Hylck taast oan de stamme lyk de beamkers dogge. It trillet yn har fingerseinen. Is dat it ferburgen libben? Wylst hja sa efkes oandachtich stiet, fernimt hja foar 't earst it libben, dat hja ferwachtet. Hommels, in stjit, in skok! It hâldt daliks op. Dat wie har bern. Hja wachtet, wachtet! Sil it wer barre? Hoe hertstochtlik begeart hja dat. Jit ien kear! It jonge libben swijt.
Hjir by dizze bjirk wie 't. Hja kin 't ûnthâlde. Hylck sjocht nij om har hinne. Is it hjir feroare? Hja moast it bern de bjirk neame kinne. Sil dan syn bestean ek sa foarnaam en ljocht wêze lyk de bjirkebeam sines, en sa frij?
In arbeidersbern frij?
No fernimt hja, dat der wyn kommen is, dy't de bosk yn beweging brocht. Hark, hy komt út 'e goede herne wei, tichteby is er yn it lege beamte en ek yn de ikekrunen en yn de esken fan de plantaazje.
In sêfte wyn, mar de hiele bosk trillet derfan as wie 't in huvering op de amme fan de leafste. De lêste fersille simmerblommen yn it iepen gersflak skodzje mei en falle fredich del, hja wiene lang al dea. De siedden stowe fuort, ta it takomstich nije libben.
Hylck bûcht har wer nei de ierde; dy ierde ûnderhâldt it libben, ek it libben fan har bern. Earbiedich hast nimt hja tûke foar tûke beet. Hja sille harren beide tsjinje. De dea hâldt it libben yn wêzen. Sels it aldergeringste hat grutte betsjutting. Bliid giet hja nei hûs ta, realisearret har ynienen, dat hja yn tiden net oan Siertsje tocht, mar fielt tagelyk de âlde pine wer yn har boarst, no op har bern. Mar dat mei net, har bern mei der net om lije.
Siertsje! Siertsje dochs noch! Likegoed. Nea sil hja him folslein kwyt wurde, hja wol dat ek net, mar der komt in berntsje en dêr moat hja oan tinke.
Grutsk klattert hja de hichte op yn de hoeke fan de bosk. Grutsk rint hja derby del, de droege sleat troch nei harren hûs ta, it hûs fan har en it bern. Gerke sil hja no wol ferdrage kinne.
Stiet hja op 'e wei, dan sjocht hja bekend folk foarbygean. In lange deakiste op tsjillen wurdt treaun troch in rynkranke man; de frou, dy't wer swier is, giet yn de beage. De lju sjogge har alle-