61
Trije dagen foar't it wêze sil bringt de bankbaas it ark teplak mei hynder en wein. Hy hat net in grutte ploech. It wurdt twa banken, mar hy hat goed folk, hyt op arbeidzjen. Sa allinne yn de bosk, sjocht Imke it perseel al kapt. De wite beamkes lizze op bulten, de bast stiet yn de sinne te droegjen; hy sit op 'e wein en bringt sjongende de frachten iik nei Balk. Dêr soargje hja derfoar, dan bart hy jild, mar foartiid sil it op in klopjen en skilen gean.
It is no sa stil yn de bosk. Inkeld ris it gerissel fan fûgels, of in twirwyn yn de blêden.
Hy trapet it plak fan de ploech út. Dêr de banken, dêr de kneppels. Hjir de kikkert. Hja binne der sljocht op. No, hy ek. It hâldt de kriich der yn. Hy sil der net skriel mei wêze.
Gerke is de kapper. Dat komt wol goed. En syn jong wiif dan, sil't wol leare. De moaie faam fan Gerke! Imke is benijd. Hy mei sa graach moaie froulju sjen. Inkeld sjen. Hy laket wer; hy is frijfeint op syn tritichst.
Hommels wurdt er earnstich. Syn bloed giet rêd. It wie, oft er it klopjen al hearde. Klopjen, wyld trochinoar hinne, oanhâldend. En it stadige tempo fan de kapper yn de bosk dêrnjonken. En it sjongen dêrby.
De tiid bringt him op 'e doele, de kommende moaie tiid. De moaiste tiid fan de hiele simmer. It harket hjir nei foartsjirmerij. Hy moat hjirwei, smyt de lêste planken fan de wein, tôget de kisten mei ark wat ferside. De klopbanken lizze dêr, moaie rjochte hat er útsocht. Syn ark is bêst. De skammels, wat hat er se sekuer