Ut 'e ûnderste lagen
(1999)–S.K. Feitsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 149]
| |
LibbenSake Kornelis Feitsma wurdt berne te Burgum op 8 septimber 1850. Hy is it twadde bern fan Kornelis Petrus Feitsma en Yttje Sakes van Akker. Nei Sake komme noch fjouwer bern, dêr't twa fan jong ferstjerre. Sake syn heit is timmerfeint en syn mem hat wurkhuzen. It binne lytse lju dy't tsjerklik by de ‘ôfskiedenen’ hearre. De jonge Feitsma kin goed leare en hy hellet de akte fan ûndermaster oan 'e normaalskoalle te Bûtenpost. Hy stiet as ûndermaster yn Ingwierrum en Havelterberg. Nei't er ek de akte fan boppemaster helle hat, kriget er in beneaming yn Voorst. Hy is dan 32 jier. Yn dy snuorje hat er gedoente mei Hendrika (Rika) Veenstra, in 17-jierrige skoalmastersdochter fan De Lemmer. Mar de âlden fan Rika binne op dy ferkearing tsjin en de relaasje wurdt ferbrutsen. Neffens in brief dy't Feitsma yn 1897 skreaun hat, koe er dat net ferkropje en gyng it mis mei him: hy rekke oan 'e drank. Dy drank moat in pleach yn syn libben west hawwe, sa slim dat er it nearne lang bankje kin en dan mar wer nei in oar plak sollisitearret: Jobbegea, Holwert, Uthuzen, Achlum, Aldhoarne... Op 't lêst kin er nearne mear te plak. Hy wurdt breaskriuwer en besiket mei foardragen en ütsuteljen fan eigen boekjes de kost byinoar te skarreljen. Hy rekket op 'e swalk en fynt nachts ûnderdak yn folksloazjeminten. Yn juny 1893 klaget er syn need by deputearre J. van Loon. Dy stekt him de helpende hân ta: yn 'e mande mei F. Buitenrust Hettema besoarget er him in plakje | |
[pagina 150]
| |
as meiwurker oan it Frysk Wurdboek. Finansjeel is dan de slimste pine foarby. Hy hat ek foar syn sieleneed ferlichting socht. Yn dizze jierren jout er him by it Leger des Heils en yn 1894 moat er him definityf ‘bekeard’ hawwe. It liket sa te wêzen dat Feitsma, griffermeard opbrocht, letter wat fan it leauwe fan syn âlden ôfdwaald wie. It is opfallend dat Feitsma yn dy snuorje, as er op in djiptepunt yn syn libben sit, úteinset mei syn wichtichste literêre wurk, de naturalistyske sketsen. Yn it earste ferhaal fan de rige, publisearre yn 1893, jout er bliken fan in stik fitaliteit en krêft. Hjir is net de breaskriuwer oan it wurd, mar de literator dy't oertsjûge is fan syn literêr boadskip. Yn 1897 liket alles by einsluten noch goed te kommen, Feitsma trout mei de faam dy't er fyftjin jier earder net ha mocht. Rika is dan oer de tritich en hat de tastimming fan 'e âlden net mear nedich, Sake is sânenfjirtich. In let lok liket har diel te wurden. Mar de earmoed bliuwt har fijân, want Feitsma syn ynkommen as korrektor is mar behindich en as er yn 1905 (earfol) ûntslach kriget, stiet de ellinde wer foar de doar. Hy moat op 'e nij fan 'e pinne libje en hy en de frou ferfarre fan it iene plak nei it oare om de skuldeaskers te ûntrinnen. Yn De Haach, dêr't se op 't lêst bedarje, sjugge se der gjin gat mear yn. Op 8 jannewaris 1918 springe se hân yn hân it wetter yn en ferdrinke. |
|