Ferklearring fan in mannich wurden
benamentlik, útstoarne fariant fan benammentlik |
diergelike, ferg. Hollânsk ‘dergelijke’ |
droude (fan it tiidwurd drouwe), drige |
eart, efterlitten, oerbleaun; fretten dat de kij lizze litten hawwe |
eventaris, ynventaris |
fen degen, earst goed; nochris, op 'e nij |
festje, fêstigje |
kommande, kommando |
liette, blydskip, freugde sil de oarspronklike, Midfryske, betsjutting west ha. Sjuch Gysbert Japicx' Wurken, psalm 33, kûplet 2: ‘Sjongje’ (ijn Godsill'ge' uwt-litt'ne liette', ô'; psalm 114, kûplet 2: ‘Iâ 't selle uwt-litt'ne liette d' heuvels dien’. By Feitsma hat it wurd in ûngeunstige byklank. It wurd is oars net yn it Nijfrysk oerlevere. |
midderjalen, materialen |
oangenamme, ferâldere foarm fan oangenaam |
ôfwears, ôfkear, ôfwearze |
ombal'gen, omballingen |
opsjugge (fan opsjugje), opknappe, toanber meitsje |
rammelats, ferhaspeling fan rammenas; hjir: mage |
úthutelje, útskelle |
wrutsen, âld mulwurd fan it tiidwurd wreke |
|
|