't libben op, ûnderminet bloei en fruchtberens. Wylst giet Hinke yn de mûnegong fan eltse dei, fan 't sliepen oan 't sliepen, fan 't iten oan 't iten. Hie hja de rike leafde hân, dy't oer 't ferstjitten hinne rikt, hja hie net tjirme, want in hert fol waarm bloed lit de ieren klopje, klopje! It kâlde bloed sil hert en holle krimpe litte yn fertutearzgjend kjeldlijen en de minske giet der oan, der is gjin kompromis.
Mocht hy de waarmte fine bûten himsels, bûten minskebestean, bygelyks by it blide fjoer fan it Godsbetrouwen, dan net. Yn de feilige herne fan de godstsjinst wurdt it oare libben berne, it libben dat fan de wrâld ôfstjert ta in nije leafde, oant it kloppet oan de heechste libbensier. Uteraard sil in minske de wei derhinne skraachwurk kieze, dy wei tsjin flêsk en bloed, de wei fan baarnende striid of fertrietlik lijen, doelleas sa op 't each, tizenusten út harsels.
It gebed giet út fan de minske nei God. It giet op in twingen, in tjirgjen, in krôljen fan de fûst, in skriemen, in flokken, in bidden. Ut dizze weeën wurdt de frede berne, de oerjefte komt, it streakjen fan Gods amme makket weak en bliid. Harmonij yn 't minskewêzen! It majestueuze hege, it ûnberoerde, it almachtige fan God, hy fielt der in sprútsel fan. De minske is by syn Skepper, raant yn Syn wêzen wei. Wat bliuwt der dan noch oer? Wat is dan it leavjen fan in man? Alle begearte kliuwt hertstochtlik ta God.
Sa is it yn de bêste mominten.
It oare is der ek, wint wer. In evenredich op God fertrouwend libben is net alle dagen in sjongend libben, mar ek nea in leech libben.
Sa wie teneistenby de wei foar Hinke, doe't hja libbe mei Siertsje Barres. Ek, doe't Siertsje stil waard, benei sa stil as 't grêf, foar't syn geast alhiel begûn te doarmjen. It hat wolris goed tusken harren west, mar nea it rjochte. Bern kamen der net. Net ien hie soks ek ferwachte. Natuer mijt syn minbedielde bern, kin ek nuvere oanslaggen ha, want yn it tsiende jier fan har boask moast it lytse ferwoechsene minske in bern op 'e wrâld bringe.