him te skerp en te folle is, spant lykwols nei dat ljocht en skreaut it út, lyk de spjirren soms kreune, kreakje, kleie yn moannenachten of op hjerstige dagen, fan langstme, en langstme is ivich.
De stoarmen moatte dan wol komme. De striid is der, de grutte krêft tsjin krêft. De spjirren stean massaal tsjin en elke beam apart stiet derfoar. Hja fiele har bestean út 'e fynste woartelútrinders nei alle âlde blêdeteisters ta, dy't wachtsje op de dea.
Hja fiele it libben yn de nije krún, geef en tear.
Moat ien beam it ôflizze, hy brekt net ôf, mar falt oerstaach, skean nei de ierde. Dêr hinget er yn de maten, oerwûn, yn gjin gefal brutsen. Hoe foarsichtich en earbiedich dogge de spjirreboskers fan Gaasterlân him út 'e wei, as hja wol in hiele dei piele mei ien beam, dy't út 'e grûn brutsen is.
Dit is it omtinken fan in hiel folk foar in hillich bosk.
De simmer is in freonlike tiid. De piid fan de maitiid is der net. It is de tiid fan bloeien, fan ûntjaan, fan it útdijen.
Inkeld ris gean de simmertwirren skokkend oer de krunen, blaze troch de fine blêden, it is ta ferkuoljen tsjin de hite sinnegloede. Yn it hytste fan de simmer stean de spjirren ferlegen, witte gjin wei mei dy wielde fan gleie strielen.
Harres is mear de kuolte en de kjeld en de tsjusternis, mar hja binne grut yn alles, dat natuer oer harren bringt, ek yn it lijen.
Dêrom ek ferearje de Gaasterlanners har. De spjirren ha alles, dat hja besitte woene, hja binne harren in heech, ûnberikber ideaal. Aldermeast binne de spjirren dit godstsjinstich folk in symboal fan de Ivige; ûngemurken, ûnbewust fiele hja it sa oan.
De sneintemiddeis, doe't Hylck op in hichte nei de spjirren seach, hat hja eat ferstien fan de Gaasterlânske spjirreferearing.
Dêryn fielde hja har ien mei it folk fan de gaasten en de bosken, want de spjirren betsjoene elkenien, dy't ta harren komt. Mar Hylck hat winske, dat har doem oer Gaasterlân komme mocht, want Gaasterlân fertarde har.