nei de wûnen, dy't er skuord hat, hoe djip se binne en hoe pynlik.
Sa hie 'k it foar jim ornearre,’ seit er en suchtet: ‘it is foar jimme bêstwil.’
Hy fernimt, dat Gerke op snjit is. Mar dat fanke? En hja seit neat, sjocht mei har moaie eagen yn it lampepitsje.
Glinsterje dy eagen?
Hommels giet er fuort.
Gerke is langer ûngeduerich, hat oanstriid om te núnderjen. Hy sjocht nei Hylck. Dy geve faam wurdt syn frou. Hy kin him hast net ynhâlde, seit, hy wol jûn gaueftich nei hûs ta.
Lykwols bliuwt er noch in oere, praat mei har oer 't wurk, oer 't hieren fan in hûs, tinkt der net om, dat 't sneintejûn is, gjin tiid foar it meitsjen fan risselwaasjes de wrâld oanbelangjende.
In grutte ferlichting is it Hylck as er fuort is.
Frjemd, hja wist it al lang. En dochs is 't nij. It komt no sa tichtby. It giet har heal foarby, krekt of kin hja 't net trochtinke. Of sil hja bidde? Mar wat hat alle bidden ea holpen. 't Is om sljocht te wurden. Better de fust opstekke, al is it in machtleaze fûst. It gebear allinne stipet.
En dan bidt Hylck dochs.
‘Heare God, as it wêze moat. As Jo it sa ornearre ha yn Jo rie. Help. Heare Jezus, ik kin it mar net goedkrije.
Klaske seit, it bêste fan 't libben binne Jo. Ik kin dat sa net fiele.’
Hja brekt ôf yn in djippe klacht: ‘By Jo is alles mûglik. Heare, wêrom mei 'k him net ha. God, doch in wûnder!’
Dan einlings lit hja de waarme triennen gean. Ta in treast is har de tins: as ik yn Gaasterlân wenjen bliuw, sil ik altemets syn antlit sjen, al wie 't inkeld sneins yn tsjerke.
Dizze tiid gean der nuvere dingen yn Hylck om. Soms stiet hja ûnder 't wurk stil mei in stoel yn 'e hannen. Hoefolle minsken sieten al op dy stoel? Mear as op in glêde stoel út 'e foarhuzinge, dêr't komselden ien gebrûk fan makket. Dit is de stoel, dêr't Siertsje faak op sit.