mar dat leit him oan 't wurk, hy soe der wol bypasse, it rjochte stal komt fansels.
Grytman giet fierder nei oare ikeboskers en hifket dêr de kappers. Mar earst stiet er tiden apart by Imke, fier fan de banken ôf en ûnderfreget him. Grytman hâldt it boekje derby. It komt der op oan. Gerke sjocht út 'e eachshoeken nei it foarname reade boekje, de grytman syn attribút.
Pas oan de ein fan it maaiewurk yn de ikebosken wurdt bekend makke, wa't de grytman keazen hat ta it singeliere, it hillige wurk. It is Gerke.
It is Gerke. It is Gerke. Trije sokke lytse wurdsjes njonken elkoar meitsje in wrâld út.
't Hie ommers sa maklik in oare namme wurde kinnen.
Mar nee, 't is Gerke.
No gjin earmoede mear en gjin fernederingen. Wa wit, hoe't Gerke him fielt, as er troch de Bremer wyldernis giet nei Sondel ta. Utlittenens falt alhiel bûten syn bestek.
Earsuchtich, dat er is, wisket dit de skande fan jierren út, ek de skande fan de frou, dy't er boaske hat.
No sitte hja fredich yn 't bûthús. It is der himmel. De kowerútsjes jouwe earmoedich ljocht. Hja ite, Hylck bringt de bern op 'e sliepstâl. Hylck is moedich, der binne gjin jildsoargen, it is ikeboskerstiid.
Gerke giet bûtendoar. Jit hat er it net sein. Yn him baarnt it langstme. Langstme nei syn eigen frou. Sil hja no út harsels by him komme, as hja fan syn grutte eare heart? It hat him yn de wei west oant yn syn djipste gefoel sear dien, hy moast har altyd winne, gripe, nea kaam hja út harsels, net ien kear. Mocht er dy wielde ien kear smeitsje!
Haitsje komt by Gerke efterhûs, fûstket mei him. Gerke is no in man fan kwizekwânsje. Der komt in lûdroftich petear. Hylck fangt klanken op fan ‘lokwinsk’ en ‘eare.’ Gerke syn jierdei is it net. Wat is der oars? Of soe er... Hja doar net fierder tinke, dat kin net, dat is tefolle. En dochs, want Teatske komt by har yn 't bûthús. Lokkich, dat hja klanken heinde, no merkt Teatske net,