droech. De ierpels ite hja mei it dreachsel.
Kaam der no in ferlein keal! It fykjen soe hja der benei oerhinne nimme wolle.
Bôle hat hja sûnt it trouwen net hân, dat is net slim, roggebrea is bêst iten, mar ek dat kin der no net ôf.
Ypkje sjocht sa prot en keken, dêr doar hja suver net hinne om sâlt.
Wat wie it by Fouk in prinsebestean! Soe Fouk har alhielendal fergetten ha?
Yn dizze tiid komt Totte-omme brief. Sinneskyn yn in reinbuie. In lang brief hat er skreaun, in hiel kantsje fol. Totte-om kin sa skriuwe, hie bêst skoalmaster wurde kinnen.
Wurd foar wurd staveret Hylck it dúdlike skrift, lêst it brief wol tsienris oer. 't Is krekt as strykt der in woldiedige golle wyn oer har hinne, as komt hja út 'e fûle kjeld yn in waarme keamer.
Hja kin sjonge, laitsje, is fleurich, bliid, optein!
Fijn is it libben. Dit faget it lijen út en nimt de soargen wei. En har bern reagearret op de omsetting fan har moed. Seldsum binne de mominten, dat it libben sa klear te fernimmen is.
Wêrom dizze freugde no? Totte-om skriuwt, hy kin net komme, sit mei de skonk rjochtút, hja hawwe it slim earmoedich. As er wer better is, dan kin er dochs yn gjin moannen de reis nei Hylck ûndernimme, sa moat er oppasse en Maaike doar der net allinne tsjin oan, hat ek in fêste tsjinst.
Alles liket tsjuster foar har, wêrom dizze ûnferwachte freugde dan!
Totte-om syn hertlik meilibjen, syn wurden, spesjaal oan har. De eagen wurde har hyt en wiet. By folle gelegenheden sjocht hja no Totte-om foar har, hy, de fertroude fan foarhinne, fan thús.
Totte-om, dy't oan har tinkt, fan har hâldt. Hja wurdt sa waarm, sa bliid, sa moedich! It foarjier is deunby, it wurk begjint gau en dan komt har bern. Hoe koe hja sa mismoedich en sleau. Wie hja ien dei sûnder iten? Hat God har in tel ferjitten? Yn har skurte leit swier it bern en it libbet sa.