De deade leit yn it bedstee fan de pronkkeamer. It antlit is noch reafallich, dat komt fan al de fine reade ierkes ûnder de giele hûd.
Tsjin de tsjokke ikebeam by de Griene Singel hat Titte in ljedder set en is boppe yn de beam oan 't fykjen gien. No stiet dêr dúdlik MOORD boppe in krús.
‘Sa,’ seit Titte, ‘no doar de moardner hjir net lâns komme, it wurd sil him útdaagje, it krús sil de wei betsjoene en him keare.’
Hylck krijt it slim drok foar de begraffenis, it is goed foar har, 't jout ferdivedaasje, want dat fan Brún fret ek oan har. Brún, dy't yn de toer him tjirget en Klaske, dy't yninoar dûkt dêr stiet en lijt.
De klok yn de Sondeler toer hat let, trije kertier lang.
Hylck sjocht de neiste buorren kommen.
De manlju gean ta roubeklach by de boer en Siertsje yn de keamer.
De froulju gean yn de deadskeamer.
Hylck hat it lange wide deadshimd oer in gatsjestoel hongen, it lei yn in apart laad fan 't kammenet. Fan 't maitiid hong it noch te wierjen oan de line, tagelyk mei twa manljus deadshimden. Hylck doarst se hast net oan te reitsjen doe, boerinne lake har noch út.
No krijt Heiltsje it oan. Yn 'e lêste klaaiïnge en dan yn 't lêste hûs, de iken kiste.
De froulju binne efter de doar drok dwaande, ha wetter krigen en sjippe en doeken.
De boer hat de flesse jenever út 'e spine helle, de romers set er dernjonken.
De manlju wachtsje. Einlings komme de froulju yn mei earnstige antlitten passend by it waarnimmen fan swiere buorreplicht.
Barre jit gau de romers fol.
‘It waard tiid,’ seit de iene frou, in jong minske noch.
‘Soa,’ seit in man, ‘ja, mei 't folle lichem.’
Barre knikt.
‘Nim noch ien,’ seit er,