Gerke andert: ‘Bist der net te goed ta, wy lizze bleat foar alle kwea en dû bist djip sûndich.’
Hylck kin 't net helpe dat hja der ûnrêstich fan wurdt, sa ûnrêstich, dat ek it tinken oan Siertsje har net mear op in oar doel bringe kin. Gerke set hielendal de domper op har.
Sa faak sit er by har te bylkjen mei it gouden horloazjekjetling fan syn pake.
As er komt, seit er koartwei de tiid fan de dei en giet wiidweidich op in stoel sitten.
Hy is net tasjitsk, seit skraachwurk wat, it is it stoefe fan it Stoffelsma's aard yn him.
Hja neame him in toarre frijer foar Hylck, gunne har graach better.
Hylck is op 't heden tefreden mei him, it is har tige noflik, dat er net oan har komt, oan letter tinkt hja net.
Fouk wol harren sneintejûns yn de keamer ha. Gerke slacht it ôf, it fjurhok is goedernôch.
Titte narret: ‘De keamer is him te ticht by 't bêd fan de boer.’
As er fernimt, dat nimmen azem jout op syn ûnskuldige pleagerij, glydt de glim him sneu fan de mûle ôf. Syn heldere jongeseagen sjogge ferlegen, der is net folle mear oan tsjintwurdich.
Hylck en Gerke bliuwe tenei ek yn de stookhutte en sitte de tiid swijend út by in kopke kofje en in stik koeke, de strúnjeiers hawwe in oar hinnekommen socht. Om ienen of twaen hinne stroffelt Hylck wurch en slûch de strjitte oer nei 't bûthús ta. Gerke trêdet de reed del yn 't swarte pak.
Dêr komme him in pear feinten tsjin, út en troch skimert der earne noch in skreefke ljocht.
Dy ha 't opsitten noch net dien, tinkt Gerke.
Hy soe ek oars wolle, mar soks kin net fan ien kant komme en hy hat in hurde kop.