gen op 'e kop. Dy't hat, wint altyd mear. Der is gâns ferskeel tusken 't rinte jaan en 't rinte barren. Ik soe witte wolle, oft dat inkeld sa is yn Gaasterlân.’
‘Dêr hoecht Walle net langer oer nei te tinken,’ seit Hylck.
Hja besjocht Walle, tinkt oan Fouke wurden lêstendeis: ‘Walle wurdt âlder, hy kin sa ferwêzen sjen.’
Walle suchtet: ‘Rjocht is in lyts wurd, mei in grut begryp. Nimmen komt deroan ta.’
Hylck sjongt him ta: ‘Fleurich op, Michieltsje...’
Dêr laket Walle om. Dan hat er sa'n freonlik antlit.
Mar it komt, Foekje is de lêste tiden wer nuver. Dêr kin Walle net oer, hja ha salang meiinoar omtoarke en heukere, seit er.
No eidet Walle op syn manear djip troch 't libben hinne.
Sjoch, de bûthúsdoar giet iepen.
‘Mist heeft vorst in de kist,’ ropt Titte.
In skipper stapt yn, freget nei de faam.
Als Hylck foar him stiet, hellet er de tabaksdoaze út 'e broeksbûse. Mei syn grutte rouwe hannen docht er dy iepen en hellet der in briefke út.
‘Dat is foar dy,’ seit er.
‘Fan wa?’ freget Hylck nijsgjirrich.
‘It stiet der wol op.’
Hylck staveret stadich. It komt fan Totte-om. Hy wol ha, Hylck sil noch in kear thúskomme en sjoch by de famylje.
Hja leit fuortdaliks mei Fouk oer, en it kin.
De skipper leit mei 't skip yn 't swaaigat, fart turf, giet nije wike wer nei 't turflân ta.
Wol Hylck dan mei? Hja dogge trouwens lang oer de reis.
Hylck wol leaver te gean.
‘Goeie,’ ropt Hylck de oare moarn, oerdwealsk.
‘Goeie allegearre!’
Hja bromme wat. Titte docht lûdroftich.
Siertsje jout amper lûd.
Mei er Hylck no lije of net? Wat wuollet der yn him om?