Ta him dyn begearte
(1999)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermdUntstean‘Ik haw Ta him dyn bigearte mei hertstocht skreaun, o ja, fan haedstik oant haedstik, dan dit der by en dan dat der by. 't Wie machtich om dat to skriuwen. Ik woe it noch wolris dwaen. Dat boek haw ik wier mei in protte wille skreaun,’ sa sei de skriuwster yn 1970 yn in fraachpetear mei Tiny Mulder. Yn in fraachpetear mei Freark Dam út 1949 hie se al sein dat se it boek yn fjouwer moanne skreaun hie, mei in fearnsjier skoft tusken de earste trije en de lêste moanne. Dat se alhiel yn it skriuwen opgongen wie, kin men ek wol lêze yn de wurden oan de ein fan it âldste hânskrift: ‘Dienmakke oer middernacht fan 21 op 22 Jannewaris '47.’ In titel hie it boek doe noch net. Wa't dy betocht hat, is net bekend. Fan it boek binne twa autografen oerlevere. It iene liket de earste ferzy, de oare is dêr mei lytse feroaringen yn it net fan oerskreaun. By dy ‘earste ferzy’ steane hiel inkeld oantekens yn in oare hân as dy fan de skriuwster. It moat hast wol dy fan Inne | |
[pagina 420]
| |
de Jong of fan Fedde Schurer wêze, want dy twa hawwe dy ferzy foarsafier bekend allinnich mar sjoen. Ek yn de twadde ferzy hat de skriuwster wer lytse feroaringen oanbrocht. Yn opdracht fan de útjouwer hat S.J. van der Molen foar de printer de kopij úttypt. Under it printsjen hat se navenant noch wol gâns feroare, ek al op oanstean fan Laverman en syn meiwurker Freark Dam. Meast gong it om ynkoartsjen. Geauwe hat se lykwols op in suggestje fan Laverman de Kristusfiguer by op 'e eftergrûn oan tafoege. Fierders hat se op 't lêst noch de haadstikken 12 en 13 gearfoege, mar it is de fraach oft de útjouwer dat wol oernommen hat. Der is gjin haadstik 59. De roman is foar't neist fierhinne skreaun yn de folchoarder sa't wy dy no kinne. Dat jildt yn alle gefallen fan it tredde boek ôf. It earste boek lykwols bestie yn de earste opset foar't neist allinnich út wat letter de haadstikken 1 oant 8 wurden binne. Wat dêr binnen boek I noch op folget, liket tuskenskood. It is net bekend hoe't se op it idee kommen is om in roman oer in útsichtleaze leafde fan in frou te skriuwen. De kar foar dat tema sil wol heard hawwe by it alderearste begjin. Grif is se beynfloede troch lektuer. Mei de kombinaasje fan skiednis en hertstocht en mei de hang nei it absolute stiet de skriuwster sûnder mis yn de tradysje fan de Romantyk mei syn erfaring fan it sublime. Se fielde har dan ek besibbe oan tweintichsteieuske skriuwers as Iris Murdoch en François Mauriac en oan njoggentjinde-ieuwers as de Brönte's, De Maupassant, Dostojewsky en Tsjechow. Hanneke Hoekstra neamt yn har dissertaasje oer it wurk fan Ypk fan der Fear (1998) spesjaal Thomas Hardy's Tess of the d'Urbervilles. Mar hoefolle oft dy allegearre eventueel al meispilen yn de tiid dat se Ta him dyn begearte skreau, is de fraach, en ek oft de ferbining net oer tuskenskiven rûn is. It tema wie fansels troch de ieuwen hinne al bekend, spesjaal by froulike auteurs, en meast lykas hjir ek yn kombinaasjmei himelske leafde, mar dan wol foaral yn poëzy. J. Spanninga-Posthuma brocht yn 1950 Eline Vere fan Louis Couperus yn 't sin, en hie ek Hedwig út Van de koele meren des doods neame kin- | |
[pagina 421]
| |
nen, Fokke Sierksma hie it datselde jiers oer de romantyk fan de Amerikaanske film, S.J. van der Molen moast yn 1948 tinke oan ‘Skandinaviën en wurk fan Gulbranssen’, de Noarse auteur (sa kin men dêr oan tafoegje) dy't yn de jierren tritich foaral yn Dútslân wakker populêr waard mei oersettingen fan syn romans oer ivich sjongende bosken en famyljeskiednis fol tragyk, en ek oan De grote stille knecht (1936) fan Aar van de Werfhorst, en fansels oan De Vlaschaard fan Stijn Streuvels. Yn bepaalde opsichten kin men ek tinke oan De kleine Johannes fan Van Eeden, dy't ek muoite hat om in plak yn de mienskip te finen en ien mei de natuer is. Grif moat de skriuwster har ek metten hawwe mei Simke Kloosterman, like hertstochtlik as sysels. Poortinga, dy't beide yn syn besprek fan it boek mei elkoar ferliket, skriuwt dat by Simke it ferhaal folle minder in ienheid is, mar de styl better, benammen yn de lyryske einen. ‘By beide is in djip forstean fan hwat de siele op 'en fûlsten biweecht, [...] mar Simke har klassike formulearring, dy't sa faek it einprodukt fan dit forstean fan it libbensgeheim is, fynt men by Ypk wer net.’ In oare Fryske skriuwer dy't se graach lêze mocht, wie Douwe Kiestra. Ek dy syn wurk sit in wreed soar te hertstocht yn. Mei Ype Poortinga dielt se de histoarysk-romantyske langst nei in frjemde, himelske wrâld. Op oerienkomst mei Elbrich fan Poortinga komt Prikke/Mulder yn syn beprek. Hy docht dat yn oansluting by in tema dat E.B. Folkertsma krekt oansnijd hie, dat de man yn Elbrich nammentlik gjin keardel wie. Sa soe hjir neffens Mulder fan Hylck sein wurde kinne dat dy leechlein wurdt, mar him tinkt dochs dat se beide, Hylck likegoed as Alef, ‘tige wier en minsklik’ stal krigen hawwe. Wadman neamt yn syn besprek Folkertsma ek, dy sil neffens him yn Siertsje ‘grif ek wer in oantaesting fan de manlike superioriteit sjen.’ Mar yn it gefal fan Elbrich kin der dochs gjin sprake fan ynfloed west hawwe, want Ta him dyn begearte wie al skreaun doe't dat noch útkomme moast. Der sitte ek wol eleminten yn de opset fan it boek dy't yn ferbân te bringen binne mei it libben fan de skriuwster sels of | |
[pagina 422]
| |
mei it plak fan har as skriuwster yn de Fryske literatuer. De kar om Gaasterlânske ferhâldingen te beskriuwen kin der net ta bydroegen hawwe, want dy kaam letter. It boek soe earst by de Tsjonger om spylje, in streek dy't de skriuwster goed kennen leard hie doe't se dêr skoaljuffer wie. It begjin spilet der ek noch, want se lit Hylck dêr wei komme. Mar faaks hat se by it neier útwurkjen fan it idee har wol realisearre dat se mear fan Gaasterlân wist en it ferhaal dêr bûnter ferskaat fan folkslibben mei jaan koe. Dat moat nammentlik ek ien fan har útgongspunten west hawwe. Se seit yn april 1949 yn in fraachpetear sels dat se it boek om âlde gebrûken dêre hinne weefd hat. Ek sil se wol tocht ha dat se yn Gaasterlân better in boek spylje litte kinne soe dêr't it leauwe sa'n foarnaam plak yn krije moast. Se hie trouwens op oanstean fan Inne de Jong yn de oarlochstiid al fan plan west om in boek oer Gaasterlân te skriuwen, mar dat hie doe net slagje wollen. By de Tsjonger-setting fan it begjin hat grif al wol fêststien dat sosjale tsjinstellingen in rol spylje soenen, en dy kinne fansels wol mei ta it tema fan de útsichtleaze leafde laat hawwe. Hoe heech oft sosjale tsjinstellingen tusken boeren en arbeiders har sieten, merkt men yn in pear stikken dy't se yn desimber 1946 ûnder de kop ‘Earmoed yn Gaesterlân by de arbeiders yn de 19e ieu’ yn De Stim fan Fryslân publisearre. Ek dêre leit se in ferbining mei it leauwen. | |
ResepsjeIt boek waard frij entûsjast ûntfongen, mar it waard dochs net as in masterwurk sjoen. Wadman begong syn krityk op it boek mei te sizzen dat Ypk fan der Fear gjin grut skriuwster wie, wat fansels likegoed ynhâldt dat dêr ûnwissichheid oer bestie en wat dus oant op in hichte opfette wurde moat as in komplimint. Wat it boek neffens him hiel bysûnder makket (en dêrmei lit er him kenne as in Terbraakiaan), is, dat hjir oars as wenst is yn Fryske boeken, gjin oplossing jûn wurdt foar it ‘probleem fan kollektive | |
[pagina 423]
| |
moraal (Hylck is troud mei Gerke) en persoanlike moraal (hja bringt út leafde har houliksnacht tenein by Siertsje).’ Yn de wurden fan de skriuwster neamde er dizze roman ‘een goede vingerwijzing naar de toekomst van de Friese roman.’ Mei dy Fryske roman doelt er fansels op it itige genre fan de streek- en boereromans, grif net op syn eigen Fioele en faem of Reedridder en Poortinga syn Noedlik doel of Elbrich, dy't doe krekt ek út wienen. As er it yn 1969 oer syn wurdearring foar goede kristlike skriuwers hat, set er har midden yn in rychje fan fiif tusken G. Mulder, Watse Cuperus, Ulbe van Houten en Nyckle Haisma. In selde taksaasje beslút Poortinga syn besprek mei: ‘Der binne tekens dy't der op wize, dat de syntese fan folksboek en literatuer by de jongere skriuwers hast net mear mooglik is, mar hjir is dan wer ris in wurk dat ek op dit stik fan saken net foar it bêste fan 'e generaasje fan foar de oarloch ûnderdocht.’ Fokke Sierksma fettet yn 1954, as er De breugeman komt besprekt, syn besprek fan Ta him dyn begearte út 1950 gear mei de wurden, dat it suver in patetysk boek is, dat yn romantyk en folkloare hingjen bliuwt en amper oan literatuer ta komt. Marten Sikkema hat it yn 1950 oer in grou boek dat gjin grut boek wurden is, ‘miskien krekt omdat it sa grou wurden is’, Jan Wybenga, dy't yn 1950 in (koart) oersjoch fan fiif jier proaza joech, neamt it net iens. It komt der koartsein op del dat it boek as in better soarte streekroman sjoen wurdt. It planút in streekroman neame docht by ferskinen net ien, mar yn 1971 lit Freark Dam it wurd al falle yn syn les oer de skriuwster yn de rige Tekst en útliz. Dy hie dêr oars grif fuort al bang foar west, want se frege yn de foarriedige flaptekst dy't har fan de earste printing tastjoerd waard, dêr wat oer ta te foegjen: ‘Kin der ek by sein wurde, dat de yn de lêste tiid sa forspijde streekroman en frâl de boereroman net ûnbitsjuttend wêze hoecht, mar dat it der fan ôfhinget hoe't it foarsteld of skreaun wurdt?’ Dat is ek bard. Geane wy nei dizze algemiene karakteristyk de reaksjes mear yn bysûnderheden nei, dan begjinne wy mei it ‘realisme’, krekt | |
[pagina 424]
| |
yn streekromans in allesbehearskjend en tagelyk sa tear punt. Wadman bringt yn syn besprek de posityf troch him wurdearre hertstocht en seks yn ferbân mei it feit dat alles ‘oansluting kriget op it machtige libbensmystearje’ en dat wie doe in ding fan belang. It ‘realisme’ krijt faker omtinken, mar dan net altyd like posityf. De Drachtster (?) Courant hat it oer sûn en minsklik, Schurer fynt it boek lykwols mei in sitaat fan Priestley ‘oversext’. Hy komt ek op in pear dingen op it gebiet fan de karaktertekening dy't yn syn eagen oerslein binne. Sa fernimt men neat fan in twastriid by Hylck oft se ek oanjaan moat dat Brún in moardner is, net in minske sjocht der frjemd fan op dat se yn de breidsnacht ynienen fuort is, en ‘de helske wurklikheit’ fan it houlik mei Gerke ‘wurdt ús net deunby brocht’. Hy leaut ek net dat earder ien har twinge liet om mei ien te trouwen dy't se ‘wol spuije koe’. Ek J.K. Dykstra wiist op dat lêste, en ek him wol it net oan dat Hylck Siertsje net ferjitte kin. Dat se dreaun waard troch de ambysje om de famylje wer yn 'e boerestân te bringen, wurdt net neamd. Oer de koarte sinnen stroffelje mear resinsinten, mar net ien hat syn beswieren sa treffend ûnder wurden brocht as Wadman yn de titel fan syn stik: ‘Kanaeltocht op syn hûntsjes’. Behalve troch de oanienskeakeling fan koarte sintsjes, faak ek noch mei gearlûking en sûnder bynwurd, komt dat drokke en koartammige ek troch it ivige gebrûk fan de no-tiid, in kwaal dêr't mear skriuwers lêst fan hawwe, neffens Wadman. It is him te hertstochtlik-oan-ien-wei-troch. Poortinga en Marten Sikkema tinke der ek sa oer. Sy misse it op 'e tiid ôfstânnimmen en de oandacht foar eftergrûnen, wat in epysk wurk as ditte neffens Poortinga wol freget. It is him te konsekwint in draaiboek foar in film. Dat lêste slacht grif op de struktuer fan it boek. It bestiet út in grut oantal lytse haadstikken, dy't allegearre in sêne jouwe mei in treffen tusken in tal figueren. Rienstra en Schurer tinke oan Hemingway, mar Schurer neamt lykas Wadman Ot en Sien ek. Gosses lykwols prizet de koartens ûnder ferwizing nei Tacitus notabene, dy't ek sa'n soad yn in bytsje wurden sizze koe. | |
[pagina 425]
| |
Poortinga hat oars wol lof foar it ferteltalint. De skriuwster libbet har tige yn. Hy neamt it moai grutte ferskaat oan persoanen, dy't neffens him op Geauwe nei elk in eigen libben en karakter krigen hawwe, sadat se jin dúdlik foar eagen komme te stean. Men kin der oan tafoegje dat de skriuwster har figueren tige mei sin keazen hat. Elk suver hat syn tsjinspiler of tsjinhinger wol, alderearst wol de Stoffelsma's en dat yn de eigen famylje. It slagget de skriuwster wol jin mei te nimmen. Wat Wadman oan de styl ek steurde, wie it tweintichste-ieuske bewustwêzen dat út Hylck sprekt. De skriuwster lit har neffens him mei in reaksje as ‘fijn’ oars tinke as mooglik wie yn de tiid dat it boek spilet. Hy seit derby dat syn krityk de ‘couleur locale’ yn inger sin' net jildt. Dochs stiet it iene fansels net los fan it oare. Dy ‘couleur locale’ mei dan ommers troch byleauwe en folksgebrûken wol ynhâld krije, histoarysk wurdt it boek dêr net mei. Goed besjoen steane der amper dingen yn dy't in konkrete tiid foar jin oproppe, mar nuvergenôch is der gjin kritikus dy't dat opmerkt. Wol komme guodden op de fraach oft it leauwe en de tsjerke histoarysk wol ferantwurde tekene wurde, al docht Wadman dat net. Poortinga seit dat er dat yn 'e midden lit, mar E.B. Folkertsma is dêr dúdliker yn, sa't Laverman dat fuort ek al west hie. Folkertsma mient dat in sterk romantyske niget de skriuwster ferlaat hat om op kosten fan de tsjerke de natuer de foarrang te jaan. Dat achtet er net ferantwurde, ek histoarysk net. Boppedat sjocht se neffens him de tsjerke tefolle út wat er it ‘aktivisme fan de tweintichste ieu’ neamt wei, en wurdt net dúdlik wat de rjochting fan de tsjerke wie: rjocht- of frijsinnich, neffens de deugd of neffens de genede. Inne de Jong achtet de Gaasterlanners op it punt fan har leauwe ek tekoart dien. Oaren lykwols dy't it oer it leauwe hawwe, geane foarby oan it feit dat it om in yn it ferline spyljende roman giet en dy binne dus al like ûnhistoarysk as de skriuwster sels. Fedde Schurer siket it yn it persoanlike, as er seit dat de skriuwster har eigen pessimistysk fatalisme is dat makket dat heidenske motiven fier- | |
[pagina 426]
| |
wei de boppetoan hawwe. Oaren sjogge algemien minsklike dingen. Rienstra ferliket Hylck mei Bibelhilligen as Rachab of Ruth, foar wa't God it ljocht efter de kym is. Dêrmei krijt se by him dus wat fan tiidleazens, krekt as dat ek it gefal is by G. Gosses. Foar dy hat it boek ivichheidswearde. Neffens him stiet it leauwe sintraal yn it boek. Neist styl en bou ûnderskiedt er in ‘sintrale hanling’, en syn konklúzje is dat dy bestiet út it folgjen fan God. Prikke fan it Friesch Dagblad leaut yn Hylck, omdat sy in libben minske is, gjin hillige, al neamt er it in manko dat de skriuwster de rjochte kristenminske allinnich ûnder de ferskovelingen fynt. Miskyn hawwe dizze kritisi wol gjin ûngelyk en is Ta him dyn begearte allinnich mar yn skyn in histoaryske roman, gong it Ypk fan der Fear foaral om de stof en ek om it gemak, dat se har boek yn it ferline situearre. Dêr liken har miskien de dingen thús te hearren dy't dochs net te realisearjen wienen, dingen as de útsichtleaze langst fan in frou nei in leafde dy't himel en ierde ferienige. It skematisme, dat Wadman ek noch dwers siet, slút op it ûnhistoaryske oan. Neffens him komme de minsken net sels ta libben, mar binne se út in foaropset idee wei tocht. Dat beswier is ommers werom te fieren op in selde tekoart oan konkretisearring. Hylck neamt er in prototype, ‘ìt type fan “de” leavjende en foar har leafde bliedende frou’, dat net oertsjûget trochdat har yntelliginsje útskeakele wurdt. Lykas Siertsje en Barre is se in wurktúch fan it needlot. Keunstmjittich neamt er ek de ‘mytologyske retoryk’ fan de passaazjes oer de Gaasterlânske spjirren en de opskroeve ein dy't it boek de nei de ein ta krekt sa treflik opboude tragyk ûntnimt. It plak fan Gaasterlân tinkt Inne de Jong krekt sa oer as Wadman (‘de natuer hat in dramatyske en symbolyske funksje’), al is er dêr net lykas Wadman negatyf oer. Hy begjint syn besprek sels ynstimmend mei in sitaat út Europa und die Seele des Ostens fan Walter Schubart, dy't seit dat de siele fan in folk allinnich út 'e lânsdouwe te ferklearjen is. Oaren, lykas Fedde | |
[pagina 427]
| |
Schurer, ds. Rienstra en G. Gosses, neame Gaasterlân wol bysaak, mar sizze dochs ek mei klam dat it sa echt ta libben komt. Poortinga mient dat alle bysûnderheden opnommen binne yn 'e sfear fan it boek en dat se bydrage ta de gong fan it hiele ferhaal. Mar ek hy moat net folle fan it slot hawwe, en dat moat ek Schurer net, dy't it dochs allegearre al wat tefolle fan it goede is, en ek de anonime resinsint yn de Drachtster (?) Courant net, dy't de spjirrebosker yn 'e stoarmnacht in soarte mystyk neamt dy't net thúsheart yn dit ‘yn 'e groun realistyske forhael’. Oer it froulik auteurskip wurdt amper wat sein, oer froulike tematyk ek net folle. Marten Sikkema bringt it tekoart oan ôfstân nimmen fan persoanen en hanneling yn ferbân mei skriuwende froulju, Inne de Jong mient dat in figuer as Hylck allinnich troch in frou skepen wurde koe (‘Wy, mânlju, kinne, leau ik, de fierste rop, it lêste langstme fan de leafde sa djip net forstean’), Schurer sjocht de roman as ‘it forhael fan in frouljuesneedlot. It needlot fan in frou, dy't de Paradysfoarsizzing: “Ta de man sil dyn bigearte wêze”, as in libbenslange flok draecht en der mei yn 'e dea giet.’ Earst folle letter sil krekt it froulike tematisearre wurde. Dat bart yn de feministyske dissertaasje fan Hanneke Hoekstra (1998). Har útgongspunt is dat froulike skriuwers in oare ‘stim’ hawwe as manlike. In aspekt dêrfan is de foarkar foar it goatyske (fan de ‘gothic novel’) mei syn gefoel foar dramatyk. Se wiist Wadman syn beoardieling fan it boek as in mislearre histoaryske roman ôf, mar lit dêrby te min útkomme fan oare beswieren fan him, om sizze te kinnen dat him ûntkaam wêr't it werklik yn dizze roman om giet. Sels leit se (as Schurer, kin men sizze) de neidruk op it psychologyske karakter fan it boek, dat neffens har yn de line fan de froulike tradysje yn literatuer fraachtekens set by it ortodokse byld dat in frou deugdsum wêze moat en har stil heart te hâlden. Ferline en Gaasterlân tsjinje neffens har allinnich mar om de wrede konsekwinsjes fan it ‘ta him dyn begearte’ út Genesis 3:16 foar it froulike hert sjen te litten. Neffens Fokke Sierksma doocht de titel trouwens net. It giet yn dat | |
[pagina 428]
| |
bibelhaadstik net om de romantyk fan de iene en ivige leafde, mar om in wet fan fleis en bloed. Dúdlik as titel fan it boek is de titel ek net. Op de fjouwer plakken yn it boek dêr't it wurd ‘begearte’ foarkomt (yn de haadstikken 35, 86, 87 en 90), wurdt er jin dat ek net. Yn de resinsjes wurdt der ek mar wat op om praat, sûnder dat men folle wizer wurdt oer it ferbân mei it boek. Soe de kar der miskien op fallen wêze omdat in bibelske titel him no ienkear wol liket te lienen foar in boek? |
|