43
Jan Roekeboer hat tocht, Siertsje is oars as fan 'e moarn, oansjitsker, minskliker. Net ien fan har beide hat him ferhelle, wat der bard is.
Doe't er it letter hearde, wie er breinroer.
Wêrom hat Hinke 't him net sein? It is in teken, dat hja har eigen libben yn hannen nommen hat. De siel! Hja is wat stil de hûs troch gien, dat is him opfallen.
Ek hat hja wat resolúts oer har krigen, it bernlike, dat er graach lije mocht, is fan har ôfgien, hat in knoei krigen.
Der is wat krampeftichs yn har wêzen kommen. Hja is der net op foarútgien, hinget Siertsje oan as in kljitte. Hy fernimt soms, dat it Siertsje argewaasje jout, dat er dermei oan is en der net tsjin yn doar.
Jan Roekeboer hat gjin maklik libben de lêste tiid, makket iderkear de balâns op, oft er it fanke in goede opfieding jûn hat of net. Hat er har it libben net te folle deaswijd om har te sparjen, sadwaande krekt in fatale flater slein?
Wat kin er der noch oan dwaan, no't hja ynienen harsels dertrochhinne slaan moat, har fûleindich fêstslacht oan Siertsje, lyk in wezeling oan syn proai?
Jan Roekeboer kin der net útkomme, sjocht mar ien ljochtstriel, hy hat har by 't Wurd opbrocht.