is. Har deade berntsjes lit hja rêste, jout har oan it nije libben oer, dat wer yn har waachst.
Wylst roeget hja de wandluzen út by dagen en by nachten. It kin barre, dat der nachts in bist op it sliepende antlit falt. Wekker wurde, sykje, deameitsje of oan 'e kant reagje en trochsliepe, want de lea binne wurch. In moanne, twa moanne, it wurdt better, mar in healjier stiet der foar it slimste.
Ferduldich droech Hylck altyd it kommen fan har bern. Sa net dit nije berntsje. Al wer sa, al wer, al wer! Hja smiet der Sibren fan oer de grûn, doe't hja it fernaam, soalde him, dêr't hja him krije koe. De jobbe wie net iens stikken, allinne in dûk yn 't kantsje. Brân kaam der aldergelokst ek net fan. Beroufol siket hja him op. Hja mei sa net heal. Hja hat har bern ommers leaver as har eigen libben. In eangst komt yn har om har opstannigens. Sil God har wer mei in dea berntsje straffe? Moat it skielk yn de rige lizze op it lytse tsjerkhôf? Hylck twingt harsels om fierder ûnderwurpen ek dizze kear te ûndergean. As it bern der ienkear is, sil it slimme wer wei wêze, útwiske. Te fûlder giet Hylck efter it ûngedierte oan. It moat allegearre yn de frije skoften as hja net út te melken is of oan 't arbeidzjen yn 'e hûs en op 'e ikkers. De fertsjinst giet foar.
Dit jier bliuwt it fleuriger. Hja tinkt wer mear oan har jongfammetiid, komt boppe de soargen út, tinkt ek hoe't it wie op 'e pleats, mar kin dat rêstich ferarbeidzje. Inkeld falt hja yn fel ferset. Wêrom wie hja earm?
Ta de tiid, dat Roaske komme moat, hat hja selden mear lêst fan in wandlûs. Noch foar't it berntsje komt, is der de tynge, hja moatte mei maaie út 'e hûs. De eigner wit, dat it hûs suvere is, it hat dus mear wearde krigen. Mear as fiifentweintich gûne kin er Gerke net ôffreegje. It moat no op syn minst tritich dwaan. Wa sil him dat kwea-ôf nimme? Foar fiif gûne hat er it hûs út 'e wandluzen krigen. Is it eins net in skande, dat syn hûs tsjinje moat ta in wente fan Hylck? Hy hat der leaver sedige hierders yn.
Maaie dus! Alde maaie der út. En wêr dan? Hylck tinkt, hja