om de minsken. Hja kin it ek net bêst ferdrage om him sa te sjen, hat syn sleauwe eagen sjoen, syn loaits komt fan fierren wei. Hja wist ommers al, dat it net doogde, wit it no foargoed, mar hie him leaver, tûzenris leaver sûn en arbeidsum op 'e pleats, fier by har wei, net te berikken, as sa. Dochs begrypt hja hjir út, hoe't er al dy jierren har mist hat. Wat hat er himsels dan te fiter hân, wat is er tsjin himsels yngien. No't der gjin wjerstân is, no komt er by har werom en sa!
Folle wurdt har hommels dúdlik, ek dat er net oars kinnen hat, syn geast hat der net tsjinoan kinnen, en dan hat syn leafde foar har wol echt west, dan wie Siertsje fan har, hat altyd fan har west; sa't er echt is, sa is er fan har.
Dat is dochs grut, dat is ivich, want it libbet. Hja trillet derfan, der falt in swiere lêst fan har ôf. Lit alles dan fuortgean, stjerre of fergean, dit bliuwt oant yn alle tiden op.
Súntsjes laket hja. No kin hja Gerke ek better ferdrage. It wie echt. Hie er sterker fan holle west, dan hie er mei har gien troch alles hinne, by need hiene hja tegearre der om stjerre wollen. Grutte genede, hja hat de rykste jefte fan 't libben hân. Gjin trouring ta in symboal, mar de leafde sels yn folsleine jefte.
Dit is ferlossing.
Dêr sit Siertsje. Hy is it en hy is it net. It begruttet har sa griis is syn hier al. Sjoch syn holle, syn hannen, hja ferkeart wer yn 't ferline, sa't it west hat. Hja woe him wol patsje. It hat no gjin sin mear, it kin net, en hy is net by 't ferstân. It hoecht ek net.
Dit is teffens de ein foar har langstme. Sa moat it wol wêze, as de dea de skieding lûkt. Wat docht dat sear!
Dan slút hja de tinzen ôf foar letter.
Wêrom him der útstjoere as er hjir de rêst fynt, as er ûnwillekeurich frede fynt by har!
Wat kinne har de minsken skele! Ha dy har in sprút skewiele yn har swiere jierren? Hja ha der har mei oanpiele litten, der noch in skepke boppe op dien. Wat ha se har jûn, doe't it út wie mei Siertsje? Ferachting, ferspijing, spotskens, hún, narjen, sels de tsjerke waard sletten. God is genediger as de minsken. Nee, hy