Hoort lieden naar dit woord,
Hoe Heiltsje is vermoord.
It stiet der noch dúdlik: MOORD en it krús derûnder, it wurdt goed byfike. Wêr soe Titte earne wêze? Earst kaam er noch, wolris, mar mei Gerke sa ôfsjitsk! Soed er noch sa nofteren bliid bernlik yn it libben stean?
De Griene Singel moat hja troch, dy't liedt nei it hillichdom, de Boekeleane, timpel en Godshûs, want sa hat hja it altyd oanfield, eins mar nuver en healwiis. Hja kin dochs wol frjemd. No ek. Hja krijt in wûnder gefoel oer har, fan dit is de lêste kear, dit is de lêste kear, dit is de lêste kear! Trijeris komt it op har ta. Hja tinkt gau oan wat oars, it hoecht net sa healwiis. De Griene Singel is net altyd sa grien en sprutend as hjoed, rûkt ek altyd sa lekker net, mar liedt wol altyd nei de swide pracht fan it Hillichdom dêrefter.
Hylck besaut har, wat is hja swiersettich wurden yn har boask. Hja ferliket har libben mei it libben fan de Griene Singel. Lyk de Singel wie har libben earst grien sprutend fan langstme nei wat moais, wat goeds, wat gruts, en is dan saksearre ta it gewoane, mar wol altyd nettsjinsteande in trochgong, in poarte nei it oare, moaiere libben. Hoenear? En komt it dan goed? Hja soe 't graach wolle. Wie hja sa from as Barre Siertsjes of lyk Gerke yn syn goede riten. Hoenear? Hoenear de ivichheid? Noch lang net, hopet hja, de bern binne der en noch sa lyts, amperoan fan de memmeskerte loslitten.
Wol is der langstme. It liket op foarhinne, doe't de famkesdreamen yn har doarmen.
Langstme nei it lân, dêr't har mem is.
Dêr, dêr't har leave berntsjes binne.
Hja wit net safolle fan de ivige dingen as Gerke, hja wol ommers net iens nei tsjerke ta. Dat is ferkeard, hja wit it wol. Mar as hja dêr sa bang wurdt om Gods nearjende Hillichheid, dy't yn al Syn doem en ferwiten op har oankomt, dat hja it útâlje kin fan bangens. Alle minsken, dochs al sa gau ree mei in oardiel, soene