71
Gerke hat lang al praat oer in skiep, dat er ha woe. Hylck oerleit, hy hat dus noch jild hân. Hja soe him derom freegje wolle foar it bern, docht it net, besiket it noch al, mar it wol net oer har lippen komme. Hja freget al, oft Gerke net in geit nimme wol ynstee fan in skiep.
Gerke sjocht har spotsk oan en ek bang: In geit? Der binne gjin geiten yn Gaasterlân.’
‘Kinst bûten Gaasterlân ien keapje.’
‘Ik wol der net útrinne by it folk, ik wol net útlake wurde.’
‘Yn Rûchhuzen wie ek in geit.’
‘By lju dy't om utens wei komme.’
‘Ik kom ek fan utens.
‘Ik net. Dan soestû dy dermei oanstelle kinne, krekt as dêr yn Rûchhuzen. Ik soe leaver...’
Wat er leaver soe, ferswijt er har. Hja weaget jit ien skot.
‘Us mem hie ek in geit.’
Salang ik der bin, krije wy gjin geit. En dan bist sels baas.
Op in dei binne hja tegearre by de boer dwaande. Der trûzelt in skiep yn de sleat. Gerke helpt it bist derút. Ien poat hat it slim beseard, de boer wol it skiep slachtsje.
Gerke freget oft it te keap is.
Fuortdaliks giet de boer der op yn, it is foardieliger as nei de slachter. Hja akkoartsje en beide binne tefreden.
Jûns tsjuttelje Hylck en Gerke nei harren hûs efter oan it dwarse buertsje, bringe it skiep mei.