Ut 'e ûnderste lagen
(1999)–S.K. Feitsma– Auteursrechtelijk beschermdPlak yn it œuvreYn dit boek binne de seis naturalistyske ferhalen fan Feitsma byinoarbrocht. It is de earste (echte) bondeling en presintaasje oan in grut publyk. | |
[pagina 151]
| |
De naturalistyske skriuwtrant dûkt nochai ûnferwachts op yn Feitsma syn œuvre. Syn begjinwurk is net opfallend oars of bysûnder, de fersen en ferhalen binne skreaun yn 'e wenstige, wat froede toan en fan ûnderwerp binne se ek net ôfwikend. Favoryt yn 'e 19e-ieuske proazaliteratuer is de fersteuring fan de plattelânske harmony troch in misferstân of in misdied en it oerwinnen fan dy fersteuring troch de goede krêften, wêrnei't de frede en de goede ferhâldingen weromkeare kinne. De wrâld is goed, en as it al misrint, dan hoecht men net te wanhoopjen, want op 'en doer komt it allegearre wer yn 'e es. Sa skriuwt Feitsma ek, en hy docht dat net better as Waling Dykstra, Marcus Miedema of Trui Jentink, earder minder. Hoe't Douwe Kalma derby komt om dit begjinwurk ‘hurd-manlik’ te neamen, is my in riedsel, it is earder weak-sintiminteel. Feitsma begjint yn 1873 as jong skoalmaster mei it publisearjen fan ferhalen, yn de tydskriften Forjit my net, Swanneblommen en For Hûs en Hiem.Ynearsten is er net bare produktyf, ien ferhaal yn 't jier trochinoar, mar fan 1889 ôf publisearret er folle frekwinter, alle jierren sa'n seis ferhalen. Dat duorret oan 1893 ta. Yn dat jier ferskynt ek it earste naturalistyske ferhaal, Ut 'e modder fan 'e maatskippij, dat er in wurd foarôf mei jout om syn skriuwtrant te ferantwurdzjen. (Feitsma hat it oer Realisme ynstee fan Naturalisme; yn dy tiid wurde de termen trochinoar brûkt). Faaks hâldt de ferhege produksje fan dy jierren ferbân mei it feit dat er wurkleas wie en tiid hie om te skriuwen. Nammers, ek skriuwe mòàst, om oan 'e kost te kommen. Ut dy snuorje datearje ek de boekjes mei folksferhalen dy't er útsutele: Saun ris som (1888), For sprekkers en lêzers (1888) en Der wier ris... (1893). Fan 1894 oan 1908 ta stiet it skriuwen wer op in leech pitsje, trettjin ferhalen meiinoar, dêr't fiif fan ta de naturalistyske hearre (dy't allegear nei 1900 skreaun binne). It ynkommen as wurdboekkorrektor mei dan behindich west ha, Feitsma hie it der wol brândrok mei. Grif bleau der net folle tiid ta skriuwen oer. Dochs is it eigenaardich dat er fòàr 1900 net fierder arbeidet | |
[pagina 152]
| |
oan syn rige naturalistyske ferhalen. Hy publisearret oan 1900 ta in stik of seis ferhalen, mar gjin naturalistyske. Earst yn 1901 ferskynt wer ien, Ut it Ryk fan de Earmoed. It hat der fan dat Feitsma mei dat ferhaal in nije start meitsje wol foar de rige dy't er yn 'e holle hat, hy jout it wer in wurdsje mei op reis, diskear in neiwurd. Mar as dat sa west hat, dan docht it bliken in falske start te wêzen. Net earder as yn 1906 komt Feitsma goed op dreef mei syn naturalistyske ferhalen. Yn dat jier ferskynt ‘Raar folk!’ of De Geastfan it Kweade.Yn 1907 publisearret er sels twa: It twadde wiif en Troud wiveleed en bernelot.Yn 1908 komt it lêste ferhaal, In ferskoveling. De fjouwer ferhalen út 1906-1908 hawwe as ûndertitel ‘Oarspronkelike realistise ferhalen út de ûnderste lagen’ (it earste) of ‘Oarspronkelik ferhaal út 'e ûnderste lagen’ (de lêste trije) en se binne dus troch Feitsma apart set fan syn oar ferhalewurk. Fan 1907 ôf publisearret Feitsma non-fiksje yn it Hollânsk yn De Huishoudgids (1907-1908) en De Navorscher (1908- 1914). Yn it earstneamde tydskrift skriuwt er oer iten en drinken, yn it oare oer alderhande ûnderwerpen. Grif is dat wurk skreaun om de sinten. Fiks je, en yn it Frysk, ferskynt yn dy jierren yn it Friesch jaarboekje of almanak (1910-1912), meiinoar seis ferhalen. It binne simpele ferhaaltsjes, grif ek al wer om it honorarium skreaun. Ien derfan, Healwize Trui, is lykwols nijsgjirrich om't it opfallende parallellen toant mei Troud wiveleed en bernelot. De beide froulike haadpersoanen hawwe in goede opfieding hân, hawwe lang tsjinne by gruttelju en wat oersparje kinnen en krije as se al wat âlder binne ferkearing. Har mefrou warskôget har foar har feinten, mar de froulju sette har sin troch. Mefrou jout de froulju by it trouwen in sjiffenearre (soarte fan kast). Al rillegau helje de froulju it sparjild op dat mynhear foar har bewarret en jouwe dat oan har man. De houliken binne net sa goed en mefrou bringt de froulju har warskôging yn 't sin. By it ferhaal Healwize Trui wurdt oanjûn dat it ‘ferfryske’ is, en men freget jin ôf: is Troud wiveleed en bernelot dan ek - foar in part - ferfryske? | |
[pagina 153]
| |
Feitsma hat grif om stof ferlegen sitten en de haadpersoan út Troud wiveleed en bernelot nochris brûkt om in ferhaal te skriuwen. De seis ferhalen dy't ta de naturalistyske rige rekkene wurde, binne dus skreaun yn in tiidrek fan 15 jier. Dat fernuvert jin, want Feitsma liket yn 1893 besiele te wêzen fan in literêr ideaal. As men it wurd foarôf fan Yn 'e modder fan 'e maatskippij lêst, tinkt men: no sil it heve. Mar it duorret oan 1901 ta foar't der wer in (lyts) ferhaal komt en earst yn 1906 pakt er de tried echt wer op. It is net dudlik wat him der fan wjerholden hat om earder oan 'e rige fierder te breidzjen. Hy is wol wiis mei dizze ferhalen en hy stiet der folslein efter. Dat docht ek bliken út in brief oan Onno Harmens Sytstra fan 6 febrewaris 1907: ‘Nee, alles wat ik skriuw en fuortoan skriuwe sil, as der plak foar wêze mocht, is ut de rike skat fan yn- en útwindige waarnimming fan froeger, en hat - in doel... dàt yn de foarste pleats; koartom, leau dat ik altyd myn bêst doch om út 'e ôfbraak, dy't ik as midderjalen (materiaal) brûk, noch in stikje keunst te meitsjen, opdat gjinien syn eagen dêr ôfdraaie sil.’ | |
Skriuwe mei in boadskipFeitsma wol mei syn naturalistyske ferhalen de lêzers har omtinken lûke foar in aspekt fan 'e realiteit dêr't se oars fia de literatuer net mei yn kontakt kamen, it earmoedige en útsjuchleaze libben fan it arbeidersfolk dat fier fan 'e bewenne wrâld mids sompen en ûnlân tahâldt. Hy wol de lêzer mei de noas op 'e feiten triuwe en neat fermoaikje of fertsjusteremoanje, lykas, sa't er it byldzjend útdrukt, wol dien wurdt by in feestlike gelegenheid as huzen en minsken opkreaze wurde en de ellinde weitreaun wurdt efter blommekrânsen en griene poarten. Hy wol skriuwe ‘lykas de hielmaster, dy't de skjinne klaaiing, de wûnehoaljende lappen ûntwynseljende, ien foar ien weinimt om mei grilkleare eagen it sear te ûntdekken fan de lijer, dy't, troch it te ferbergjen, gjin genezing fynt...’ Yn in letter | |
[pagina 154]
| |
ferhaal is er noch skerper as er distânsje nimt fan it ydillyske beskriuwen fan it gewoane folk: ‘dat (sabeare!) rêstlike libben fan dy (sabeare!) ienfâldige, yn har ûnskuld lokkige minsken, lykas dichters of plomstrikers fan 'e “grutten” ús dy beskriuwe...mar wat wy, ien en oar, faker as ienris nei wierheid tekenen...’ Feitsma is net de iennige ‘skriuwer mei in boadskip’ yn 'e 19e-ieuske literatuer, Douwe Hansma en Jehannes Baarda gyngen him foar mei belearende boekjes, Trui Jentink is in tiidgenoate dy't yn har lettere ferhalen striidt tsjin it ûnrjocht. Mar sjucht men by de oare didaktyske skriuwers dat de literêre foarm te lijen hat fan it boadskip, Feitsma komt yn dizze ferhalen krektoarsom ta syn grutste prestaasjes. Hy befrisselt syn boadskip nammentlik net yn in konvinsjonele ferhaalfoarm, dêr't dy foarm in knoei fan krijt, mar hy kiest èk in nije foarm. Dêrby lit er him ynspirearje troch it Naturalisme, in streaming dy't yn Frankryk ûntstiet (Emile Zola) en dan al ringen ek furoare makket yn Dútslân en Nederlân. It Naturalisme wol in objektive en ûnbefoaroardiele beskriuwing fan de werklikheid jaan. | |
In nije foarmIt Naturalisme rikt Feitsma gjin paskleare foarm oan dêr't er syn ferhalen yn jitte kin, mar grif jout de betsjoening troch de nije literêre streaming safolle elan, dat er it oandoar om mei de itige ferhaalfoarm te brekken en nije wegen yn te slaan. Feitsma syn naturalistyske ferhalen binne gjin trochgeande fertellingen oer in probleem dat him ûntwikkelt - útsein it alderlêste fan 'e rige, In ferskoveling -, mar it binne fragmintaryske, brokstikeftige teksten dy't min of mear meiinoar gearhingje en/of momintopnamen út in grutter geheel. Yn Ut 'e modder fan 'e maatskippij wurde ferskillende personaazjes foar it fuotljocht helle en útportrettearre: Eint, Ank, Gjalt, Jink, Tryn, Hearre en Jel. Foarfallen binne de ‘sykte’ fan Eint, de dea fan Gjalt, de dea fan ‘Tryn har kearel’ en syn begraffenis, Ank har aventoer by de boer. Dêr- | |
[pagina 155]
| |
neist binne der strjittoanieltsjes mei rabjende en fjuchtsjende froulju. En dêrtuskentroch jout de ferteller syn kommentaren en taljochtingen. Ien mei oar is it in bûnt gehiel fan sênes, skôgingen en gearfetsjende beskriu wingen mei wikseling fan fertellers en no- en doetiid. Dy fariaasje makket dit ferhaal tige libben. Sa ryk oan foarfallen en ynfalshoeken binne de oare ferhalen net, se binne ek de helt koarter, mar de ferteller besiket ornaris doch om net alles op de kaart fan de sintrale yntrige te setten. De foarfallen dy't er beskriuwt wolle net as unyk wurdearre wurde, mar as eksimplarysk. Der hiene oare personaazjes beskreaun wurde kinnen en oare foarfaltsjes, en dan hie de beskreaune wrâld gelyk bleaun. Yn ‘Raar folk!’ of De Geastfan it Kweade stiet sintraal de wrakseling fan Rienk en Lys om de holle boppe wetter te hâlden - it lykje deselde personaazjes te wêzen as dy yn it tige koarte ferhaal Ut it Ryk fan de Earmoed - en it besykjen fan âlde Janke, it bôlewiif, om Lys op in minne namme te bringen. Dy wrakseling fan Rienk en Lys wurdt net bot útdjippe, de wraakaksje fan âlde Janke driget te mislearjen. Mar dêrmei mislearret it ferhaal net, de ferteller lit de oergeunst fan de oare earme lijers op Rienk en Lys - hy jout dêr in dúdlik foarbyld fan - oerspringe fan 'e bern op 'e grutten en dan krijt it ferhaal mei rúzje en deilisskip syn slotakkoard. De rol fan 'e bern yn dit ferhaal is nijsgjirrich. Opstokele troch har âlden bringe se de reboelje op gong. De ferteller ferdjippet dy skiednis mei ynformaasje oer it sûphúske fan Lys har mem en de tafrielen dy't har dêr sneintejûns ôfspylje. De oare lju fan it buorrentsje, benammen de froulju, sitte te wachtsjen op ien misse set fan Lys, dat se har ek mei kjitte smite kinne. Troud wiveleed en bernelot is benammen nijsgjirrich om't it foarsteld wurdt dat de mem fan 'e húshâlding, Anskje, dejinge is dy't it ferhaal fertelt. In kear of seis komt yn 'e tekst in utering foar as ‘hja (Anskje) koe jo fertelle...’Yn werklikheid is net alle ynformaasje fan Anskje ôfkomstich, al yn it begjin fan it ferhaal wurdt skreaun dat Anskje mar ienris tsjin har eardere mefrou wat útlitten hat oer har krús en dat se dêrnei alles yn stilte ûndergien hat. Mar de suggestje fan de lijende dy't stim jout oan | |
[pagina 156]
| |
har leed, bliuwt likegoed bestean. Mids de bombaarje fan har man en syn domperfreonen en de drokte fan de opwaaksende bern is sy dejinge dy't de ellinde swijend ferwurdet. Dit ferhaal hat ek wer in rykdom oan foarfallen en beskriuwingen: de lju fan de boom, de tsjerkjende boeren, de komst fan de dompergeast. Nijsgjirrich is de hast wurdlike werhelling fan 'e beskriuwing fan it tsjerkhôf, de dea liket de grûntoan fan it ferhaal te wêzen. Ut it Ryk fan de Earmoed is koart en bestiet út mar ien partsje hanling. It twadde wiif hat yn it begjin treflike beskriuwingen fan it libben fan de arbeiders dy't krekt genôch ha om fan te libjen en dy't tige har bêst dogge om it de boeren nei 't sin te meitsjen, om wurk en brea te hâlden. De skiednis fan Gepk, dy't in âlde widner troud hat om wis te wêzen fan rak en dak, is minder nijsgjirrich. Dat is grif te witen oan it feit dat de ferteller de naturalistyske dogma's fan erflikheid en opfieding tefolle ‘bewize’ wol. Gepk hat in ferkearde natuer dy't troch in ferkearde opfieding net fersêfte is, dat it mòàt mei Gepk wol misrinne. It rint ek wol mis, mar dat is mear it gefolch fan it feit dat har man sûnder wurk rekket en yn de winter, as er deropút giet om dôch wat byinoar te skuorren, ferdrinkt. Op himsels is de oanlieding ta it ûntslach fan Eabe tige nijsgjirrich. Eabe hat in boerinne warskôge dat har man by syn suster sit, en dy lit him thúshelje. Mar de boer nimt wraak. It lêste ferhaal fan 'e rige, In ferskoveling, is in tradisjoneel ferhaal oer in bysûnder barren. Bjuwk, de haadpersoan, wurdt troch har âlden skoudere om't se har ta in ferwyt is. Bjuwk har mem wie swier fan 'e winkelman dêr't se by tsjinne, en de tsjerkeried hat har feint ûnder druk set om mei har te trouwen. Twa bruorren soargje derfoar dat Bjuwk goed teplak komt. Neffens de ûndertitel wol Feitsma dit ferhaal ta de rige realistyske ferhalen rekkenje, mar it falt der eins bûten. De aksjes komme yn dit ferhaal fuort út it aard fan 'e minsken, dat goed en min wêze kin. En krekt oer dy boech wike de ‘echte’ naturalistyske ferhalen ôf. | |
[pagina 157]
| |
Noarmen en weardenBy Feitsma hawwe de minsken net helendal in frije kar tusken goed en kwea. De sitewaasje is mei beskiedend foar har dwaan en litten. It is wier dat guodden langer hoek hâlde en oaren har makliker ôfglide litte ta in sedeleas libben, mar foar allegearre jildt dôch dat need de wet brekt. De earmoed twingt minsken derta om oer de grins te stappen. Yn Ut 'e modder fan 'e maatskippij wurdt ferteld dat de lju stelle om't se hûnger en kjeld lije: ‘hongèr, wêrtroch't fanneed oarremans ierappelbulten skansearre, kjeld, wêrtroch't de wringen mei dam- en fredingpeallen út 'e lannen ferdwûn wiene: “dy hiene fuotten krige!”’ It frommeske Ank yn itselde ferhaal leit har gefoelens it swijen op, yn útsjuch op iten: ‘Mar ek har gniisde de Earmoed oan: in spoek, foar waans driigjen elk op 'e rin giet en oer alles hinne stapt, sels oer dy hinderpeallen, dy't gewisse en karakter him yn 'e wei lizze.’ Lykas de noarmen fleksibeler binne by Feitsma as yn it wenstige 19e-ieuske proaza, sa ek it weardesysteem. Hy makket gjin swart-wyt-opposysje tusken stoflike en geastlike wearden, sa't gebrûklik wie. As de earder neamde Ank mient dat se gjin goede kearel mear krije kin om't se al twa lapen op 'e rôk hat, seit har freondin Jel: ‘No'sto jild hast net? Skoan, do biste it bûtendien ek noch wol wurdich...’ By Jel kompensearret jild wat men op in oar mêd tekoart komt. Jild, of ornaris it gemis dêroan, behearsket it libben fan de minsken dy't Feitsma beskriuwt. As der fertsjinne wurdt, is der iten en kinne der klean kocht wurde, mar yn 'e winter is it hûngerlaapjen en kjeldlijen. De striid om it neakene bestean stiet sintraal yn dizze ferhalen. De earmoed is de grutte fijân, en út dy earmoed ferklearret de skriuwer de ûndeugden en misstappen fan 'e minsken: oergeunst, rabberij, kwealaster, rúzje en deilisskip, seksuele útspattingen. Dy dingen behearskje it libben fan 'e minsken en se komme iderkear wer op it aljemint. De net te winnen striid tsjin de earmoed makket dat de minst krigelen | |
[pagina 158]
| |
har weisakje litte yn in doffe berêsting en gjin war dogge om de rêch rjocht te hâlden. In godstsjinst dy't seit dat de minske der net nei stribje mei om himsels te ferbetterjen, om't er dan ‘eigengerjuchtich’ is, mar alles fan 'e genede ferwachtsje moat, jout harren in frijbrief foar lammenadigens. De beskriuwingen fan dizze ‘dompers’ dy't yn in Frysk-Hollânske ‘tale Kanaäns’ oer ‘it goede’ prate, dêr dript it sarkasme ôf. Dy Kanaänstale en de mentaliteit dêrefter moat de skriuwer wearzge hawwe. Hy bringt him twaris te pas yn 'e ferhalen, en yn 1893 skriuwt er der yn Forjit my net yn it artikel ‘Frysk en Ingelsk’ ek al oer. (Alteast, ik nim oan dat it artikel, ûnderskreaun mei ‘F-a’ fan him is). Under it tuskenkopke ‘De saneamde forbastering fen ús sprake’ skriuwt er û.o.: ‘Dy fijannen - se binne earder en op in oar plak al neamd en is der foar warskôge - binne de falske Beskaving of Ferljochting en de Dompergeast, twa utersten, dy't sels fijandich tsjin elkoar oersteane, mar dêryn iens binne, dat se ús skoane tsjeppe jongfaam net folle goeds gunne. De earste mei har net sjen om har plat-ienfâldige rûnens en rûnutens, dy't de dingen neamt wat se binne - itjinge dy fijan foar plompens útkryt, en de oare is har fijandich om har blierlaitsjend wêzen, wat er foar sûnich hâldt... Mar wy - wy meie har dêrom lije en wolle ús bêst dwaan om te beletten, dat heal Hollânske bastertklanken of húcheljende Kanaänstale ús skoane sprake bedjerre of ferkringe sille’ (35-36). Dy ‘húcheljende Kanaänstale’ hat Waling Dykstra ek al op it harspit nommen yn De Frîske Thîl Ulespegel (1862). Feitsma docht yn Ut 'e modder fan 'e maatskippij net folle oars en mear as Dykstra, te witten de praters fan dat taaltsje begekje. Mar yn Troud wiveleed en bernelot dolt er djipper. It is net allinnich húchelderij, dy't de minsken yn 'e earmen fan 'e dompergeast driuwt, it is ek needlot en needsprong. Mei dat leauwe kinne se de losse einen fan har libben oaninoar knope en alles te plak krije en yn in sinfol ferbân sette. De tale Kanaäns is dêrby har skyld; wa't de taal net praat, is in bûtenstander, in fijân, en fan sokken lûke se har neat oan. Dat docht bliken as de dochter fan | |
[pagina 159]
| |
Sjirk en Anskje de ‘finen’ it mannewaar op seit. It is tekenjend dat de begoedige boeren en har folk neat fan 'e dompergeast ha moatte, se skodholje deroer. Syen reizgje sneins nei it doarp dêr't in ‘nijljochter’ foargiet yn 'e earetsjinst. Utienrinnende maatskiplike posysje laat ta útienrinnende wrâldskôging. Soks komt ek oan 'e oarder yn It twadde wiif. De earme arbeiders hâlde harsels foar dat frede en tefredenheid de heechste deugden binne. Alles moat himmel en kreas toane, oan 'e foartúntsjes ta; hoe't it der yn 'e hûs hinne leit, kin neat skele. Rúzje en deilisskippen moatte mijd wurde, rabberij kin net troch de mesken. De lju dy't it wat better hawwe, passe der tige op dat de alderearmsten tefreden bliuwe troch har út en troch te traktearjen op in proefke oerbleaun iten. Eangst foar it ferlies fan fêst wurk en lytse geunsten, eangst om de boeren tsjin har yn 't harnas te jeien, hâldt elk op syn plak. De boeren hawwe in oare wrâldskôging, dêr't tefredenheid gjin deugd yn is. Fan ien fan har wurdt skreaun dat er it jild dat er as earmfoud ferpartsje mei, it leafst besteget oan ‘dy't it net sa nedich wiene, mar dy't in tsjep wiif hiene, dêr't er dan temûk de rin hawwe koe, sûnder dat it him sels wat koste.’ As de arbeider Eabe de frou fan sa'n stikeme slynder warskôget, grif ek mei om de eare fan syn suster te rêden, kriget er dien wurk. De earmoed taast de moraal fan alle minsken oan, arbeiders en boeren. De arbeiders stelle en bedrage, litte har oarehelte sitte, stokelje, rabje en ferklappe. De boeren profitearje flnansjeel en seksueel fan 'e needsitewaasje fan 'e arbeiders. | |
De moralisearjende fertellerDy ferbannen, eftergrûnen, oarsaken en gefolgen fan en mei de earmoed as boarne fan alle kwea wurde meastepart troch de ferteller út 'e doeken dien. Yn it earste ferhaal is dat noch net sa bot it gefal, hy lit dêr de personaazjes meast oan it wurd, en dy hawwe wol aardich ynsjuch yn har sitewaasje. Letter wurdt | |
[pagina 160]
| |
Feitsma dogmatysker en ‘bewizeriger’, en ek folle earnstiger. Ut 'e modder fan 'e maatskippij is hjir en dêr ek in komysk ferhaal en de ferteller hat nocht oan syn figueren, ek as it om smjunten lykas Eint en Tryn giet. Hy hat niget oan har snedige opmerkingen. De aardichheid oan 'e beskreaune minsken ferdwynt letter, hy sjucht se allinnich noch as slachtoffer. It is ek krekt as hat er har minder heech. Yn Ut 'e modder fan 'e maatskippij lit er de personaazjes folle mear sels prakkesearje en petearje oer de problemen. Dat docht bliken út 'e faak foarkommende frije yndirekte rede. Ek wol wat yn it earste, mar benammen yn de lettere ferhalen analysearret, ferklearret en moralisearret de ferteller yn in bysûndere styl, dy't tige ôfwykt fan 'e gewoane fertelstyl. Dy styl kipt derút troch langere sinnen, fuortsettende mulwurden, bysûndere gearstallingen en kaaiwurden. Foarbylden fan bysûndere gearstallingen binne: kleargrille, foarskienheidfielige, njirrekronkeljend, blokomseamjend, ellindeomsluierjend, kopgearstekkende. Under kaaiwurden ferstan ik wurden dy't sintraal stanne yn in betooch: walen, bederf en ferrotting, onhuerens, geast fan it kweade, sedelike onhuerigens, dierlike nocht, ûnferbiddelike Earmoed, earmoeds dochter, ellinde. As al dy skaaimerken byinoar komme, ûntstiet in tige drege betooehstyl. De kearn fan 'e ferteller syn analyse en krityk is te finen yn 'e tekstfragminten dêr't de fjouwer skaaimerken it faakst foarkomme. Yn it lêste ferhaal, In ferskoveling, is de betooehstyl net oan te wizen, dat is ek al in teken dat dit ferhaal net echt ta de rige heart. It ferhaal hat in flakke styl, dy't tinken docht oan dy fan Asman en Bleeksma. De ferteller troppet safolle mooglik ynformaasje yn in sin en stribbet net nei krektens en suggestivens. | |
WurdearringDe wurdearring fan 19e-ieuske boeken en bondels is net folle oer te finen yn 'e literatuer. Ferhalen en fersen dy't it net fierder | |
[pagina 161]
| |
brocht ha as in tydskrift, bylket dat fansels noch slimmer mei. Men soe wol graach witte wolle hoe't de lêzers fan Forjit my net en kollega-skriuwers oer de ferhalen fan Feitsma tocht ha, mar dêr is neat fan bekend. De redakteur fan Forjit my net, Onno Harmens Sytstra, hat yn alle gefallen de wearde fan dizze ferhalen sjoen en yn fjouwer fan 'e seis gefallen jout er se in prominint plak, daliks foaroan yn it tydskrift. It docht in inkele kear bliken dat er se ek net lang lizze lit. ‘Raar folk!’ of De Geast fan it Kweade, dat neffens de datearring op 2 septimber 1906 klear wie, wurdt yn it oktobernûmer printe. Mar dat kin ek wêze om't de redakteur Feitsma sa gau mooglik oan syn honorarium helpe wol. Feitsma skriuwt yn 1907 in pear kear dat er graach wol dat syn ferhaal mei gauwens opnommen wurdt, dan kin er de hier betelje. G.A. Wumkes publisearret in biografy fan Feitsma yn Paden fen Fryslân II (1934) (earder printe yn It Heitelân (1928)) en dêr lit er him loovjend yn út oer de naturalistyske sketsen. It wurk foar 1893 set er net heech: ‘Dit is allegearre begjinnerswurk, sûnder draachwiidte, net better as in goed opstel fan in skoaljonge út 'e heechste klas.’ Ek de bondels mei teltsjes ûndergeane datselde oardiel: ‘Mar dit is allegearre wurk sûnder bliuwende wearde. It binne foardrachten, dy't er as earme boekeman (kolporteur) ûnderweis optocht en út 'e flecht opskreau om se, in selskip oantreffende foar te lêzen.’ Dêrfoaroer hat er grutte wurdearring foar de naturalistyske sketsen: ‘Syn jefte lei krekt de kant út fan it reële. En dat mei objektive nofterens, mei pynlike sekuerens te skilderjen, hy hat it besocht yn syn heitetaal en it is him slagge. Fol modern doaren hat er de grinspeallen ferset. Oant no ta hie altiten it fatsoen oan it wurd west yn 'e Fryske tiidwurkjes. Mar hy briek mei de boargerlike konvinsje en joech in foto fan it ûnhuere. Hy fûn yn 'e folkstaal it foarmapparaat om iepen en bleat sjen te litten de poel fan earmoede en it hurde lot fan 'e Fryske heidebewenners. (...) Wat de taal oanbelanget - hjir skriuwt Feitsma in proaza, dat alhiel op himsels stiet yn syn brede útbylding. Hjir is ek de rûgens en rouwens | |
[pagina 162]
| |
oan it wurd, mar men siket net fergees yn 'e weaze ferwâde en bedobbe diamanten, dy't de kroane fan ús heitelanske sprake ferrykje. Hjir is sa'n natuertrouwe útbylding fan minsklike ferdoarnens, sa'n sfear fan illinde, dat men by it lêzen der net oan ûntkomt. (...) Gjin smaaklike lektuer! En doch is dit naturalisme ús leaver as it bemanteljen fan 'e sûnde efter in dize fan falske romantyk en it frasearjen fan moralisten, dy't fatsoenlik dogge. Men lêst dizze stikken en men betinkt, dat it wierheid is, dat dy minsken op 'e Fryske grûn sa libje, en dat dit de selskant is fan ús maatskippij: It is allegearre, brute hertstocht, dierlikens, drank en delirium, mar de man dy't sa skriuwt komt op foar dizze paupers. En al is hjir gjin djippe sielkundige ûndergrûn, en gjin grut talint fan komposysje en fan karakter-ûntleedzjen, dit proaza kin foar it fuotljocht komme, en mei yn gjin Fryske blomlêzing ûntbrekke’ (431-434). Douwe Kalma oar dielet yn De Fryske Skriftekennisse fan 1876-1897 (1939), s. 31, krekt oarsom as Wumkes. ‘... Lykwols is it min te fetsjen, hoe't it wurk fan syn twadde tiidrek boppe dat fan syn earste set wurde kin. Yn it earste is er wier, hurdmanlik, soms swiersettich, oarspronklik yn syn Fryske wurdkar en sinbou benammen; yn de lêste perioade skriuwt in minske dy't gjin stjoer mear hâlde kin, yn syn belibjen fan de dingen net en frâl net yn syn styl, in ûnmûglik griemmank fan âldwrâldske van Lennep-eftige jeuzelerij en Zolaïstyske grouwélichheden, ûnecht moralisme en betochte sensaasje. Dit wurk kin fan belang wêze as tiids-ferskynsel; as literatuer is it bekleilik, earmtlik makwirk. In demon hat dizze skriuwer troch de wrâld efterfolge en him ferneatige; dat der in skriuwer yn him te grûne gien is, fernimt elts dy't it droege, hurde, echte Fryske fan syn foarste fyftsjin jier ta libben kommen sjucht yn syn ienfâldich en folksaardich wurk.’ Hat de ‘fotografy fan it ûnhuere’ de esteet Kalma al te bot steurd? Men kin der net by dat er it sljochte begjinwurk fan Feitsma heger set as it pittige proaza fan bygelyks Ut 'e modder fan 'e maatskippij. | |
[pagina 163]
| |
De neikommende dy't him uteret oer Feitsma syn naturalistyske sketsen is Jan Piebenga. Yn syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse (1957) skriuwt er: ‘It meast en it bêst hat Feitsma lykwols himsels jûn yn syn wurk fan nei 1893, benammen yn syn rige sketsen “út 'e modder fan 'e maatskippij” of “út it ryk fan de earmoed” of “út de ûnderste lagen”, sa't er se sels neamde. Hy hat se bewust, mei in bedoeling skreaun, oars hie er it net hân oer “ferhalen, wêryn't de neakene wêzenlikheid (it realisme) op 'e foargrûn stiet”. Dúdlik fernimt men yn dit wurk (...) de ynfloed fan de naturalistyske rjochting, sa't dy har yn de Frânske skriftekennisse fan de twade helte fan de 19de ieu oppenearre (Emile Zola) en sa't dy yn Hollân û.o. fan Van Deyssel ynhelle waard. Dit naturalisme wol de werklikheid skerp obstrevearje en werjaan, siket ta elke priis de neakene wierheid en wol de grutte fraachstikken, dy't de striid om it bestean opleveret, yn in libben ferbân yn de keunst har plak jaan. Dêrby sjocht it de minske benammen as biologysk produkt, in fuortbringsel fan erflikheid en fermidden. Sil in skriuwer wurk fan betsjutting jaan, dan moat er de maatskippij en fral de selskant dêrfan út 'e pin kenne. Dy't it “ynliedend wurd” fan Feitsma yn F.m.n. 1893 lêst, fernimt daliks dat er mei dizze begjinsels tige op 'e hichte is. Dochs is it gjin moadesucht, dy't him ta dizze nije produksje driuwt. De sketsen bewize, dat Feitsma yn dizze foarm ta syn earlikste utering komt; it is as kriget syn tragysk libben tsjin de ein hjir in sombere, wrede wjerklank. Ynderlik hecht ferbûn oan it kristlik leauwe as er wie, sjocht er de macht fan de sûnde; syn erflik moralisme rekket er ek hjir net kwyt. It is gjin literatuer sûnder wryt of slyt, dit proaza, mar it jout faak in bysûndere beskriuwingskeunst en de taal is yn har swierens en dregens ryk fan effekt’ (s.159). |
|