froulju fûstkje ek, skeuvelje op 'e stoel om, sjogge noartel.
No sitte Eeuw en Rykje noch.
Jaring begrypt de sitewaasje net, besiket te knypeagjen. Eeuw en Rykje dogge beide werom.
Jaring hellet djip siken yn.
Wiger sjocht de fertoaning efkes oan.
‘Mei twa wurdt it neat, Jaring!’
‘Nee,’ seit Jaring benaud.
‘Sis no mar, wa'st ha moatst. Der binne net twa, mar fjouwer.’
Jaring jout net daliks antwurd, soe graach koal en geit sparje wolle.
‘Wa is 't, Jaring?’
Hoe fel harkje de froulju. Jaring sjocht op 'e tafel as er hoeden ‘Eeuw’ seit.
Daliks flapt der hurd in doar.
Rykje fljocht der út en Jaring sykhellet ferromme. Twa froulju gean efter Rykje oan.
Wiger gnysket, slacht Hylck op 't skouder.
Wer moat Hylck oan Barre tinke en laket tsjin Wiger. Hja ferstean elkoar.
Tapke en Wiger klaaie harren út.
Gerke siket de klompen út yn 't gonkje by 't ljocht fan in lúsjefers.
De âldelju lizze al op bêd, foar't er ree is.
As Gerke de doar efter harren ticht docht, sjocht Hylck it pear foarelkoar oer oan 'e tafel sitten.
Soene hja sa sitten bliuwe, lyk as Gerke en hja?
De gleone eagen fan Jaring binne har boarch fan net.
Eeuw is net oansjitsk, alhoewol hja wie de aardichste fan de froulju.
Hylck fynt it in healwiis idee, dat de âldelju dêr yn deselde keamer lizze, de bêdsdoar op 't kier. Hja soe sa mei Siertsje graach wolle.
Siertsje spoeket har langer as in sjamme yn 'e holle om op tiden en ûntiden. Hja sil har better fersette. It moat no Gerke