Net mear soargje, gjin gerekken, mûzenusten út 'e wei, sibbeskelen, nytlichheden, Wyldemerke!
Foar de slimme tiden, earst de Wyldemerke.
Arbeiders meitsje de tarissings. Seadden wurde stutsen en steaple. Tafels komme op skammels, de tinten wurde spand, in dûnstinte, in drinkenstinte, in rûne tinte foar de grytman, in lange tinte foar it Slot.
De seaddehichte foar de spylman, in seaddebank foar it keningspear. Wa sille it wurde? In nij pear, in farsk pear, in bysûnder pear. Ta harren eare sil de fioele fidelje.
Jenever skinke, brandewyn drinke, boerejonges snobje!
De flaggen op de tinten! De kreammen krije it fêste plak.
Eksteurs, Markus fan Balk, Lukas fan Sondel, Jehannes fan Mardum, tsjinje ta de tucht, sille oarder skeppe.
Bern tyskje nijsgjirrich om, rinne fertrietlik foar de fuotten.
Jinsen binne de hynstekampen, de greiden foar de reauwen.
Kipenboarch komt ree om it grutte feest te jaan, it feest foar twa skoandere dagen.
De kloklieders fan Gaasterlân jûkje de hannen. Moarn liede hja de merke jubeljend yn.
De foarste dei is foar de trouden. Dan is dêr de bedaarde wille fan minsken, dy't witte, fan it evenredige langstme, net it jong brûzjend opwâljen, útwrydsk en bûten sinnen. Hja genietsje myld en geef en rêstich de fleur, keapje en mâltjirgje, binne op syn moaist, fan binnen en fan bûten. It pearjen hat gjin spanning, dat is foar de twadde deis. Dy dei beslist oer lange libbenswegen, fertriet of rike nju. Ja, dizze dei berget it lot fan folle slachten.
Wa bliuwt thús fan Wyldemerke? Net ien ommers? Froulju mei tatebern. No ja! Alde lju mei stive skonken, deabidders en oergeastliken.
De âlde deeglike Gaasterlanners kinne it net litte. De fuotten langje nei rêst, siel en sinnen jeie nei de Wyldemerke.
‘Wyldemerke is nòch moaier as Sondeler Bil,’ seit Titte, ‘sa't de spylman dêr stiet en de strykstôk giselje lit oer de spande snaren. O, ik moat der al fan dûnsje.’