| |
| |
| |
It twadde wiif
Gepk wie troud, mar net sa dat de wivesteat har gelokkich makke... Och, nei alles wat hja yn 't âlderhûs mei belibbe en fan 't houlik sjoen hie, koe 't har al by foarried net moai talykje, ek al hie har eare jit behâlden smoar west, en hja har sin krige, te sizzen in flink jongkearel, dy't hja lije mocht. Yn dit gefal hie wol de kâns jit oerbleaun, dat se har op 'en doer net ûnlokkiger fiele soe as oaren fan har gelikens, mar net sûnder 't betingst, dat se har natoer wat ynbûn, troch de jamk by har opkommende kweade lúm te behearskjen en net oan oare yn har wurkjende driften bod te jaan... en dit soe al in behyplik wurk west ha, want dy brekmen, har by fererving hiem, wiene troch in ferkearde opfieding al sa by har oanboaze, dat se, ienris út 'e bân sprongen, net mear te hâlden of te kearen wiene, mar geduerich útbarsten en ta deilisskip en rûzje oanlieding joegen.
No... wie dit jit it geringste wat har útsjuch op in lokkige wivesteat yn 'e wei stie...
Hoewol jong en jit oannimlik foar 't each, yn steat om manlju te bekoaren, alteas de sucht nei 't geniet fan de ferbeane frucht by har libben te meitsjen, wie hja net mear de ûntlôkjende blom, dy't de swietrook fan de ûnskuld om har hinne ferspraat, en al lokkich is by wannear't fan reine libbensnocht dartene flinters, betoverjend moai, om har hinne sweve om fan dy geur te genietsjen... sûnder mear te begearen. Hja soe al lang gniisd ha om sa'n bewûndering, dy't hja fielde net mear wurdich te wêzen, wêroan't hja net leaude nei alles wat hja fan 't manfolk ûnderfûn
| |
| |
hie, en betinkende wêr't it har by 't einsluten om te dwaan wie... oare en bettere as sa't hja tocht, dat se allegear bestiene, hie hja noait kennen leard. Foar elkenien, behalve foar harsels, wie 't lykwols klear, dat soks net oars kend hie...
Longerjend nei fermeits, nammerste earder en te mear, om't hja dat yn 'e hûs net fine kind hie, by de net út te hâldene neargeastigens dy't dêr hearske, en nin heger geniet kennende as wat de sinnen streaket, hie se mar al te ier tajûn oan dy sucht, troch yn wylde liette har jonge libben te ferdingeljen, en foar koarte eagenblikken fan wille, priis te jaan wat hja yn har fammesteat as har grutste skat bewarje moatten hie. Hja hie der einlings genôch fan, sûnder dat har gemoed foldien wie: hja ferachte it manfolk likefolle as hja der froeger slij nei like te wêzen, en miste alle oandrang dy't folle fan har gelikens jit nei in houlik begearich makke. Har soe 't glêd ûnferskillich west ha, oft se jit in kearel krige, en no't se fanneed wol ien nimme moast, koe 't har ek n't skele wa't se naam, as er har mar troch de tiid holp, en frijheid liet om yn alles har sin te dwaan... En mei sokke fielings hie hja einlings tawurd jûn oan in man, dy't it sizzen: ‘hoe âlder, hoe gekker’ wiermeitsje like te wollen, troch in jongfrommes te trouwen dy't al lang wiste wa't der dea wie, en him te ferbyldzjen dat dy jit sin oan him hawwe koe.
Hy wist net, dat it him allinne mar geraden wêze soe, har sucht nei in goed libben, it ienige wat der fan fieling yn har oerbleaun wie, te foldwaan, en har noait dwerstriedderich of krinkende yn 'e wei te kommen, en dat oars al har opkroppe galle oer him útspuid wurde soe, al de wrake op him delkomme, dêr't har herte jit fol fan wie as se tocht oan har hoopfolle, mar fergalle en te ier ferwylke jonkheid, wrake op it Lot, dêr't hja in slachtoffer fan wie... lykas safolle oaren, dy't ûnder minne omstannichheden mei alderhanne sedelike brekmen te wrâld komme en dan noch ferkeard opbrocht wurde... slachtoffers fan it tsjoedeyn 'e Minske en yn 'e Wrâld, dêr't it lijende diel fan 't minskdom ûnder suchtet.
Wy moatte no in eintsje tebek gean om ús ferhaal geregeld op te setten en fierder ôf te breidzjen.
| |
| |
Us ferbylding, of leaver ús tebinnenbringen as liedsman folgjende, ferjitte wy foar in amerij wer de warbere, woelende wrâld om ús hinne, om rûn te sjen op in plak, dêr't it libben, by alle feroaring en foarútgong, dy't de tiid oanbrocht, jit allike stil en fan de minsken net, of allinne op 'e flakte achtslein, syn gong giet lykas fan âlds... dat (sabeare!) rêstlike libben fan dy (sabeare!) ienfâldige, yn har ûnskuld lokkige minsken, lykas dichters of plomstrikers fan 'e ‘grutten’ ús dy beskriuwe... mar wat wy, ien en oar, faker as ienris nei wierheid tekenen...
Lykwols, hja dy't al bang wêze mochten, dat wy it kleed wer oplûke, út soarch eat sjen te moatten wat har gesicht hinderlik wêze, of har gewisse yn ûnrêst bringe koe, hoege fuort har eagen net ticht te knipen... hjir is uterlik neat wat in berop dwaan soe op de tichte pongen, noch wat lûdop om ferbettering ropt... de fijannen sitte efter 'e skerm, en der is mear as in op 'e flakte skôgjend each nedich om hjir trochhinne te sjen.
It toaniel is oars wol aardich.
In rige fan kreaze, alteas net brekfallige arbeidershúskes, safier fan elkoar ôf as de oan elkoar grinzgjende, like grutte túntsjes oan wjerskanten strekke, en fan 'e wei ôfskaat troch in goed ûnderhâlden skerpe hage, lâns en lâns, steane aardich tusken it grien fan de hege beamwâlen, dy't de streek fan ôfstân ta ôfstân te sjen jout. Dêr wennet in befolking, by wa't, salang as it immen tinke mei, uterlik gjin feroaring merkber is. Tal fan minsken binne, yn 'e rin fan lange jierren, dêr berne, opgroeid en stoarn... mar oaren fan har skaai, of út in oare krite oerwaaid, folgen har op, puchelen aloan wer yn 'e selde sile fuort, en fernoegen har yn 'e selde steat as har foargongers; want eigentlik gebrek hearsket der net, en heger doel as foar eigentlik breklijen bewarre te bliuwen kenne se net, slaven as se binne fan de habsucht, dy't har krêft en warberens ta eigen foardiel yn beweging set, en se yn domme ûnwittendheid hâldt, dat se har slavernij net fiele sille, en har gemoed net yn opstân komt. Beskiedenheid en tefredenheid wurdt har as de heechste deugd foarhâlden, mar wat der oars foar sedelike
| |
| |
ûnhuerigens by harren húzje mocht, dêr wurdt net sa jamk oer útgien, dat kin oersljuchte wurde... as se der mar hillich fan oertsjûge binne en der yn berêstgje, dat ‘it wurk foar de dommen is’... Ja, wy wolle it net langer ferswije: al hoege wy hjir net skou te wêzen, dat wy de ûnsjuchste earmoed mei it haatlikst wangelove oantreffe sille, gjin mindere fijannen fan 't minskelik lok hearksje dêr yn 't ferburgene, te sizzen: de ûnwittendheid en de slavernij, dy't allike goed ta ferdierliking liede, yn safier't se allinne noch de sucht oerlitte... om oan de aldernedichste behoeften fan it dier-ik te foldwaan.
Dochs, knyp de eagen jit net ticht... sjuch it kleed fierder opgean, en de spilers foar 't ljocht kommen.
Yn ien fan dy niisneamde arbeidershúskes wenne sûnt lange jierren Eabe Goarrelts, dy't yn mennich opsjuch as in toanbyld fan folle oaren op it streekje jilde mocht. De man koe lêze noch skriuwe, mar hy koe arbeidzje en in húshâlding ûnderhâlde. Dêr hie er blyk fan jûn, want hy hie troud west en bern hân, skoan men der op út woe, dat syn wiif noait net folle wille by him hân hie, al koe men him fansels de skuld net jaan, dat hja foar him ferreizge wie en dat syn bern d' iene nei d' oare omtsjirmen en stoaren, behalve ien dy't er jit behâlden hie. 't Wie lykwols klear, dat it yn-'e-romte-sitten dêr yn alle gefallen gjin oarsaak fan west hie. Mar hy wie foar himsels gerêst, hy wist, dat se it noait minder hân hiene as hysels, lykas er bewearde, en dat wie ek sa. No, wat woe in minske mear as syn part fan iten en drinken, behalve dat se in thús hiene, en dus ek gelegenheid om ek op oare wize it lichem syn gerak te jaan... Sa tochten ek de meastepart om him hinne, dy't har lokkich achten yn 't besit fan in húske, dêr't se eigener fan hjitten, en dat se fêst wurk hiene by de boer, mei in deihier fan sechstjin stoeren yn 'e simmer en fjirtjin by winterdei en de heale kost foar harsels. Inkelden op it streekje, dy't in bytsje foarnamer wennen en yn better kondysje wiene, bearden ek, dat soks in foldwaand bestean wie foar in húsgesin, skoan se der sels lang net mei ta koene, mar dat wie fansels út bêst, om dy minsken net ûntefreden te meitsjen, en oan d' oare kant ek - of eigentlik
| |
| |
yn 'e grûn allinne - om de boeren net ta fijân te krijen, en sa har eigen kânsen op ien of oar, wat harren op 'en doer yn oansjen hâlde, net te ferspyljen, lykas om sneins mei yn 't hekje te sitten, of eat fan desgeliken. Har froulju wisten ek tige goed, dat in frouminske yn 't gemien wat betters takaam en wat oars, as dy sloven fan earme arbiederswiven ornaris krigen, en dêr't har kearels jamk gjin besef oer skynden te hawwen. En se gouwen ek by dy wiven foar tige goed en rynsk, as se dy ris tasprieken of oer de hage proefkes iten tarikten, as se ris wat ekstra klearmakke hiene. Sa wisten dizze it yn har eigenbelang oan te lizzen om fan d' iene kant net skeade en fan d' oare kant net berabbe te wurden, en libben se allegear meiinoar yn in eagenskynlike loksteat... dy't de measten fan harren net te fergunnen wie. Rûzje of deilisskip hiene se noait, behalve as ien syn hinnen by d' oare troch de hage krongen en de earten ta de grûn út hellen, of de pas yn 't sied brochte bêden oeral eiden. Dan waard der wolris wat iepenbiere fan dingen, dy't men by dy minsken net ferwachte hawwe soe, mar sy, wa't de kwestje net oangyng en ûnwollens eargetuge fan 't spul wiene, gloepen stil yn 'e hûs, of joegen de fjildwachter temûk in wink, dy't dan effen letter, sabeare tafallich, foarby kaam en oarder joech, dat elk syn hinnen fêsthâlde moast. Oan dy lêst waard dan ek altyd grif foldien, want se hiene earbied foar de wet en it spul wie hjirmei út. De ticht yn de omkrite wenjende boeren wurken op dy manear ek tige mei, dat de frede en de tefredenheid ûnder dy minsken, safolle as it eat koe, bewarre bleau, faak wol út soarch, dat by rûzje of deilisskip sy der ûnwollens mei yn behelle wurde soene, en der fan harren ek dingen oan 't ljocht komme, dy't no minder pryslik wiene, mar grif ek, dat dy lju mar gjin heger easken oan 't libben stelle soene, en minder brûksum wurde...
Folle tiid om oer har lot nei te tinken, of gear te hokjen om te rabjen hiene hja nammers ek net. De froulju fûnen geregeld oanslach, om de smoarge of stikkene kros fan har manlju te waskjen, te druien of op te laapjen, har ienichste keamer op te rêden, elke dei, sa faak as der slept, iten of dronken wie, of dat der ien
| |
| |
dy't by harren boadskip hie, oan 'e hurd tarinnende, de boel bepoate hie, wylst se fierder by 't simmer har túntsje fan ûntúch suver hâlden, of âldmoadrige blommen setten en fersetten yn it foar de gevel lizzende parkje, dat se de blomtún neamden.
Dy blommen joegen in kleurbyld fan de minsken, dy't se oankweekten en fersoargen: de feredeljende hân fan 'e túnman wie der noait oan slein. Hja woeksen op, en siedden harsels wer op nij, lykas de natoer, hjarsels allyk bliuwende, dat bewurke.
As jy ea sa'n arbeidershúske stean sjugge, fan foaren mei in klimmerbeam begroeid, en mei sa'n blomtúntsje foar de doar, wêr't, trochinoar, spjuchtige stokroazen, inkel(blêdig)e daaljes, kattesturten, túnkanen en diergelike yn groeie, tink dan mar... yn dat húske wenje minsken, sa gelokkich as se har yn dit ferhaal neigeraden kenne litte.
De manlju seach men moarns op in gesette tiid de doar útgean, har ark op it skouder of ûnder d' earm, oant se op 'e dyk komd, elkoar opwachten of oanrôpen, om dan meiinoar har paad te gean oan de algemiene ryddyk ta, wêr't elk allinne fierder syn wegen gyng. Jûns seach men se op allyk in wize har wy byienfoegjen en nei hûs gean, altyd yn deselde lome stap, stiifliddich, bleek en smel om 'e kiuwen, swijende en foardelsjende... mei de weet fan har neatbetsjuttendheid, dy't har de beskiedenheid ta 'n plicht makke en har dy hâlding foarskreau. Har gean sjende moast men ûnwollens tinke oan in keppel skiep, dy't moarns ophelle waarden om de toarre heide te beweidzjen, en jûns thúsbrocht, om har hokken wer op te siikjen... as koart dêrop de stille nacht har wjukken útspraat om alles ûnder har sluier te ferhoaljen.
Sa wie it oard, en sa wiene en libben hjir de minsken yn in uterlike staat fan nei-rato-gelok, dat har, lykas wy seagen, net te fergunnen wie.
Hjir like it Gepk in feilige haven, wêr't se nei it ôfleine stoarmeftige ein fan har reize op 'e libbenssee yn 't houliksboatsje stappe soe.
Folle taberieding wie der net foar nedich, foar har wie dit houlik (lykas wy witte) in útrekkening, dy't har op gjin ien wize
| |
| |
teleurstelle koe, as alles hjir yndied wie sa't it uterlik like, en dat hy har net tefolle mei syn streakjen lêstich falle soe. Hy wie ûnsjuch en net sa hiel jong mear... nammerste slimmer foar him, om't se sels in jong en tsjep kearel net út leafde troud hawwe soe. Wat Eabe oangiet, syn griene rite fan âld skiep, dat lang fêste hat, wie ek net de ienige reden, dat er har sûnder lang te frijen ta syn wiif frege, mei al de drystmoedigens fan ien, dy't de sinne al yn 't wetter skinen sjoen hie, mar it ienlike libben ferfeelde him op 'en doer. Hy hie al in tiidlang allinne omklûze, nei't syn ienichst oerbleaune dochter de doar útrekke wie om te tsjinjen. Syn suster, dy't troud wie, en mei har man dêr ek op it streekje wenne, hâlde sa'n bytsje tafersjuch op syn boel, mar dat gyng net op 'en doer. En sa trouden hja dan einlings, sûnder dat der folle feestlikens by te pas kaam, en sûnder dat it foar ien fan beiden wat nijs wie, as dat se jit ta mekoar wenne moasten.
Har âlde heit, dy't fielde dat it mei him op 'en ein rûn, hie sûnder muoite syn tastimming jûn, by 't betinken, dat hja yn elk gefal dochs besoarge wêze soe, en hy hie fansels gjin tastimming nedich fan syn famylje, dy't der oars wakker op tsjin wiene, sûnder dêr lykwols iepenlik de mûle oer te spielen, hja ek hiene wol wat op 'e kape, dat se leaver bedutsen hâlden. Ienkear troud wêzende, hie it jonge wiif noch fan harren, noch fan de buorren eat te lijen hân, wat har oanstoat jaan koe. Hja freesden har as immen dy't it net geraden wie de mûle iepen te brekken.
It wie yn 'e simmer; de manlju wiene yn 'e skrip op it lân by de boer, de froulju op it streekje arbeiden yn har lytse tún, de sinnehoed op 'e holle, mei bleate fan 'e sinne ferbarnde hals en earmen, healwei bedutsen troch de boarstroksmouwen, en yn in blaustreekte ûnderrôk, dy't de stevige kûten yn swartwollene hoazzen sjen liet, en om 'e fuotten klompen, dy't se foar d' efterdoar útsmite koene as se yn 'e hûs moasten, om nei 't sliepende bern yn 'e widze te sjen of oars wat ûnder de hân te berêden...
Gepk allinne siet yn 'e hûs. Behalve dat se har foarnomd hie om gjin slach lânwurk te dwaan, hie se foarearst ek wurk genôch
| |
| |
hân, mei har wente en de ferwaarloaze húshâlding op oarder te bringen, en yn har gedachten in eventaris op te meitsjen fan de ynboel en de liifdracht fan har man. Dizze foel har noch al mei. Hy hie sûnt syn boerefeint-wêzen by syn earste wiivjen in goede kiste fol klean meinomd, dy't jit net folle fersliten wiene, al roeken se net wakker fris, om't er wend wie syn wollen guod sa lang mûglik oan te hâlden, ear't it yn 'e wask kaam, mar dêr wie 't wierjen goed foar west. Syn troupak koe se al, dat hie no al foar de twadde kear tsjinst dien, mar hja rekkene út, dat er dêr syn hiele libben foar sneins wol mei ta koe... dat skeelde safolle. Hja berekkene fierder yn hoefier't syn wikeliks fertsjinst foar de behoeften fan har beiden strekke koe, of leaver wat se foar iten en drinken dêr fan besteegje koe. Foar himsels hie dat altyd in ûnnoazel lyts bytsje west, yn safier't hy mei ierappels en túnfruchten, dy't er sels ferboude, en mei roggenbrea mei wat fet of bûter, dat er kofte, tefreden wie. Hy wie sa earnich, net allinne út syn aard, mar ek fan need. Hy hie har sûnt syn troudei al bekenne moatten, dat de boer him winters wolris in skoft dien joech, dat er dêrom simmers wat begrúske om yn dy liddige tiid gjin brek te hawwen. As hja no mei har beiden op allyk in wize sunich wiene, dan soene se, tocht him, gjin krimp ha, likemin as... doe't syn dochter jit by him wie. Hy suchte ûnwollens as er oan dy jongfaam tocht, sûnder dat hja it opmurk. Oaren, sa prate er fierder, krigen yn sa'n gefal wat fan de útdieling of in drip ûnderstân, hy hie dat noait hân... Hja knikte goedkarrend en sei, dat it dêr ek noait ta komme moast... mar hja wie al teleursteld, nammerste mear, om't er har ek jit fertelde, dat immen jild oer syn lyts gedoch hie, dat der jierliks sa'n somme foar opbrocht wurde moast om de yntressen te foldwaan. Hy hie tocht dat alles syn eigen wie, dus dat hiet mar sa... Hja hie wol al eane dat der, lykas by alle dingen, ôffal wêze soe, mar safolle, dêr hie se net op rekkene. Der wie jit folle mear by; dat soe letter jit blike. Mar dat allegearre dêr litten... Dus hy tochte, dat hja har ek op 'en doer mei dy skriele kost tefreden stelle soe, hja dy't it yn 't lêst by har âlden sa skoan wend wie... dat koe hy tinke... dan moast hy mar sjen, dat er mear fertsjinne,
| |
| |
dêr wie hy kearel foar, tocht har... hja hie him oansjoen by de gelegenheid en murk no foargoed hoe ûnsjuch hy wie. In gefoel fan inerlike ôfwears griep har oan, fermingd mei meilijen, dat er by al syn bodzjen net krije kind hie wat syn lichem yn stân hâlde moast, bûten dat der fan ienich genot yn syn libben noait sprake wêze kind hie... Mar wat koe 't har ek skele, hy wie har kearel, mar hja fielde neat foar him, en hy wie ferplichte har te ûnderhâlden en 't har goed te jaan... dat hie er har ek ûnthjitten! En dan... wat tocht him? In hiel skoft, miskien de hiele winter op 'e broek te sitten, by har yn 'e hûs, alles ôf te noazjen en te bestellen, jangattich as er altyd west, en yn syn widnerskip jit mear wurden wie... him altyd foar it gesicht te hawwen, rûzje mei him te krijen, of - slimmer! - syn streakjen duldzje te moatten. Dat soe der om 'e wet net ynstean...
En no, op dit stuit, trou oan har foarnimmen om it goed te hawwen, sette se har, - nei't hja alles op oarder hie, - in goed pantsjefol tee mei in grou klûntsje - hok ien en oar dêr froeger noait yn hûs west hie: dat mocht lju as hja en har gelikens net barre... en 't wie ek gjin needsaak, allinne mar om in swiete mûle te krijen... Sa riddenearre hy, dy't him mei it aldergeringste foar syn dier-ik tefreden stelde. Hja hie it safier jit net brocht.
Hja skonk har tee yn en betocht, dat de mieltiid flau west hie, yn safier dat der net it nedige by wie, om it iten smaaksum te meitsjen, en smarde har in krintepofke om by de tee te brûken.
Hja hie wol foar 't ferstân, dat er har alles goed foarrekkene hie, en hja fan har fertsjinst net krije koene, wat in minske, nei har sin, wezenlik takaam, wylst it te foarsjen wie, dat hja dêr al mei gauwens rûzje oer krije moasten... mar dat wie fan letter soarch. Hja hie jit in lytse sparpot fan har eigen, dy't hja stadichoan der by yn tarde, en ûnderwilens woe se besiikje om hegere begeartens yn him wekker te meitsjen, al wie 't mar allinne yn safier, dat ek hy foar it lichem syn gerak ha woe, en dêrfoar op alle wizen - net allinne troch bodzjen - syn war dwaan. Hja hie gjin minskekennis genôch om te witten, dat oan in man, wa't syn hiele lange libben de needrige beskiedenheid mei in earsuchtdoovjende en yn
| |
| |
ûnwittendheid hâldende tefredenheid as heechste deugd foarhâlden wie, en nei't hy him dêr al by dellein hie, net folle te feroarjen wêze soe. Dit wie almei in ferburgen klip wêr't har oars al wrakke houliksboatsje yn 'e takomst geduerich op stjitte moast. Har fiterjen koe allinne ta gefolch ha, dat er him yn syn wiere karakter oan har kenne liet, de by him wekker makke ûntefredenheid allinne op har wreke soe... en op in wize, dy't de haatlikste hertstochten oer en wer tsjin mekoar yn beweging brocht...
Mar op dit stuit wie 't dêr jit net oan ta.
No siet se yn 'e bladeren, allinne, mimerjende yn harsels. De sinne skynde op 'e hege beamwâl oan de oerside fan 'e dyk, wêr't hja 't útsjuch op hie troch de healslitene, fan 't waskjen gaastinne, mar hagelwite gerdinen. Tusken de heech opskettene stammen fan 't elzen kaphout groeiden yn 't wyld hjir en dêr: in inkelde hagedoarn jit yn 'e bloei, op in oar steed pronke in wylde roas as in teare, reidige juffer, behaachlik foar 't each, de streakjende bijkes, dy't har reine môlk-en-bloedkleur net besmodzen, talittende, en mei nidige skerpe stikels elk oar ôfwarrende, dy't har skeadzje of ferheisterje koe, oan 'e sleatsigge, leech by de grûn lâns en lâns toarnstrûken, yn elkoar fertiisd en ticht beblêde, as in opsmitene en begroeide wâl. De sniewite bloezems hiene al it plak romd foar de opkommende frucht yn har earste griene bernskens, dy't allinkenwei it frisse read fan de opwaaksende jongfaam oannimme soe, om einlings dûnkerglânzjend en sappich yn har begearlike folsleinheid te pronkjen, tidich en gewillich om plôke te wurden... Och, ear't it safier wie, wiene slynske miggen jamk al op har takomd om har sappen te priuwen, of it moast wêze dat nidige spinnen al by foarried in webbe om har hinne spûn hiene, as in beskermjend net, dat de al te drystmoedige en slije gasten fan har ôfhâlde, net ûngelyk oan jaloerske âlden, dy't har rypjende dochters ûnder har flerken hâlde, om se foar 't ferlied fan geile manlju te bewarjen. Mar de nidige spinnen, dy't de sapbegearige miggen de tagong belette, benimme ûnwollens de toarnbei ljocht en lucht, sa't dizze har dochs op 'en doer - al is 't ek yn ûngereptens - ferkwynt.
Gepk, dy't fan beide ûnderfining hie, wist by 't einsluten net wat
| |
| |
foar harsels it bêst west hie. Yn elk gefal... hja wie no troud en prakkesearre oer de takomst. Hommels waard hja yn har oertinkingen steurd, trochdat har snoarske by har yn kaam. 't Wie fêst minder út belangstelling, as om de boel ris troch 't gat te sjen, of oars mei in doel, want hja wiene elkoar just net wakker genegen.
Beart, har mans suster, wie troud mei Bouke Beantsje, lykas men him yn syn ôfwêzen neamde, want dy lêste wie in bynamme, dy't men him joech, 't sij om't er eigentlik Bouke Bearns hjitte, of om't er folle mei beantsjebou pielde... faak wol om 't iene sawol as om 't oare. Likefolle...
Beart, dy't krektsa jit yn har tún oan 't skoffeljen west, en har net ferstrûpt of ferhimmele hie, seach nij op, dat hjir alles sa kreep en himmel wie en dat Gepk, tsjep en skjin, sa prinshearlik by de tee siet, want hja hie hjir, as se by har broer kaam, noait oars as in oeralle en snústerige boel fûn, dy't hja dan yn 'e gauwichheid wat opromme. Hja wie ferraske en ta allyk ynwindich spitich, dat se 't hjir sa fûn, en 't jonge wiif yn neat har ried nedich like te hawwen. Gepk fan har kant fûn it minder aardich, dat har snoar sa mar ûngedien en sûnder kompliminten by har ynfallen kaam, en stofleasten wâde op 'e pas dweile flier... Hja makke dêr út op, dat it hjir by de lju ek al in boel wie, lykas froeger by har âlden, wêr't elk de swiete fal-yn hie, en yn ruil dêr foar de smoargens fan 'e dyk en faak jit wat slimmers by har efterliet. Dy sa heech ophelle gastfrijens fan 't lân hie har altyd wearzge, en hja hie der dêrom by har âlden ek in ein oan makke. Soe se yn har eigen húshâlden minder wêze en dat geflean wer talitte, mei al it ûnnoflike, dat der oan ferbûn wie? Hja hie al fêst foar har nomd fan net, wat de lju om har hinne dêr ek fan tinke of sizze mochten. Dêr hie hja op it lêst ek skyt oan, hja hoegde dy lju net foar eagen te hâlden: dy wiene ek net sa moai as se liken, dat hie se al yn 'e gaten krige, en dy soene 't dus wol litte om tsjin har te begjinnen... oars soe hja se wol stof leverje! Hja wie ek al begûn mei har man, dêr't se bûtendat al net sa begearich ta wie, oan oarder en regel te wennen, en him skjinnens te learen, om foar te kommen, dat er troch syn uterlik en dwaan har jit net mear wearzgje soe. Hy wie har oars al
| |
| |
ûnsjuggernôch. Hja hie lykwols gjin kâns sjoen, him dêrta te krijen, as troch yn 't earst oan syn hjerstgriene riten fan âlde widner in bytsje ta te jaan, want hja koe him al slim dalik ôfstegerje, no't hja ienkear man en wiif wiene, en har opoffering yn dit stik koe op dizze wize jit wat fertuten dwaan. Hja hie 't dus fan him gedaan krige, dat er fan 't lân kommende, him earst by de pomp efter hûs wat wosk, syn bemoddere of bestode boppeklean yn 't efterhûs út-, en in skjinne kyl en broek mei oare hoazzen oanteach, ear't er yn 'e keamer kaam. Hy mocht him ek net mear op bêd ferskjinje, en moast syn klean oarderlik foar 't bêd op in stoel lizze, as er him te rêst joech... en al sa fuort.
Gepk, by al it sedelik ûnhuer, dêr't hja har tefoaren wol yn bejûn hie, wie altyd skjin op harsels west, en seach it ek graach skjin en oarderlik om har hinne - hiel oars as dy sloven hjirre, dy't mienden, dat it mei iten en drinken al goed, en as se it foar in inkelde kear ris wat rommer hiene, al tige wie, en dy't de boel yn 'e hûs leaver lizze lieten, om it foar doar en om hûs mar oarderlik te hâlden, sa't nimmen fan har wurkjouwers der oanstoat oan nimme koe. Yn safier stie hja fier boppe dejinge, dy't om har hinne wennen... mar dy't mûlk ek njunkelytsen, en nei fergees wrakseljen, ta dy leechte delgliden wiene... Gepk, dy't pas op harsels de striid begûn wie, stried jit mei moed tsjin alles wat har hjir yn 'e wei wie, en op hope, dat hja dat alles op 'en doer oerwinne soe. No makke hja har jit sterk, dat nimmen har dêryn dwersbongelje of ûnwollens ferhinderje soe.
Hja seach dus net by útstek freonlik, doe't Beart ynkommende op in stoel delfoel, sûnder dêrta útnoege te wêzen, wylst hja sei:
- Ik soe ris by jo sjen, en der dalik op folgje liet: Men kin wol sjen wa't it goed giet. Dit wie om har út te hearren, mei in doel, lykas wy neier fernimme sille.
- Goed gean? Hoe dat sa? frege Gepk.
- Wol, jy hawwe hjir alles sa op oarder en yn 'e es, men kin dat by lju as wy, oars sa net hawwe.
- Ik soe net witte, wêrom net. It kostet dochs neat om it sa te hawwen, oars net as wat wurk.
| |
| |
- Om it sa te hawwen net, mar om it sa te hâlden. Dat kostet oan sjippe en dweilen, oan poetsguod en skûteldoeken, oan bjinders en stoffers... en ik wit net wat allegearre wol. As dat fan 'e deihier ôf sil, kin der foar iten en drinken al in danich bytsje, ik soe sizze hast neat oerbliuwe. En praat jy fan wurk, men kin om dizze tiid in hiele dei yn 'e tún skrippe, sûnder dat it oan jins húshâlding takomt...
- Mar ik wol dat allegearre hawwe, ik kin net yn sa'n boel sitte... en yn 'e tún arbeidzje wol ik ek net, dat is gjin wurk foar in frouminske, tinkt my.
- Wa moat dat dan dwaan?
- Dat kin hy dwaan as er thús is, en oars kin er it litte, ik yn alle gefal net.
- Dat soe faak net it slimste wêze, no't er jit sa grien mei dy is, hoewol, minen soe it ferpoffe of braaf opspylje, as ik net meiholp; mar om it allegearre sa te krijen en te hâlden, lykas jy it ha wolle, dat sil op 'en doer net gean, by wat ús manlju fertsjinje.
- Ik sjuch net, dat it minder kin, dan moatte dy mar mear fertsjinje.
- Och, sloof, dat falt jy wat ôf, dêr is foar ús lju gjin oankommen oan, wat wy ek besiikje...
Gepks eigen ûnderfining, dat hja it mei Eabe syn fertsjinst, sels yn 't bêst fan 'e tiid, sa net hâlde kin, en by 't foarútsjuch, dat dit libben gau ophâlde sil, as har sparpenjen op binne, en it jit folle minder te krijen as de dagenhier lytser wurde, of - slimmer - as it wurk alhiel dien wêze sil, makket har ûngerêst. Hja mei der net om tinke, en wol der foar it eagenblik net oan tinke, as Beart fierder de tastân bleat lizze wol, en seit:
- Siker, jy sille it sa net folhâlde...
Mar Gepk, om it te ferjitten, dêrby grutsk, en har snoarske graach yn 'e ferbylding littende, dat hja bûtendat hiel wol hat, andert skynber fleurich:
- Dat sille wy sjen, en makket dêrmei in ein oan dit foar har sa ûnnoflik petear.
Beart, nei't hja in pantsjefol tee hân, en jit wat mei har snoarske praat hie, makke risselwaasje om nei hûs. Hja wist no genôch, mar net, dat Gepk har ek allike goed tante en útheard hie,
| |
| |
en allegear oer dingen, wêrfan't de weet har in wapen yn 'e hannen wie, dêr't hja brûkme fan meitsje koe, as hja d' iene of d' oare tiid mei it soadsje om har hinne ûnklear wurde mocht, of dat se har berabben, wat allicht it gefal wurde koe, om't hja hjir yn alles net meidie, en har al te foarnaam oanstelde.
- Kom, ik moat nedich nei hûs, sei Beart einlings, kom my ek ris gau opsiikjen...
- Dat sil ik dwaan, sa gau as jy my noadzje. Ik kom leafst net ûngelegen.
Beart tocht, dat se dy yn 'e bûs stekke koe, en sei min ofte mear spitich:
- Fansels, jy sille it by my net allegearre sa folmakke fine, mar jy sille der dochs wol yn kinne. Smoarch is it by my yn alle gefâl net.
- Bêst, ik sil komme.
- Eabe, ferfolge Beart, neitinkende, Eabe, doe't er allinne wie, hie faak syn kommen by ús, foaral as de jûnen wat lang wiene. En hy siet ús noait yn 'e wei.
- Wol, as jimme der op gesteld binne, dan mei er dat om my jit wol dwaan. Ik wol him jûns wol slite.
- Dochs, ju? Jy binne dochs net bang foar Sinteklaas?
- Och, Heare, nee! Dat mei elk hjir wol witte. Mar ik ha gjin nocht mear oan dat gestreak.
- Dêr is it wêzen yn, hen? No, ik ha der ek al lang myn nocht ôf, kin ik dy sizze.
Hja doken elkoar no, want hja waarden mear fertroulik by it tebinnenbringen fan de griene tiid, doe't se beide, elk op har bar, jit yn 't nijgers wiene, en yn dartene liette harren fermakken. Hja suchtsje ûnwollens by dat tebinnenbringen, sjugge elkoar yn 't wêzen, en laitsje, ferachtsum, as beskamme.
- No, lykas sein, kom ek mar ris, of leaver: kom mar mei jimme beiden op in jûn, ik sil wol sizze hoenear.
- Bêst, ôfpraat.
Dêrmei giet Beart de doar út, by harsels oertsjûge, dat Gepk goed wat efterôf klaud hawwe moat, om sa'n steat fiere te kinnen, lykas hja it neamt. Dat makket wol har jaloerskens geande, lykas
| |
| |
elkien fan har gelikens dwaan soe, dy't elkoar yn har earmoed noch it libben fergunne, as se tinke, dat de oare it in bytsje better hat. Mar oan de oare kant is hja der oer foldien...
Hja wie der nammentlik op útstjoerd om ris poalshichte te nimmen, hoe't it by Eabe-en-dy stie, en wol fan de boer, dêr't Bouke fêste arbeider by wie, en by wa't Beart froeger as faam tsjinne hie. Hy stelde yn safier belang yn Eabe-en-dy's húshâlding, dat er graach witte woe, oft dizze de winters faak ek om ûnderstân by him oanklopje kinne soe, no't er troud wie, en wol mei ien, dy't, lykas him oerslein wie, neat besiet, ja, eigentlik in ferlegen sloof wie, mar lykwols net mei in bytsje ta koe. Hy hie him dêr as earmfoud en ponghâlder al ûntrêst oer makke, want hy behearde de boel sunich en woe leafst sa min mûlk útjaan. Sa koe er dat postje op 'en doer hâlde. Hja, dy't der ta steld binne om de genade-giften út te dielen, en dit sa min mûlk dogge, jilde fansels foar de bêste... behalve by har, dy't se ûntfange moatte, mar - dit lêste hindert net. Sa tocht hy der teminsten ek oer. Wat koe it him skele oft er dizze ta fijân makke! En dochs, dêr hie er ûngelyk oan. Under harren, wa't er in lytse temjittekomming wegere hie op in tiid, dat se der wol tige behoefte oan hiene, wiene inkelden dêr sa oer rekke, dat se dingen fan him op 'e baan brochten, dy't him net ta eare strieken. Se fertelden, dat er in party folle minder oan ûnderstân útkearde as dêr't er frij ta hie, en fan wat er op dizze wize útsunige oaren goed die, dy't it net sa nedich wiene, mar dy't in tsjep wiif hiene, dêr't er dan temûk de rin hawwe koe, sûnder dat it himsels wat koste. Dat gerofte fûn njunkelytsen yngong, en bliek wierheid, en doe waard er ek as earmfoud ôfset en as lid ôfsnien. Safolle hiene dy sloven, wa't er net telde, dan dochs bewurke, dat nimmen fan harren him mear hoegde te ûntsjen, en dat er mar earne oars sjen moast om syn slynske riten te foldwaan. Op dit stuit lykwols wie er uterlik jit de moaie man, dêr't elk fan harren de mûtse foar lichte, en dy't se graach in tsjinst diene, lykas Beart him no die, troch him oer har broers húshâlding yn te ljochtsjen, en him dit oangeande gerêst te stellen.
| |
| |
It wie sûnt al gau op it streekje en fierder yn d' omkrite bekend, dat it by Eabe-en-har in romme boel wie, hoewol der oan him net folle fan te sjen wie, as allinne dat er wat eachliker foar 't ljocht kaam. Hja lieten beide de lju yn har gelove, en wiene der grut op, skoan der ûngelyk oer praat waard. De bêsten ûnder harren joegen der fansels ek de geunstichste útlis oan. Hja tochten, dat Gepk wat fan har âlde mei te'n houlik krige hie, dy hie 't yn 'e lêste tiid net sa krap hân, mar oaren, dy't har folk better kend hiene en har kwea gunden, leine it oars út. Dy ornearren, dat Gepk wol middel wist om oan jild te kommen. Der wiene altyd gekke manlju genôch, dy't har wol wat ôftroaie lieten, en as de gekken it kwyt woene, koene de ûnnoaz'lingen it maklik krije... Sa riddenearren dizze, mar allegearre wiene 't der oer iens, dat Eabe-en-dy it rom hiene, en dat dit foar in arbeider sa net hoegde. Mar Gepk liet se rabje of temûk smûspelje, en steurde har der net oan: wat in oar sei, dêr hie hja al lang skyt oan. Hja wist hoe't d' iene d' oare altyd fergunt, en tochte dat it better wie benide as beklage te wêzen. Mar dêr kaam eat út fuort, dêr't se net op rekkene hie, en dat al wer minder noflik foar har wêze soe.
Eabe hie yn 'e sykte fan syn earste wiif, doe't er thússitte moast, by dizze en jinge op 'e pof helje litten, en de lju hiene 't him jûn yn 'e ferwachting, it betelle krije te sillen. It wie klear, dat syn wiif der gau mei hinne gean soe, en bekend, dat er har yn 'e fersekering hie. En doe't hja út 'e tiid wie, wachten se jit oant nijjier, ear't se kamen te moanjen. Mar doe wie 't foar harren al te let, want Eabe hie fan 't bytsje, dat er fan it fûnsjild oerhâlde, al wiken lang op 'e broek sitten en syn dochter, doe't dy de doar útrekke om te tsjinjen, dêr in foech útset fan jûn. Hja hiene har doe foar 't eagenblik mei moaie beloften tefreden stelle moatten yn pleats fan jild. Dat wie fansels in misrekken, mar men treastge jin, om't it der op 'en doer altyd jit te krijen wêze soe, want dat hy in eigen steedsje hie.
No't men lykwols by gerofte fernaam, dat it by Eabe wer net op koe, kamen hja d'iene nei d' oare, wylst hy de doar út wie, by 't jonge wiif te moanjen, wat har wakker út ferset brocht. Hja koe net oars sizze, lykas 't ek yn wierheid bestie, dat hja fan dy skuld neat
| |
| |
wist, en gjin kâns seach om dy te foldwaan. Mar dit lêste woe men net leauwe, hja hâlden oan as stofrein, riddenearren foar 't âlde gat wei, en wurken op har earsucht, yn hope om wat fan har los te krijen. Hja wisten hoe'n goede beteller har heit altyd west hie, seine se, en dat men fan har skuldmeitsjen ek noait heard hie, en hja soene it knap fan har fine as se dy lytse efterstallichheden fan har man no ek mar foldie... koartom, hja riddenearren en diene - lykas dy lju kinne as se wat fan immen ha moatte. Mar 't wie likefolle beane as pûltsjes. Al har riddenaasjes hiene allinne ta gefolch, dat Gepk ûngemaklik en einlings opsternaat waard, en har spitige reden ta beskied joech. De kop wie har oars al gjin jelne lang, by al de teleurstellings en misrekkens, dy't hja yn sa koarte tiid hân hie. En dy earst freonlike, streakjende, mei binlike reden oertsjûgjende moanners smieten ek it mom ôf, en gyngen driigjende en skellende de doar út, sizzende dat har kearel in gemiene beskiter wie, en hja ek net folle better, want dat d' iene hûn mei d' oaren fûl waard... Inkelde, dy't jit net wisten, dat it tiid fan opstappen wie, as se safier gyngen, krigen by dy gelegenheid de tange op 'e hûd, in wapen, dat yn sa'n omstannichheid dytiids folle brûkt waard, en foar 't eagenblik ek fertuten die. Mar dat alles makke Gepk neat n't noflik temoede, bûten dat dy lju har rûnom oer de streek brochten, dat gjin ien har mear wat op 'e wike jaan soe.
Lykwols, sa fier krigen se 't net by allegearre, en dat hâlde har moed jit wat geande. In partij, altyd yn 'e ferbylding, dat Gepk wol betelje koe, en yn 't gelove, dat hja earlikernôch wie, om dit foar harsels ek te dwaan en dy't bûtendat neat oan har man tegoede hiene, wiene fan miening, dat Gepk fan har sparpenjen har mans skulden fan foar 't houlik net hoegde te foldwaan, en sokken woene har jit wol boargje, wat yn folle gefallen ek foar har like goed wie as jild, sa't hja tocht.
Under dy allen wie in boerinne, dy't har bûter levere en dy't har fan froeger wol koe. Hja wie mar in arbeidersdochter, eigentlik fan folle minder komôf jit as Gepk, en 't hie har as faam ek likemin nau stutsen as dizze, mar hja hie 't him better lapt. Hja wie al ier foar faam komd by in boer, dy't gâns in stik âlder wie as
| |
| |
hja, mar dêr't de fonken jit yn sieten. Hy hie al gau danich op har ferslingere west en woe har graach hawwe... lykwols net ta syn wiif. Hja, earm sloof, liet har oerhelje en doe't se fan him yn 'e kream moast, woe er har de doar útstjitte, mar har âlde moer striek dêr in skoatteltsje foar, troch har oan te rieden om te bliuwen, en hja bleau, wat er ek besocht om har der út te krijen. Hy hie 't sels mei it Rjucht probearre, mar koe gjin ‘rjucht’ fine: hja hiene him ynpleats oanret om mar gau mei har te trouwen, en him bang makke, dat it oars wolris op syn lân waaie koe. Hy hie dus fan 'e need in deugd makke en wie mei har troud... út benaudens en tsjin 't sin en mocht it dêrteboppe jit as in straffe beskôgje, dat er foar 't earst in healwize jonge by har krige, en dat har famylje him der stadichoan trochholp, want dy makken fan de gelegenheid brûkme om it goed te hawwen... Lykwols libben hja aardich meiinoar hinne.
No, dit minske - begearich nei in útflechtsje en by har gelikens net folle yn tel - fersocht Gepk út en troch en hâlde har wâl en kredyt jit wat op. Gepk har uterlik goede libben, wat d' iene har sa fergunde en wêr't d' oare syn foardiel mei tochte te dwaan, soe lykwols net lang mear duorje...
Under ôfwikseljende foarfallen en ûnderfiningen, dy't allegear op ‘ôffal’ foar Gepk útdraaiden, wiene in moanne-wat sûnt har trouwen foarbygien. Hja wie der fansels net fleuriger ûnder wurden en joech har kearel aloan noartsk beskied, mar hâlde jit alles foar him ferhoalen wat har deis foar ûnnofliks bejegene, om't se jit altyd hope, dat er syn bêst dwaan soe, om it op 'en doer sa hâlde te kinnen as er 't jit by har hie, te sizzen wat iten en drinken en fersoarging oangiet, en út freze, dat as se him jûns, as er deawurch thúskaam fan 't wurk, mei al dy swierrichheden lêstich foel, hy alle moed ferlieze, of de hoarnen yn 'e wâl stekke soe. Want hja hie al lang opmurken, dat er gau mei 't spul oan wie, as er tefolle tsjinwar hie en de kop der tsjin sette as er, al wie 't ek mei in goed doel, fitere waard. Hja koe lykwols jit lang wachtsje ear't er út himsels war dwaan soe, om mear te fertsjinjen, ienfâl- | |
| |
dichwei om't er dêr gjin kâns ta seach. Hy koe allinne arbeidzje foar in deihier, dy't by allegearre wa't jit wurk joegen der op berekkene wie, dat har arbeiders der krekt de mûle fan iepen hâlde koene. Eabe hie bûtendat jit gjin berekken makke, hoe't syn wiif it him fan dat bytsje jit sa goed jaan, of leaver net jaan koe. Miskien wie 't him ek al oerslein, of toch er út himsels dat hja yn stillens wat efter 'e hân hie, en dat se dit - lykas ek it gefal wie - dêr by ynkrommele... mar dan hie er net safolle foarútsjen, om te begripen, dat der op sa'n wize dochs gau in ein oan komme moast, en eane jit minder, dat dit al hast safier hinne wie. Hy wie alteas foar 't eagenblik jit tefreden en sûnder soarch, skoan er fan syn wiif hoe langer hoe minder freonlikheid ûnderfûn, behalve dat hja 't him goed joech, salang as 't jit duorre... mar hja seach it swurk al driuwen.
Under dy bedriuwen hiene se op in kear, lykas ôfsprutsen wie, al ris by de Beantsjes (lykas se har mans folk neamden) op in jûnpraatsje west. 't Wie Gepk net ôffallen, en it like har aardich skjin ta, want Beart hie de hiele dei skript en klaud om it yn 'e hûs wat sjuch en op oarder te krijen. Oars hie it faak sa wol wêze meien, mar no like it Gepk wol in geskikt stee foar har man, om him jûns, as de dagen koarten, fan 'e hân kwyt te wêzen, en dat skeelde safolle, want hy ferfeelde har al gau as er thús siet. Hy hie altyd sokke sleauwe of domme praatsjes, want hy hie neat leard, en sadwaande siet hja noch leaver allinne, om har mei har eigen prakkesaasjes bezich te hâlden. Allinne yn syn wurk wie Eabe net dom. Dat wie har dy jûns by de Beantsjes wol blykt. Hy mei syn swager hiene it doe mar wat drok hân oer lânferbettering yn 't gemien, en oer wat dêrta yn 't bysûnder strekke koe, en it wie blykber, dat se der wol kennis fan hiene... mar wat joech dat harren, wêr't se dy kennisse foar harsels net tapasse koene, om der op sa'n wize foardiel fan te hawwen! Gepk stelde dêrom gjin belang yn dat alles. Hja frege allinne wat er dêrfoar thús brocht. Dat wie in danich bytsje, en skielk soe it hielendal neat wêze...
| |
| |
De wolkens oan har houlikshimel waarden hoe langer hoe tsjokker en tsjusterder, mar oant no ta wie it jit stil en skynber fredich tusken harren tagien... No, einlings soe it ûnwaar losbarste.
It wie op in sneintemoarn. Eabe, wa't de âlde dei al begûn oan te sjitten, en dy't net oeral sa goed mear tsjin koe, hie de wyks wat kjeld skipe by it greppeljen yn 'e wiete greide, sadat er wat oer syn gewoane tiid lizzen bleau, wylst it wiif syn deiske hoazzen droege en stoppe. Hja hie har wat tee set, en brocht him swijend in pantsjefol op bêd, om him op te kwikken, en net langer as nedich wie op dy manear mei him opskipe te wêzen. It soe wat wurde as er de hiele dei lizzen bleau, om mei syn gewoane jangattigens alles fan 't bêd ôf te begluorkjen en te bestellen. No, minder as ea, wie hja net yn steat of gewillich om soks te fernearen! Hy dronk syn tee op en sei: Ha jy der my net in klûntsje yn dien? Hy wie yn dit stik al ferwend.
- Nee, dat krigen jy froeger ek nea.
- Froeger? Dat is sa, mar yn 't lêst dochs wol.
- Just, mar dat hâldt no fuortoan op, mei jit folle mear, dêrsto dy fansels graach ta bejûn haste, en dat dy oars ek takaam... asto mar dyn bêst dwaan woeste, om der ek nei te fertsjinjen, wat ik altyd jit hope dat it gefal wurde soe. Dêrom joech ik it dy oant no ta jit sa goed, no kin ik dat net mear dwaan...
- Wêrom net?
- Fregest' dat jit? Omdatsto der net nei fertsjinneste, sis ik dy ommers.
- Ik bedoel, as dat net fan 'e deihier kin, hoe hieste it dan oan dizze tiid ta, datst der sa rom fan sopje koest?
- Ikke? Do fansels ek, of woeste ek jit beweare, datsto dyn part der net fan hân haste?
Hja ferwachte dat er sizze soe fan al, mar hy andere net. Dat makke har nidich, en hja andere him likemin, doe't er jitris frege: Mar hoe hiest it dan foartiid? Har swijen hie lykwols jit in oare reden.
Hja hie al lang ûntdutsen, dat ek hy jit in sparpotsje hie, dat er, lykas hy miende, foar har ferburgen hâlde. Hja tocht wol, dat er
| |
| |
dêr in doel by hie, mar wist net, dat dit foar de rinte ornearre wie, dy't er betelje moast fan 't jild, dat men oer syn spul hie. Hja hie der dêrom al lang op sind, hoe't se him der mûglik ta krije soe, om har dêr tydlingswei wat foar de húshâlding fan ôf te stean, as harres fersille wêze soe... dan koene se jit in poas op dy foet fuortlibje, en hja by 't soadsje om har hinne jit ‘de frou’ bliuwe. Hja allegear, dy't it al wikt hiene, dat it net lang sa mei har duorje soe, soene dan jit altyd salang foar liger stean! 't Is wier, har sparpenjen wiene njunkelytsen opgien, en ek oan sinen soe op dy manear in ein komme, nammerste gauwer om't de dagenhier al fan sechstjin op fjirtjin stoeren sakke wiene, mar sa soene se it dochs altyd jit in tiidlang folhâlde kinne. En komt tiid komt ried! No't hja dan dochs deilis wiene, fûn se 't in geskikte gelegenheid om him dêr ris oer te tantsjen, en doe't er syn frage jitris herhelle en sei: Hoe hiest it dan foartiid? andere hja reslút wei: Wel, hoe soe 'k it hân ha... ik ha dyn sparpot oansprutsen fansels.
Dat wurke op him as in wjerljochtstriel út it swier waar, dat boppen harren yn 'e loft hinge.
- Dat sil dy de divel! Hy fljucht as in wyld fan 't bêd en op har ta, klear om hannen oan har te slaan, mar bliuwt ûnferweechlik stean, no't er sjucht, dat hja net fan him ferfeard is. Har oerwicht fan fekke, dêr't se by ûnderfining weet fan hie, hâldt him yn 'e bân, mar hy is himsels net. Bleek en ûnsjuch, mei wyld dwalende eagen en blauwe lippen, de tosken opinoar klemd, stiet er in amerij foar har, mar sûnder sprekken, en de earmen slop by 't liif del. Gepk fynt him net mear ûnsjuch, hja fynt him ôfgryslik, en kâldgniist ferachtsum, by 't gesicht fan syn spjuchtige skonken en slap om 'e lea hingjend ûnderguod, dat him froeger te krap wie, nei't er har yn in fertroulike rite sein hie. Ferfolgens draait er him om en fljucht nei 't stee, dêr't er syn skat bewarre... goddank! Dy is der jitte, dat is in stien fan 't herte. As healwiis en ferdreaun komt er wer yn 'e keamer, om him oan te klaaien en de doar út te gean. It op bêd lizzen wie him fergien, lykas de lust om syn brea op te iten, mar hy hâlde de pong yn 'e bûse, en Gepk wist no foarfêst, dat hja dêr net oer beskikke kinne soe. Fan dit eagenblik
| |
| |
ôf waard earmoed troef... dy jage wol net de leafde ta 't finster út, want dy hie der noait west, mar hja liet de deilisskip yn, en de earmoed mei de deilisskip soene fuortoan by harren op 'e troan sitte...
Nei it toaniel, dat wy pas beskreauwen, siet Gepk fierder de hiele dei yn 'e hûs... har lot te bekleien, ûntrêst oer de takomst, en har nidich tinkende, dat hja sa te pas rekke en yn al har ferwachtingen teleursteld wie. Har kearel bleau ta de jûn út, hja wist net wêr't er hinne wie, en it koe har ek net skele, om't hja him al leaver gean as kommen seach. Leafde hie hja fansels noait foar him hân, en nei wat bard wie, hate en skoudere hja him.
Hy kaam einlings wakker ferdreaun thús, jit altyd ûntdien, en dêrby skrousk en út 'e liken, mar oars aardich bedaard, dat er oer syn jild net mear yn noed hoegde te wêzen. Hy wie der de doar mei útgien, om al fêst syn yntressen te beteljen, hoewol it jit in wike of wat foar de tiid wie. Dat joech him in gefoel fan gerêstens... Om't syn wiif neat sei, en it bûtendien net sa betiid mear wie, makke er oanstalten om him út te klaaien en op bêd te gean, mar hja woe him net op bêd ha, eardat se wist, wêr't er de hiele dei tahâlden hie. Ut syn sleau-iepengattich praat, dat er tefoaren wol hie, wie it har klear wurden, dat er noait oars as by lju fan min alloai syn komste hân hie, of teminsten by guodden dêr't it net al te skjin wie, en dat wie him oars al ferbean. Hja hie him allinne tastien, dat er jûns, as er woe, nei de Beantsjes gyng, om't hja it dêr jit aardich himmel befûn hie. Mar dêr hie er, lykas hja al wist, hjoed net west. Hja wie op dit stuit te koppich om him te freegjen, wêr't er sitten hie, en makke har nidich, dat hja it him wol freegje moast, om't hja har foarnomd hie, net de earste te wêzen, dy't wat sei. Dochs, hy kaam har foar, as er sei:
- Hawar, bergje dizze kwitânsje mar op, en bewarje dy goed. Hja beskôge dit as in bewiis fan fertrouwen, wat har in bytsje fermyldere, en andere, wylst hja it pompier oankrige en lies:
- Dus...
Hy miende har gedachten te rieden, en folde de sin op syn wize oan, troch te sizzen: ...dat wy teminsten der foar bewarre binne, om op 'e dyk te kommen, woeste fêst sizze.
| |
| |
Hja doken elkoar, as wie it ôfpraat, dat it fuortoan no altyd sa hearde, skoan se it tefoaren jit net dien hiene.
- Och, Heare, nee, andere hja, dat koe my neat skele, want dan hie ik reden om wer fan dy ôf te kommen, en koe elk syn eigen wegen gean. Dat wie foar my fierwei it bêst, want by dy moat ik op 'en doer dochs ferkwine en ferhûngerje, asto net mear ynbringste... dat woe ik dy sizze, en dat dyn kenyntsjedagen, dysto by my hân haste, ek út binne, neidat ik minen der by ynsmolten en by optard ha... haste no begrepen, wêromsto it jit sa goed by my hân haste, en dat dit no fuortoan út wêze sil? No witste wêrsto dy nei sette kinste... Hast ek earne oars west... by dyn kornútsjes...? Dan komste teminsten net op bêd, en noch minder my oan 'e hûd...
- Dêr ha ik ek net folle sin oan, ik bin neat net goed. Dêrmei gyng er op bêd, en hja liet him gewurde, om't er har dochs noait rjuchtstreeks anderje woe, en hja fan de rûzje foar it eagenblik ek genôch hie.
De oare moarns pangele Eabe wer lykas gewoanwei nei syn wurk, nei't er in pear pantsjefollen tee hân hie, mar syn stik roggenbrea mei in skrabke bûter hie er stean litten. De Beantsjes seine, dat er der min útseach. Hy wie lykwols jit sa wiis, dat er syn leed en lijen foar in oar ferburgen hâlde, en dat die hja fansels ek: tsjinoer de buorren hâlde se har jit grutsk, hoewol't se har net skamme, by 't minste of geringste rûzje mei dizze te krijen en fan elk in boekje iepen te dwaan, wat de húcheljende troep om har hinne yn ûngerêstens jage, en de fjildwachter dêr faker as tefoaren lânskommen die. Hja wie te oprjucht en te wreksuchtich, om der by sa'n gelegenheid net alles út te flappen, mar de oaren berabben en diene har ûndergong yn stillens en bleauwen de moaie man wylst hja by allegearre it lilke bist wie.
En sa gyng op it lêst, net allinne ûnder krapte en breklijen foar har beiden, mar ek yn stille ferlittenheid foar har, en ûnder stadich bodzjen sûnder útsjuch foar him, dei op dei foarby en wie 't der stil en sûnder libbenheid yn har wente, as in ûnwaar op wei
| |
| |
wie om him gear te pakken, mar roerich en lûdroftich, as it opkaam en útbarste, wat iderkear it gefal wie, sa't de buorren de earen der fan opstieken. Mar dit lêste hindere Gepk safolle net as de earmoed, dêr't se ûnder suchte, en dy't fan alles de oarsaak wie.
Hy wol, hy wist him op 'en doer wer te genearen en tefreden te wêzen mei it bytsje dat er froeger krige, skoan er dêrby hurd ôftakele, faker út postuer wie en de âlde dei him al te ûntidich begûn oan te sjitten. Mar dy tefredenheid, te fergelykjen mei dy fan it dier, as it de mage mar fol hat, wie foar har just in reden ta argewaasje, en dat se geduerich tsjin him oansiet. Wie dat in kearel, om dêr achting foar te hawwen? En dan noch yn 'e húshâlding alles bestelle te wollen! Hy hie der gjin begryp oer wat der al yn nedich wie bûten iten en drinken, as men alles skjinhâlde woe, en jit minder dat in wiif foar har allinne ek wol 't ien en 't oar ha moat, dat gjin namme hat, en dochs jild kostet, lykas in goed stikje sjippe om har te waskjen, en oare ditten en datten, - as hja der in bytsje goed útsjen wol. En dat Gepk dit alles hoe langer hoe mear misse moast, dêr hâlde se har kearel ek foar yn 'e rekken. Dat hiene oaren, dêr't se fan te foaren wol mei omslingere hie, jit wol foar har oer hân... As der sokke gedachten yn har opriisden, dan stie se op nij as op 'e helling fan in ôfgrûn, wêr't de geast fan it tsjoede ree stie om har ûngemurken in triuwke te jaan, dat se dêr by del glide soe... en wêr't se harsels net tsjin fersette koe.
Brekme oan sedelike weet, en in alles oerhearskjende sucht foar in goed libben wiene de fijannen, dy't Gepk altyd ûngelokkich makke hiene, en har op 't lêst alhiel ta fal bringe soene...
Eabe, dy't thús al gjin libben mear hie, siet hiele jûnen by de Beantsjes, dêr't er hoe langer hoe mear syn need klage. Hja hiene wakker meilijen mei him, mar ferhûgen har ynwindich, dat syn jong wiif net mear sa de frou spylje koe, en earmoed ek by harren no al troef wie... en dan siet hja salang allinne, prakkesearjende hoe't se 't - alteas foar harsels - wer better krije soe. No't har kearel net yn steat like om dêrfoar wat te bewrotten, koe 't har op 't lêst ek neat skele, hoe't se dêr oankomme soe... har eare lei fan
| |
| |
froeger dochs al by de streek, al hie se har as troud wiif noch sa bêst hâlden - wat se lykwols net om him dien hie -, mar allinne om't hja de manlju yn 't gemien al as manlju ferachte, en hja gjin gelegenheid fûn hie om mei dy har sljuchte riten har foardiel te dwaan. Mar dy gelegenheid soe hja fine, sûnder harsels noch te jaan! Dêr wiene jit genôch, dy't by har wiven al gjin haal mear fûnen, en har wol wat ôftroaie lieten... foar in freonlik gesicht en - útsjuch op wat oars. Mar hjir soe se 't net oan ta komme litte.
De geast fan it tsjoede gniisde yn syn fûstje by dizze prakkesaasjes fan Gepk en krige einlings syn sin.
Koartom... as Eabe tsjin bêdgongerstiid syn eigen wente wer opsochte, barde 't soms, dat syn wiif earst letter yn kaam. 't Hjitte dan, dat hja jit effen om in boadskip west hie. Mar iderkear nei't dit bard wie hiene hja d' oare deis wer mear romte yn 'e húshâlding, wat ek Eabe wakker oan like te stean, skoan er him al net begripe koe, wêr't dit weikaam.
Gepk wie ek net sûnder ûngerêstens dat er njunkelytsen erch krije soe, of by de Beantsjes dêr oer prate, en dat dy him erch jaan soene. En sa naam hja har foar, om dêr op in jûn ris te strunen, en sa wiis te wurden wat dêr al ferhandele waard. Hja gloep dus stil op it hiem en foar de glêzen, wêr't troch in kier yn it blyn alles yn 'e keamer te sjen en te hearren wie.
Beart, har snoar, siet by de tafel, de manlju elk yn in hoeke fan 'e hurd. De iene wie fansels har sweager, mar dy oare wie net har man, en hja koe dizze ek nearne ûntdekke. Hja miende dy besiker wol te kennen, skoan it flauwe skynsel fan 't fjoer syn trekken net al te dúdlik sjen liet, en syn lûd oars klonk as gewoan. Mar hja skynden wakker wille mei him te hawwen, want hy hinge gear fan grappen, dy't blyk joegen, dat it dier-ik yn him wurke, en wêr't syn komste om te dwaan west hie. Likefolle... har kearel wie der net. Dêr soe se him oer ûnder hannen nimme as er thúskaam, en - 't sij er dit opklearje koe of net - hja hie no in bewiis, dat er har ferliigde, en hja soe him te allen tide foar de fuotten smite kinne, dat hy ek syn heil by oaren, en faak wol by oare wiven, socht, as er 't ea yn 't sin krige om te freegjen, wêr't hja alle jûnen siet.
| |
| |
Doe't Eabe in amerij letter ek thúskaam, en hja klear stie om him it mannewaar op te sizzen en smeulsk te freegjen, wêr't er sa lang omswindele hie, kaam er har foar troch te fertellen, dat Olfertboer, de earmfoud-ponghâlder, mar dy't dit no al net mear wie, de jûns smoardronken by Bouke-en-harre ynfallen komd wie, en dat hy krektsa hinne west hie, om it wiif te warskôgjen, dat dy him fan de feint ophelje litte soe... En doe folge der jit in ferhaal, hoe't Olfertboer freedtemiddeis altyd skeef fan 'e wykmerk weromkaam, en nei't er thús wie, effen letter de doar wer útrûn, om jit mear drank te krijen, en ta eintsjebeslút by arbeiderslju oansylde, wêr't er besocht om de man de doar út te praten, en mei de froulju gemienskip te meitsjen... allegearre dingen, dy't wol al fan him bekend wiene, en wêr't hja net folle nei harke, hinderlik as har soks wie, as se oan harsels tocht, en teleursteld, dat se gjin útwynsel hie om al by foarried tsjin him oan te gean, mei dingen, dy't hy har letter en dan mei reden ferwite kinne soe.
Hoewol't se har net mear skamme om sels mei soksoarte fan kearels as Olfertboer oan te hâlden en dy har geunsten te jaan, ferachte hja se dochs, en dizze temear, dy't as gjirrich bekend stie, en dêrom altyd de rin hie by guon, dy't fan him ôfhingen. Hy wie har gjin praat wurdich, sei hja.
Olfertboer seach nuver op, doe't it wiif him thúshelje liet, mar ûntdiek al gau, wa't him dit bakt hie, en prakkesearre om dêr wrake oer te nimmen, wat him mar al te goed slagge. Hy wie besibbe mei de boer, dy't Eabe wurk joech, en jit foar't de winter ynfoel, krige dizze ûnferwacht dien, sûnder dat him hjir reden fan jûn waard... mar 't gefal lei der ta, en hja koene sjen hoe't se har retten.
Yn 't earst gyng dit noch sawat hinne, want de dochter kaam koart dêrnei ek mei in fetbaarch thús. Mar wat oars in ramp west hawwe soe, wie foar dit stuit in gelok, want Jap hie har lean allegearre opsparre, en dêr koene hja no in tiidlang fan tarre. Mar doe't ek hjiroan in ein kaam, en dy grutdochter, dy't oars aardich mei muoike koe, wer op aventoer de wrâld yngyng, begûn foar ús
| |
| |
lju in tiid fan lijen en earmoed, fan rûzje en deilisskip, wêr't by al it foarige jit gjin neamen wurdich west hie, temear no't de winter stadichoan ynfoel, en der nearne útsjuch op wurk of oars wat te krijen wie. Eabe, dy't yn 'e hûs gjin stee hie, sûnder slaande deilis mei syn wiif te wêzen, as wannear't se elkoar wyt en swart ferwieten, klommere hiele dagen bûtendoar om, en socht mei houtsjen of takbrekken noch wat te fertsjinjen, wat dan in mennich stoeren en in brantsje foar himsels joech, wêr't er him jûns by socht te waarmjen, want by de Beantsjes hoegde er net mear te kommen, sûnt er it by Olfertboer, har wurkjouwer, bedoarn hie. Dan siet er as healwiis yn 'e hoeke, wanhopich prakkesearjende, sûnder him oer de ferwiten fan syn wiif mear te bekroadzjen, dy't dêr einlings ek mar mei ophâlde as se seach, hoe suf en wezenloas hy der útseach, en bang wie dat er sljucht waard... en dêr like it hast wol nei. Want hy gyng nearenacht sels fan 't bêd en de doar út, sûnder dat hja wiste, wêr't er swalke.
Te let soe hja dit ûntdekke, en dan soe har de gelegenheid benomd wêze, om ea wer rûzje mei him te krijen, want syn mûle soe dan foar altyd swije.
Te midden fan ûnlân en petten stiene hjir en dêr ferspraat inkelde arbeidershuzen, fan âlds bewenne troch feangravers of fiskerlju en waans neikommelingen hjir hingjen bleaun wiene. Dy lju hearden op in nacht in heislik gejammer fan in minske yn deadsneed, dat lykwols nei inkelde minuten wer ophâlde. Dochs de oare moarns nei de reden hjirfan ûndersiik dwaande, fûnen se it lyk fan in man, dy't troch it iis sakke en ferdronken wie. Syn sek mei tuorrebout, dy't er plôke hie, om jit wat te fertsjinjen, stie in eintsje dêr ôf. It wie Eabe...
Hja brochten him stiif en beferzen op in ljedder thús, en syn ôfbeunde lichem rêste al skielk yn 'e swarte modder... wêr't op dit eagenblik in rein wyt sniekleed oerhinne lei, wêrmei't de natoer alle eachwearzgjends oan 't gesicht ûnttriek, as wie it om leauwe te litten, dat de grûn gjin leed of lijen bedekt hâlde.
| |
| |
Eabe' widdo bleau jit oan maaie ta yn har húske. Hoe't hja it rêde, en wêr't hja ferfolgens nei tagyng, bleau foar de buorren in geheim. Wy ek kinne der fierder neat fan skriuwe, wy kinne allinne gisje. Salang as der libben is, is der hoop, en dêrom... Mûlk is ek Gepk op in oar plak mei nije hoop de libbensstriid wer begûn, mar - wy twivelje oft hja wol ea ta har doel komd is... Ienris yn sa'n steat berne, of dêrta ferfallen, is 't hast ûnmooglik dêr út te reitsjen, en it better te krijen, al slagget dit soms in inkelde ûnder harren.
Meie elk dy't it yn 'e macht hat, syn bêst dwaan om foar sa'n lot bewarre te bliuwen!
|
|