Hja sjocht him fertrouwend oan.
‘'t Hat in set west,’ is syn diagnoaze, ‘hy hat it slim swier hân.’
‘Komt er gau by?’
‘'t Kin, 't kin ek net, miskien duorret it noch wol trije oeren. Hat er foarhinne ek lêst fan terminen hân?’
Klaske knikt: ‘As lyts jonkje!’
Hie er it net tocht? Stil lizze litte. Sa gau't er bykomt, yn 'e hûs drage en op bêd lizze. Fuortynienen der net wer ôf.
Reinder hat thús wetter út 'e Wûnderbeam fan Wikel, dat moat Brún drinke, 't is 't lêste, dat er hat.
Dus hja mei him jit hâlde? Hja docht de hannen gear en suchtet, tanket ek, wylst er dêr foar dea noch leit. Hoe langer hy sa leit, hoe langer hy net tinke kin.
Hy komt by en hja tôgje him foarsichtich yn 'e hûs en op bêd.
Earst is er deastil, dan gûlt er en skreaut om mem, om Hylck. Yn grutte benaudens slacht er de tekkens fan him ôf.
‘Stil dan, myn jonge, ik bin 't.’
Hy grypt har pols beet, wringt har hân. ‘Mem, mem!’
‘Wat is der dochs, jonge! Kinst it mem net fertelle?’
No slacht er har, stjit en stompt. Hja neamt syn namme, suskjend en treastend. Hy fernimt it, reagearret, efkes lûkt er in mylde glim. Dan dwilet er wer, raast om Hylck, tizet oer de moard, skopt wyld. Krijt er in nije set? Sil er sa sûnder rêst fan de iene yn de oare falle oant er it bestjert?
Buorman Harmen komt en oerleit.
Mei syn beiden sille hja jûn en fannacht de wacht hâlde. Brún moat it net merke, oars wynt it him op.
As Reinder ynkomt, ferdwynt Harmen.
Reinder praat ientoanich en rêstich.
De sike harket, jout him wat del.
Reinder seit, it wetter probatum est, folle minsken binne der better fan wurden.
Reinder giet nei 't bêd, de flesse yn de hân, hâldt dy earst tsjin 't ljocht. Klaske sjocht der earbiedich nei, in genêsmiddel, in wûndermiddel.