roppen, ‘Mem!’ in nij berntsje njonken har op bêd. Sa graach hie hja sa'n libben iepenlizze wollen nei it ljocht, lyk blommen nei de waarme sinne stean. In skaad, in stûp, de fuotsjes lûke, de eachlidden trilje, it wurdt stil yn it bern, it is wei.
Foar Hylck is wol it foarnaamste fan dizze sân jier it stjerren, it weibringen fan har lytse bern. Allegearre waarden yn in lyts kistke útdroegen nei it Sondeler tsjerkhôf ta, dêr't hja lizze te wachtsjen, as snieklokjes op it earste strieljen fan de maitiidssinne. Hja lizze njonken elkoar, twa yn in grutminskegrêf, want Gerke' folk hat grêven dêr. Griene bultsjes. Net in pealtsje, net in stien of krânse, neakene grêfkes, dêr't it gers grien op groeit en kleurleas op toarket. Hja hearden by Hylck dy berntsjes, ek by Gerke, by bruorkes en susterke. Hja reizgen te gau wer ôf, frâl foar de mem. Hja hie se tear smûk bewarre yn har skerte, dreamen om harren hinne spûn, hja seach se yn tinzen boartsjen by de blommen, yn it gers, yn it waarme giele sân fan de Neurde, mar hja kamen, ierplôke blommen, te lizzen yn in houten kistke, wyt yn swart en de lytse hantsjes gear. God garre har jonge sielen as spruten.
It wurdt sa gau in begrutlik gefal, mar, dêr is it spoekjen yn de hûs, dêr't oer grute waard en Hylck wist fan neat.
Doe't it twadde berntsje in lijerke wie, moast Hylck heale nachten it yn 'e earmen widzje. Of hja joech it tate, dy't it net nimme woe.
Hark, in lytse poppe ropt lijerich, hat skeel en der is gjin medisyn ta genêzing. Hylck tutet it, susket it, jout it iten op iten, it bern krijt sike terms, dat is ferkeard foar tateberntsjes, dêr komme terminen efterwei. It bern leit stiif yn krampen yn memme earms, de mem bûcht wyld fan eangst de holle deroerhinne. It is net dea?!
Soms skreaut hja it út: ‘It stjert, it stjert!’ Gerke wurdt der wekker fan, hat de sliep sa nedich ta it deistich wurk.
‘Net sokke oankomsten,’ seit er en draait him om. Of hy wurdt nitelich, skeldt har út. Hja hâldt har yn. In bern komt stadich by.
It earste bern dat hja ferliest, teart de fine fingerprikjes justjes