en wurden út it soasiolekt fan 'e personaazjes. Oer it generaal hâldt er dy beide manieren fan aksintuearjen goed útinoar. It aksintuearjen mei aksinttekens heakket neat ta en dat is dêrom ferfongen troch kursivearjen. It wiid-setten komt (hast) allinnich foar yn Troud wiveleed en bernelot ûnder mear by de opmerkingen ‘hja koe jo dan fertelle’. Dy seis gefallen fan wiid-setten binne ferfongen troch gewoan romein en de skrapkes binne bleaun. De oare gefallen fan wiid-setten binne ferfongen troch skeanprint.
Twad, it markearjen fan de direkte rede. Der is foar keazen om de streekjes dy't Feitsma brûkt foar it markearjen fan de direkte rede oan te hâlden om't de oanhellingstekens al in oare funksje hienen. Feitsma syn systeem is yn haadsaak sa: hy set streekjes as de direkte rede op in nije alinea begjint; is de direkte rede yn 'e alinea befrissele, en wurdt dy eventueel foarôfgien troch in dûbele punt, dan stiet der gjin streekje. Dy manier fan markearjen is konsekwint makke en alle ôfwikingen, en dy wienen der in heel soad, binne oprûme.
De puntkomma's dy't Feitsma rynsk brûkt binne meastepart ferfongen troch komma's en in inkelde kear troch in punt. Puntkomma's stanne mâl yn ferheljend proaza. Feitsma brûkt ek in heel soad oandachtstreekjes, sàfolle, dat se driigje har funksje te ferliezen. Dy binne ek foar in grut part weilitten. Fierders binne rigen puntsjes weilitten en binne fraachtekens en útroptekens midden yn 'e sin òf weilitten of nei de ein fan 'e sin ferpleatst. By einsluten binne de tuskenkoppen by it earste ferhaal (‘Foarste ferhaal’ en ‘Oarde ferhaal’) en de sifers dy't de ferhalen yn ferskillende parten dele, weilitten. It doel hat west om it lêsbyld rêstiger te meitsjen.
De stavering is oanpast oan 'e tsjintwurdich gongbere. In pear kear betsjut dat in yngreep yn Feitsma syn systeem. In hele rige gearstallingen dy't Feitsma as losse wurden skriuwt of mei in streekje ferbynt, binne as ien wurd skreaun. In stik of tsien kear is in ‘gearstalling’ spjalte yn twa losse wurden. Staveringsfarianten binne oprûme, hy brûkt bygelyks ‘der’, ‘d'r’ en ‘er’ trochinoar, en dêr liket gjin systeem yn te sitten.