29
De dei fan de beïerdiging.
Om tsien oere komme de earste gasten, famylje. De kunden en de buorren, no fjouwer fan wjerskanten folgje en ek guon fan de oare kant de wei, al wenje hja fier ôf.
It wurdt in grutte begraffenis. Twa fan de buorlju stean by de toer te wachtsjen, dy sille liede. Twa oaren ha de deis fan 't ferstjerren let. Hja regelje dat neffens âlde wizânsje.
In nije haiwein stiet ree.
Dûmny sprekt en bidt.
No drage de buorren de kiste, in smelle swarte mei in heech tekje, hoeden wurdt er op 'e bolderwein skood.
De fuorman ment it swarte hynder. Hja ride nei de wei, de stoet folget stadich, earst de manlju, dan de froulju, in lange rige.
By it tsjerkhôf stiet immen op de útkyk. As er de stoet kommen sjocht, jout er in teken.
De klok begjint te lieden.
De manlju liede út buorreplicht, hja liede, salang de stoet om 't tsjerkhôf giet, mei de sinne om, trije kear.
It is stil, as de kiste sakket.
Hja liede wer, wylst de rige nei hûs ta tsjocht foar it miel.
Dan sette hja der stadich efteroan, ek hja hearre derby.
De beide keamers sitte fol folk. De kofje wurdt yngetten broadsjes mei tsiis wurde omdield, ek krije hja in lang stik grouwe koeke.
De manlju stekke de lange pipen oan.