden wiis meitsje, mar in nije wei har wize koed er by gjin mûglikheit. Hy soe de ieu mei de ieu útbalje - sa moast er tragysk omkomme.
Hy bliuwt foar alle tiden in great foarbyld fan earnst en forsaking en wierheit. Mar syn ideälisme en morael hat net hoekhâlde kinnen yn 'e biweechlikens fan de reäliteit, en noch tsjin it oardiel fan dy 't alle Godlike iepenbiering leagenje noch tsjin it oardiel fan dy 't it Wurd allinne leauwe, kin it bistean. Hwant it komt oan de folsleine en lêste kar net ta - dêrom hat it de tiid yn.
By einbislút is it yn Tolstoj net de tsjinst, mar de morael, net de genede, mar de wet. Yn him docht it minsklik wollen op syn greatst en ealst en skriklikst it bisykjen, him sels to forlossen. Hy hat de treflikens fan de dimmenheit en de barmhertichheit leard, mar hoe heilleaze swier is de
| |
| |
wei net dy 't hy dêrhinne wiist. Hy hat skimerich de Christus sjoen, mar hoe'n fier ein fan hoe'n hopeleas paed bliuwt dy net ôf fan swakke minskebern. As sels Tolstoj krêft to min hie, hwat moatte dan de lytsen en earmen? Hjir helpt gjin wollen en morael, mar nedich is de genede fan it krús, dat ienris droegen is troch de forachtsumste fan alle minsken, dy 't God neamd wurdt en Heare oer alle dingen.
Yn it oantinken fan de ieuwen wurdt Tolstoj biwarre as in minsk, troch en yn hwa 't in ieu foltôge ûndergien is. Mar yn 'e takomst sil foar syn dimmenheit gjin plak wêze. As de himel en de hel opinoar stjitte sille en de machten skriklik stride sille, dan moatte somliken fan de minsken yn greate heechmoed en goddeleasheit falle en somliken sil de genede en dimmenheit, dat ivich lean fan dy 't net arbeide habbe, foar neat jown wurde, en neat sil tuske beiden wêze, lyk as der tusken himel en hel neat wêze sil.
| |
De iennichste wei.
Noch altyd giet ta gelok de striid tuske de Noardfryske en de Frysk-Sleeswiker foriening. De Frysk-Sleeswikers habbe in pear lilke reizen hawn, earst mei de stimming en doe by it kongres fan nationale mindertallen, mar hja jowe gjin moed forlern. Lykwols binne har krêften lyts, en it is de skuldige plicht fan al hwat yn Westerlauwersk Fryslân nationael fielt, stypjend efter harren to stean.
Mar is it net better en wisser en nim gjin partij foar kar, noch de iene noch de oare? Dat soe sa wêze, as de need net dreau, as Noardfryslân sterk wie en ûnnuodlik, as it tuske twa nationale partijen gie. Mar de need is heech en it gefaer oer it Noardfryske folk great en wankend, en ien fan de partijen, de Noardfryske foriening, is sa ûnnationael mûglik.
Oaren hjirre slagget it sels, sa ideälistysk en taktysk, bûten
| |
| |
alle reäliteit en bigjinsel to redenearjen, dat hja de Noardfryske foriening nationalistysk foarstelle en dy har polityk tsjin de Frysk-Sleeswikers stypje, om sadwaende Great-Dútsklân yn 'e kaert to spyljen. Der moatte dan brike redenaesjes by, lyk as oer de ridderlikens fan it âld-Germaenske Dútsklân, dêr 't de Friezen har nea omdôch op biroppe sille, mar hwat let it, as de hiele redenearring mar heech en ideälistysk en cultureel is?
Hwat my oanbilanget, ik stean mei greate oertsjûging efter de Frysk-Sleeswikers. Ik hâld it net mei in foriening fol Prusyske amtners en sjongers fan ‘Deutschland, Deutschland über alles’. Ik stean dêr 't de naesje is, lit it wêze yn hûndert of yn tsien of sels yn ien. Ik stean by de lytsen en fordrukten; by Nann Mungaard, dy 't nei in libben fan arbeid oan de Fryske saek op syn âlde dei bûten Fryslân tahâlde en stjerre moat; by Oldsen, dy 't om syn oertsjûging straft wurden is mei boete en hún; by Lorenzen, dy 't hja foar it rjocht helle habbe; by de ienfâldige arbeiders- en boargerminsken, dy 't hja sa lang yn har wurk en brea reitsje, dat hja foar lid fan 'e Frysk-Sleeswiker foriening bitankje moatte; by dy Fryske organisaesje, dy 't it útjaen fan in eigen blêd troch drigeminten ûnmûglik makke wurdt. Sa bin ik yn goed en fortroud selskip: dêr is it rjocht. Meiskien is dat ek wol ridderlikens, lit it al gjin Dútske wêze, dan dôch wol Fryske.
De saek is sa ienfâldich as it leauwend hert. Mar wy moatte moed habbe, tagelyk de reäliteit en it folsleine Fryske ideäel to sjen.
Dêr is alderearst de Noardfryske foriening. Hwat docht dy oan Fryslân? Likernôch itselde as hwat it Friesch Genootschap en it Ald Selskip hjirre dogge: stúdzje fan it forline en taelbifoardering. Mar wy witte foar dit Fryslân, dat ‘mei alle taelbifoardering de tael moarsdea giet’, en soenen wy it foar Noard-Fryslân net witte? De culturéle bitsjutting fan in mannich âlde almanakbydragen is yn 'e pastorij fan
| |
| |
Muus foaral net greater as op 'e Kânselarij. It hjoed bliuwt mei it forline net bihâlden: de takomst biskaet.
Dy foriening hat in foarsitter, dûmny Muus, dy 't allerhanne talen ken, bihalven it Noardfrysk. Dat sil er nou dan leare, hat er lêsten tasein. Har foarmannen prate ûnderinoar net Frysk, mar Platdútsk, en skriuwe elkoarren net yn it Frysk, mar yn it Heechdútsk. Har leden binne in great part Prusyske amtners en Friezen út 'e fordútske hegerein. Hja merkt Fryslân foar in diel fan Dútsklân en it Frysk eigene foar in diel fan de Dútske cultuer oan.
Seit it net alles, dat fyftjin, tweintich jier nei de oprop fan De Clercq en de útstellen fan Sipma en Mungaard, de Frysk-Sleeswiker Lorenzen, frouwe Quarles en Jelle Brouwer de hearen fornije moatte, hoe 't hja ta in praktyske ienheitstael en... stavering fan de Noardfryske dialekten komme kinne?
Sa binne de feiten, en leaut immen, dat sokke lju de Noardfryske tael en nationaliteit bihâlde sille?
Dêr is twad de Frysk-Sleeswiker foriening. Dy is swak en hjitfolge en forachte. In skoft lang koe hja in eigen blêd útjaen, mar troch tsjinwurking en drigemint en boycot moast it ophâlde. Nou kriget hja allinne hwat gastrûmte yn it orgaen fan it Deenske mindertal ‘Der Schleswiger’. Sympathy hat hja ûnder de lytse lju, mar ytliken doare om wurk en brea to hâlden gjin lid wurde. Jild hat hja net oer to biskikken, sadwaende kin de libbensbiskriuwing en it wurdboek fan Nann Mungaard noch de grammatica en de Evangeelje-oersetting fan Lorenzen útjown wurde. Hja hat allinnich in pear jierboeken útjaen kinnen en Oldsen yn 'e gemeenterie brocht.
Mar hja sjocht it plak fan Fryslân en syn great gefaer. Foar har is de Fryske biweging gjin opwaermjen fan it forline, noch it meuken fan it hjoed, mar it oansetten fan it fjûr en de brân fan de takomst. Hja skôget Fryslân nationael, folk mids de folken, cultuer mank de cultueren. Hja
| |
| |
hat in klear bigryp, dat Dútsklân mei syn cultuer en geast de fijân is, en mei alle middels: fan literatuer en polityk en ekonomy, tsjinstriden wurde moat.
Oft it harren slagje sil, de tsjinwar fan Fries en Dútsker to oerwinnen en it Noardfryske folk út syn djippe sliep wekker to krijen, is in twade en oare saek. Mar de útslach makket de striid net ûnnedich noch doelleas, noch sûnder greate hope.
Wy habbe har doel en wegen oan to merken en hoe 't hja fordrukt wurde, en dêrneffens is it ús skuldige plicht, by harren to stean mei alle macht.
Dêr is tred de greate en faeije need fan Noard-Fryslân. It folk hâldt ta ûnder swiere ekonomyske forhâldingen en yn greate nationale ûnforskillichheit. De ûnbidige macht fan de Dútske cultuer - hûndertris sa great as de Hollânske harres - kringt de tael en al it eigene mei systematysk gewelt út 'e wei. Sechstich jier hat Noardfryslân noch mar oan Dútsklân heard, en yn dat koarte skoft binne der hûndert parten mear forlern gien as yn ieuwen fan Deensk biwâld. Hjoed de dei is it safier hinne, dat it foar it Noardfryske folk om bistean of net bistean giet.
En hjirre yn it Westerlauwerske is men blyn en praet men oaren blyn mei ideälistyske, ûnreële kâlterijen. Hjir is de heechste wiisheit fan polityk en cultuer, in algemiene en minimale Greatfryske ienheit op to setten, en dy naïve ienheitsromantyk hat de lju sa yn 'e tsjoen, dat hja net mear yn steat binne to sjen, hoe 't ien fan de haedpylders fan har bouwurk, Noardfryslân, by dagen faeijer wurdt.
Yn 'e djipste en ellindichste need kin allinne rêdde it heechste ideäel. Neat kin nei de bikentenis fan har ûnmacht en greate noed de Noardfriezen helpe as de reële striid ta it folsleine Fryske ideäel. Oan alle fronten is nedich de fordigening tsjin de Dútske geast en tael, en alle middels moatte to baet om it folk ta syn nationale frijdom to lieden. Sa habbe fan need wy hjirre moatten, sa moat noch nediger
| |
| |
Noardfryslân. Dat is in boppeminsklik swiere wei, mar it is de iennichste. En wy habbe gjin Greatfryske polityk to driuwen, dy 't de Noardfryske striders efterúthelpt en allinne lit, mar in nationael-Greatfrysken ien, dy 't harren stipet, Noard-Fryslân, dat is Great-Fryslân ta bihâld.
| |
De lege steat.
Yn ien fan de earste nûmers fan dit blêd hab ik ûnderskieding makke tuske Christlike en ûnchristlike kunst, en natuerlik is dêr forwar op kommen. Dy ûnderskieding sil nammers ûntstriden wurde, oant God út Sion, de folslein-heit fan de skientme, glânzgjend forskynt. De kronyk-skriuwer fan it moanneskrift Frisia leit mei wiidweidige redenen yn, dat de kunst universeel is, like goed as de religy, en dat tuske skientme en wierheit gjin konflikt wêze kin. Hy nimt de ûnderskieding fan Christlik en ûnchristlik yn 'e kunst dan ek net oan, like min as neffens syn sizzen de kunst sels har oannimt. En yn 'e heechste pleit biropt er him op Christus, yn hwa 't de kunstner en de profeet yn de heechste harmonij libben.
Ik ken dy redenearing. Hja is âld en hat yn it ideële in tige wierskyn. De wiisgearen habbe har brûkt sa lang 't it Christendom bistiet. Lykwols hâldt hja net. Yn har ideäliteit is de kunst universeel, sikerwier, mar yn ús ierdsk bistean hâlde wy ta mei in djippe en tragyske spjalt yn 'e siel, en elk Christen, ja elk minsk moat de kar dwaen.
Oanienwei binne de skientme en it libben stridich, en wy nimme it libben foar kar. Oanienwei binne wy dwaende, skientme to fornielen en wei to meitsjen. Wy brekke mounen ôf en âlde pleatsen, en forwoastgje de bloeijende heide, en mealle mei lilke masinen Gods séen en marren droech, en lizze stêdden út oer dat hearlike lân. Ja dêr 't gjin minsken binne, dêr is natûre op it moaist, mar wy komme en bringe
| |
| |
lilkens en goarens oer har. Hwerom? Sjogge wy net hoefolle 't wy skeine? Ja, wy sjogge it, mar wy moatte. Wy moatte brea habbe en libje, en de barmhertichheit en wierheit biweecht ús to wollen dat safolle mûglik minsken brea habbe en libje. En as it nedich is, offerje wy oan stjonkende fabriken en stylleaze boargerwenten alle skientme fan heide en miede en mar en berchtme op. Dat is ús konflikt: elke cultuer makket in great diel skientme fan natuer en tradysje to neate, en hwat hja der oare skientme foar yn it plak jowt, kin it forlies mar foar in part goed meitsje. Om it libben to hâlden, moat de arbeider spoekeblommen en kattesturten en allerhanne yn prachtige kleuren bloeijende tugen útroegje, mar de ûnsjogge ierdappelplanten moat er it fan habbe. Om ta de wierheit fan de natuerwet to kommen, moat de plantkundige in bloeijende blom toplôkje en har skientme forniele. Om in greate literatuer to skeppen, moat in folk earst grou en smoarch jild fortsjinne habbe.
Al hwa 't de skientme net ôfwend is, foaral de dichter, fielt dat konflikt smertlik. De dichter, hy kin it net goed krije, dat safolle moais forlern gean moat en safolle lilkens needsaek is. Hy protestearret en flokt: tsjin de minske, tsjin it kapitalisme, tsjin de cultuer, tsjin de needsaek, mar as hy rjochtfeardich is, sil hy earder wolle, dat alle skientme weiwurdt as dat ien bern hûnger hat. Lykwols bliuwt it konflikt, en syn wurd is wyld fan opstannigens of fan triennen en wémoed swier.
Mar net allinnich yn 'e minske en de mienskip is dy tragyske spjalt, mar ek yn de natuer. Hwerom moat de wrâld by tiden lizze yn in goare damp? Hwerom falt in tsjustere nacht sûnder forsiering fan stjerren oer har hearlikheit? Hwerom moat de hege bloei fan de simmer forgean, de greide keal en smoarch wurde, de bou tryst en swart? Hwerom moatte de wiidten skriklik forlitten lizze en alle beammen neaken stean? Hjir reitsje wy oan forhoalenheden, mar it liket in wet en needsaek fan natûr to wêzen, dat de frucht yn rikens en skientme net rypje kin, noch it
| |
| |
libben ta hearlikheit komme oars as troch earmoed en dead. En gjin kunst, hoe universeel, kin dy reäliteit weibyldzje.
Sa is it yn it natuerlike, sa yn it geastlike. Hwerom jowt in heit syn bern net to lèzen II Decamerone fan Boccacio, Der Antichrist fan Nietzsche, de spot fan Voltaire, de dekadinsje fan Couperus? Hwerom wol er net habbe dat dy jonge kunde kriget oan allerhanne naturalistyske, psychologyske, sexuële, homo-sexuële en perverse romans?
It is dôch kunst, greate faek en glânsgloarjende. Hwerom brûkt er dan de literaire noarm net, mar in seedliken of in religieuzen ien? Is it bern to jong? Goed, lit it trije en tweintich jier wurde: sil de heit it dan oanriede, alle literatuer to lêzen, alle toaniel en skilderij en byld en douns to sjen, alle muzyk to hearren? Ek dan sil er warskôgje, net út binyptens noch út forkeard kunstbigryp, mar omt er net wol, dat de siel fan syn bern bismodze wurde sil mei ûnwiere of ûnrjochtfeardige of ûnseedlike tinzen en skea lije sil. Hwant hy hat dy siel op syn noed, en wol dat hja har ûntjaen sil ta goedens, wierheit en wizens.
It is net swier, yn it abstracte út 'e universélens fan de kunst wei to redenearjen. Dan is der gjin konflikt, kin der gjin konflikt wêze tusken wierheit en skientme. Mar dy redenearing komt yn it libben net út. Gjin minsk dy 't net alhiel immoreel is, doar en kin dêrneffens to wurk gean. Sels Nietzsche, de kunstner dy 't alle wearden ‘omweardzje’ woe en it Christendom deadlik hate, doarst en koe it net. Op 'e studearkeamer en de learstoel fierde er him út, mar as er in ienfâldich Christen mette, koed er it net oer him krije en ûntnim de minske syn leauwe en frede.
Dat wie gjin ‘lokkige ynkonsekwinsje’, mar Nietzsche wie dêrmei op 'e mystike grins kommen, dêr 't de siel wegeret hearrich to wêzen oan it forstân. Einlings spriek it gewisse sa klear en lûd, dat hy der net langer oer hinne skreauwe koe. Sels Nietzsche, de forhearliker fan de macht, dy 't de
| |
| |
immoraliteit moreel meitsje woe, fielde it konflikt, en soe it dat konflikt krekt net wêze dêr 't er oan ûndergien is?
Ja, it gewisse fan de minsk docht tsjinwar, en seit syn machtich né, sagau 't der bisocht wurdt, it idé fan de absolute kunst yn 'e die to bringen. It forstân mei sa folle as it wol ûnderskiede tusken foarm en ynhâld yn 'e kunst, en biredenearje dat in kunstwurk mei in ûnwierhaftige of ûnrjochtfeardige of ûnseedlike ynhâld om de skiene foarm ûnskuldich geniete wurde kin - it libben nimt dy ûnderskieding sa net oan. It moat ien fan beiden: of mei de skiene foarm de bidoarne ynhâld goedkarre, of mei de forkearde ynhâld de skiene foarm forwije. En it gewisse wol en tsjûget, dat it lêste foar kar nommen wurdt, ek it gewisse fan de kunstner. Ien fan de greatste kunstners út ien fan de kunstsinnichste folken fan de wrâld: Platoon de Helleen, forbea de jongerein alle weake en sedebidjerrende muzyk en poëzije, forbea har sels Homêros. Hie hy meiskien ek gjin each en ear foar de glânzgjende skientme fan de Helleenske kunst? Lykwols hied er leaver, dat alle skientme forachte waerd as dat ien siel fan de godlike idéen ôfrekke.
Gjinien faeks hat it konflikt tusken it goede en de skientme sa djip bilibbe as dizze kunstner. Hy nimt it goede foar kar en wegeret it skiene. Mar in konflikt bliuwt it, en de siel ta beide skepen moat hjir wêze yn tragyske tobrutsenheit.
| |
Efter de skêrm.
It greate enthousiasme, dêr 't it Folkeboun de earste jierren fan syn bistean mei ynhuldige is, rekket de lêste tiden hurd yn it bidarjen. Wis, it boun komt fakernôch gear en de organisaesje sit fiks yninoar, mar mei 't al hâldt yn brede kloften de ûnrêstige twivel it lêste wurd. De hege fredeforwachting dy 't it minskdom der fan hie, is net útkommen. De geast fan oarloch wurdt wer sterker, de tarieding wurdt yn it great trochset. Dat lykwols net allinne,
| |
| |
mar it fatale is, der komt in fieling oer de minsken, as brûke de steatslju it Folkeboun foar skêrm, om dêrefter har imperialistyske polityk feilich to forfetsjen.
Der binne ta biwiis ek feiten genôch. Mussolini komt der moai earlik foar út, dat Itaeljen him op alle mûglikheden fan oarloch ré hâldt en ré makket. Amearika nimt de foarstap ta it fordrach fan Kellog, en ûnderwiles steane lieders fan it Amerikaenske folk op greate floatútwreiding oan. Ingelân en Frankryk binne wol sa foar it Kellogpakt, mar mei 't al slute hja in boun, dat to geheim is om net nuodlik to wêzen. Japan brûkt syn militaire oermacht yn Mantsjûrijen. De greaten en de lytsen, allegearre habbe hja it oer frede en ynternationael oparbeidzjen, en allegearre habbe hja har technici en skiekundigen oan it wurk, om de oarlochswapens oant it uterste folslein to meitsjen. De iene publikaesje nei de oare forhellet fan grouwélige útfiningen fan masinen en gassen en helsk reau, by hwaens útwurking al hwat earder fortoand is net lykje moat.
Yn sa 'n sfear arbeidet it Folkeboun, en hwat it praet ideälistysker is, hwat de fortuten minder wurde. De ûnmacht fan it boun wurdt by de jierren klearder. Lytse kwestjes doar it oan, mar yn greate dingen leit it hwat langer hwat mear in polityk fan driigjen en forstellen, en it soasjale wurk, dêr 't it him tige op útleit, kin dat net goed meitsje.
It bitrouwen op it Folkeboun giet fuort. Der wurdt net mear leaud oan syn macht, noch sels bot oan syn earnst. De twivel ûnderwrot it, oft it syn lieders wol ynmoedich tinken is en siikje de frede, of dat Genève harren earder in podium is, om har imperialistyske polityk to ideälisearjen en goed to praten.
Men kin de lêste tiden skoan fornimme, dat de niget en hope fan it boun ôfgiet en troch de freonen fan de frede set wurdt op 'e folken sels. Mar is dat birop sterker? Is de folken de frede ynmoed, mear as de regearen? Dat is de frage. Der mei in frede-biweging wêze, dy 't yn allerhanne partijen, tsjerken, nasjonale aksjes oanwint, dêr tsjin yn
| |
| |
libbet yn miljoenen Dútskers, Italianen, Frânsken, Bûlgaren, Serviërs, ensfh. in geast fan haet en wraek en macht, dy 't net hiele freedsum is, en krekt dêrom kinne de steatslju sa'n machtspolityk driuwe. It is noch lang sa fier net, dat de publike opiny fan de Jeropeeske folken en Amearika foar de frede is. De regearen habbe net allinne skuld: hja soene fan need oars moatte, as de folken net sa ûnbitrousum en haetsk en oarlochsiik - en ûnforskillich wienen.
As de folken frede woenen, soe it Folkeboun net langer forskûlboarterije fan de steatslju wêze, mar in sterke hânhâlder fan de frede. Mar nou kin it net folle, en sa gau 't it eigenbilang fan de steaten der gjin forlet mear fan hat en de needlotsfieling oer de folken komt, dat de oarloch dôch net mear to kearen is, sil it stil weiwurde, krektlyk as earen de Hillige Alliânsje. Tsien jier nei 1918 stiet it der sa foar, dat as der gjin radikale foroaring komt, de tsjintwurdige jongerein foar it slachfjild greatbrocht wurdt. En hwa wit sil it net it skriklik tragyske wêze, dat krekt ús Folkeboun de kommende oarloch útlokket.
Hwant dat is krekt it greate gefaer, dat de minsken de kommende oarloch bigjinne sille to fielen as in needlot, dêr 't gjin kearen oan is. Hoe steane de folken nou al ûnder it Folkeboun en de aksje foar de frede? Trochinoar frijhwat twivelich, as it gjin ûnforskillichheit is. It earste enthousiasme is oer, en in greate forwachting is kwealik to bikennen. De kearsen hope en bitrouwen brânne slûch. Guodden forwachtsje it fan it proletariaet, oaren fan in ekonomysk en polityk ynternationalisme, wer oaren fan in oanwinnend humanisme, noch oaren fan in fornijd Christendom, ek tidigje somliken der op, dat de oarloch yn syn uterste konsekwinsje himsels ûnmûglik meitsje sil. Mar in great bitrouwen, dat leaut tsjin de klippen oan, fornimt me mar by inkelden: sels de fûle fredefreonen leit har ûnmacht swier by. Hja stride mear út bigryp fan de ûnminsklikheit en de
| |
| |
ûnchristlikheit fan de oarloch, as dat hja klear ljocht yn 'e takomst habbe.
Dat seit neat tsjin de fredebiweging; dy hâldt har hege wearde. Ek de striid dy 't net ta syn doel komme mocht, hat doel. Mar it bliuwt tige de fraech, oft hja yn steat wêze sil de geast dy 't op oarloch oandriuwt to oerwinnen. Har ynfloed yn 'e greate massa fan de folken giet jitte net djip. Der is lyk as nei elke greate oarloch wol in moai algemien fredesin en in huvering foar it oangean fan in nije oarloch, mar it principiële wollen en hânhâlden fan de frede mist, like goed by de soasjalisten as by de Christenen. De hertstochten fan haet en oergunst en wraek en macht en greatskens libje noch sterk en sette de herten maklik ta oarloch oan.
En dêr tsjin oer is it forlangjen fan de frede skruten en swak. It is net to ûntstriden, dat de fredeaksje oanwint, mar it scepticisme ûnderwrot har. Mannichten soenen wol meidwaen wolle, as hja der mar útkomst yn seagen, mar hja sjogge it net. Men hoecht mar ûnder ‘it folk’ to gean en om jin hinne to harkjen, hoe pessimistysk der oer de takomst tocht wurdt en hoe near it needlot de minsken by leit. Ik draech, sei in jonge man my langlêsten, al jierren de tins by my, dat ik en wy allegearre, wy mannen nou ûnder de fjirtich jier, op it slachfjild stjerre sille, en gjin Folkeboun, gjin frede-aksje, gjin ûntwapening, gjin anti-militairisme kin it keare en ik sjoch gjin útkomst. En al kinne de measten it harren sa klear en reëel net foarstelle, frij algemien kin men ûnder it folk hearre: hwat jowt it? it falt iderkearen ôf en it helpt allegearre neat.
En de feiten jowe alle oanlieding sa to tinken. Der is sûnt '18 hope op persoanen, op kabinetsforoaringen, op partijen, op folken, op it Folkeboun, mar mei 't al giet de tarissing foar de kommende oarloch igael wei troch, dat is to sizzen, wurdt it gefaer al greater oan. Hwant it is in wiskundige wet, dat de oarlochskâns lykop giet mei de sterkens fan de biwapening. En yn sa'n wrâld moat it lyts tal striders
| |
| |
wurkje, dat it ynmoedich om de frede to rêdden is. Sahwat alles habbe hja tsjin en mei swakke krêften moatte hja in great leauwe bistribje. Is it niget, dat ek hja by tiden net fan de needlottins ûntkomme en mei sterke opstigingen fan twivel to kampen habbe? Earder moat it jin binije dat hja noch sa tsjin hope hoopje en noch sa folle ynfloed op it folk habbe.
Hwant dyselde wrâld is it, dy 't de steatslju en de militairisten mei habbe, om efter de skêrm fan Folkeboun en frede de macht to driuwen. Hoe 't de skyn ek wêze mei, nearne kriget ien regear yn syn machtsbigearen en oarlochdriuwen sterke tsjinwar. Der meije protesten komme: út it folk, út it parlemint, út 'e organisaesjes foar de frede - in massale folksbiweging, dy 't it it biwâld ûnmûglik makket troch to gean, komt oant nou ta sahwat nea. De regearen kinne rêstich avensearje mei it folslein meitsjen fan de oarlochs-middels en methoaden en de tarieding fan in nije oarloch. Foar de skyn moatte hja wolris in concessy dwaen, b.g. de oefentiid fan de recruten in pear moanne ynkoartsje en sokssahwat, mar yn 'e dingen dêr 't it op oan komt, krije hja har sin. Hja kinne bounen en fordraggen slute, dêr 't gjin folk fan komt to witten, wapens smeije en middels úttinke, dêr 't gjin contrôle oer is, geasten oproppe dy 't net wer to bisprekken binne. Hja dogge it ek, en de fredebiweging is to swak en de folken binne to ûnbitrousum en to fatalistysk om it to forhinderjen. Dat sil krekt sa lang oanhâlde dat de skêrm omfalt en alles foar it ljocht komt, alle leagen en bidragerij, en nei alle wierskyn sil it dan to let wêze.
| |
Christlike polityk.
De namme Christlike polityk habbe wy langer tige hiem. Lykwols is it in great wurd, dat in greate ynhâld drage moat, sil it bitsjutting habbe. Hat it noch ynhâld en bitsjutting, sa hiem as it wurden is? Der binne Christlike partijen net to
| |
| |
min: de Steatsroomsken, de Folksroomsken, de anti-revolúsjonairen, de steatkundich Grifformearden, de Christlik Histoarysken, de Christen Democraten en faeks noch wol in pear. Meiinoarren habbe dy it meartal yn 'e Earste en de Twade Keamer, yn forskate Steaten en yn frijhwat gemeenterieden. Dat seit oansjen en eare en macht, to minsten foar de greate partijen. Wol it ek sizze, dat der nou yn dit ryk en yn Fryslân wier greate Christlike polityk dreaun wurdt? Wol it sizze: Christus en Syn rjochtfeardich biwâld? Hwant as in namme net lige mei, dan sil Christlike polityk op 'e ien of oare manear mei Christus to meitsjen habbe.
En foar safier 't hja mei Christus to meitsjen hat, is hja goed, gaedlik en nedich. Mar somliken neame ek Christlike polityk de jacht op 'e baentsjes, en it skrippen en klauwen om nûmer ien op 'e list, en it machtsbigearen, en it min meitsjen mei net al to tiere middels fan de tsjinpartij, en it goed praten fan eigen forkeardens, en it pronkjen mei frasen, en it idel brûken fan de hillige Namme. Ik lykwols hab soarch, dat soks mei Christus neat to meitsjen hat, bihalven dat it him mislediget en yn 'e forachting bringt. Ik hab soarch dat ús sûnden: earsucht en greatskens en eigengerjochtichheit, net bidutsen wurde mei har Christlik to meitsjen.
Hwa 't net dôf of ûnforskillich wêze wol, fielt it him net oan, lyk as lei de flok op ús hiele Christlike aksje? Wy sette de striid yn, krije seine mei en forsûndigje it. Wy bihelje greate oerwinningen en it lêste is forlies en ûndergong. Wy bigjinne yn suverheit en sille suverjend it lân troch, en mei koarten forkomme wy yn ûnsuverens. Wy sille de wrâld bikeare, ûnderwiles nimme wy de wrâldske middels to baet en bitrouwe op it flesk en bikeare ús ta de wrâld en brûke rij de namme Christus. En fan binnenyn komt de Godlike flok, dy 't al ús wurk en eigengerjochtichheit to neate makket.
Dy flok docht stil syn wurking. Men heart him net, dêr 't de holle frasen klinke en de gearkomsten drok en lûd binne
| |
| |
en it gestriid galmet. Hy kin wêze yn uterlike bloei: yn meartallen en ledeoanwinst en fûle kriich. Foar Christlike polityk is it der net goed mei, dat men programs hat mei allerhanne Christlik doel, lyk as it biwarjen fan de Christlike tradysjes fan it folkslibben, it opkommen foar Gods eare, it hilligjen fan Gods namme yn it iepenbiere libbens-formidden, it hânhâlden fan de Godlike wet, ensfh. Net minder komt it der op oan, hoe 't men wurket en striidt. Men kin it bêste en meast Christlike fan doel wêze, dat men dôch ûnchristlike middels brûkt en de flok oer jin hellet. Men kin in krûme wei lâns gean, dy 't sa 't it liket op it rjochte doel oan rint. Mei in krûme stôk kin God rjochte slaggen slaen, ja wis, mar hy kin der ek krûme slaggen mei slaen, en wé yn alle gefallen de stôk, dy 't krûm is.
Foar Christlike polityk is nedich de leafde, de barmhertichheit, it rjocht, de wierheit, de forsaking en it krús fan Christus. Forwijd moat wurde alle heechmoed en selssucht en eigen bilang en eigen gerjochtichheit en macht. Dat is in swiere eask, mar minder kin it net mei ta. Ik wit net, oft men mei sa 'n polityk yn 'e wrâld en de ierdske steat fier komt, mar yn it keninkryk fan 'e himel is hja needsaek. Dat moat altyd sein en yn it sin brocht wurde, mar binammen hjoeddeis, nou 't de forwurding yn 'e Christlike partijen by dagen fierder fret. Gjinien hoecht der fansels nei to harkjen. Wol men jin leaver blyn sjen op programs en dôf meitsje litte troch klinkende wurden en it geskel op oare partijen - ei nou, men is frij man. Men sil to'n lêsten dochs wol ynsjen moatte, dat sa'n polityk gjin hilligjende krêft yn it folkslibben habbe kin noch God eare dwaen.
Christlik: it is in geweldich wurd, al hoe ûnbitsjuttend wy it makke habbe. Dy 't Christlik seit, dy seit Christus, en hwa 't de namme Christus neamt, sil himsels fan alle ûngerjochtichheit ôfhalde. Mar hwat mear 't wy ûnrjochtfeardich fan Christlik prate, hwat mear 't de flok fan Christus oer ús komt.
| |
| |
Ek moat der in wurdmannich sein wurde oer it doel fan 'e tsjintwurdige Christlike polityk. It hat der folle fan, dat foar einichst doel dêrfan by etliken geane dingen as: ôfskaffing fan 'e steatslotterij, ôfskaffing fan 'e vaccinetwang, ôfskaffing fan 'e theologyske faculteit oan 'e rykshegeskoallen, ôfskaffing fan it finansjeel forbân tuske tsjerke en steat, bifoardering fan 'e sneinsrêst, ynfiering fan 'e deadstraf, ensfh. Dat binne sikerwier swierwichtige punten, mar in polityk, dy 't dêr de haedsaken fan makket, is dôch knap earm en binypt. Aksje foar sokke dingen hat har rjocht, mar allinnich yn it great forbân.
Hwant it is net sje-sa, dat krekt op dy punten de oanfal en de fordigening fan 'e Christlike tradysjes it forheftichst stride. De greate frage fan dizze ieu is, oft de hiele wrâld, yn al har formiddens en al har ûntjowing, yn oerienkommen is mei it Christlik leauwe of yn tsjinstriid. De tsjintwurdige mienskip, is dy jitte Christlik, of is hja anti-Christlik? De moderne steat, is dy noch lyk to krijen mei it Wurd fan God? Hoe moat de Christen oan mei it jild, mei it eigendom, mei de mienskip, mei de oarloch, mei de steat? It is net to rêdden om inkele stikken fan de Wet, mar om 'e hiele Wet, hwaens foltôging de leafde is.
Yn dat forbân kin ek aksje dien wurde op ôfskaffing fan de steatslotterij, ensfh. En dan allinne sille de rjochtse partijen bûte it selskip fan 'e Farizeërs en Skriftlearden bliuwe kinne, dy 't wol tûke wetútlizzers en wethânhâlders wiene, mar it swierste fan 'e Wet: it oardiel en de barmhertichheit en it leauwe lieten.
| |
De stim fan it folk.
It folk hat antwurde. Mei in fiks meartal hat Antwerpen de Flaemske aktivist Borms yn 'e keamer fan it Belgyske ryk stimd.
Men sil oarsaek en oanlieding witte. It giet yn Flaenderen
| |
| |
yn it great ek al krekt as hjirre yn Fryslân yn it lyts, bihalven dat de Flamingen gâns fierder binne as wy! Hwant de Flaemske striders habbe by ús foar, dat de Flamingen de greatste helte fan de Belgyske ryksbiwenners binne, dat hja stipe wurde troch de kultuermacht fan Hollân, en dat hja earder as wy de needsaek en it bilang fan politike aksje ynsjoen habbe. Dêr stiet lykwols wer tsjin oer, dat hja stride moatte net allinne tsjin de Walen, mar tsjin de hiele Frânske kultuer.
Dat makket de striid dêrre folle skerper as hjir. Alhoewol, as hja yn Den Haech ek op 'e Belgyske tastân oanwolle, dan moatte hja foaral oanhâlde op 'e manear lyk as hja forline wike dien habbe. Dan moat Schaper mar trochgean mei smeulen op Fryske kultuer, en de minister syn wegering om it Frysk op de folksskoalle to litten, mar stiif úthâlde. Hja kinne dêrmei de Fryske biweging allinne sterker en radikaler meitsje, en it Fryske folk de slûge eagen iepenje.
It Flaemske folk bigjinne de eagen al iepen to gean. De oarloeh, dêr 't de Flaenderlânske jonges by tûzenen yn fallen binne, it brekken fan it ûnthjit, dat it Belgysk regear fan need de Flamingen dien hie, de politike aksje fan 'e radikale nationalisten, de forballing en finzenis fan de Flaemske striders, it docht allegearre syn wisse wurking. It brutale ûnrjocht kriget yn brede formiddens klearrichheit en it gewelt moat it forlieze fan it rjocht.
De mjitte fan Flaenderlân liket fol to wêzen. Tsien jier wachtet it al op syn lean en op 'e ûnthjitten die fan Brussel. Tsien jier habbe aktivistyske foarmannen al yn it tichthús sitten of bûten har lân tahâlde moatten, en noch binne it Belgysk regear en de partijen net ta rjocht to biwegen. De rjochten, dy 't de Flamingen yn in swiere striid woun hienen, it regear hânhâldt dy sa slop mûglik. It iene ministearje nei it oare forfettet de tradysjonéle polityk fan de Belgyske ienheitssteat ûnder Frânske ynfloed. En de partijen wolle en doare har macht net brûke, om oan dy anti-Flaemske polityk in ein to meitsjen. De liberale partij is
| |
| |
like fûl tsjin de Flaemske biweging as it ryksbiwâld. Under de Roomsken en de Soasjalisten binne de flaemsksinnigen net minmachtich, mar as it der op oankomt, geane hja om de partij-ienheit net to brekken omlizzen. Ik forhelje gjin nijs: yn it lyts komme deselde dingen yn Fryslân foar, al mei it oare partijen oanbilangje.
Sa is it ek wer gien yn it stik fan de amnesty. Ien fan de driuwendste Flaemske easken is, dat der nou einlings ris fan Rykswegen in algemiene skinking fan straf komme sil oan hwa 't om politike dieden yn 'e oarloch straf drage moatte. Dy biweging is linkende wei sa sterk wurden, dat it Belgysk biwâld ynsjoen hat, dat der hwat dien wurde moat. Mar yn it sté om nouris royael út 'e imperialistyske hoeke to kommen, woe it mar leaver bisykje mei hoe'n bytsje it ta koe. En foaral woe it net witte fan skinking fan straf oan 'e finzene aktivist Borms. Mar om Borms wie it de Flamingen alderearst to rêdden, en de stive en lytse hâlding fan Brussel makke in greate forbittering geande, net allinnich ûnder de Flaemske striders, dy 't al net folle bitterder mear kinne, mar ek ûnder it Flaemske folk.
Mar hwat soene de partijen dwaen? De liberalen, dy 't bihalven yn Ingelân oeral like dôfhûdich binne, hâldden har âlde anti-Flaemske polityk en stipen it ryksbiwâld. En de Flaemske roomsken en soasjalisten, dêr 't fan somliken jitte op hope waerd, doarsten it om reden fan partijpolityk op it lêste stuit net oan, tsjin har Waelske partijmaten to stean en in kabinetskrisis út to heven. Sa woun de polityk it fan it rjocht en krige it regear syn sin.
Mar it folk fan Flaenderlân hat antwurde. 80.000 fan Antwerpen habbe mei har stim de Brusseler hearen to witten dien, dat de finzene yn 'e Keamer fan it Belgyske ryk heart. Dat wol net sizze, dat hy dêr fuortynienen komt, hy hat it boargerrjocht fan Belgie net. Foar safier is it in demonstrative útspraek, mar in klearen en sterken ien. Klear en sterk genôch foar de liberale partij, hwaens populaire kandidaet mei glâns en gloarje forslein is. Klear en
| |
| |
sterk genôch foar de roomsken en de soasjalisten, hwaens rie om net to stimmen de eigen lju binaude min neikommen binne. Klear ek en sterk genôch foar it biwâld, hwaens ûnrjocht it rjocht fan Flaenderlân glânzgjend to foare bringt.
Sa moat it gean elke steat en elke partij, dy 't de politike macht yn it wurk stelt om it nationale rjocht to forhinderjen.
| |
Hwat jowt it?
De foarstanners fan de Fryske Biweging krije altyd wer to hearren: hwat jowt it, al dat geskrep foar it Frysk eigene? Dat is de frage fan de minsk en binammen de frage fan de tiid. De minske fan dizze tiid is materialistysk en praktysk: hy wol fortuten sjen en taeste.
Hawar, wy sille him op 'e helte to mjitte komme en antwurdzje. De Fryske biweging jowt gjin jild. Hja is earm en libbet fan it forlies. It is almeast de mindere man, dy 't meidocht: arbeiders, gernierkers, koumelkers, hierde boeren, lytse boargers, en dan ek jitte in stikmannich amtners, skoalmasters en klerken en in pear dûmny's - hast allegearre minsken, dy 't fan har arbeid en ambacht en birop libje moatte, en allinnich har frije tiid oan 'e biweging jaen kinne.
De Fryske selskippen moatte húshâlde fan de sommen, dy 't in hûndertmennich lju by gounen en ryksdaelders byinoar bringe. Hja habbe gjin erfskippen noch legaten noch founsen dat hwat seit noch eigendom dat makket. Permanint habbe hja dan ek krap jild en moatte troch 'en tiid bisunigje en kinne allerhanne gaedlike aksje, omdat it to folle kostje moat, net oangean.
De Fryske útjeften kinne meastentiids mar amper of hielendal net út. De útjowers fan it Fryske boek en tiidskrift wurde der net folle better fan, as hja al better wurde. In
| |
| |
great diel fan it Fryske folk kin of wol yn syn eigen tael net lêze noch it lêzen leare. Sa wurde de printingen lyts en de prizen heech, en hâldt de djûre tiid ek oaren dy 't wol bilang en niget habbe fan keapjen ôf. It moat jin dan ek nij dwaen, dat der noch safolle yn it Frysk útkomt.
En de Fryske skriuwers en foarmannen? Harren kostet it jild en net in bytsje. Hwat hja oan skriuwen en arbeidzjen fortsjinje is gjin neamen wurdich en moat net lykje by hwat hja útjowe. Ta gelok binne it meastal lju, dy 't net rekkenje, mar as hja boek holden, hja soene ta slimme sifers fan forlies komme. Lykwols kleije hja net: jild is al it minste, dat ta in goede en rjochtfeardige saek jown wurde kin, en bihalven it jild, habbe hja ek de tiid en de krêft en de ôffal foar Fryslân oer. Dôch is dat net noflik to ûnderfinen, dat it wurk fan it hert by de minsken lang sa heech net wurdearre wurdt as allerhanne uterlik gedoch, en de rjocht-feardichheit hearrich mei to stimmen.
Né, de Fryske biweging jowt net, mar nimt, en hwa 't der oan fortsjinje wol, moat der foaral net by gean, mar gaed-liker formidden útsykje. It soe him tige ôffalle, de Fryske striid: fortsjinst smiet it him net op, mar wol forlies en syn posysje en carrière waerd der bileaven net better fan. En de biweging hat fan sokken gjin forlet: hja is to earm en to swak, om mei minder ta to kinnen as de rykdom fan de leafde en de krêft fan de forsaking.
It minste op ierde: it jild en hwat foar jild to keap is, jowt de striid foar Fryslân net. Mar jowt it faeks it measte: it lok en de sillichheit fan de sielen? Bringt it de Fryske minske ta God? It Christlik Selskip sjocht forbân tusken Fryslân en it Godsryk: wol dat sizze, dat de striid foar Fryslân de striid foar Jezus Christus is?
Klear en sûnder bitingsten moat it antwurd wêze fan né.
Nationalisme is hwat oars as religy. Ta God komt men troch it leauwe yn Jezus Christus, net troch it leauwe oan Fryslân. Foar it yngean yn it keninkryk is herberte en
| |
| |
bikearing nedich, mar net nationale forrizenis. Men kin strider, ek Christlik strider foar Fryslân wêze, dat men doch in fijân fan Christus is. Men kin it forbân fan Friezendom en Christendom meistimme, en sels, hoe 'n treftigen Fries ek, sûnder forban mei Christus wêze. Men kin foar in Christlik Fryslân stride, wylst jins siel de satan ûnderhearrich is. Mar ek hwa 't God yn wierheit tsjinnet, is net lokkich en sillich en wurdt net bihâlden troch Fryslân, mar troch de Forlosser Jezus. Hjir moat sels warskôge wurde, dat wy net oan de ierde hingje, mar in oar en better heitelân yn 'e himel sykje. Hwant alle stribjen, dat ús net losser fan de ierde makket en de himelske ûnwennichheit yn ús net towekker ropt, hat de flok fan de ierde yn.
De striid foar Fryslân jowt it eigene. Us eagen binne iepen gien foar de wierheit en de skientme fan de dingen, dêr 't wy yn en mei berne binne. Dy binne ús djûr, net omt hja de heechste binne, mar omt hja binne en yn en mei ús binne. Hja binne it heechste goed net, dat God is en it ivich keninkryk, mar dôch binne hja goed en fan God. Wy hâlde fan ús loften boppe en séen ûnder, fan ús bou en greiden en ljochtheinende marren, fan ús bern en folk en âffears, fan ús greate winen en swiere sprake en frije geast. Wy wolle warje de skientme fan ús lân, de wierheit fan ús aerd, de frijdom fan ús folk. Wy wolle wêze dy 't wy binne. Wy wolle in ûntjowing fan Fryslân neffens syn ynskepen en oerwoun aerd. Wy wolle bifoardering fan de bilangen fan Fryslân as Fryske bilangen.
Dat jowt natuerlikheit en hiemens, en de ienheit mei it eigene: mei eigen natuer, eigen sprake, eigen aerd, eigen folk. Sa 't it nou al ieuwen giet, is der in nuodlike twaspjalt yn de Fries. Hy hat it Fryske aerd, mar kriget in Hollânske opfieding, uteret him foar in great diel yn 'e Hollânske tael en bifoarderet to 'n earsten de Hollânske bilangen. Dat skeint syn natuerlikens en brekt syn krêft en makket him in healslachtich minske tuske Fries en Hollanner yn. Mar de Fryske biweging wol him folslein Fries habbe, ien fan
| |
| |
natuer en ien fan geast. Dat is in wearde, yn it minste: it jild, net to sizzen, omt it mear as jild is.
Mar wy wolle dat net yn eigengerjochtichheit. Fryslân hat gjin forlet fan eigenfoldiene Friezen, dy 't har fan de wrâld sûnderje. Wy wolle net allinne Fryslân, mar de hiele wrâld. Wy wolle Friezen dy 't folsleine en wrâldwide minsken binne. Wy wolle in Fryslân, dat iepen leit foar de hiele wrâld. Mar ek dêrta is nedich it Fryske Fryslân. Nou moatte wy ta de wrâld komme troch in frjemd medium: Hollân. Sa kin it forbân nea natuerlik en ynlik wêze. De natuerlike wei ta de wrâld giet troch ús eigen, ús Frysk hert, en de wrâldkultuer sil ús nea djip eigen wurde, as wy har net winne troch de Fryske tael.
Mar it meast stride wy foar it Fryske Fryslân, om it kommen fan it Godsryk ta to rieden. It jowt de sillichheit net, mar as God seinget, is it wol in middel om de Fryske herten ré to meitsjen foar it kommen fan Christus. Yn har eigen tael, fan God jown, sille de Friezen it Evangeelje it djipst forstean, djipper as yn it Hollânsk. Mei har eigen aerd, fan God ynskepen, sille hja it suverst har Heare tsjinje kinne. Troch har eigen ûntjowing sille hja it bêst it wurk dwaen kinne, dêr 't God har ta biskikt hat.
Lykwols is hjir in great bitingst by. Dat sil net barre troch de wei fan de natuer, mar allinne troch it leauwe. Dêrta is Fryslân net genôch, mar in heger en oare krêft is nedich, de herberte troch de Geast. De nije minsk moat berne wurde, dy 't allinnich it Wurd fan God forstean kin. Dat is dan ek it heechst en einichst doel fan it Christlik Selskip: troch de tsjinst fan de Godlike jeften fan de Fryske tael en it Fryske aerd to roppen ta bikearing en it leauwe fan Jezus Christus.
Sa sil de Fryske striid jaen: de natuerlikens fan it Fryske bistean, it natuerlik forbân fan Fryslân en de wrâld, it forbân fan de natuer en de genede.
| |
| |
|
|