ende tydskrift Quatrebras. Dêrfoar keas se as pseudonym Ella Wassenaer.
De produktiviteit fan Ypk fan der Fear wie dus grut. De rykste jierren hawwe dy tusken 1946 en 1955 west. Doe binne ek berneboeken, harkspullen en in toanielstik fan har útkommen of útfierd, en boppedat noch in geakundich wurk oer Gaasterlân, Land en volk van Gaast en Klif (1947), dat lykwols weromgong op stikken dy't se al earder publisearre hie, in boek oer de skilder Martin van Waning en in oersetting út it Platdútsk fan Wilhelmina Siefkes. Eksploaten út de Wâlden, in samling folks- en spoekferhalen mei tekeningen fan har sweager H. Post, lei yn 1949 ek yn hânskrift klear, mar is net útkommen. Nei dy perioade fan grutte kreativiteit en produktiviteit waarden de boeken lytser en it ferskaat minder. Ek krige stadichoan it dokumintêre mear plak yn har wurk. Dat hat trouwens ek yn har romans altyd in foarnaam plak ynnommen. Dokumintêr fan aard lykas de boeken oer Gaasterlân en Van Waning wie de biografy dy't se oer Atsje Keulen-Deelstra skreau (1974). Har beide lêste boeken wienen ek biografysk fan aard. It iene wie in autobiografy fan har jeugdjierren en it oare in ‘vie romanceé’ fan de dichter Salverda, dy't beide postúm ferskynden.
Yn 1979 krige se foar har hiele wurk de Gysbert-Japicxpriis. Dat hie dus wol lang duorre. Oan proazaskriuwers gongen har earst noch foar E.B. Folkertsma, Jo Smit, Trinus Riemersma, Paulus Akkerman en Rink van der Velde. Doe't Jo Smit de priis krige, yn 1963, droech Anne Wadman syn roman De smearlappen oan har op: ‘Foar Ypk fan der Fear, dy't literairderwize net krige dêr't hja minsklikerwize rjocht op hie.’
Men kin wol sizze dat Ypk fan der Fear foar literatuer en skriuwen libbe hat. Har niget gong meast út nei histoaryske stof en dan foaral nei it libben fan markante, gauris miswoeksen frouljusfigueren. Sels wie se har dêr al ier fan bewust. Sa skreau se J. Laverman yn 1948, doe't se dy in nije roman oanbea: ‘Wol giet it oer frjemde minsken. Mar ik skyn nou ienkear foar-