Hja gean by Klaske wei mei it ûnthjit gauris wer te kommen, want it hat Klaske sa'n deugd dien. Efkes noch prate hja oer Siertsje en Hinke, dêr't Klaske nij fan opheart, dat it al oan it thúskommen ta is. Dat sil dus maaie trouwen wurde. Hja sjocht Hylck wat langer oan. Ealget hja wat? Takomme maaie, sjit it pynlik troch Hylck hinne. As it al sa is, sil hja Siertsje sjen litte, dat hja ek sûnder him kin. Hja krijt har nocht fan dat mimerjen, tinken, hoopjen, langjen, wachtsjen en hyltyd wer teloarstelling en argewaasje.
Fan 'e middei by Hinke hat er him goed holden, mar tsjin syn heit en tsjin himsels en Hinke doar er net oan, dy jobbe, dy sulle.
Hy leagent it, dat er Hinke net stean litte kin, dat hja dan beswike sil. En hja dan? Hja is sterk, hja kin der fansels tsjin.
Dan is Gerke dochs mear in keardel, al is er in tipelsinnigen baarch en in nijsgjirrich bret. Hja giet mei Titte oan, hat har nocht beide fan Siertsje en fan Gerke en docht Titte de hân yn 'e earm, mâltjirget mei him oer de wei, dat Titte seit: ‘Hoe is Peaske sa yn 't lân?’
Foar Titte sille der nea folle swierrichheden komme. Hy nimt it libben sa't it is, giet der inkel en ienfâldich op yn.
By de Singel giet de tilbry mei Siertsje-en-dy harren foarby. Hja wachten yn de bosk, dat de wein de reed út wie.
‘Wat in pear, net Hylck? Dû hiest better by him past. Mar dû bist te goed foar him. Sa'n kâldklûmer moatstû net waarmje yn 't houliksbêd. Yn syn fel, hie ik 't wol witten. Leaver ien Hylck, as tsien Hinkes mei alle goud behongen.’
Hy slacht Hylck beide earms om 'e mul, jout har op elke wang in tút. Mar dan hat er al in flinke mep te pakken.
‘Hui, hui,’ ropt er, ‘is dat foar 't thúsbringen? Moat dat no sa?’
Hy begjint lûd te gûlen. Hylck ropt: ‘Hâld dy dochs stil, healewize.’
‘Earst in tút derop.’ Hy gûlt noch lûder, mar krijt syn genêsmiddel net.
Op 't lêst aait Hylck him efkes oer 't wang. ‘Is 't sa goed?’