lûd, in liet, kostlike muzyk, betterskip foar Brún!
Wa seit dat dêr? Moat hja dan jimmer twifelje, harsels oerstjoer meitsje? Is der nearne rêst? As God wol, as God wol!
Klaske bûcht de holle. Ja, 't is sa: as God wol. ‘God,’ bidt hja, ‘wol it dan, wol it dan!’ Tagelyk fielt hja Brún syn skuld dêr stean as in muorre, dochs, ûnfersetlik, net wei te krijen.
‘Genede foar myn bern, Heare! Genede foar myn bern.’
Hja rint mei de koster op oan de hoeke ta.
Hy winsket har betterskip ta mei de sike.
‘Tankje,’ seit hja en slokt.
No dus werom! Hja kin net, kin net. En hja moat, om Brún! Klaske hinget mei de rêch tsjin in tichte hage oan, kin net út stee komme.
It hert, dat de hiele jûn sa bûnze hat, fielt hja net mear. Hja is kâld.
It wetter hat hja, mar it moat ek thúsbrocht wurde.
Ynienen is 't of heart hja Brún yn grutte ûnminsklike eangst roppen: ‘Mem, mem!’ Hy ferwachtet help fan har.
Hja kin net helpe. God! God! Hja wringt de hannen yn elkoar. Myn jonge, ik kin net, ik wol wol, ik kin net! De eagen baarne har. Hja wol fuort, kin net fan 't stee komme. En Brún ropt sa lûd. ‘It wetter haw ik,’ lústert hja wurch.
Hja fielt, dat immen har by de earmen krijt en wurdt net iens kjel.
‘Kom mar,’ seit er. En dan kin hja wol wer. In skoft rint it pear nei Sondel út. Klaske kin wer tinke. De man njonken har praat tsjin har. ‘Ien reis allinne wie foldwaande, Klaske.’
Mar dat is Reinder!
‘Reinder,’ ropt hja no, ‘wêr is Brún, hy rôp my sa.’
‘Harmen is by Brún. Wy gean der tegearre hinne, Klaske. Ik sil jo helpe. Jo binne in bêste mem.’
Klaske sykhellet djip. It is in grutte ferromming, dat Reinder der is.
‘It wie moai fan jo, Reinder,’ seit hja.
‘Stil mar,’ seit Reinder.