47
Lju lyk Gerke binne der mear yn Gaasterlân, tinkt Hylck. Hja tille swier oer 't leauwe, mar hâlde fan de swierrichheid. Nea witte hja, oft se op de goede wei binne.
De brede of de smelle?
It kaam okkerjûns by Hylck op, doe't hja by Gerke yn de fjurhutte siet, dat, as hja dochs op 'e brede wei gyng, hja it royaler útmjitte woe en net sa benypt sûndigje.
Gerke sit oer de beide wegen yn de pine, hja fernimt it wol. Mear oer in oar as oer himsels. Hy set elk op 'e breedte, in inkeldenien sparret er romte foar út op 'e smelle wei.
De sneintejûne komme de kammeraatskes by harren.
Gerke is fleurich foar syn dwaan.
Hat Gerke neat fan de Wyldemerke heard? Wêrom komt er dêr ek net? Hat Hylck it net ferteld?
Of Siertsje?
‘Siertsje!’ Jehanne laket sa.
Dy Siertsje sil syn eigen ûngelok ferhelje!
Gerke docht nijsgjirrich. Hy riedt in pear nammen, want Siertsje hie in faam.
‘'t Is ien út Aldemardum.’
Hy kin 't net riede.
Is se kreas?
Hja prûste it út. O hea, kreas! Hja kinne net ophâlde dy tutten. Hylck ferwachtet, Gerke sil wol brûkel wurde.
Wûnder, sa'n bêst sin er hat.