Hy sit by har, de doar stiet yn in kier. 't Is midden yn de nacht en kâld.
It bern stjert, wylst hja it eangstich widzet. Hja hat it sok goed iten jûn, is sels wee fan de honger, is slim meager, de eagen ljochtsje ûnnatuerlik yn it bleke antlit.
As in tsjoenster stiet oare moarne Rykjen oer de keamer, sjocht nei 't ferstoarne bern, sjocht Gerke en Hylck, skodhollet en hâldt de eagen op Gerke.
Gerke ferstiet har wol. Hylck ferstiet har wol. Hylck soe it frommes derút skoppe moatte. Hja fernielt alle iensens dy't noch yn dit hûs is.
God moat oer har rjochtsje, dat ferkearde minske net. Hja is te wurch, te ynein, docht neat tsjin. Is it de muoite wol wurdich? It bern is ommers wei; it fjirde berntsje stoar. It hearlike libben is der útsike sa't de dei stadich en licht stjert yn de nacht.
Fjouwer bern stoaren yn har earms. Hylck besjocht dy earms, wurdt bang fan har eigen lichem. Hja heart Rykjen praten tsjin Gerke oer de divelbanner fan De Knipe. Gerke wol net, wol God net fersykje, seit er.
It kistke komt wer oer de flier. Wiger rint deromhinne, fielt deroan en skriemt, hy wit al mear fan libben en dea ôf. Tapke sit op de flier, wiist mei beide earms der laitsjend hinne.
De doar komt no ticht. Gerke hat der in houtsje foar fike.
In houtsje op de doar en de doar bliuwt ticht, it spoekjen bekomt hommels.
O, al dy eangst fan jierren.
‘It wie in trilling troch it hûs,’ seit Gerke, ‘dû likest wol net wiis, skamje dy!’
De eigners hearre it ek, Gerke is net efterhâldend mei syn útfining, is der grutsk op.
As it dan oer is, moatte der oare minsken yn. Hja, Rykjen kin dy Hylck sa min ferdrage. Dus krije hja de tynge, mei âlde maaie ferfarre. Hoe moat dat, der binne gjin huzen oer yn Sondel.
Dochs kin Hylck der daliks net oan tinke, hja hat oars gjin gedachten as hoe't it wêze kinnen hie nei de jierren yn dit hûs. Al