grutte man, dy't foar de kost soarget. No sil mem tinke: Wat hat Wiger dêr yn 'e hannen? Mem sil net witte, wat hja der oan hat. Ja, dêr is 't al sa. Mem komt nei him ta. Grutsk stiet Wiger foar mem, seit neat, laket bliid. Op 't lêst seit er: ‘Pak it my ôf, mem, ik bin sa bang, dat it brekt.’
Mem freget: ‘Wêr hast dat wei, Wiger?’
‘Ried mar, mem!’
‘Hast net frege, wol?’
‘Nee, mem, wier net mem.’
Ynienen batst it hiele ferhaal der út, hy kin 't net mear ynhâlde. ‘Ik sprong fan de hikke, ik seach wat blinken, ik fûn in kwartsje, hjir is it brea.’
Mem sjocht him yn syn donkere eagen.
‘Wiger, hast it earlik fûn, no?’
‘Ja, mem, wier!’ It docht Wiger sear, dat mem him dat freget. Wat mient mem wol? Mem aait him oer de holle: ‘Wat bistû myn leave, grutte jonge.’
Wiger is wer bliid.
‘Mem, mei it skiep ek in stik ha?’
‘No,’ seit mem, ‘ja, toe dan mar, it is dyn brea.’
Jûns is it feest yn 'e hûs.
Hja sitte om de rûne tafel hinne, heit, mem, Wiger, Tapke. Ja, Wiger en Tapke ek, hja hoege jûn net yn in hoeke te krûpen. Lytse Harke sliept yn de krêbe. Mem snijt it brea, it iene stik nei it oare. Hja meie sêd ite. It is sa fijn!
Heit laket. Wiger sjocht nei heit; as heit laket, hat heit de mûle wiid iepen, dat tosken en kiezzen allegearre te sjen binne. Wiger hat heit nea sa fleurich sjoen. Heit slacht Wiger op 't skouder. Dat docht Wiger sa sear en dochs fynt er it moai. Hy sjocht mem oan. Mem knypeaget nei him. Wiger fynt mem in moaie mem, mem har hier is sa swart, mem hat leave eagen, dy't him sa waarm meitsje.
Wiger nimt him foar, hy sil it hiele doarp moarn ôfsneupe om jild: kwartsjes, dûbeltjes, miskien wol in gûne. Hy sil ûnder alle gerskes sjen.