Ut 'e ûnderste lagen
(1999)–S.K. Feitsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 131]
| |
YnsetOp ien fan myn útstapkes, dy't ik neist jierren sa tydlingswei die, om lân en folk kennen te learen, benammen op sokke plakken, wêr't mar hiel komselden immen it de muoite wurdich rekkent, mei sa'n doel te kommen, krige ik op 'e ienlike wei hommels selskip oan ien, dy't my fan efteren yn kaam, en mei wa't ik fierder in eintsje oprûn, skoan ik dêr, om reden, oars net grutsk op wie. Likefolle... It jongfrommes, dy't my ynhelle hie en wa't ik fan oansjen en by gerofte wol koe, wie in ferlegen sloof, dy't foar de samennichste kear út 'e tsjinst wie, en no, sûnder bestean of ûnderdak, rûnswalke, net te witten wêr't hja dizze kear plak fine soe, om te benachtsjen. Oars seach hja der jit net ûnhimmel of suterich út. Ik prate wat mei har, of leaver: hja die my in ferhaal fan wat hja altyd opnij wer belibbe en ûnderfûn hie, en wat dêrop útdraaide, dat hja iderkear wer út 'e hier rekke en dan op aventoer swalke, of net wist wêr't hja honk fine soe. Om't ik hjir ek al neat oan dwaan koe, en, om de wierheid te sizzen, har selskip einliks ek wol slite woe, wiisde ik har in hûs, dêr't wy ûnderweis lâns kamen, en sei, dat men har dêr foar in nacht wol bergje wolle soe, lykas ik ek foarfêst leaude, om't ik hie dy minsken foar 'e tiid ek al sa'n bytsje kennen leard. Dit wie tafallich bard op in kear, dat ik hjir ek lâns moast, en, om in stjelpige reinbui, dy't hommels delkaam, te ûntkommen, hjir yngien wie, om te skûljen. Ik moat dit hjir effen ophelje. It wie in húske, ticht oan 't paad, mar oars mids yn 'e heide, | |
[pagina 132]
| |
lykas hja hjir, jamk in gesicht fan eltsoar ôf, ferspraat binne, en wêrfan't de bewenners jitte libje lykas yn oerâlde tiden de minsken, dy't foar it ear st sa'n skriele lânsdouwe befolkene. Ik hoegde mar effen oan in toutsje te lûken, om de klink op te lichten en troch de doar, dy't dêrnei fansels iepen draaide., yn 'e keamer te kommen. It wie in grut en rom fertrek, wêr't, lykas men tinke kin, gjin oerstallige wielde te sjen wie. Neat seach men dêr as in pear âlde knopstuollen mei strieëne matten, in skibbige kleankiste en in poaterige flaptafel, dy't, it iene mei it oare, op 'e liemene flier stiene. Oan 'e wand in âld stuoltsjeklok en in pear skilderijen fan Genoveva mei jit in ferware spegel, in hoekspyntsje mei ditten en datten, en in piperakje, en om 'e hurd wat potsjes en pantsjes fan hiel ûngelikens fatsoen, mar gesellich byien. Yn 'e hoeke, mei it útsjuch op 'e bûtendoar, siet in jongwiif mei eat op 'e skerte, dat ik earst foar in grouwe rôle wollene ruften hâlde, mar by neier oansjen bliek my, dat it in lyts bern wie, dat yn dy ruften bewuolle of ynpakt siet. - Dei, sei ik by 't ynkommen. Ik mei hjir fêst wol effen skûlje, wol? - Jawol, andere it minske, jy kinne de bui gerêst ôfwachtsje. Bouwe, myn man, is oars fan hûs... en ik sit mei de lytse. - In skoan bern, nei't it my taliket. - Ja, no? Oars, hy sjucht der op 't heden net sa bêst út. De stumper is net al te goed... Sjuch mar ris. - Wat kjeld skipe, soe 'k sizze. - Dêr ha jy it... en dêrom hâld ik him no goed ynpakt. - Dat sil wol goed wêze... oars, jy moatte dat foar sa'n lytse net te licht achtsje... Kjeldskypjen kin in bern nuodlik wêze. Ik soe dokter ris komme litte. - Dat is maklik te sizzen, mar net sa maklik te dwaan. Foar earst: dy wennet hjir in foech oere ôf, en hy sil ek net komme, as mei jild op 'e fingerseinen of in briefke fan 'e fouden. Dat soe ik no faaks al krije kinne, mar Bouwe is de hiele wike fuort, nei Grinslân. Der moat wat fertsjinne wurde, en ik kin net by 't bern wei. - Ik sil sjen, hjir immen te finen, dy't der foar jo hinne giet, sei ik. - No, as jy dat dwaan woene... | |
[pagina 133]
| |
- Ja... mar dy doar hjir nei 't efterhûs, dêr sucht it ek gânsk... - Just, dêr krijt men it om it hurtsje fan wei. De doar draaide oars oan twa stripen lear, mar hingele no mar oan ien, en slute dêrtroch net goed. It wie oars mei in bytsje te helpen. Ik frege oft hja ek in hammer en in pear spikers hie, en dy wiene der alle geloks, sa't ik de doar wer yn oarder brocht. - Sju sa, as jy no jit wat foar dy skreef hingje, dan sille jy fan sigen gjin lêst mear ha. Mar, ferfette ik, nei't hja my betanke hie, it reinen hâldt op, ik sil sjen dat 'k fierder kom... - Kom mar ris wer as myn man thús is... Bouwe mei noch wolris oer 't goede prate, en ik sels bin dêr ek net fij fan. Ik begriep, dat hja my hâlde foar in oefender, lykas hjir inkeld ris kaam en dan preek der hâlde...en it minske yn har gelove littende, andere ik: Dat foldocht my, dan kin dat wolris hawwe. Dêrmei naam ik ôfskied, en pandere fierder.
Weinich koe 'k doe tinke, dat ik hjir siker en faker weromkomme soe, en wol as immen dy't mei mear oaren der op útstjoerd wie, om ek oan dizze fan 'e wrâld net achte, en yn 'e maatskippij om 'e stûke springende minsken, hope en treast te bringen. Ik sil net wiid en breed ophelje, mar allinne oanstippe, hoe't wy dêr op in hichte, mids yn 't ûnoersjenbere heidefjild taspraken hâlden, songen en spilen, en in oandachtich gehoar fûnen by de minsken, dy't fan alle kanten út har klinten opsetten kamen om der by te wêzen, hoe't hja dêrtroch oandien en ferblide wiene... om't sa eat harren fereare, en mûlk ek ta 'n behoefte wie, skoan gjinien fan dejinge, dy't yn de earste pleats ta sok wurk roppen wiene, dêr erch yn hie, of like te hawwen. Sa barde 't dan, dat ik hjir letter jit alris werkaam, en gelegenheid krige om de minsken, lykas se hjir oer 't gemien besteane, kennen te learen. En sa kaam ik fierder te witten wat ik fan Bouwe Bjinses en syn wiif Rixt hjir folgjender wize fertelle woe... Nei dizze ynlieding meitsje ik mysels fierder fan dit ferhaal los, om de lêzer allinne it gesicht te gunnen op de persoanen en tastannen, lykas se dêryn nei wierheid tekene binne. | |
[pagina 134]
| |
Lykas hjir oer 't gehiel gjin minsken wennen, dy't yn yt neigean rekke wiene, en dêrtroch hjirhinne fersyld, wat mei in hiel inkelde mar it gefal wie, behearden ek Bouwe-en-har ta de lju, dy't it noait better hân hiene, en gjin oar lot wend wiene. Hy wie fan arbeiderskomôf, en in eintsje hjir fandinne, wêr't it lykwols neat better wie, te wrâld komd. Richtsje, syn wiif, wie hjir jong west en optoogd, en beide wisten alle middels, dy't men hjir gewoan wie yn 't wurk te stellen, om troch de tiid te kommen: yn 't drokst fan 'e simmer in hurtsje om utens tsjen, om mei lânwrotten wat te fertsjinjen, heidebiezems, hânskrobbers en kouwestokken meitsje en dy ferkeapje of útsutelje, en yn tiid fan need om in soad iten freegje, foarsafler't men sels net in hoekje bou oan 'e toarre heide ûntwoekere hat. Dit ien mei 't oar jout dy minsken in stik brea (yn eigentlike sin) of oar iten, dat hja op har sead- of prikfjoer gear siede. Foar hier en belêsting hoege hja oer 't gemien neat út te jaan, en hja ferpronkje 't yn wierheid ek net... en - sa glydt it, lykas hja it sels uterje. 't Is mûglik, dat de swiere striid om 't bestean wolris immen ferlaat om him yn de uterste need eat ta te eigenjen, wêrfan't it te beduchten stie, oft er dat wol sa grif dwaan mocht, en dat - út brek oan sedelike weet - hja tajouwe oan dingen, dy't by mear beskaven net troch de mesken kinne, of wa't alteas yn dit stik de skyn better witte te bewarjen. Mar oer 't gemien is der mei dizze minsken, de omstannichheden, wêrûnder't se libje, yn oanmerking nomd, wol dwaan te hawwen. Op in plak, wêr't it alteas oan 'e romte net mankearret, en men safier fan inoar ôf wennet, dat de iene d' oare jamk net beroppe kin, is der fan rabjen of rûzje en deilisskip ûnderinoar net folle sprake, en libje dy minsken, foarsafler't hja net folle bûten de swetten fan har omkrite komme, aardich goed en tefreden meiinoar hinne. Mennich ien fan 'e jongerein wurdt dy romte lykwols op 'en doer jit te near, en hja tsjugge der út, om mei lytse negoasje of op oare wize yn 'e wrâld har fortún te siikjen, en sokken bliuwe jit al wakker deselde, salang as hja op har omtoarkjen ûnderdak fine by de boeren. Sûnt lykwols dizze oer 't gemien, en om mennige reden, net mear genegen binne om dy lju har lúmskaffers te wêzen, komme | |
[pagina 135]
| |
hja jamk terjuchte op plakken, wêr't it útspuisel fan 'e beskaving gearhokket en taflecht fynt, en leare hja fan dizze yn 'e modder fersonkenen alderlei dingen, dêr't hja as natoerminsken noait net fan witten, en ek leaver ûnkundich fan bliuwe moatten hiene...
Bouwe wie op dy manear as groujonge ek al betiid de wrâld yngien mei syn broer Jippe, dy't in pear jier jonger, mar oars foar 't uterlike yn syn spraak him sa allyk wie, dat men letter faak de iene foar d' oare oanseach. Beide wiene moai guodlik út har aard, mar Bouwe wie folle dimmener as syn broer, dy't lykas letter bliek, nearne gjin stee hâlde koe, en leaver oan 't omswalkjen bleau. Sa lang as har mem libbe, hiene se foar arbeiderslju jit in aardich goed libben hân en hiene de jonges har deljûn, mar doe't dy ferstoar, en Bjinse - har heit - mei koarten wer troude, koene hja 't mei gauwens thús net langer úthâlde. Har stienmoer siet ivich tsjin har oan en joech se dêrby net heal har gerak. De beide bruorren, dy't fan har mem altyd goed behandele en hast noait net beskrobbe wiene, krigen al gau har nocht fan sa'n libben lykas se no hiene. Hja praten yn Stillens meiinoar ôf om muoike dach te sizzen, en derút te striken, om net wer te kommen. En op in goede moarn diene hja soks. Muoike, dy't deis leaver 't ryk allinne hie, wie der net rouwich om, en Bjinse, dy't alhiel ûnder 't plak fan dit twadde wiif siet, like der net ienris folle ûnder te dwaan te hawwen. Hy die alteas gjin muoite om har nei te spoaren, en hja bleauwen wei. Yn d' earste pear dagen swalken hja mei gjin oar doel, as om mar út 'e riik te kommen, fregen deis in stik brea en jûns ûnderdak by d' ien of d' oare boer, dêr't se ûnderweis lâns kamen, mar... dat koe sa net bliuwe. 't Wie lokkich yn 't drokst fan 'e tiid, sa't folle hannen oanslach fine koene yn in kontrei wêr't ûnmjitlike fjilden mei weet en koarn besiedde wiene, en de opsjittende kerlen út blêdguod en stikels hâlden wurde moasten om te bedijen. Bouwe fûn mei mear oaren, dy't hja ûnderweis metten, al gau wurk en stee by in boer, en bleau der dêrnei as lytsfeint yn tsjinst. Syn broer Jippe, dy't him no allinne seach, slute him oan by in | |
[pagina 136]
| |
pear lju, dy't mei lytse negoasje sutelen, en bleau oan 't swalkjen. Ytlike jierren dêrnei, doe't Bouwe, al grutfeint wurden, fan syn lean wat bedijd hie, kaam in keppel lânfolk út 'e omkriten fan syn geboarteplak hjir oan en fûn wurk by syn boer, om dêr in wikemennich te bliuwen. Richtsje, dy't er fan froeger min of mear koe, wie ûnder harren. Hy makke ferkearing mei har en in toarn letter trouden hja om yn de krite wêr't hja wei wiene in eigen húshâlden te begjinnen en te libjen lykas de lju hjir wend wiene. Der waard fan âlde en losse midderjalen, fan liem en plaggen, ûnderhânse latten en skalen, fan reid en siggen in wente foar har geartimmere, en dêr wennen hja no sûnt in pear jier en hiene foar har dwaan aar dich har brea.
Hjir wie 't dat wy de swervelinge of, lykas sa'n ferlegen minske jamk minder meilydsum betitele wurdt, de omrinster, by 't begjin fan ús ferhaal yngean seagen, en dy't dêr foar koarter of langer ek ûnderdak fûn. Wy moatte no ris neigean op hokker wize it minske ta dy ûngelokkige steat ferfallen wie. Bjuwk, lykas hja hjitte, hie al in foech tweintich jier har libben droegen. Har âlden libben jitte, mar woene, sûnt hja oan 't omtoarkjen rekke wie, har net wer yn 'e hûs ha. Hoe raar it lykje mei, dat sels in eigen mem har bern ferstjitte kin of net lije mei, hjir wie dit dochs it gefal. Bjuwk wie yn 'e omstannichheid fan in tredde laam, dat troch de moer, as oertallich of ta lêst achte, ôfstompt wurdt. Har heit hie har ek noait lije mocht en har beide jongere bruorren hâlden likemin fan har. As men de praatsjes leauwe mocht, en dy blieken letter wier, dan wie der lykwols in wichtige reden foar. Doe't har heit en mem yn har jonge jierren ferkearing hiene, tsjinne har mem by in winkelman, dy't mei yn 'e Lyts-tsjerkeried siet, en ûnder syn oanhing as tige from en iverjende foar de waarheid bekend stie. De feint, in goede oprjuchte ju, wie ek lidmaat en achte syn oansteande feilich en wol tsjin alle ferlied, yn 't hûs, dêr't hja tsjinne. Mar dit kaam oars út as hy ferwachte hie. Hy krige | |
[pagina 137]
| |
ûnferwachts beskie, dat er foar de tsjerkeried ferskine moast, en doe't er hjir kaam, waard him te ferstean jûn, dat er goed dwaan soe, om mar gau mei syn faam te trouwen, om't hja net mear allinne rinne koe. It wie de feint, oft er in slach foar de holle krige, hy, dy't altyd as froed en dimmen te boek stien hie en ek wierlik fierstente heech stie ofte folle achting foar syn faam hie, om har yn sa'n steat te bringen. Hy betsjûge by heech en by leech, dat hy der gjin skuld oan hie en dat er ek net leaude, wat men fan syn faam útstruide, om't hy har net yn steat achte, om him en op sa'n wize ûntrou te wurden, en dat hja ek mei nimmen oars omgong hie... Wy slaan oer wat der op dy gearkomste al fierder bepraat waard, mar it einige dêrmei, dat hja koart dêrop dochs trouden en der alsa in ein oan alle gerab, dit oangeande, kaam. Mar de earste oerwinst, dy't hja krigen, wie in bern, in famke, en dat kaam... doe't it klear wie, te sizzen: doe't hja jit amper in heal jier troud west hiene. Doe wie it fansels klear foar de man, dat er dochs skandelik bedragen wie, en it wie ek allang útmakke, wa't de eigentlike faar fan 't bern wie, en dat dy nimmen oars wie as de baas, dêr't hja tefoaren by tsjinne, hoewol't dy him konfús hâlde en him beklage, dat de boaze wrâld it altyd op de frommen foarsjoen hie. De jongeman, sa trou oanhinger as er tefoaren fan dy lju west hie, woe sûnt fan ‘de fine boel’ net mear witte, en it siet der tusken him en syn wjif danich op. It bern wie harren beide aloan ta in libben ferwyt, de iene, dat hja har man sa mislaat hie, en de oare, dat er him sa ûnnoazel yn 'e pet lûke litten hie. It kaam letter njunkelytsen wer in bytsje tusken harren yn 't lyk, en hja krigen jit twa jonges, wa't de man mei mear rjucht as sinen erkenne koe en dêr't er ek wol fan hâlde. Mar it fanke, dat oars nei 't lichem goed oanhelle, dielde net yn 'e leafde, dêr't hja oars rjucht op hân hawwe soe. It bliek ek al mei gauwens, dat hja net ien fan de snoadsten wie. Healwiis koe men har just net neame, mar hja koe sawat neat leare, en doe't hja âlder waard, rûn hja al meast foar wyld op 'e dyk, wêr't hja fan de oare bern aloan foar de kroade riden waard of útlake om har domme setten. 't Slimste wie lykwols har brek oan sedelike weet, sadat hja gjin ûnderskied wiste | |
[pagina 138]
| |
tusken goed en tsjoed en it wol foarût te sjen wie, dat hja dêr letter jamk foar bliede moatte soe. Om har oanslach te jaan, en har mei ien fan 'e hân kwyt te wêzen, stjoerden hja har op it lân, en kaam se as opslûpen jongfaam al mei by de boom, dêr't se alderhanne ûnskiklik praat mei oanhearde, en fan dingen getuge wie, dy't net wakker geskikt wiene om de fieling foar wat goed en fatsoenlik is, by har wekker te meitsjen, en hoewol't hja net mei opset sin ‘godloas’ wie, mar om't hja neat skiede koe, folge en die se graach alles nei. Mar hja learde arbeidzjen en alderhanne grou wurk te dwaan, en om't se thús al amper stee mear fûn, rekke se der út en by de boer, mar altyd by sokken, wêr't gjin ien faam op 'en doer wêze woe en fan alles te klauwen wie, om't de boel mar ôf en oan syn berêding krige, of wêr't se ek al mei op it lân wrotte moast, en men net folle lean joech. Wie de grutste drokte oer, dan joegen sokke lju har wer dien, en koe se wer om in oar hinnekommen sjen. Jamk ek lâne se oan by sokken, dêr't hja 't in hurtsje goed hie, salang't it manfolk yn 'e hûs, dy't it op har eare taleine, hope hie har licht ferliede te kinnen. Wy litte bliuwe yn hoefier't hja sokken tewille wie, mar yn elk gefal rekke se troch harren al gau op in minne namme, en fertelden dy manlju mei ûndogense wille ûnderinoar dingen fan har, dy't blyk joegen fan har lichtleauwigens, en wêr't hja ta oer te heljen wie. Troch dy wei rekke hja iderkear wer út 'e hier, as men 't sa neame mocht, en koe hja op 't lêst alhiel gjin thûskommen mear fine. No hie se salang as 't duorre by Bouwe Rixt ûnderdak fûn, en meiien ek jit gelegenheid om har guod dat se oan 't liif hie, út te klinzgjen, en wat gear te pongjen, want fan eigentlik naaien en stopjen hie hja sa goed as neat leare kinnen. Sa wie 't foar 't eagenblik dochs jit in gelok, dat Bjuwk by dizze yn wierheid guodlike lju bedarre wie, mar lykas licht te begripen is, koene dy har ek al net lang hâlde, en moast hja fanneed wol op aventoer wer fierder... In toarntsje letter treffe wy har oan yn 'e stêd. Om't hja nearne mear stee fine kind hie, en wolris heard hie, dat hjir ferlegene lju hinne tein, en dêr ek terjuchte komd wiene, hie se tocht soks ek | |
[pagina 139]
| |
sêfts besiikje te kinnen. Nei in lange fuotreis hie hja yn 'e stêd, dy't har frjemd wie, al in poas omdangele om út te sjen nei in gelegenheid, dêr't hja de nachts bliuwe kinne soe. Op har freegjen wiisde men har in loazemintsje, wêr't de baas yn 'e doar stie. Hjir kamen oer 't gemien jit al nei-rato fatsoenlike lju, teminsten guon, dy't der net al te skurf útseagen. Hja frege dy man, oft er in kertier hie. Mar dat wie pûtsje 't each út. Hja wist net, dat dy namme sûnder mear by de bazen al yn miskredyt wie. Hy andere dus op har frage broswei fan nee. - Dus kin ik hjir tenacht net bliuwe? - Nee, sei er jitris, en flapte har de doar foar de noas ticht. It hie him ek al talike, dat hja noait folle yn 'e bûs hawwe koe, en sokke klanten koe er bûtendat wol misse. De bejegening makke har tenearsten al wat ferlegen. Hja wie ek flau en wurch, en ferlange har einlings ris útrêste te kinne. In polysjeman kaam har te help: - Wou je onderdak hebbe? - Ja, leafst al. Mar net by de polysje, hoopje ik. - Heb je geld bij je? - Safolle wol, dat ik dit wol betelje kin. - Kom dan maar mee. Hja folge de man, en hy brocht har yn in gelegenheid, dêr't hja bliuwe koe. It wie in grut en net al te skjin fertrek, wêr't hja no binnen stoep. De baas stie yn 'e tapkast, om dizze en jinge fan 't selskip, wa't soks barre mocht, in sûpke te taapjen. Alderhanne lju wiene dêr byien: sutelders mei negoasje, in kowedriuwer, dy't hjir besnústere oanlâne wie om op te knappen, en foarjoech in feekeaper te wêzen, wêr't de oaren om gnysken, in kearel dy't út 'e Lytse Oast weromkomd, en no hjir hinne tein wie om it lêste fan syn útgeanskas te fertarren, en as dy opmakke wie te solstearjen om dêr sa gau mûlk wer hinne te gean, in pear ljitskes fan fammen, ien mei in bern, en jit in frommes, dy't fan 'e kearel ôf wie, allegearre guon dy't út 'e earmekas trieken, en hjir - wêr't se geregeld thús wiene - de smoarge boel klauden, en ta alles | |
[pagina 140]
| |
brûksum wiene, foar in proefke iten, dat fan de tafel oerskeat. Dan jit in pear fêste klanten, dy't yn 'e maatskippij hoe langer hoe mear sakke wiene, en al har earsucht en kriich der by ferspile hiene. Hja hiene it iten al hast ferleard, en skynden gjin oare prakkesaasjes te hawwen as hoe't se oan jenever komme soene. Bjuwk, it moat ta har eare sein wurde, fielde har ûnder dy lju neat op har gemak, en andere skruten op de fragen, dy't hja har út nijsgjirrigens diene. Doe't se har ferlegene tastân wisten, rette de iene har dit oan de oare wer wat oars. De lytse-oastman woe, hja soe har mar opnimme litte, want dat se dan foar klean, iten en ûnderdak besoarge wêze soe. Hysels like al gjin oar doel yn 't libben mear te hawwen, want doe't er in dei of wat letter, nei't er alles wat er jit besiet trochbrocht en ferswierd hie, wegens biddelerij oppakt en feroardield waard ‘tot twaalf dagen hechtenis en... opzending naar een rijkswerkinrichting’, en him dit fûnis foarlêzen waard, sloech er op soldatemanear beleefd oan, en sei: Dank u wel, Mijnheer! Ien fan dy oaren, dy't hjir foar fêst thús wie, woe har bringe op in plak, wêr't hja it tige skoan hawwe koe, nei't er sei, mar sa ûnnoazel wie hja net, of hja begriep wol, dat dit earne wêze soe, dêr't se mei skandelean troch de tiid kamen. Bjuwk, dy't yn dit stik oars net fan in bytsje raar opharke, waard dochs min ofte mear ferlegen, dat dy smycht har sûnder skamte of ferblikken sa'n útstel dwaan koe, en wêr't er sûnder twivel sels syn foardiel mei tochte te dwaan. Hja kearde him de rêch ta, en har each foel op in jongkearel yn 'e hoeke dy't der aardich knap útseach en sûnder op it soadsje om him hinne acht te jaan, yn alle stiltme syn droech stik bôle opkôge. Oars wie 't him oan te sjen, dat er mei negoasje reizge en 't swalk jen ek wol wend wie. Hja koe gjin each fan him ôfhâlde, en hy hearde oan har tongslach, dat hja ek út 'e selde krite as hy fan dinne wêze moast. Hy seach har oan, en ek dy lêste sprekker, klear om dizze de mantel út te feien. Mar hy bedibbere him jitte, want in polysjeman (it wie deselde fan niis), kaam der yn en seach 't hear oer. | |
[pagina 141]
| |
- Ook nieuwelingen? frege er oan 'e baas. Dizze wiisde se ien foar ien oan: earst dy kowedriuwer, dy't mei de hân ûnder 'e holle en in folle romer foar him yn 'e sliep fallen wie. - Holla, maat, word reis wakker! Je schijnt erg vast te luimen. Ik zou die drank maar laten wegnemen, sei de man fan de wet, mei in ûntefreden loaits op 'e kastlein. Je naam? Dy waard sein. - Beroep? - Veedrijver. De fêste klanten giisgobben: En straks was-ie veekoper. - Ja, 't wil graag minder worden. - En nou jou, vriend! Laat je reis kijken. Hoe is je naam? Hy stie foar de lytse-oastman, en de polysjeman seach oan syn uterlik wol, wat flesk er yn 'e kûpe hie. De namme waard sein. - Beroep? - Ik heb er hier geen. - Geen beroep? 'n Flinke vent als jij... komaan! Je denkt misschien binnenkort weer naar je buitenplaats te vertrekken? - Zo is 't. - Ja maar, vriend, dat zal hier zo gemakkelijk niet gaan, je moest je elders voorzien. Folge in oar: Je naam? Sa en sa. - Beroep? - Koopman.. in brandstoffen. En hy liet in pear doaskes lúsjefers sjen. - Flink geantwoord. Zo mag ik het horen. Nou nog die jongedochter. Wy hebben al kennis gemaakt. Bjuwk, dy't no al begriep, dat se ek har namme sizze moast, joech dy op. - Niet meer?... In orde. Welterusten, jonges! - Goedenavend, wachtmeester. Nei't de polysjeman fuorttein wie, socht dy kearel fan niis wer mei Bjuwk yn reden te kommen. - Komaan, jongedochter, kijk maar niet zo benauwd. Je bent hier onder louter knappe en eerlijke lui, die het goed met je menen. Doe naam de jongkearel, dêr't Bjuwk har each net fan ôfhâlde, foar har it wurd en sei: | |
[pagina 142]
| |
- Meitsje no mar gjin smoesjes, en hâld dyn kop ticht. Wat leit dy oan har gelegen?... Watsto fan har ha wolst, kinsto fan my krije. Wy witte allegearre wol wasto biste. Mar de baas kaam tuskenbeiden en sei: - Hier geen ruzie, en anders... vertrek! - Bêst, ik sil der útgean, sei er, opsteande, en tsjin Bjuwk: Kom mei, ju! Ik sil dy op in plak bringe, dêrsto teminsten fredich sitte kinste. Ik ken dy net, mar do biste sêfts better as it soadsje, dat dy hjir yn 'e maling tinkt te nimmen. Hja seach him jitris goed oan, harke nei dy stimme, en rôp: - Bouwe!... jy hjir? - Ik bin Bouwe net, dat moasten jy niis al heard ha, doe't ik myn namme opjoech, mar as jy Bouwe Bjinses miene, en dy kenne... ik bin syn broer. En no, kom mei! It doocht hjir net foar dy. Dêrmei gyng er de doar út en hja folge him.
Jippe, dy't wy hjir sa ûnferwachts oantreffe, hie al safolle yn 'e wrâld omswalke, om betoeft genôch te wêzen, dat er mei lytse negoasje oan 't brea wist te kommen. Al dy tiid hie er syn folk hast net sprutsen, en begearich genôch, om ris wat oer harren gewaar te wurden, naam er him foar, om Bjuwk it útstel te dwaan, dat hja mei him meireizge. Sa'n soarte fan kammeraatskip yn har mien belang is nammentlik ûnder swervende lju net seldsum. Jippe wie op dit stuit allinne, en tocht, as er har ta selskip meinaam, dat hja him aardich fan tsjinst wêze koe, om wat mei te fertsjinjen en syn guod wat ynoarder te hâlden. En sa reizge er de oare deis mei har fierder en bleauwen hja in dei of wat mei elkoar. Yn dy tiid hie Jippe lykwols al opmurken, dat hja him op 'en doer mear ta beswier as ta foardiel wêze soe, en socht er wer fan har ûntslein te wêzen. Hja wiene op dat stuit in ein yn Grinslân op fersyld, en om't it him om it minske begrutte, prakkesearre er op in útwei, om wer fan har ôf te kommen, mar sa, dat hja net mear ferlegen om hoegde te toarkjen. En doe sei er op in kear: - Hear ris, wy kinne net byinoar bliuwe. Dêr jinsen wennet in boer, dêr't út en troch de faam wer fuort is. Ik ken dy lju wol | |
[pagina 143]
| |
sawat. Sjuch datste dêr plak krigest. Hâld en draach dy dan goed en dan kinst dêr ek wol bliuwe. It is dêr wat in rûzige boel, seit men, mar dêr soesto, om de wierheid te sizzen, krekt passe. Arbeidzje en grou wurk dwaan kinste, en sa'n ien moatte se krekt ha. En fan 't manfolk silste dêr gjin lêst ha, ast dêr sels gjin oanlieding ta jouste... Strak aanstûns binne wy der, dan soe 'k der mar dalik hinne gean... Jit in eintsje fierder is ús kertier foar de nacht, dêr't de Reizende man úthinget. Dêr gean ik ûnderwyl hinne, en dan kinste my der tynge bringe, hoe't it útlotte is. Bjuwk folge dy ried en koe foarearst bliuwe. Hja wie wol wat in nuvere ferskining, tochten dy lju, mar hja hiene op dit stuit krekt help nedich, en as it bliek, dat hja goede hannen oan 't liif hie en neat ta har lêst, dan soe hja der ek fierder wêze kinne. Foare hoegde hja dochs ek net te kommen... Hja brocht Jippe tynge en naam ôfskied fan him, wêrnei't dizze de oare moarns fierder reizge.
Bjuwk bleau dus by de boer en it gyng aardich goed. Hja moast dêr in hopen wurk dwaan en altyd moarns ier en jûns let yn 'e baan wêze, mar dat skynde har net folle te hinderjen: hja wie it arbeidzjen wend. Oars hie hja it skoan fan iten en drinken, in goede lizzing en koe yn alles har lichem syn gerak jaan. Dit ien mei 't oar kwikte har alhiel op en hja begûn der wierlik goed út te sjen. 't Wie har oan te sjen, dat hja nei 't lichem sterk opset wie, en sels har efterlikens fan ferstân hie in oarsaak mei west, dat, fan alles wat hja ûnderfûn en lit hie, gjin spoar mear oerbleau. Lykas by de grutste part minsken leed en lijen gelokkich gau fergetten reitsje, as hja it einlings better krije, hie hja it har noait sa bot oantrutsen, om't hja net folle omtinken hie. En al neidat hja better yn alles har gerak krige, like hja ek minder ûnnoazel te wurden en learde hja, mei mear oare dingen, ek sels har guod yn oarder te hâlden, sadat hja einliks foar in dageliks minske, dy't op 't lêst dochs mei arbeidzjen har brea winne moast, net safier by oaren fan har gelikens efter stie. Sa bleau hja dêr in hele tiid oan ien wei, en hâlde har fierder ek goed. Wy moatte no sjen wêr't Jippe bedarre is. | |
[pagina 144]
| |
Dizze wist troch wat Bjuwk him ferteld hie, alles wat er fan syn famylje graach witte woe. Syn heit wie al lang dea, en hy hie gjin langstme om syn stienmoer ea wer te sjen, mar hy ferlange nei syn broer. Hy hie yn 'e lêste tiid lykwols mei syn omtoarkjen net wakker bedijd, en hy woe by syn broer-en-har net komme, foar't er wat om 'e hannen hie, om har net ta lêst te wêzen, of troch harren mei reden kapittele te wurden, dat er him net oan it arbeidzjen jûn en in geregeld libben lein hie. Hy hie ûnderwyl lotsje moatten en wie frij, mar waard nûmerruilder, wêrtroch't er safolle jild om hannen krige as er noait byinoar sjoen hie, mar hy hâlde it sunich byien. Doe't er de tsjinst koe en mei grut ferlof fuortgean mocht, socht er Bouwe-en-har op, en bleau dêr mei harren goedfinen tsjin in ridlike fergoeding, fierder in hele tiid by harren. Hja koene wakker goed meiinoar en fertelden mankoarren al har ûnderfiningen, sa't hja foarearst net útpraat rekken. Sa kaam it, dat hja it oer Bjuwk ek wolris hiene, en hja tsjin mankoar seine: Ik woe dochs wolris witte, oft dy dêr bleaun is, of wêr't hja oars bedarre wêze mei. Jippe, dy't gjin sittend gat hie, en wa't it lange thúswêzen op 'en doer begûn te ferfelen, sei einlings by sa'n gelegenheid, dan sil ik dêr ris hinne gean, en ûndersiik nei har dwaan. Ear't er hjir foar op reis gyng, krigen hja lykwols in besiik mei in boadskip, dat him yn steat stelde, om har - as se dêr jit tahâlde - meiien in blide tynge te bringen.
Der wie sûnt ienige tiid hjir op 'e heide in fêste oefender komd, net om der te wenjen, mar om hjir geregeld taspraken te hâlden, en de lju ris op te siikjen en se har geastlike belangen foar te hâlden. Hy wie gjin húcheljende breabidder, lykas der wol wiene, mar hy stelde wezenlik belang yn dy ienfâldige minsken, fan wa't er mennichien yn oprjuchtens ta 't goede bekearde, sa't hja net mear ûnferskillich hinne libben, krekt oft it mei iten en drinken allinne mar goed wie. Hy hie by Bouwe en Rixt ek al ien en oar kear op besiik west en yn beiden tahearders fûn, dy't gewillich wiene om goede lear | |
[pagina 145]
| |
en ried oan te nimmen, lykas ek letter Jippe, doe't er by harren ynwenne. Op in kear, dat hja 't ûnder oaren ek hiene oer lju dy't jit sa fier fan 't goede paad wiene, 't sij út ûnferskilligens of ûndogensheid, of jamk ek út ûnkunde, wie 't ek oer Bjuwk te praat komd, hoe't hja fan har âlden ferstjitten wie en út wat reden lykas wy dy al witte. En doe't dy preker hearde, dat har mem yn 't selde doarp tsjinne hie, dêr't hysels fandinne wie en by lju, dy't him net ûnbekend wiene, naam er foar him, om dêr ris hinne te gean, by de man dy't eigentlik har faar wie, om as 't koe wat foar har te bewurkjen, dat hja net altyd sa by frjemden hoegde te wramen, wêr't se yn tiid fan need gjin eigentlik thús hie, en dy't oer har hâlden en dragen gjin nau tafersjuch hâlden. Hy socht dus dy man op, en dizze bliek wezenlik net ûngenegen om alteas mei in aardige somme jild goed te meitsjen wat hja, om sa te sizzen, by him tekoart komd wie, en bang om nei safolle jierren fannijs wer op 'e spraak te kommen, stelde er dat jild tsjin bewiis oan ús preker te hân, om dêr Bjuwk har lot fierder foar te fersekerjen. Mei dit boadskip kaam ús man by Bouwe-en-har oan op in eagenblik, nei't Jippe - de by harren ynwenjende broer - al plan makke hie, om Bjuwk yn 'e frjemdte wer op te spoaren.
Doe't de jongkearel dan einlings wer op it plak kaam, dêr't er de faam litten en fan har ôfskied nomd hie, trof er har op in tiid, dat hja der hurd oer prakkesearre om har tsjinst wer te ferlitten, en fannijs har swerftochten op aventoer te begjinnen. It wie lykwols net mei har wil, dat se hjir ta oergean woe, want hja hie it jitte goed, en dat libben fan earen kaam har no yn al syn ellindigens foar de geast. Mar der wie in reden, dat hja fanneed wol wer opstappe moast. In dei of wat earder wie der by harren oan hûs in skoaier komd mei in wiif, dy't om ûnderdak fregen, en dat harren mei goed rjucht wegere waard. Beide hiene ûnderweis troch it doarp sokke gulle teugen nomd út 'e jeneverflesse, dy't se by har hiene, dat it wiif tefolle krige en hja 't paad net langer rjucht hâlde koene. | |
[pagina 146]
| |
In smite fan ûndogense jonges en famkes, dy't altyd nocht oan ûnnocht ha, rûn harren op 'e hakken nei, wylst se by de boer gyngen te freegjen. En dit walchlike toaniel lokke de húsgenoaten bûtendoar. Bjuwk besaude op dit gesicht: dy kearel koe hja net, mar it wiif wie ien fan de ljitskes, dy't hja foar 'e tiid yn 'e sliepstee sjoen hie, en dy't har ek jit like te kennen. Dit bliek nei't harren sein wie, om mar hânsum wer op te krossen, en hja skellende en driigjende it erf wer ferlieten, wêrmei't se lykwols gjin haast makken, foar't se de fjildwachter, dy't harren ferfolgens bûten it doarp loadste, yn 'e fierté oankommen seagen. Mar yn dy tiid hie Bjuwk it benammen ûntjilde moatten, dwaande dy omrinders foar alle man in boekje fan har iepen, om dêrút wyt en swart oangeande har op te lêzen... Bjuwk, wa't se yn 't doarp bûtendien al foar in nuverenien hâlden, koe sûnt dit gefal gjin kop hiel hâlde, wêr't hja kaam, en ek de boer-en-har joegen har rûnút te kennen, dat se har no leaver slite woene. Neidat er alles wist, ornearre de feint ek, dat it mar bêst wêze soe, om by dy boer wei te gean, mar it soe wol tige beswierlik gean, sei er, om op slach in goed stee wer te finen. En doe't Bjuwk, dy't dit ek wol ynseach, hjiroer yn noed wie, fertelde er har fan 't ûnferwachte fertúntsje, dat hja krige hie en wêrtroch't hja foargoed út alle ferlegenheid rêden wêze soe. Har bliidskip hjiroer wie net te beskriuwen... Mar de fraach bleau op dit stuit dochs jit: wêr sa op slach hinne? Nei wat beried en gepraat oer en wer lykwols, sei de feint einlings: Sjuch, datsto it hjir jit in pear wiken úthâldst, dan sil ik ûnderwyls stee foar dy siikje en dy ôfhelje. Bjuwk fûn dit goed, skoan hja der tsjinoan soarge, hjir jit langer te bliuwen, no't hja einlings foargoed útkomst seach, mar hja begriep ek, dat hja op dit stuit net better dwaan koe, as har te fertrouwen oan 'e feint, waans goede ried en help har al ienris ta har bêst tsjinne hie. Under al dy bedriuwen hie Jippe ek kennis krige oan in jonge widdo út 'e omkrite, in aardich en guodlik, mar tagelyk redsum minske, dy't in foech winkeltsje hie, wêrmei't hja aardich oan 't brea kaam. Hja wiene it stadichoan al sa iens wurden, dat er deis | |
[pagina 147]
| |
al jamk by har tahâlde, om yn har lytse affearen mei wurksum te wêzen en dêr wat fan syn jild by yn te setten, sadat it saakje begûn te florearjen. Hy hie ornearre, dat Bjuwk hjir by foarried wol geskikt wêze koe, as it de widdo goed wie, en hy tochte dat by dizze wol klear te spyljen. It jonge wiif hie jit in keamerwente, dy't by har hûs oanboud wie en dy't krekt leech stie. Dêr koe de faam dan op harsels wenje en tagelyk oanslach en gesellichheid fine, as hja de widdo deis wat ta 't wurk holp, wat ek foar dizze net ûngaadlik útkomme soe, no't hja it hoe langer hoe drokker krige, mei it betsjinjen fan har klanten. By syn thúskommen waard alles jitris oereide en bepraat en nei mien oerlis, ek mei de preker, waard it steld, lykas Jippe it útprakkesearre hie.
Jit gjin pear rûne wiken dêrnei wie Bjuwk al hússitten' yn 'e lytse, mar kreaze wente, dy't men foar har útsocht en yn oarder bringe litten hie. Hjir libbe hja fuortoan stil en tefreden, as yn in feilige en rêstlike haven, wêr't goede en meilydsume minsken har hinne loadst hiene, nei har út 'e stoarmige libbenssee, dêr't hja oant no ta op omdobbere hie, rêden te hawwen, mar hja woe mei nimmen omgong ha, as mei de ienichsten dy't goed foar har west hiene, wêrûnder ek de goede oefender, dy't har lytse jildsaken regele, en har inkeld ris opsocht as in trouwe oanhingster fan syn mylde leare, dy't de ferdwaalde skiep net fan de keppel útsûndert, mar ha wol dat hja terjuchte brocht wurde. Allinne... har âlden noch har bruorren woe hja oait wersjen, skoan se dy alles ferjoech.
Jippe is letter mei de jonge widdo út it winkeltsje troud, en 't gyng harren nei winsk, lykas ek syn broer Bouwe mei it jonge wiif en de lytse - dy't lykwols no al ta in flinke kearel opgroeid is, en al hast om in wiif siket. |
|