Hja soe no graach witte wolle, hok boadskip Totte-om eins hat, mar Totte-om wiist nei de earste skriezen en ljippen yn de greide.
Hja prate oer de tiid, doe't Hylck as famke mei omke te farren en te fiskjen gyng. Sêft en stadich glied it skouke oer it wetter hinne, makke in moai rjochte streep yn it sljochte wetter. Hylck song dan faak. Omke mocht dêr graach oer, glimke Gods wûndere libben oan. Omke giet foar nuver dêr yn it feanlân.
Dan brekt omke einlings it nijs foar har oan, dêrmei wurdt it âlderhûs foar altyd en abslút by har weinommen.
‘Nei Stienwyk, omke?’
‘Nei Stienwyk, mei maaie. Dan kinne de bern allegearre by ús komme en dêr is mear wurk.’
Hja geane by elkoar wei. It sil no wol foar lang wêze.
Omke nimt it paad oer de dyk. Hylck sjocht syn lytse dierbere figuer tsjin de kime oan, stiet by 't weiwurden stil om it lêste fan him net te missen, want it is ek it âlderlêste fan mem, in tryste groet.
Oer fiif wiken geboadens oanjaan.
Hylck stiet yn bestân, sil hja jit ienkear thús sjen?
Fouk riedt it ôf, it binne sokke reizen, it jout neat mear en skielk kin hja altyd in kear nei Stienwyk ta útfanhûs. Der komt no sa folle drokte mei 't hûs yn Wikel en mei 't trouwen.
Fouk wol noch graach wat oan har ha, hja hat it oerdiedich drok earst mei Hylck en dan mei Siertsje' trouwen.
Oan Hinke hat hja neat foar't dy hjir wennet. Hja trouwe wat letter yn 't jier as Hylck-en-dy, dat woe Jan Roekeboer sa ha.
Fouk is bliid, dat alles net tagelyk komt. Hja leit gewoan yn alles mei Hylck oer.
Wêrom net? Hylck is net in fyn jufferke út 'e stêd, dy't fan in sleau wynpûsterke al om leit.
Hylcke ferhâlding mei Siertsje bliuwt der lyk om, hja mije it, elkoar oan te sjen. It is bedroefd, sa noartel hy is, suver net te brûken, seit Fouk.
De boer hat, no't alles glydt, sa't hy it treaun hat, de tinzen