Hie er net ris by har komme kinnen? Moast hja net alles allinne útmeitsje?
En de boer ommers! In boer is god op ierde, hok arbeidersfanke doar tsjin de boer opstean!
Hylck ridelt mar hinne en wer, sit har fertrietlik sear.
Alde Ritskert, flak foar har, knikt by elke úthaal fan dûmny, by it wurd leafde knikt er oanienwei. Is dat in warskôging, om't Ritskert syn frou gauris slacht? Ut leafde fansels. Soe Gerke it har ek dwaan doare?
Klaske sei okkerdeis: ‘Der binne minder dingen foar in frommeske om út te stean, as slaggen en dêr beare de lju sa fan. Libje de minsken net allegearre oan de bûtenkant?’
Is in libben lyk Geauwe lijt, better?
De dûmny ropt it ‘amen’ út oer de gemeente. No moatte hja nei foaren komme ûnder elks eagen.
Fiif pearen op in rige.
Einlings stean hja teplak en moatte de fragen beänderje. In set stiet Hylck mei har lange fine hân yn Gerke sines, hat oanstriid de hân oan te lûken. Ek knibbelt hja op 't houten bankje del. Der leit benearing op har, hja tinkt nuvere tinzen. As ik noris stoar? Gerke soe oerein gean, hja soe lizzen bliuwe, hy soe har oanstompe, lilk wurde. Op 't lêst soe er fernimme, der skeelt wat oan. Efter har soe Siertsje it hearre, nei foaren fleane, har skodzje, har tútsje, har by de namme roppe, stil wurde en skrieme, it wie te let.
Hylck krijt triennen yn de eagen om har sentimentele dream. Hja tinkt spotsk, dat Siertsje wizer wêze soe en doch sa.
De gemeente sjongt.
‘Dat 's Heren zegen op U daal.’
Hylck sjit oerein, sjocht Gerke oan. Dat is net neffens wizânsje. Hja fernimt Gerke syn stroef, noartel antlit. Hja hie ommers skruten foardel sjen moatten.
De nijtroude pearen sakje ôf, elk wer nei syn eigen plak.