Ta him dyn begearte
(1999)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 333]
| |
72De winter komt oer Gaasterlân, bringt slimme earmoede mei foar arbeiderslju, want it wurk by de boer is dien. Losse arbeiders binne net mear nedich, krije salang hjeljûn oant de mylde waarme tiid. Hylck priuwt dizze winter de wrange need fan it arbeiderslibben. Foarhinne wist hja derfan, mar stiet der no oars foaroer. Noch priuwt hja it net oant yn de djipste djipten ta. Hja hat noch in sêfte húshâlding. Elk bern, dat blydskip bringt by it kommen, is tagelyk in triuw yn de bedelte; hja binne der mei tsien, âlve, tolve, trettjin bern. Der binne wiken, dat Gerke mei neat thúskomt en hja moat dan mei neat nei Ypkje ta. Ypkje jout it aldernedichste, giet nei, wat net op wêze hoecht en wat al, bestjoert sa de húshalding mei, distribuearret om eigen belang. It leit 'm net oan Gerke, dat er mei lege hannen thúskomt. Hy giet alle dagen op wurk út, freget hjirre, freget dêre, it is om 'e nocht en hy wist dat foarút. Dêrom giet er de bosk yn te priksykjen, de prikken ferkeapet er. Hy tsjuttelt moarns withoe ier nei it Klif en siket njirrekrûdGa naar voetnoot2, dat er te Balk ferkeapet. Hja brûke it ta de bêden. It njirrekrûd stiet de winter net út. Spitich, dat er dit jier gjin bosk hiere koe ta de lysterfangst, dat jout in bysûndere byfertsjinste. Oare jier sil er al op syn iepenst wêze, mar de âlde hierders ha de foarste kânsen. Al koe er mar in bosk krije fier fan de see, dêr't | |
[pagina 334]
| |
allinne de lêste lysters deawurch yn delflije. In lytse deihier jout de fangst altyd. Skielk kin Gerke op 'e swannejacht gean, as it iis tsjok yn de see leit. Hja lizze dan ferskûle efter steapels iis of efter de rigen swarte beskoaiïngspeallen. Mar dat wurk is net sûnder gefaar. Sneontejûns wachtet Hylck wer steefêst de martlersgong nei Ypkje Steffens. Hja stiet skruten, beskamsum foar de toanbank, Ypkje wis en keninklik derefter. Hylck is gjin tel, heart by it ferachtlike folk, dat de boadskippen net mei jild belizze kin. Ypkje besparret har net ien kear it freegjen om in geunst en as elk derby stiet moat hja it leksum oanhearre. Hylck ribosket, as hja it inkeld ris oanharkje moat, dat immen oars it boek iependien wurdt en it minske oatmoedich, soms gûlend tsjinearmetjirret. Yn de winkel is 't inkeld Ypkje mei it lange boek. Mei breed fertoan slacht Ypkje it iepen, leit it sa del, dat elk de rige skôgje kin. In lange, lange rige foar Hylck. Dy machtich moaie sneonen as hja it jild pardoes op 'e toanbank smite kin, wylst Ypkje it boek al krije sil. Ypkje sjocht dan samar fleurich. Moai, moai en wol hja ek ôfbetelje? Ypkje is sa oansjitsk net mear as yn de hjerst, giet mei it doarp yn de mande tsjin Hylck. Ut Sondel wei komt in goarre troch Wikel hinne waaien, dy't Hylck skouderet as in ferkeardenien. It slacht sels op Gerke oer, is dat soms net in nuveren? Mannige winterdei sjocht harren tegearre gean. Sa kwikker net as foar it trouwen. Iverich gean hja oer de wegen fan it lân nei de bosken ta, garje dêr de branje foar de winter dei oan dei. It bern hat Hylcke antlit justjes skeind, it wêzen fan de mem is der rypjend trochhinne gien. Ek har stal jout him nei it bern. It wurk falt har lang net maklik, likegoed is hja op 'e fuotten en de hiele dei dwaande. It mei har net barre oankomsten te hawwen lyk hja it soms heart fan boerefroulju, alhoewol, dy kinne ek hurd wêze oer harsels. Mei de Wyldemerke hat Gerke in kluseGa naar voetnoot3 hân. Hy stie der mei | |
[pagina 335]
| |
op de Balkster wei nei Kipenboarch. Hylck hat him frege, oft it sa moast. Hy hat net folle sein, mar is gien. De sinten rûgelen rij en rynsk om him hinne. Hylck tinkt werom oan de Wyldemerke fan ferline jier, dy brocht him ek gjin goed. Slachttiid stiet Hylck by harren boer yn de koken op de matte. Hja sil terms ophelje. Gerke hat har sein, dy binne kostlik, it is in grutte geunst, dat hja se ha meie. Hylck krijt de fermoanning mei, frâl freonlik te betankjen. Hylck docht dat net op de goede manear. Hja sjocht tefolle nei de pannen mei smoar en it fleis op 'e tafel en de oerfloed fan spek en greauwen. De boerinne sjocht har eagen deroer striken. En dochs hat Hylck der gjin argewaasje fan. Hja is net mear in grutte iter. De boerinne tinkt, dat der wat yn dat sjen leit. It frommes hat ek sokke libbene eagen en de boerinne kin gjin sizzen fele. Hylck krijt ta straf net in fliderke fleis mei. Dat hat hja dus oan har eagen te tankjen. Mar de terms hat hja wol krigen. Gerke strûpt se om en spielt se út. Hylck briedt se yn in kruseltsje smoar. Der hinget no in kostlike rook yn de lytse keamer. It jout it geniet fan grutte pannen fet en briedend spattend spek. Gerke docht letter in hantaast foar in boer ûnder Balk. It wie op Balkster woansdei. De boer is in royale keardel. Hy betellet Gerke en seit, dat er bûtendat in panfol soad helje litte kin troch it wiif. Hylck hat der de jûns net folle smjucht mear op. It hat in drokke dei west. Hja hat út arbeidzjen west foar fjirtich sinten, it wie langer swier wrotten, har eins boppe de macht en hja is oars konstant, mar kin fernimme, dat de krêften minderje. Noflik jout hja har del op in matsjestoel by de kachel! De sûkerei hat hja yn de kofjepot dien, it wetter sil aanst siede, no efkes tiid foar harsels. Gerke komt yn, seit it fan de boer. It is skraachwurk in healoere te gean. Hy ferwachtet, hja sil wiis wêze mei de geunst. Hylck seit net nee en net ja, giet oerein. Gerke ornearret in grutte panne | |
[pagina 336]
| |
meinimme, de boerinne koe skriel wêze wolle, dan moat hja der út fatsoen mear yn dwaan. Hylck docht wat er seit en giet de reis oan. Mei langstme sjocht hja út nei de dei, dat hja sûn wêze sil, is hjoed te slim oanein. De fuotten hingje har as lead yn de klompen. Krekt as wolle se net fan de grûn, tsjin de skinen sit in wurch gefoel, krekt as sil hja net in stap mear fersette kinne. Hja is der mislik fan. En dochs op in stuit stiet hja foar in doar ‘folk’ te roppen. Faaks mei hja aanst in hoartsje sitte. De frou komt sels by har. Dat treft, no hoecht hja har biddelkomst mar ien kear út te lizzen. De frou begrypt har pas nei't hja trije kear útlis dien hat. Mei in hiel lang ‘ooo!’ reagearret hja, mar begjint te foeterjen op de boer, hy kin alles wol sizze, hy kin elts hjir wol hinne stjoere, wat mient er. Hja skuort Hylck de panne hast út 'e hannen wei, freget har net yn. Hylck hinget efteroer tsjin de muorre oan. Dat foeterjen hellet it libben hast út har wei, 't is no krekt as giet alles bûten har om, as is hja it net, dy't stiet te wachtsjen. Ringen wurdt har de panne wer yn de hannen treaun. Hja grypt beet, mar ferweecht fierder net. Dat leit de boerinne ferkeard út. Hja moat net sa begearich wêze, de Skrift leart har oars. Hja moast mar yn de tsjerke komme. Jit hinget hja in skoft, kâld en ûnmachtich. It bern yn har wrot ferheftich. Dêr komt hja fan ta harsels. De doar njonken har is tichtslein, miskien hat dy slach har wekker makke. Hylck knoffelt fan 't hiem ôf. De hiemdogge tjirget him om har hinne, skuort oan har rôk. Nimmen ropt de hûn, hja ornearje tink, it is Hylck fan Gerke mar. As Hylck thús yn de panne sjocht, is de boaiem krekt bedekt. ‘Der driuwt net in krûm fet op,’ seit Gerke. ‘Hast net fatsoenlik frege? Mei eigenwizens komst der net!’ Dy jûns wol de sliep net komme. De wyn waait sa skrousk om 'e hûs. As in gysten hynder jachtet er boartlik hinne en wer, wrinzget by de hûsmuorre lâns. Soms is it in hoart stil, dan begjint it fan nijs ôf oan. Har fuotten pinigje feninich en ridelje hieltiten. In fertrietlik | |
[pagina 337]
| |
jûkjen en stekken narret en de rêst komt mar net. Om midsnacht hinne heart hja folk by de kostersdoar. Dat sil om de wetterbeam wêze. It griist Hylck oan: yn neare nacht, no't it wetterkâld is, de kjeld troch alles hinne lûkt. Miskien in frou, dy't graach swier wurde wol. It minske mocht efkes yn har fel sitte, soe se it dan noch sa fel begeare? Wis wol. Hja soe 't sels net mear misse wolle. Sa gau't hja begjint dreamen te spinnen om it bern, saksearje de senuwen en einlings wylst de wyn beart en rattelet en lûkt oan de doar, sakket hja woldiedich wei yn in lichte slomme. Alhiel kalm wurdt hja net, ek net yn de sliep. Hja dreamt fan it berntsje. It rint yn poerbêste klean, it krijt fan 't alderbêste iten. It mei boartsje, oant it in grouwe jonge is. Gerke fertsjinnet in hiel jier lang safolle as yn de ikebosk. Hja dreamt ek fan Ypkje, mar it is gjin benearjende dream. It lange smelle winkelboek wurdt wei. It sweeft, licht as in fear heech tsjin de souder oan, sjit dertrochhinne, giet heech en heger de loft yn, wurdt wei yn wite simmerwolken. Ypkje skattert it út. As Hylck safier is, wurdt hja wekker. Spitich, hja hie dat byld graach fêsthâlde wollen. |