Hja wurde skrousk, klomsk, ûnhuer. Hylcke rokken hingje swier.
It bermgers hinget beswime, yn de feart giet stadich en fyn de stower oer it feale wetter. Boppe de seedyk hinget in skiere wale.
‘De boer hie ús bringe kinnen,’ seit Totte.
‘Hja wiene net thús.’
‘Hja kamen thús. Fouk hie boadskip stjoere kinnen.’
Hylck wit gjin antwurd. Totte-om hat gelyk. Fouk die ek al sa frjemd, sil oerstjoer west ha fan 't waar.
‘Mar wy binne dochs arbeiders, Totte-om?’
‘Dit giet om dea.’
Swijsum meitsje hja oan, de tinzen by de sike mem.
By De Lemmer is it droech.
‘Der is mear kâns mem dea oan te treffen as libben,’ hat Totteom sein.
It driuwt Hylck, it jaget har. Hja soe fleane wolle en skoarret tsjin, is sa bang.
In haiwein komt der oan, nimt harren in ein mei, letter gean hja wer oer de seedyk, de wein gyng in boerehiem op.
‘Goeie reis,’ sei de boer.
‘Tanke,’ rôpen hja, mar diene gjin útlis op it pinfiskjen fan de boer oer harren doel.
Hylck krijt ynienen erch yn de see. De tinzen by har deasike mem, hat hja soms ûnferduldich wachte op in glim fan de see, de romte, de wiidte. No rint hja der al in skoft njonken, foar't hja dernei sjocht.
O, dy see, dy't safolle ûnthjit, noch mear ealgjen docht, byld fan alle libben, rook fan alle roken, wjerspegeling fan libbenswaar, as fan de loften dy't driuwe jimmeroan. Tier en fleur en weemoed.
Omke Totte freget nei har libben yn Gaasterlân. Hylck lit neat út. Omke hâldt oan! Hat hja de tonge ferlern? Hylck is oars as foarhinne, oan de iene kant libbener, oan de oare kant swiermoediger.
‘Ha de swiersettige Gaasterlanners dy kwea dien? Hâld se dêr yn de gaten, hja nimme dyn geastlik libben, wringe it út as in skû-